Rjochtdei op Sylt

(noch gjin beskriuwing)
Bewurking fan de roman ‘Ik haw in man stellen’ fan Ype Poortinga

Moed om te deadzjen

In soan hat syn heit, in widdoman, op besite. Dy útfanhûzet al in aardich skoft by him en liket net fan doel om fuort te gean. De soan is tige dwêrs tsjin de heit, mar hy kin lykwols net goed tsjin him op. De heit kin seure en narje sûnder dat syn soan der fet op krije kin. As it derop liket dat syn heit sels syn freondintsje ôfpakt, slacht er troch. Alle frustraasjes en ûnmacht fan it ferline komme nei boppe en hy beslút syn heit te fermoardzjen mei in mes…

Under dak

Tema: 3 aktuele maatskiplike problemen, t.w. it omgûcheljen mei jild, it kreakjen fan leechsteande huzen; it saneamde ‘hokjen’. Boer Jelmer Ingelsma syn dochter Geartsje kriget wat ferkearing mei Klaas. Hja mient dat syn suster by him ynwenne. Omdat hja meihelpt op ‘e pleats, hat hja tolve tûzen gûne fan har heit tegoede. Mar heit jout har dêr in sjek foar en mei dyselde sjek lient hja Klaas dat bedrach en sa kin dy syn skuld oan Ingelsma ôfbetelje.
Omdat Ingelsma slim syn eigen sjek by de bank fersulverje kin, lient hy keapman Roukema tolve tûzen gûne en sadwaande kin dy it jild fan de bank barre. Mar Bouke Roukema hat wat gedoente mei it jongfrommeske dat by Klaas ynwennet en omdat dy jongfaam mient dat hja de helte fan it hûs betelje moat oan Klaas (hja mient dat dy helte 12000 gûne is) lient Bouke har dat jild en sa kriget hja de sjek yn hannen.
Klaas kriget de sjek fan har en mei dyselde sjek betellet er dat bedrach oan frou Douwinga, dy’t dat brûke moat om har skuld oan Bouke Roukema lykmeitsje te kinnen. Nei wat strubbelingen tusken Klaas en Geartsje oer it ynwenjen by him fan in frommeske, dat syn suster net is, wurde hja it dochs iens en geane op houliksreis. Yn dy tiid wurdt harren húske kreake troch tsien jongelju. Jelly, dy’t by Klaas ynwenne en by him blau krige, hat de aksje organisearre. De skilderijen yn it húske wol hja net earder weromjaan as dat Klaas har de 12000 gûne werom jûn hat. Wolno, noch in rûntsje mei in sjek en dan komt dat ek klear. It húske bliuwt lykwols beset, mar de jongelju kinne in gruttere keamer krije yn ‘e foarein, dus dat is ek oplost.
Hja tidigje derop dat troch de publikaasje fan de kreakaksje der in protte folk dy kant út komt en dat hja dêr faaks wol wat skilderijen oan kwyt kinne.

De trijekaart op ‘e kofje

Tema: In man wol wolris ‘los fan ’t wiif’ út ‘e bân springe, mar moat dan wolris in earlik ferlechje betinke. Notaris Peetsma wurdt troch syn beide freonen, Koert Holwerda en Kerst Wiersma, útnoege om mei harren in wike nei in ûnderkommen yn it Griene-Stjerplan by Ljouwert. It is dúdlik dat it doel is om dêr de blomkes ris lekker bûtendoar te setten. Omdat syn frou dat nea tastean soe, lit Peetsma him, dêr’t syn frou en dochter by binne, opskilje troch syn klerk, dy’t him útnoeget foar in belangrike notarissenkonferinsje yn Den Haach.
De froulju binne mei dy útnoeging wakker fereare, al bliuwt it fansels spitich dat de frou net mei kin. Yn ‘e rin fan dy wike komme der praatsjes dat de trijekaart yn Ljouwert oan ‘e boemel west hat en dat behalven skea ek in pear fan harren yn it sikenhûs bedarre binne.
Ut Den Haach wei wurdt dy wyks ek in kearmannich om jild frege en dat wurdt troch de klerk daliks oerstjoerd. As Peetsma op it lêst mei in skeinde holle wer thús komt en ek de beide freonen ferskine mei skonk en earm yn ‘e wynsels, dan kin in moai ferhaal de mannen net mear rêde en wurdt ús notaris op syn kantoar troch syn frou efter de typmasine set.
Hjir tuskentroch spilet dan noch in leafdesskiednis fan notaris syn dochter Teatske mei de klerk Sjoerd Berend, dy’t mekoar oan ‘e ein fansels krije. As type docht noch Tryntsje mei, in âldfaam, dy’t de boekhâlding docht.

