Ik kin der neat oan dwaan

In echtpear is tige besoarge oer it lange weibliuwen fan de mem.
Se besykje elkoar der fan te oertsjûgjen dat se der gjin skuld oan hawwe, mar tagelyk fiele se har wol skuldich.
En dan komt mem…

It kroantsje fan prinses Kristine

In stikje oer in kening en prinses, hofdames en lakeien, kabouters en elfkes, boer en boerinne, túnman en boskwachter. Prinses Kristine leart in leske. Altyd like dwers-ferkeard, se wurdt betsjoend troch in fee en jowt har kroantsje letter oan de earme bern.

De fysisy

Dokter Mathilde van Zahnd is, troch har rike foarâlden, yn steat partikulier in ynrjochting te driuwen foar rike, yntelliginte geastessiken. Dêr binne trije fysisy by. Fan harren docht de iene him foar as Newton, de oare as Einstein, wylst de tredde úthâldt, dat kening Salomo oan him ferskynt. Neidat alle trije in ferpleechster fermoarde hawwe, wurde der sterke, manlike krêften ynset, komme der traljes foar de finsters en wurde de doarren skoattele.
Alles tsjut der op, dat de skriuwer de konsekwinsjes sjen litte wol fan in wittenskiplike ûntjouwing, dy ’t de minske boppe de holle groeie kin en yn prinsipe de mooglikheid yn him hat, fan it folsleine ferneatigjen fan it minskdom.

Wa is bang foar Virginia Woolf?

Dizze libbensskets fan twa pearen spilet him ôf yn it hûs fan George en Martha. Hy is dosint skiednis en sy is de dochter fan de rektor magnifikus fan de universiteit.
Se ha in nije kollega en syn frou útnoege foar in drankje, nei ôfrin fan in feestje by Martha har heit. It jonge pear tsjinnet as klankboerd en maklike proai foar de frustraasjes en lusten fan George en Martha. Misledigingen en stekken ûnder wetter bliuwe net lang ûnskuldich en feroarje al gau yn flymskerpe oanfallen.
George, impotint yn syn berop en faaks ek wol op bêd, leit syn potinsje yn formulearringen, wêrmei ’t er Honey en Nick harren leagens wit te ûntmaskerjen en Martha har illúzjes wit ôf te brekken.
George en Martha spylje it spul omwille fan it spul. Ek yn de gaos fan harren houlikslibben hâlde se harren oan fêststelde spulrigels. Dejinge dy’t him dêr net oan hâldt, wurdt straft. Martha wit de oanfallen goed ôf te slaan, op ien nei…..