Betelje? Nee!

It ferhaal begjint op in, sa foar it each, dei troch de wike, yn hûs Bardi.
Antonia, de frou fan it hûs, hat mei help fan har hertsfreondinne Margherita, gâns boadskippen bemachtige op in ûnortodokse wize. De folgjende dei en nacht helje se de gekste kluchten út om al dit guod ferburgen te hâlden foar Giovanni en Luigi, harren respektivelike partners.
As efter mekoar in brigadier fan polysje en in adjudant fan de maresjesee harren mei de saak bemoeie binne de poppen hielendal oan it dûnsjen.
It ûntslach fan Luigi en de driigjende slúting fan de fabryk wêr ’t Giovanni oan ‘t wurk setten is, meitsje de manlju poer.
In geweldich ferkearsûngelok ûntmaskeret in dubieus smokkelerstrajekt. Is hjir sprake fan korrupsje by de polysje? Wa sil it sizze?
In deagraver op sneup nei “syn lyk” en in wol as net fermoarde maresjesee, jouwe dit spektakel in mysterieus tintsje. En hoe sit it no mei dy baby? Is Antonia swier of is it earder Margherita?
En wat is de rol fan de hillige Euzalia??
In dynamysk stik fol riedsels.

In goede dokter

In skriuwer fertelt oer syn ideeen welke at er faaks noch wolris op papier sette wol. Hy spilet sels yn ferskate sênes mei en jout kommintaar. It dekor is net sa dreech, it kin gewoan yn gerdinen spile wurde. Allinne lytse dingen om de lokaasje oan te jaan binne noadich. Der binne 9 manlju’s en 11 froulju’s rollen, mar mei dûbeljen kin it spile wurde troch 5 manlju en 5 froulju. Om der achter te kommen wêr’t de sênes oer hannelje kin men it mar it bêste gewoan lêze. It is wol werris hiel wat oars, foar in ploech dy’t ek echt ris wat oars wol!

In deserteur

Twa finzenen sitte boeid yn in âlde skuorre. Se wurde fêsthâlden troch de Guerilla. De twa finzenen binne in soldaat en in luitenant. De Guerilla wol witte wat sy yn de bosk diene, de luitenant hâldt fol dat se ferdwaald wienen en fierder neat fan doel wienen. Op in bepaald stuit besiket de soldaat út te naaien. Hy wurdt daliks delsketten. Dan sit de luitenant allinnich yn de skuorre. Eve hâldt de wacht en de luitenant en Eve komme yn ‘e kunde. As se tegearre yn ‘e skuorre sitte, geane se freonskiplik meiïnoar om. Sa gau der oare wachten by komme docht Eve krekt oft se de luitenant net lije mei. Oan de ein kriget Eve de opdracht om de luitenant dea te sjitten. Se kin it net en dan moatte se wol tajaan dat se fan elkoar hâlde.

Fiere freonen

Fan de fjouwer freonen dy’t eartiids in protte omgong mei elkoar hiene, binne trije troud, wylst ien om utens tein is. Yn dit stik komme de trije noch wol byelkoar, mar ien fan harren kin der net wêze om’t er siik is. Wy wurde dus yn ‘e kunde brocht mei trije froulju en ynearsten mei twa manlju. Fan it earste pear, Diana en Paul, fertinkt de frou har man derfan dat er it mei in oaren hâldt en wol mei de frou fan ien fan syn freonen. It twadde pear, Evelyn en John, hat in lytsenien, mar kin it ek net meiïnoar roaie. Allinne it tredde pear, Marge en Gordon, de sike man, kriget men de yndruk fan dat it sa min net giet.
Op it stuit dat it stik begjint, komt de iene nei de oare yn ‘e keamer by Diana en Paul, omdat de fjirde freon, fan wa’t de faam dêr’t er mei trouwe soe, ferdronken is, om fierrens wei wer thús komme sil. Hja sille him meiïnoar wolkomhjitte, hoewol’t út it petear bliken docht dat net ien der folle mei op hat. Hja libje allegearre har eigen libben en wolle leafst net mei dea en soksoarte swierrichheden konfrontearre wurde.
De fjirde freon, Colin, praat lykwols frijút oer alles wat er meimakke hat mei syn Carolin en dat net allinne, hy hellet ek dingen fan earder op oer harren sels, ferhalen dêr’t se net botte wiis mei binne.
As bliken docht dat de ferhâldingen yn de houliken minder ideaal binne as er ferwachtet, dan besiket er troch der oer te praten de fersakke fûneminten wer wat op te krikken. Mar wat er bewurket hat earder in averjochts effekt.
En wylst der oan ‘e ein sprake is fan dierbere freonen, bliuwt alles sa’t it is en perspektyf sit der dus winliken net yn.

