Hertsear

Dit liet oer de pine fan de leafde giet oer Rike Hottinga en de mienskip dêr’t se ûnderdiel fan is. Se is in krêftige, suver wat manlike frou. Se wit wat se wol en hoe’t oaren oer har tinke ynteressearret har gjin byt. Har doarpsgenoaten hawwe respekt foar har en wolle har fanwege persoanlik belang graach te freon hâlde. Tagelyk binne se deanijsgjirrich nei har dwaan en litten. De sosjale kontrôle is grut. Alle foarfallen wurde breed útmetten en troch elk meibelibbe en fan kommentaar foarsjoen. Oft alles lykwols wier is wat der beweard wurdt?
Hoe dan ek, it persoanlike drama fan dizze frou wurdt in drama fan de hiele mienskip.

De toverpiip

De kabouters roke in piip en sjonge der ferskes by. Sytse Slak is altyd lêst en út Sytse syn piip komt in geast: no mei er in winsk dwaan. Hy kin neat betinke want de oare kabouters prate hieltyd wer, as er dan seit hâld jim stil, kinne de oare kabouters net mear prate. Letter moatte se stil sitte. As er lekker iten winsket, fynt er der neat oan allinne en dan freget er de geast om se allegear wer los te meitsjen. Se komme te iten en belove Sytse noait wer pleagje. Se kinne no alles krije fan de geast, earst liket dat moai, mar al rillegau ferfele se harren en dan winskje se dat de geast nea wer by harren komt en binne se wer bliid.

Op bleate fuotten

It stik spilet him ôf op in tige himpene behuzinge op ‘e souderferdjipping fan in âld hearehûs in New York City, dêr’t twa pas troude jongelju har nei wenjen sette. Wenjen kin ’t noch amper neamd wurde, want de meubels moatte noch komme, de koffers mei spullen steane noch yn ’t hûndert om en Corie, de jonge frou, is noch mar justjes ree mei keamer-fervjen. En al hoe hean en sutrich as ’t fierder ek lykje mei, se set mei ynmoed út ein en sjucht mei langstme út nei de komst fan har Paul. Mar dat wurdt al daliks in rare ôffaller; net allinne syn kommentaar is frijwat lau, mar boppedat moat er fuortdaliks mei in dossier te set foar syn earste pleitsaak by de rjuchtbank – en dat amper sonder sit yn in optrekje sonder ferwaarming. Mar dêr bliuwt it net by: pûstend en hymjend komt Corie har mem al fuortdaliks brân-nijsgjirrich de seis treppen op en se docht neat as bearen oer de fernimstigens fan har dochter as dy har útleit hoe moai ’t it allegearre wurde sil.
En fuortdêrnei komme se yn ‘e kunde mei in frjemdsoartige buorman op jierren, Victor Velasco, dy’t graach even fan har sliepkeamer gebrûk meitsje wol om sa yn syn eigen keamer te kommen…. net om ’t er syn kaai kwyt is, mar om ’t er yn ’t kryt stiet mei de hier. De man noeget him sels daliks mar út op besite dan en dan, hy is alderaardichst yn ’t oankommen, dat….. no ja, wêrom net.
Dat wurdt fansels in moeting mei Paul, dy’t foar har allegearre, en benammen foar de mem, net sonder gefolgen bliuwt – mar oars as dat men út dit koarte episteltsje faaks opmeitsje soe.
Tragy-komysk soe men it stik neame kinne en fral de ein is sa ferrassend sterk, dat it allinne dêrom al noeget ta lêzen.
It freget in hele geve besetting om it ta syn rjocht komme te litten, dat wol!

