De mem fan Ikarus

In groepke freonen is oan it picknicken en stoarret nei de loft. Se wachtsje op it fjoerwurk dat komme sil. Se sjogge in fleanmasine en fantasearje oer wa’t yn it fleantúch sit. It duorret Pat en Jill te lang en se geane efkes nei it strân. Frank moat pisje en giet ek nei it strân. Howard en Bill seine mei reekwolken nei it fleantúch. As Frank werom komt hâlde se gau op, hy mei it net witte. Se besykje om him fuort te krijen. As Frank einliks fuort is, komme Pat en Jill wer werom. Se besykje om harren fuort te krijen troch te sizzen dat it fleantúch op it strân delstoart is. Frank komt wer werom en hat as iennige it fjoerwurk sjoen. De fammen komme werom en fertelle dat it fleantúch echt delstoart is.

Slippers

In jong frommeske, dat al inkelde jierren omgong hân hat mei in troud man, kriget kunde oan in kreas jongfeint, dêr’t se fereale op wurdt. Se kin lykwols mar min fan de troude man ôfkomme. Se seit tsjin har feint dat se in wykein nei har âlden ta sil. Hy wol dan mei, mar dat keart se, omdat it har doel is om nei har âlde freon, dy’t har hieltyd noch bellet en attinsjes stjoert. Se wol it foargoed mei him ôfbreidzje. Tafallich fynt de jongeman it adres fan de âlde, mar se seit dat it fan har âldelju is. De jongfeint wol har ferrasse en giet de oare moarns betiid nei dat adres en wit net better of hy komt by har âlden telâne. In nuvere sitewaasje fansels. Dêr komt by dat har saneamde heit (de man dus dy’t de slipperkes makke) der syn frou fan fertinkt omgong mei in oare man te hawwen. Dy mient dus dat de jonge man it skarreltsje fan syn frou is, wylst de jongeman him de hân fan syn dochter freegje wol. De frou, dy’t har mem hjit te wêzen, begrypt fan it hiele spul neat, mar spilet dochs mar mei.
De sitewaasje wurdt noch helte yngewikkelder as de jongedame efkes letter ek noch arrivearret. Dy en de troude man kenne elkoar, mar wolle dat net skine litte. Hjir spilet dan noch trochhinne dat de jongfeint op ‘e keamer fan syn faam ûnder it bêd in pear slippers fûn hat, dy’t him ôfgryslik oergeunstich en wantrouwich meitsje. Hy hat dy yn syn wykeintas dien en as er yn dy tas omklaut om syn beurs te sykjen, triuwt er de troude frou ûngemurken de slippers yn ‘e hannen.
Dy frou wurdt heislike kjel, want se mient der de toffels fan har man yn te kennen.