Sulveren brulloft

Adri en Jelle sille tegearre harren sulveren brulloft fiere mei in itentsje. Troch in ’tige wichtige’ gearkomste is Jelle let thús. Sille se noch wol te iten of toch mar net….

It prielbêd

It ‘Prielbêd’ spilet him ôf yn ‘e sliepkeamer en it earste bedriuw begjint mei de houliksnacht. It twadde bedriuw spilet 10 jier letter en it tredde bedriuw nochris 5 jier letter.
Yn wêzen sjogge je yn dit stik it ferrin fan in houlik yn ‘e rin fan ‘e jierren. It begjint yn ‘e houliksnacht wêr ’t de man en de frou noch oan elkoar wenne moatte en o sa fereale binne.
Yn ‘e rin fan it stik komme ek de minder aardige kanten fan de minsken oan it ljocht en hoe ’t se troch ferskillende karakters út inoar groeie kinne. Lykwol se hâlde it meiinoar út
en oan ‘e ein fan it stik, as se werom sjogge op de ôfrûne jierren, komme se ta de konklúzje dat it allegear sa min noch net wie.

Serenade

It is jûn, de foks spilet by it hok fan de hoannen op syn sello. De trije hinnen, Blondie, Bruna en Rossina binne wol sjarmearre fan de foks. Se hawwe net yn de gaten dat de foks har fijân is. Dat fertelt de hoanne harren. Blondie praat deselde nacht stikem mei de foks. De foks besiket har mei moaie praatsjes nei ûnderen te krijen. Blondie mient dat de foks it goed mei har foar hat en wol nei ûnderen gean. Se klaait har earst efkes om. As Blondie nei binnen giet, komt Bruna nei bûten. Sy hat de foks wol troch, sy wit dat hy harren opite wol. Sy konfrontearret him mei syn eigen swakkens en is sa sterker as him. Sy doart no tichter by him te kommen. Mar krekt as se dat dwaan sil sjocht Rossina út it rút. Sy warskoggget de Hoanne, dy’t eltsenien werom ropt yn it hok. De hoanne giet op wacht sitten. De foks besiket him ek mei syn
praatsjes nei ûnderen te krijen. Uteinlik wurd de nijsgjirrigens fan de hoanne him fataal.

De moarkop fan Bakker Bolstra

In toanielstikje mei ferskes en ferskillende sênes. Bakker Bolstra hat 5 bern, op in dei komt der in pakketsje en der sit in negerjonkje yn ( moarkopke). Moarkopke is stikem yn’e doaze krûpt. De kommant fan de plysje wol him mei ha nei Ljouwert as “gevonden voorwerp”, de brief kinne se net lêze. Dan komt de Afrikaanse gesant del. Hy wol in protte taarten berstelle foar in trouwerij. Bakker Bolstra en famylje en it negerjonkje geane mei it fleantúch nei Afkrika.

Do bist hurd, Sibrande

It tema is fan alle tiden: it houlik. Yn dit gefal it by elkoar lâns libjen, pleagjen en net begripe wollen fan in doarpsboargemaster en syn frou Sybrande Buringa. De skrandere Egbert – út in lytsboargerlik fermidden – wie yndertiid wakker op ’t skik dat er de dochter út it rike Wynia-laach oan ‘e heak slaan koe en hy naam it op ‘e keap ta dat dy net oerrûn fan yntelliginsje; troch har komôf en ferneamde namme, hope er in man fan oansjen te wurden.
Wolno, dat is him slagge, en net foar in lyts part troch eigen kapasiteiten en syn amt fan earste boarger. Mar mei dat al is harren houlik net rjucht beteard; beide hawwe se út en troch ferlet fan oar oanhâld – wat de dochter út ‘e hûs fiert – en binne der oanienwei botsingen en manipulaasjes dy’t nei de ûndergong driigje.
In ynwenjende broer fan mefrou, net al te goed mei de holle en keunstskilder op syn manear, moat it ek al belije, mar hy is der mei de oarsaak fan dat der ûnferwachts in kearpunt yn harren ferhâlding komt, dat syn befestiging kriget by Egbert syn oansteand boargemastersjubileum.

