De stille besoarger

Yn in romte sûnder rúten sitte twa manlju te wachtsjen. De iene leit op bêd en besiket de krante te lêzen, wylst de oare ûnwennich hin en wer keutelt om’t er tee sette wol, mar him hieltiid oare tinzen yn’e kop sjitte. De man op bêd, Ben, fynt al dat freegjen tige ferfelend: syn maat Gus moat de kop derby hâlde, want se hawwe aanst ‘in put’ te dwaan. Stadichoan begrypt de taskôger dat we te krijen hawwe mei twa hiermoardners dy’t wachtsje op in nije opdracht. De krekte omstânnichheden wurden lykwols net dúdlik. Net foar de twa manlju, mar ek net foar de taskôger: wa is krekt dy Wilson (de man dy’t de opdrachten skynt te jaan)? Wa is it takomstich slachtoffer? Wer binne se eins? Wer binne se krekt bang foar? Dat lêste wurdt foar in part wol dúdlik: se hawwe eangst foar it ûnbekende.
Dy eangst wurdt noch grutter – en foar de taskôger ek hilarischer – as der fia in lytse frachtlift it iene nei it oare ûnmooglike fersyk om iten komt. De manlju tinke dat se oan dy fersyken foldwaan moatte, mar witte net hoe. Dan komt yn it lêst DE opdracht op in briefke. De twa kontrolearje harren revolvers. Gus wol noch efkes nei it hûske, mar in tel letter is hy it dy, ferdwaasd en sûnder revolver, troch de doar komt, dêr wêr’t Ben it slachtoffer ferwachtet…
In tige nijsgjirriche ‘klasiker’ út it moderne wrâldrepertoire.

Twa kear twa is twa

It loftige ferhaal fan in pear maten dy’t mei fakânsje yn in bungalow belânje dy’t ek oan twa jongfammen fersein is. In pynlike sitewaasje, dy’t op ’t lêst in oplossing liket te krijen, as omke en muoike net op besite kommen wiene……

Yn ‘e mist

In automobilist rekket troch de mist mei syn auto yn in greppel. Hy siket om help en bedarret yn in hûs dêr’t Richard Warwick krekt fermoarde is. Dy syn frou stiet noch mei in revolver yn ‘e hân yn ‘e keamer. De besiker biedt oan om har te helpen en dêr giet se op yn. It docht bliken dat Richard, dy’t slim ynvalide is, in tige wreed aard hie. Syn frou wie dêrtroch fan him ferfrjemde en hat omgong mei in oare man. Richard hat ek noch in broer by him yn ‘e hûs, dy’t geastlik net folweardich is en dy’t niget hat oan de wapensamling fan Richard. Syn men wennet ek by harren yn, mar dy kin it net mear oansjen dat har soan Richard geastlik sa oan legerwâl rekket. Fierder binne der dan in ferpleger dy’t net fiis is fan sjantaazje en in tsjinstfaam yn ‘e hûs. De plysje kin sadwaande by elk wol in motyf fine foar de moard. Earst besykjese de skuld te skowen op de heit fan in jonkje dat Richard ris dea riden hat, mar dy blykt al twa jier lyn ferstoarn te wêzen yn Alaska. Op ’t lêst wit de faam de geastlik net-folweardige jonge in bekentenis ôf te twingen en de plysje hâldt it dêr dan ek mar op.
As Richard syn frou fernimt dat har freon him fan har ôfkeart, siket se oanhâld by de man dy’t har helpe woe. En dy fertelt har dan wa ’t de wiere dieder west hat.

In doaze fol krommen

Nei in ôfkickperioade fan 12 wiken yn in rêsthûs foar alkoholisten komt Evy wer thús yn har eigen flat. Hja is ophelle troch har freondinne Toby, 4 oeren yn ‘e taksy, en ferwolkomme troch Jimmy,
mei blommen en iten yn ‘e hûs. Beide binne tige besoarge. Evy is senuweftich “Ik hie sa de pest oan dy ynrjochting, dat ik lúsjefers opgarre om de boel yn ‘e brân te stekken, mar doe’t ik fuort koe, doarst ik net, ik fielde my dêr ynienen sa lekker thús”. Evy rekket min of mear yn paniek as hja sûnt moannen wer allinne is. Toby moat nei in sakediner mei har man Martin. Jimmy nei in audysje, hy is akteur. Dan giet de kaai yn ’t slot en Polly, har dochter stiet yn ‘e keamer mei in koffer, hja wol wer by har men wenje en dêr studearje. Dizze Polly bliuwt har men stypjen, ek al sakket hja werom yn har âlde kwaal. Evy tsjin Polly: “As ik grut bin, wol ik krekt sa wêze als dy”.
KOMMINTAAR:
In realistysk stik oer relaasjes, dêr’t de iensumens fan de 43-jierrige Evy sintraal yn stiet, benammen har langstme nei eigen, echte freonen. In prachtich stik, mei moaie, dúdlike rolfigueren.

SZ

De ferstoarne

Twa freondinnen (Julie en mefrou De Campon) lykje enoar min ofte mear tafallich tsjin te kommen. Hja begjinne in petear oer Victor, de ferstoarne man fan Julie. Yn earste ynstânsje is it ridlik normaal petear oer de ûntrou fan Victor, mar neigeraden it petear foarderet, wurde de teksten hieltiten frjemder en (skynber) ûnlogysker. Julie begjint hieltiten fremdere ferhalen oer Victor te fertellen. Uteinlik komt it safier dat de twa freondinnen enoar net mear werkenne en enoar oare namme jaan geane. It stik einiget mei de wurden “oant moarn” en “deselde tiid…”.
KOMMINTAAR:
It is in ienakter dêr’t men in soad kanten mei op kin: it kin bloed serieus spile wurde of absurdistysk of humoristysk en miskien wol alle trije tagelyk. De tekst variearret fan tige logysk en direkt oant poëtysk en tige ûnlogysk. Gearfetsjend sein is it in reedlik nuodlike ienakter mei in soad mooglikheden. In oantreklik stik.

DS