Prins Ali Ahmed de Knûkelige

Wilma ûnderhâldt al in skoft briefwikseling mei in Easterske Prins, Ali Ahmed Yoesseff.
Ali Ahmed hat Wilma skriftlik freege mei him te trouwen. Om ’t sy op ’t stuit net in gaadlike foto fan harsels hie, hat se ien opstjoerd fan har freondinne Hetty. Ali Ahmed is op kommende wei om syn breid op te heljen. Marten, Hetty har man, sjocht fansels allegearre apen en bearen. Ali Ahmed sil tinke dat Hetty syn breid is.
Der komt ek noch in journalist mei de klompen yn it spul, hy tinkt hjir in moai artikel út te heljen.
It lit him riede dat him de frjemdste dingen ôfspylje as Ali Ahmed ienkear oankaam is en fansels komt alles op it ein wer op syn poatsjes telânne.
In komysk, hast absurd jûnfollend stik.

Serenade foar Beits

Twa âldfeinten, dy’t in ferversbedriuw hawwe, libje mei in húshâldster dy’t harren tige ûnder de kwint hat. Hja hawwe in feint oannommen dy’t se de kâns jaan wolle om de saak oer te nimmen. De nije feint deart it oan dat dy beide manlju sa stjoerd wurde en winliken gjin eigen libben hawwe. Hy slacht harren foar om har te helpen: hy wol besykje de húshâldster te feroarjen en slagget dat net, dan moat se har plak romje foar in oarenien. Mei har trijen sette se har foar it blok dat sy set foar in wike ôf.
Underwilens makket de feint in advertinsje op foar in nije húshâldster, mei dêr by (sonder meiwitten fan ‘e manlju) dat in houlik net útsluten is. Hja litte fan de gadinmakkers ien ‘op besjen’ komme en se switte it út fan benaudens. Wilens komt Beits werom, om’t se ynsjoen hat dat se ferkeard hannele hat. Se seit ta dat se har ta deugd oanstelle sil tenei, mei yn ‘e efterholle dat op ’t minst ien fan ‘e beide manlju trouplannen hat, oan ‘e advertinsje te sjen. De iene broer fertinkt dan de oare derfan dat dy him bûten spul sette wol; hy is gau beret en wurdt it mei de âld-húshâldster iens.
Dan komt de moard út: de feint syn wurk hat it west, mar it beteart allegearre goed: de twadde broer kriget de nije húshâldster en de feint slacht de beukerjuffer oan ‘e heak.

It atelier

Grumberg skildert yn dit stik syn eigen bernetiid, flak nei de oarloch yn Paris, doe’t syn mem yn in naaiatelier wurke. In stik oer de trochwurking fan’e oarloch yn it deistige libben. It spilet fan 1945 oant 1952. Tusken alle sênes is in pear jier ferskil, mar it hiele stik spilet yn in naaiatelier. De haadpersoan, Simone, begjint har wurk hjir, neidat har Joadske man net weromkommen is út it konsintraasjekamp. Se libbet yn ûnsekerheid omdat se net wit oft hy noch libbet.
De fjouwer froulju dy’t der al wurken, binne hiel ferskillende types. Se beprate alles en wille en striid wikselje elkoar hieltyd ôf. Sy en de manlike parsers binne aardich mûnich. De baas hat gjin skyn fan kâns, hy waait mei alle winen mei en syn frou nimt de beslissingen.
It praat giet faak oer mannen en in pear riede Simone oan in oare man te sykjen. Simone wol dêr lykwols neat fan witte. Se moat faak by har wurk wei om by ferskate ynstânsjes te fernimmen oft der nijs oer har man is en de baas moat wol om lyk want syn kommentaar wurdt net wurdearre. Hy is dan ek bliid as se op papier kriget dat har man ferstoarn is. It stik einiget mei it berjocht fan har soantsje dat se yn it sikehús leit omdat se net mear koe.