Ploenk mei de giele neil

Der spylje Groeken mei: griene wêzens, bern mei griene triedden yn’t hier, griene neils ( pylken fan papier). Ien fan de groeken hat ien giele neil. Der is in mûnster mei 3 koppen. En beammen û.o. in tsjoenbeam. De tsjoenbean helpt Ploenk om ek griene neilen te krijen. Hy moat in blau suertsje by de Blaubrillen wei helje.

Ut

Tamme en Marchje sitte midden yn harren skieding. Tamme hat in aventoerke belibbe mei Djoeke, in famke dat in stik jonger is as him. Dêrom hat Marchje de skiedingspapieren oanfrege. Marchje is no dwaande yn har nije hûs. Gjalt, in putsjeman, helpt har dêrby.
Sytske, in freondinne fan Marchje, hat al in ôfspraakje foar har regele mei in oare man. Dy oare man is Ruerd, hy komt del en as hy fuort giet nimt hy by fersin de skiedingspapieren mei. As Ruerd de papieren wer werombringt, rekket hy mei Tamme en Gjalt oan ‘e tequilla. As Marchje yn ‘e hûs komt binne de mannen allegear al aardich dronken. Gjalt, de helderste fan it stel, sil mei Marchje op bêd, yn alle gefallen, dat mient er. En dat tinkt Tamme ek as hy Gjalt de oare deis yn syn keamerjas rinnen sjocht. Uteinlik komt it allegear wer goed tusken Tamme en Marchje en wurde de skiedingspapieren ferskuord.

In stikkene lampe

It stik giet oer twa famyljes yn in lyts Chileensk doarpke, ynsletten troch bergen. Manuel, de heit fan’e iene famylje, hat lang lyn de heit fan’e oare famylje fermoarde yn in rûzje. Syn died is ferjûn troch Mercedes, de frou fan’e ferstoarne man. No, folle jierren letter, sil har soan trouwe, mar flak foardat er trouwe sil fynt er út dat Manuel de moardner fan syn heit is en hy wol him wreke en de brulloft giet foarearst net troch. Elts besiket him tsjin te hâlden, mar hy lit him net omprate en fermoardet Manuel. De famylje fan Mercedes liket lokkich fierder te libjen, de soan trout en de famylje fan Manuel moat no mei fertriet libje. Mar de soan is oan it needlot oerlevere, hy kriget in ûngemak en stjert.
It ferrin fan it ferhaal is bysûnder. Hieltyd komme der in âlde Indiaanse man en frou yn foar dy’t mear oer de takomst witte as de oaren. Sy warskôgje de oaren foar wat barre sil. Dêrneist spilet de natuer in grutte rol. It waar en de jiertiden wurde as symbolen brûkt, foar wat der barre sil.

Bedroch

Jerry en Robert binne freonen foar it libben, mar ek saaklik oan elkoar ferbûn. Sels it feit, dat Jerry jierrenlang mei Emma, Roberts frou, in ferhâlding hân hat en hjirfoar in flat oanhold, kin de bân tusken de twa mannen net ferbrekke.
It stik begjint twa jier neidat de ferhâlding ferbrutsen is.
Robert en Emma wolle skiede, omdat Robert ek al jierren mei oare froulju gedoente hat en sy in oare frijer út it literêre miljeu fan de mannen hat.
Emma wol noch ris mei Jerry oer it ferline prate.
De skiednis springt dan yn sênes werom yn de tiid.

Spul om ’t spul

Op de buorkerij fan de Albeda’s is in ûnderhûds konflikt merkber. Soan Henk studearret ôf as yngenieur en syn mem is dêr tige wiis mei. Mar soan Durk, dy’t mei syn heit it famyljebedriuw liedt, hat der argewaasje oer dat syn jongere broer op de pleats neat út ‘e wei set, wylst hy him in ûngelok wurket.
Hy wurket as ûnbetelle krêft op de buorkerij fan syn heit, dy’t it drokker hat mei it ôfrinnen fan gearkomsten dan mei syn eigen bedriuw. It gesin hat alle war dien om soan Henk studearje litte te
kinnen. Hieltyd wer hat hy spul mei syn broer, dy’t net yn ‘e gaten hat wat de oarsaak is fan Durk syn ûnfrede. Wylst Henk syn freondin út syn stúdzjetiid yn ‘e steek lit en tinkt yn it âlderlik hûs in skoftje op in sêft sin sette te kinnen, makket Durk him klear foar de oanfal. Tsjin de slappe hâlding fan syn heit yn, wol hy jild liene foar in nije lisboksetâl om út te breidzjen. By de bank kriget hy it lid op ‘e noas: syn heit is net mear kredytweardich. Ek syn pake kin him net mear helpe. De konfrontaasje mei Henk ferskerpet him as dy ek nochris de (froulike) feedokter besiket te fersieren.
Uteinlik leit Durk it byltsje derby del: nettsjinsteande syn leafde foar it bedriuw, wol hy net langer foar syn heit wurkje. Hy giet it hûs út en sil him in oar fak leare. Henk moat no marris in skoftsje de hannen út ‘e mouwen stekke.
KOMMINTAAR:
In echt, oarspronklik Frysk ‘boeretoanielstik’. De karakters binne goed tekene, de ûnderlinge ferhâldings en ferwachtings komme goed út ‘e ferve. Boppedat giet it stik ek noch earne oer. Ik ha net de yndruk dat it echt datearre is, ek al binne der dan yntusken in soad dingen feroare yn it boerebedriuw. Foar in ploecht dy’t ris in serieus stik fan eigen boaiem spylje wol is dit wol wat.

HB