De frijer

Sarah en Richard binne troud, mar hâlde der in ‘iepen relaasje’ op nei. Sarah har frijer is gauris ûnderwerp fan petear, en Richard jout fuortendaliks ta dat er geregeldwei by in ljidske syn kommen hat, as se him op ‘e man ôf freget. Mar beide binne se net jaloersk en boppedat achtsje se earlikens it earstnedige foar in sûne ferhâlding.
Op in middei – sa’t se ferwachte hier – komt Sarah har freon – Max – wer ris oan (te sizzen Richard, tige sportyf klaaid), mar diskear om har oan te sizzen dat er in ein oan harren ferhâlding meitsje wol. Sarah kin ’t suver net leauwe, mar Max giet fuort.
As Richard dy jûns thús komt, docht bliken dat hy ek ta it ynsjoch kommen is dat Sarah har dûbel libben oerjaan moat. Alhoewel….

De koaning en al it oare

De jonge koaninginne Marie snikt en snotteret om it freeslike ûnheil dat har man de koaning te wachtsjen stiet. De âldere koaninginne Margarita warskôget har om flink te wêzen. De koaning hat dus twa froulju. Sa binne der wol mear saken dy’t op it earste each wat frjemd oerkomme. De âlde paleiswacht Jules klaget dat neat it mear docht yn it Paleis en ek net yn it ryk (de grinzen krimpe hieltiten mear yn!) en mei it waar wurdt it ek hieltiten minder.
Dy folsleien efterútgong hat alles te krijen mei de tastân fan de koaning. De koaning sil stjerre, mar hy wol it – krekt as Marie – eins net witte. Koaninginne Marie, dy’t strang as in mem is, besiket om him de werklikheid ûnder eagen sjen te litten: oan elts libben komt in ein, ek oan dat fan in koaning. Stadich mar wis nimt de protesthâlding fan de koaning ôf en docht hy, letterlik, ôfstân fan alles wat him noch oan it libben bynt.
Kommintaar:
Roel Adam hat in prachtige bewurking fan Ionesco’s absurdistyke swarte komeedzje makke, dy’t yn it foarste plak ornearre is foar bern (fanôf in jier as acht), mar dat ek in soad âlderen yn it moed taaste sil. It stik giet oer de dea en it ôfskied dêr’t elk minske op in stuit yn it libben foar stiet.
Dy swiere tematyk is ferpakt yn de prachtige metafoar fan it krimpende keninkryk en in o sa (lyts)minsklike koaning, yn in taal dy’t sawol komysk as poëtysk is.

HB

De keardels fan ’t kastleinske

It ferhaal giet oer de libbenswei fan in doarpskafee, fan it begjin oant it tryste ein. It ferhaal rint net syngroan, it befettet in soad flash-backs.
Juffer Amalia trout mei Marvin Macy, in eks-finzene dy’t syn libben bettere hat. Hy jout har syn hiele besit om syn leafde foar har sjen te litten. Amalia bliuwt ek as hja troud binne in kâlde kikkert en slacht nei in houlik fan tsien dagen him de tosken út ‘e mûle. Op dat stuit hat Marvin syn nocht en beslút om fuort te gean. Marvin swart dat er wraak op Amalia nimme sil.
Nei in tal jierren giet hy werom nei it stedsje. Underwylst hat Amalia de soarch fan Lymon, in bochele dwerch, op har nommen.
Lymon giet fuortdaliks nei Marvin ta en lit Amalia yn ‘e steek. Elke dei liket it op in fjochtsjen út te draaien tusken Marvin en Amalia, mar earst nei trije moannen is it sa fier.
Troch de help fan Lymon wint Marvin it gefjocht. Se ferneatigje it kafee en geane fuort.
Amalia slút it kafee en lit har nea wer yn ‘e sted sjen. Allinne sa no en dan kin in foarbygonger dy’t der goed om tinkt, in ûndúdlik gesicht efter de lûken wjerkeatsen sjen.

Kommintaar:
In útsûnderlik stik mei as sterkste punt de sfear. Der is kontinu sprake fan spanning yn it stik. De rollen binne prachtich en skerp.
It iennige neidiel fan it stik is dat de ‘cast’ grut is en dat it dekor in soad tiid en romte ferget.
Nettsjinsteande dat is it in absolute oanrieder.

DS