Leafdes tûkelteammen

Tema: Swierrichheden op it gebiet fan de leafde. Jan Maat, in jongfeint, yt wat de froulju oangiet fan alle wâlen. Hy giet gauris mei Antsje, wolris met harren faam Klaske en dan is Sonja der noch, dêr’t er it as ’t der op oankomt echt mei hâldt. Syn heit hat in freon, Faber, en dy beide wolle der op ta dat Jan winliken trouwe moast mei Faber syn dochter Antsje. Jan hat gjin wurk en dat is syn heit sadanich yn ‘e wei, dat dy regelet foar him in útstjoering nei de Sahel. En as er him dat fertelt, moat er de oare deis al fuort. Under druk jout Jan earst ta, mar dêrnei wurdt er troch syn freon Eabele en troch Sonja ta oar ynsicht brocht. As er syn heit fertelt dat er net nei de Sahel giet, wurdt dy sa poer, dat er de hannen fan him ôf lûkt. Jan rint dan de doar út en wurdt wei. Letter docht bliken, Faber hat him yn it park oppikt en him by him thús by syn dochter Antsje opsluten. Underwilens hat Sonja har yn it plak fan Klaske by heit Maat as tsjinstfaam besteld mei it doel om him te bewurkjen dat er Jan syn dwaan ferjout.
Klaske is yntusken ek op paad giet om Jan te finen. As Maat de fròu yn Sonja sjocht, dêr’t hja mei sin oanlieding ta jûn hat, kin hja him om ‘e finger wine en ûnthjit er har dat er Jan ferjaan sil, as se mei him trout. As Maat dan ek noch in brief fan Jan kriget, dat dy nei de Libanon wol, dan wol M. alles dwaan om tefoaren te kommen dat Jan dêr as kanonnefleis brûkt wurde sil. Dat brief hat Antsje lykwols skreaun om him bang te meitsjen. Neidat Klaske Jan op syn skûlplak fûn hat, komme ek Eabele en Sonja dêre. Maat sjocht op ‘e tiid yn dat Sonja gjin petoer foar him is; hy ferjout Jan syn wurdbrek en dêrmei is it paad foar Jan en Sonja frij. Yn it sok nimme hja dan Eabele en Antsje mei, sadat der oan ‘e ein twa lokkige pearen binne.

De optocht

Tema: de ûnferdraachsumens en it tekoart oan tolerânsje by de minsken. Der sil op in doarp feest fierd wurde en foar it earst sil dat meiïnoar. De dominys hawwe it klear krige dat alle kanten oan in optocht meidwaan sille en se stelle har der witwat fan foar. Garaazjehâlder Willem Freugde sit ek yn it bestjoer foar it feest en kriget in frommeske fan ‘e krante op besite, dy’t freget oft de sigeunders fan it doarp ek oan it feest meidogge. Freugde besiket him dêr sa’n bytsje foar wei te winen, mar it gefolch is dat it yn ‘e krante komt en dan is de earste oanlieding ta in nije spjalt der libbensgrut.
Hawar, ûnderwilens giet it mei de eukumene noch troch, want der wurdt útsteld dat alle rjochtingen trochinoar op ‘e fersierde weinen sitte sille. Dat soe earst foar eltse rjochting apart. De dominys wolle dêrby it foarbyld jaan troch ek meiïnoar op ien wein yn ‘e stoet mei te riden. Mar de ieuwenlange tsjinstellingen litte har samar net oan kant skowe. Stadichoan boazje de rûzjes oan en op it lêst spat de hiele boel útelkoar en moatte der wèr twa optochten hâlden wurde, al sil dan noch wol besocht wurde om der ien feest fan te meitsjen.
Under de bedriuwen troch wurde wy wat gewaar fan de wize dêr’t Freugde syn autohandel op docht. No, dat lycht der ek net om.

Wêr sit mem?

As Marten Bouma mei syn frou en syn skoansuster nei in fakânsje yn Ingelân wer nei hûs sille, doch bliken, dat syn skoanmem, dy’t ek mei wie, nearne te finen is. Boppedat hat hja ek de boatkaartsjes en al it jild, dat der noch oer is, by har. As hja dan tafallich ek noch hearre, dat hja in grouwe priis yn in lotterij wûn hawwe en dat mem blykber ek noch it lot yn ‘e bûse hat is de boat fansels hielendat oan. Sykje helpt neat en fuort kinne hja net! Boppedat komme dan fansels ek noch de nije bewenners fan it húske.
Nei in soad misferstannen, telefoantsjes fan “mem”, dy’t troch de Klavers – de nije bewenners – fuort ferbrutsen wurde, it iens wurden fan in broer fan Klaver mei de skoansuster fan Bouma en in foto yn in krante dêr’t út blykt dat mem de priis yn ûntfangst naam hat (in “dreamhûs”), dan docht mem harren te witten, dat hja de boatkaartsjes omwiksele hat, dat hja kinne mei in lettere boat nei hûs.