In skûle yn ‘e nacht

Tema: Unskuldigen besykje in ynbrekkersbinde te ûntmaskerjen.
Frelle Wildervanck thoe Steenwijck, dy’t yn ‘e stêd wennet, hat in twadde wenning net fier fan in mar ôf. Hja is it haad fan in ynbrekkersbinde, dy’t as ’t der op oankomt, net foar in moard út ‘e wei giet. De binde ferstoppet him yn har twadde hûs as er krekt de Ynkassobank gâns lichter makke hat. It is op jûntiid en poermin waar mei swier waar en hurde wyn. Sadwaande komme dêr in tal minsken om te skûljen en omdat it waar mar oanhâldt, bliuwe se de nacht oer. Mar it is ek op oar gebied in rûzige nacht.
De binde wol it jild ferpartsje en dêr tuskentroch komme der hieltyd wer gasten fan ’t bêd om’t se net sliepe kinne, en sadwaande de boel fersteure. De binde hat it sa ynpikt dat Doeke, in persoanielslid fan ‘e bank, fan de ynbraak fertocht wurdt. Hy wol bewize dat er it net dien hat en is safier al, dat er de binde op ’t spoar is en ek om ûnderdak frege hat. Mei him komme dêr ek noch syn faam Janny, in dosinte mei twa fan har learlingen (famkes) en plysje Joustra, dy’t nachttsjinst hat.
Nei gâans in skoft kat-en-mûs boartsjen komt op it lêst de ûntknoping en wurde de ynbrekkers-moardners ynrekkene.
Troch it hiele stik hinne wurdt de sfear stipelearre mei lûden fan tonger, hurde wyn en in klapperjend lûk.

De nije dokter

De nije, net-troude dokter Wynsen Lyklama festiget him foarearst oan hûs by kaptein Sinnema, in âld see-ofsier, dy’t dêr wennet mei syn dochter Ineke en de húshâldster Jehanne. No hat Sinnema it groat gear mei de rike boer Bartle Boersma, omdat Maaike, de dochter fan Boersma, by Sinnema yn ‘e hûs kaam is, nei’t hja fan hûs fuort rûn is, om’t hja spul krige troch har ferkearing met Wytse, in soan fan in eardere arbeider fan Boersma. Boersma syn ynfloed is sa grut, dat er bewurket, dat de minsken net nei de nije dokter ta geane. Dêr komt noch by, dat wyksuster Jonker fereale wurdt op Wynsen en foar him deselde Boersma yn ‘e steek lit. Dit nimt Boersma net en hy begjint allerhande praatsjes út te struien. Ek Ineke mei de jonge dokter hiel wol lije, mar lit dat net skine.
Troch in pear goede setten fan Wynsen draait de wyn by it folk op it lêst al. Maaike en Wytse wolle graach trouwe en Sinnema en in dokter
út ‘e omkriten wolle harren dêrby helpe, mar sjoch dêr: Dat is allegearre net nedich, want Boersma is ta it ynsjoch kommen, dat er mis west hat mei syn fertinken fan de wyksuster en de nije dokter en ek mei syn hâlding foar Wytse en Maaike oer.
As dy oplossing der is, komt it ek út, dat de nije dokter en Ineke it iens wurden binne en sa einiget it stik, nei alle problemen, as in blijspul.

Jan Rap en syn maat

Trije manlju en in frou binne mei goedfinen fan inkelde offisjele ynstânsjes, in opfanghûs begongen foar jongerein. Hja besykje de jonges en famkes dy ’t by harren komme, fan harren problemen bewust te meisjen en dan yn oerlis mei harren in terapy te kiezen, dy ’t der op rjochte is om harren wer selsstannich yn de maatskippij funksjonearje te litten.
Yn 14 scènes wurdt in foarstelling jûn fan sitewaasjes, dêr ’t de fjouwer jonges en famkes yn ferkeare en men wurdt gewaar wat it libben – en dan benammen de minsken – harren oandien hat. Faken steane hja folslein ferlitten en sûnder útsicht op ‘e wrâld.

Op ‘e knibbels

Trije bruorren, âldfeinten, wolle einliks ris fan it ferfelende húshâlden ôf, dat se sûnt har memme’dea sels dwaan moatten hawwe, dat se ha in húshâldster yn ‘e krante frege. Der komt gâns flecht op ‘e koai, mar de iene nei de oare wurdt ôfsâlte om’t se by de mannen net yn ‘e smaak falle. Op it lêst, nei de ‘sitting’ binne se wer like fier as by ’t begjin: mei har trijen en op harsels oanwiisd wat wurk en itensieden oanbelanget.

Eduard en Agrippyn

Eduard en Agrippyn, dy’t al sechstich jier troud binne, lizze noflik op bêd te lêzen, hy yn in dik boek oer filosofy en sy krantelêst.
Ynienen is der oan de oare kant fan de muorre wei it lûde kriten fan in tatebern te hearren… en dan folget in wat frjemde dialooch tusken de filosofysk ûnderleine Eduard en de mear fan de nijste nijtsjes op ‘e hichte wêzende Agrippyn. Dat giet mei praat en tsjinpraat oant se in jonge ynbrekker op ‘e keamer krije, dy’t op jild út is.
Dan blike alle rare berjochten yn ‘e krante wierheid te wêzen ek al wegeret Eduard al sân jier om in krante yn te sjen….