Philoktetes

Bewurking fan de trageedzje fan Sophokles. Philoktetes is in Grykse strider dy’t troch syn maten (op wei nei Troje) stiekum op in eilân efter litten is om’t er sa ôfgryslik stjonkt, nei dat er troch in slang biten wie.
De oare Gryke gongen troch nei Troje, mar ek nei jierren fjochtsjen slagget it harren net om de stêd yn te nimmen. No ha se fan de goaden heard dat Philoktetes mei syn ferneamde pylk en bôge de iennichste is dy’t harren helpe kin. De slûchslimme Odysseus en de jonge, earlike Neoptolemos geane werom nei it eilân. As praten net slagget – want Philoktetes is noch altiten poer om wat syn maten him oandien hawwe – wurdt er fongen mei in list – tsjin it sin lykwols fan de jonge Neoptolemos.

La Plaza Hotel

Yn elk fan de trije bedriuwen spilet him yn suite 719 (sitkeamer mei dêrnjonken sliepkeamer) in scène ôf mei oare persoanen:
1e bedr. man en frou, 23 jier troud, houlik deablet. De man is yntym mei syn siktaresse.
De dialooch tusken dizze twa minsken, dy’t no liket te begjinnen, rint op ‘e non (it houlik hie net wêze moatten).
2e bedr. man en frou, dy’t mekoar 25 jier lyn kennen leard ha en beide mei in oaren troud binne of west hawwe, moetsje inoar en groeie nei inoar ta oant it hichtepunt (se hiene àl trouwe moatten efternei besjoen).
3e bedr. in jongfaam stiet op trouwen en alles wachtet op har komst. Se hat har opsluten yn it toilet en wegert der út te kommen hoe’t mem (en letter heit) har ek benaderje.
As de spanning te snijen is, komt de breugeman en dy seit ’tsjin ‘e doar’ dat it tiid is en dan komt se daliks foar ’t ljocht.

Alles foar de tún

In man en in frou mei in soan (15 j.) wenje boppe harren stân, dat de frou ornearret, se soe der wol in baantsje by nimme kinne, as wie ’t mar foar heale dagen. Der komt in ‘mefrou’ by har op besite, dy’t har samar in pakje bankbiljetten tatriuwt en har te witten docht dat se by har gâns fertsjinje kin as se har beskikber stelle wol foar har ‘klanten.
Ynearsten wol se dêr neat fan witte, mar se hâldt it jild en dêrmei hat se a sein en binnen de oare letters net te kearen.
It jild streamt no op har ta, se kin alles oanskaffe wat se mar wol en hâldt dan noch it measte oer, dêr’t se winliken wat mei oan rekket.
Se stjoert it dan anonym yn in pakje oan har man: f. 5.000,– mar leafst.
Dan komt de moard út hóe ’t se byfertsjinne hat; mar net earder as dat se earst al besletten hiene om in feestje te bouwen mei noch trije oare pearen.
As it feest yn folle fleur is, komt ‘de’ mefrou der yn en pratendewei docht bliken dat alle froulju dêr yn ‘e hûs by har ‘yn tsjinst’ binne; mar dat net allinne: de plysje hat der lucht fan krige en se moatte staf en af in oar ‘hûs’ sjen te finen.
Dan komt der noch in frijfeint-húsfreon yn it spul – hy fungearret tagelyk yn it stik as yntermediair tusken de scène en it publyk – dy’t de oanwêzigen healdronken de wierheid seit. Omdat elk bang is dat hy harren dwaan en litten fierder buorkundich meitsje sil, wolle se him dêr hâlde. Hy ferset him en om him it razen te beletten, wurdt him in kessen oer de holle treaun, sa bot dat er it bestjert. Op oanrieden fan ‘mefrou’, bedobje se it lyk yn ‘e tún.