Alle dagen freed

Dykstra hat in transportbedriuw, mei – bûten himsels – ien sjauffeur.
As syn soan Sjoerd ûnder tsjinst wei komt, hat dy grutte plannen met de saak. Hy wol it bedriuw modernisearje, útwreidzje en op it bûtelân begjinne te riden. Hy wit syn heit foar de plannen te winnen en se keapje in grutte frachtwein-kombinaasje. Bûten heit en de âldere sjauffeur nimme se noch twa jongkeardels yn tsjinst en foar de administraasje komt der in jongfaam op ’t kantoar.
In jier letter is Dykstra jr. mei Sus, de kantoarhelp, troud en ferwachtsje se ek al in lytse poppe. Ien fan de nije sjauffeurs hat earder ferkearing mei har hân, mar dy doocht net. As er nei Dútsklân west hat mei in lading tsiis, is der 500 kilo weiwurden; letter is syn fersnellingsbak fierstente gau yn ‘e poeier en mear fan dat soart dingen. As der dan ek noch ferdôvingsmiddels yn syn wein fûn wurde, is de boat oan en kriget er dien, neidat er Sjoerd mei in revolver drige hat.

De swalker

Troch de ekonomyske delgong giet it mei it timmerfabryk fan Jelte fan Dyk net mear sa floarissant. Yn dy snuorje komt syn broer Karel, dy’t lange jierren yn Amearika ferkeard hat, by harren útfanhûs.
No hat Karel eartiids ferkearing hân mei Jelte syn frou Anny, dat botte wolkom is de eardere emigrant dêr no just net. Boppedat leaut Jelte dat syn broer út klearebare earmoede werom kommen is.
By einbeslút docht bliken dat Karel yn ‘e koarte tiid fan syn ferbliuw dêrjinsen hiel wat út ‘e wei set hat. Hy hat soarge dat syn omkesizzer Ate it mei Hylkje, de faam dêr by syn broer, iens wurdt, hy hat de âlderein fan it doarp in biljert beskikt foar de soas, hy hat syn broer it fallyt besparre troch de bank by te springen, sadat dy wer kredyt jaan wol en – last but not least – hy is sa goed by Klas, in freondinne fan Anny, yn ‘e smaak fallen, dat dy mei him nei Amearika giet.

De wûnderdokter

Wouter Zylstra hie de jeften om in betûft snijdokter te wurden, mar de omstannichheden sieten him net mei. Oan ‘e drank, syn frou ferlern en in djip skuldgefoel fan in troch drank mislearre operaasje fan in famke. Hy wennet no yn in doarpke, hâldt allerhande soarten fee en skilderet. Omdat er bytiden ek noch wolris immen helpt dy’t skeel hat, wurdt er wûnderdokter neamd en komt er tagelyk by de echte dokter dêre op in kweanamme te lizzen. Foar syn freonen, en dy hat er by de bult, is syn hûs in stapyn. Sadwaande komme der ek allerhande minsken oer de flier dy’t it stik en syn probleem wat opkleurje moatte.
Behalve Ybeltsje, syn húsgenoate, en syn feint Harke, komme dêr Sytske, in nochal modern klaaid buorfanke, Sake en Sijke, de âlde buorlju, Atsje Bremer, in âld stúdzje-freondinne, dy’t him nei lang sykjen dochs fûn hat en ek de echte dokter, in brimstich man dy’t sadwaande syn pasjinten ôfstjit en Wouter yn ‘e earmen jaget.