De sulveren tabaksdoaze

In boerinne hat Jehannes, dy’t mei negoasje sutelet, op besite. De boerinne lit har fan alles wiismeitsje troch dizze skelm. Hy kriget hat ek safier dat hja him in sulveren tabaksdoaze, in erfstik fan har man, sjen lit. Jehannes wol de tabaksdoaze graach ha, mar de doaze is net te keap. As hy dan byldzjend oer in moard fertelt en dêrby in skearmes lûkt, rekket de boerinne bûten westen.
Jehannes, dy’t mient dat de boerinne dea is, naait mei de tabaksdoaze út. Thús fertelt er alles oan Rike, in frou dy’t by him ynwennet. As de boer fernimt dat syn erfstik stellen is, en troch wa, giet er nei it hûs fan Jehannes. Dêr treft er Rika oan. As dy dan fernimt dat de
boerinne net dea is, besiket hja de lulke boer de doar út te krijen. Wat har úteinlik slagget.
KOMMINTAAR:
In fleurich stikje mei moaie typkes. Moai is it Ljouwerters fan Rika. It stik sels is net mear aktueel, mar kin – spile yn de styl fan dy tiid – noch in soad wille jaan. It slot docht wat fersearre oan.

AJ

Pech

In jonge skilder, dy’t wennet en wurket yn in souder-atelier, stjit op in man fan de geheime plysje, dy’t him ferstoppet yn in kast. De autoriteiten fertinke de skilder fan moard en it dwaan fan noch oare misdieden yn ‘e takomst. De fertochte ferdigenet himsels heftich, mar sûnder súkses. Hy hjit net foar neat Pech. As hy sjocht dat ek syn freondinne de beskuldigings begjint te leauwen sjit hy de geheime plysje dea. Dêrmei hat it rezjym de moardner krigen dy’t it nedich hat om it optreden fan de oerheid te legitimearjen. De oerheid bewiist dus syn besteansrjocht troch misdieden ‘oan te pakken’ dy’t sels útlokke hat.

Kommintaar:
Wrange kommeedzje dy’t inte is op de ûnderdrukkende situaasje yn de Eastbloklannen, foar it fallen fan de Berlynske Muorre yn 1989.
De Tsjech Pavel Kohout wie (mei de hjoeddeiske presidint en skriuwer Vaclav Hável) ien fan de meast promininte figueren yn de perioade fan de Praachske Maitiid, ein sechtiger jierren. Doe’t dy delslein waard, waarden Kohout, Hável en safolle oaren oer de mûle slein. Kohout sels kaam in tal jierren letter syn eigen lân net mear yn nei in reis nei it bûtenlân.
Syn stikken binne humoristysk, skerp en tige ûnderhâldend. It probleem is allinne dat de stikken spylje yn in situaasje dy’t net uzes is en dat de krityk dy’t yn de stikken besletten leit, foar ús dan ek wol hiel maklik is. Wa’t foar dit probleem in ynteressante oplossing wit te betinken hat hjir in moai stik yn hannen, dat ek troch amateurs goed te spyljen is.

HB