It weromkommen
In mem wachtet nei de Twadde Wrâldoarloch, op de thúskomst fan har soan.
Der komt noch in oar mei, dy’t de wierheid, oer wat der werklik bard is, oan it ljocht bringt.
In mem wachtet nei de Twadde Wrâldoarloch, op de thúskomst fan har soan.
Der komt noch in oar mei, dy’t de wierheid, oer wat der werklik bard is, oan it ljocht bringt.
Gabe de ingelbewarder fan Sita sjocht it net mear sitten.
Al santich jier beskermet hy har tsjin al it ûnheil wat op har wei komt. Hy hat der ek foar soarge dat har siel altyd suver bleaun is. Mar no’t se wat âlder wurdt, is it spannendste der of. Gabe wol graach dat Sita oergiet nei de ivichheid sadat hy in nij “beskermbern” tawiisd krije kin. As Sita har ingelbewarder dúdlik makket dat se fuort noch net fan doel is om dea te gean, wurdt hy opstannich. Sita komt hjir troch yn grutte problemen. Sy kriget rûzje mei har freondinnen en wurdt slachtoffer fan in tal ûngelokjes. As de ingelbewarders fan harren freondinnen dan ek noch foar Gabe kieze, driget sy folslein troch te draaien. Mar Sita knapt wer op, nimt wraak en soarget foar in geweldich stikje fjoerwurk.
Petra von Kant, in tige suksesfol moade-ûntwerpster, wennet mei har help – har rjochterhân Marlene – tegearre. Op in dei komt Sidonie, in freondinne op besite mei Karin, in kreas jong frommiske út in ienfâldich miljeu. Karin hat yn Australië wenne en hat har man dêr achterlitten.
Petra is daliks ûnder de yndruk fan Karin en fynt har tige geskikt foar de moadewrâld. Dêrom noeget se har út om nochris lâns te kommen.
As Karin de oare deis komt, biedt Petra har al gau in oplieding as mannequin oan en se stelt út dat se dan ek mar by har ynkomme moat. Karin stimt dêryn ta en lit har alle help en strikaazjes fan Petra, op it ûnbeskofte ôf, oanleune. Petra mient it echte nije lok fûn te hawwen en Marlene sjocht en swijt…
In jong troud stel, Ronny en Jos, sette harren tydlik ta wenjen yn de lûkse flat fan Martin Brand. Dizze Brand, dy’t fan syn frou Elise skiede sil, hat de flat op’t stuit sels net nedich om’t hy in skoft mei syn sekretaresse nei’t bútenlân wol. It wurdt al gau dúdlik dat Ronny him frijwat ôfset tsjin de “kapitalistyske wrâld”. Hy fielt himsels nochal miskend. Arbeidzje wol er net. Hy wol allinne mar dichtsje en in rjuchtmjittich diel hawwe fan wat it libben opjout. Mar de wurden foar in gedicht kin er net fine. Syn frustraasjes reagearret er ôf op syn meiminsken, benammen op Jos. It is foar him hiel gewoan dat er mei oare froulju it bêd yn dûkt. Ek sitte syn hannen frijwat los. Jos nimt dit allegearre omdat se fan Ronny hâld. Sels seit Jos: “Soms slacht Ronny my healdea, soms bringt er my ta hichten der’t ik foarhinne gjin weet fan hie”. As Martin en Elise delkomme om noch it ien en’t oar út de flat te heljen, docht bliken dat Martin wol wat yn Jos en Elise wol wat yn Ronny sjocht. As se letter noch ris delkomme slagget it Elise Ronny yn’t bed te krijen. Om oan it noadige jild te kommen lit Ronny him yn mei saken, dy’t it deiljocht net ferneare kinne. Ien fan syn freonen yn dizze saken is David de eardere ferloofde fan Jos. Ronny hat, Jos fan him naam. Ronny dy’t belutsen wurdt by in fjochtpartij, stekt immen mei in mes del. De man stjert oan’e gefolgen. De plysje siket de dieder. David is de iennigste tsjoege dy’t sjoen hat dat Ronny de dieder is. David wol dit brûke om Jos werom te krijen. Ronny wol syn frijheid keapje troch Jos oan David te jaan. Ronny twingt har hjir mei geweld ta. Jos besiket om te dwaan wat der fan har frege wurdt, mar kin it net opbringe. Om Ronny út de finzenis te hâlden stekt se David mei Ronny syn mes dea.
KOMMINTAAR:
Dit fel realistyske stik wurdt ynlaat troch dias, dy’t de toan sette fan it stik. Alhoewol it stik al in jiermannich âld is, is it noch tige aktueel. De hanneling is maklik te folgjen. Hoe wol it ein net foarsisber is, fiele jo fuort yn’t begjin al dat it net goed ôfrinne kin. Beslist gjin stik foar begjinners.
AJ