Spul om neat

Tamme Veenstra, in túnker, hat syn frou ferlern en rêdt him no mei in húshâldster, dêr’t er net mei oer de wei kin. Syn soan Abe is mei spul ta de doar út rekke omdat er troude mei in stedsfrommes dy’t Tamme net sjen woe. Nynke, syn dochter, wennet yn ‘e hûs en hat stikem ferkearing mei Jelmer, de túnkersfeint fan har heit. De jongelju binne bang dat heit ek op harren omgong tsjin is. As Tamme útlit dat er wol in oare húshâldster ha wol, dan biedt omke Halbe oan om ris om him hinne te sjen. Dy kriget it dan foarelkoar dat soan Abe syn frou Lys by him komt en dat foldocht wakkere skoan, want neist de húshâlding docht se ek de hiele boekhâlding foar Tamme. Dy wol dan hawwe dat Abe – dy’t yntiid syn wyfke efternei reizge is – mar skiede sil en dan mei dizze jonge húshâldster trouwe.
Hawar, elk hat no wol yn ‘e rekken dat as de moard útkomt, heit bliid is dat it Abe syn frou al wie. Hy wol dan fan de saak in firma meitsje en dêr Abe en Jelmer yn opnimme.
Dan doarre Nynke en Jelmer ek mei harren geheim foar ’t ljocht komme en is in ‘happy end’ it beslút fan it stik.

Doping op Skylge

Doede Sytsma en ‘e frou sille mei harren buorlju in wike nei Skylge. Doede wol eins leaver thús bliuwe omdat er min oer safolle bleat kin. De sikefûnsboade docht him lykwols in middeltsje oan ‘e hân dat him dêr oer hinne helpe kin.
As er op it eilân dat middel ynnimt feroaret er alhielendal en slacht de bangens fan froulju folslein om nei de oare kant. It komt safier dat syn frou oars gjin útwei mear sjocht as by him wei.
As it pepmiddel op is, draait alles wol wer wat by, mar foardat it safier is, hat der him hiel wat ôfspile.

Efkes ryk

Klaas Brander bewennet mei frou en dochter in gemeentewent, dy’t heech nedich renovearre wurde moat. Sa falt it elektrysk ljocht iderkear út en dêr makket Klaas him likefaak lilk om. Dat hat fansels ynfloed op de sfear yn ‘e húshâlding en ek op ‘e ferhâlding mei syn suster, dy’t deun njonken harren wennet. Mar der liket feroaring te kommen as Klaas oer de post in sjek fan tritich-tûzen gûne tastjoerd kriget en der deselde deis in amtner fan de gemeente komt om alles op te nimmen. Dy amtner wit lykwols fan dy sjek neat ôf en as Klaas him even sjen litte wol, is er …. wei. Op it oanbod dat de gemeente docht om him ôf te keapjen giet Klaas net yn. Hastich as er is, jout er Boersma opdracht de hiele elektryske ynstallaasje te fernijen.
As Boersma komt en der is noch gjin tastimming fan ‘e gemeente, doart Klaas dochs net troch te setten. De beide mannen reitsje wol oan ‘e Bearenburch: dochter Klaske en de postrinder binne op it lêst ek oan inoar fersein. Mar dêrmei komt de sjek net boppe wetter. Wylst Klaas elkenien fertinkt, komt der oan de âldfammesteat fan syn suster in ein: de gemeente-amtner hat har frege.
Omdat Klaas fan keapjen ôfsjoen hat, komt it harren raar oer it mad as syn syster ek noch mei it nijs komt dat hja tegearre de beide huzen kocht hawwe. En noch mâlder sjocht Klaas as bliken docht dat syn suster de sjek nadere hat. Dy hie tritich-tûzen gûne te ferwachtsjen oan fersekeringsjild.
Sa komt der wer frede yn ‘e hûs en kin it feest om de beide oan inoar ferseine pearen mar oangean.

Makkumer sollisitaasje

Rinse Andersma hat sitten fanwege dieverij, mar wurdt mei help fan in maatskiplik wurkster op it goede paad brocht. Om in nij libben te begjinnen hat se soarge foar in oar hûs en is se ek dwaande om wurk foar him te krijen.
Hy wurdt lykwols troch syn âlde maten wer yn ferkearde saken behelle. It duorret mar efkes of se ha de plysje wer om ‘e doar. Syn frou en skoansuster poer, swierrichheden mei de buorlju en de nije baas kopskou om him yn ’t wurk te nimmen.
Mei gâns spanning komt alles dochs wer op syn poatsjes telâne.

Nei tsien jier

Durk en Hike Jânsma, beide oer de fyftich, binne al tsien jier by mekoar wei. Hy is nei Australië tein. Fan harren beide jonges is Jehannes troud en Gerrit noch yn ‘e hûs. Hike is in pensjon begûn.
Om Jehannes te helpen dy’t djip yn ‘e skulden sit, wol Hike har hûs ferkeapje mei rjocht op hier. Jan Nijdam, dy’t graach mei Hike trouwe wol, wol har oars wol helpe, mar Hike hat altyd noch de stille hope dat Durk werom komt.
Buorfrou Geartsje, dy’t eartiids ferkearing hân hat mei Jan, hâldt Durk op ‘e hichte. Sadwaande lit Durk in makelder Hike har hûs keapje.
As Durk ûnferwachts thúskomt en skine lit dat er wol wer yn goedens wol, wurde hy en Hike it wer iens.

Twa yoghurt en ien molke

Jan Heslinga sit op in útstjoerburo, dêr’t ek Antsje, in kreas jongfaam, wurksum is. Jan is troud, mar mei Antsje hiel wol lije. Datselde jildt ek foar harren baas van der Veen. As van der Veen Jan ûntslach jout, is it de fraach oft it tebekrinnen fan it wurk wol echt de reden is foar dat ûntslach.
Om dochs wat om hannen te hawwen smyt Jan him op ‘e stúdzje, mar dêr ferslacht er yn. Dan jout er him alhiel oer oan in geheime stjoerder, dy’t er oanskaft hat. Sa besiket er wat him oandien is te ferjitten. Dat hâldt wol yn dat er in hiel eigen wrâldsje opbout en stadichoan mear ferfrjemdet fan frou en bern.
In stik mei in tragyske ûndergrûn, dat op in tige nijsgjirrige wize de komyske kant oer útarbeide is.

Yn ûnmacht

Dit toanielstik slút oan by de réaliteit fan de hjoeddeiske tiid. In fabryk op in doarp yn Fryslân giet op yn in grutter gehiel, mar kin it troch in ûnbekwame direkteur út it westen net bolwurkje. It gefolch is in bedriuwstrochljochting, dêr’t besunigingen en ûntslaggen op folgje sille. Der driget in ramp foar it doarp en foar it hiele gea.
Douwe Dykstra, in ekonoom, dy’t by de ferstoarne direkteur foar dy syn funksje yn oplieding wie, mar yn ‘e nije situaasje foar in Amsterdammer oan ‘e kant moast, nimt stadichoan mear it heft yn hannen. Ynearsten kriget er de arbeiders fan it bedriuw tsjin, mar as bliken docht dat er foar it bedriuw mooglikheden oanjaan kin om wer ta in selsstannich bedriuw te kommen, keart it tij en stelt it personiel him op efter harren nije direkteur.

De lêste snie fan de winter

Troch in atoomoarloch binne der op ierde mar inkelde minsken mear oer. Harren earste ferlet is om yn libben te bliuwen. It stik bringt ús yn ‘e kunde mei trije manlju dy’t de ramp tafallich oerlibbe hawwe. Se binne alhiel op mekoar oanwiisd en as der ien fan in útstapke yn de fernielde wrâld, net werom komt, reitsje de beide oaren hast yn panyk. Se tinke dat er earne in frou fûn hat en dat er dy foar him sels hâlde wol.
As der in frou by harren komt dy’t de ramp ek oerlibbe hat, begjinne de manlju om har te tsieren. Dêr docht út bliken dat de minske, ek nei de ramp, noch neat leard hat en dat de wrâld, as er bewenber bliuwt deselde wêze sil as foar dy tiid: In wrâld fan hawwen en krijen!

De ôfrekken

In gefoelich petear tusken de wurkster en de dochter fan de famylje dêr’t se al jierren foar wurket. In soad frustraasjes wurde sadwaande ris in kear besprutsen. De wurkster wol der mei ophâlde, omdat se fynt dat se te min wurdearring kriget. Wylst de mem op stjerren leit rekkent de dochter op de wurkster, sa dat sy har eigen libben libje kin. Uteinlik kin de dochter útlizze wêrom’t se it sa swier fynt om foar har mem te soargjen. De wurkster beslút dochs te bliuwen.

Hands up

Meinte Meintema, dy ’t al in skoft wurkleas is, sjocht syn húshâlding stadichwei nei de bedelte sakjen. Hja kinne net mear fakânsje hâlde, harren auto moat ferkocht wurde en de soan kin syn stúdzje net ôfmeitsje. De galle rint him oer as er by de bank gjin jild opnimme kin, omdat er yn ’t read stiet. Hy docht sabeare oft er in oerfaller is. Hy sprekt omraken op en lit twa bankminsken en in klant mei de hannen omheech stean. Mar it pakt raar út foar Meinte; se ha by de bank kâns sjoen om op ‘e alarmskille te drukken.
Boargemaster en plysje ûnderskatte de saak net en skeakelje leger en M.E. yn. Der wurdt hannele, as hiene se mei de slimste terrorist te krijen, wylst it winliken om in simpele grap giet.