Hands up

Meinte Meintema, dy ’t al in skoft wurkleas is, sjocht syn húshâlding stadichwei nei de bedelte sakjen. Hja kinne net mear fakânsje hâlde, harren auto moat ferkocht wurde en de soan kin syn stúdzje net ôfmeitsje. De galle rint him oer as er by de bank gjin jild opnimme kin, omdat er yn ’t read stiet. Hy docht sabeare oft er in oerfaller is. Hy sprekt omraken op en lit twa bankminsken en in klant mei de hannen omheech stean. Mar it pakt raar út foar Meinte; se ha by de bank kâns sjoen om op ‘e alarmskille te drukken.
Boargemaster en plysje ûnderskatte de saak net en skeakelje leger en M.E. yn. Der wurdt hannele, as hiene se mei de slimste terrorist te krijen, wylst it winliken om in simpele grap giet.

Snie yn augustus

José Brinksma is by in oanriding dea rekke. Wie it in ûngelok of sit der mear achter? De plysje moat it útsykje en it docht al gau bliken dat it om drugs giet. Dat is dan de “snie yn augustus”. Hokker rol spylje de freon Timen en de suster Jikke fan José? En Mariska, dy ’t ferslave is oan drugs? Ek mei Bouma, de sjef fan Jikke, wit de plysje net goed rie. Dochs bringe hja de saak ta in goed ein.
In spannend stik.

Simmerdepresje

De titel “Simmerdepresje” slacht net allinne op it minne waar, mar ek op de minsklike ferhâldingen dy ’t yn it stik foarkomme. Willem en Hanny, eigeners fan it hotel “Au bord du lac” sitte mei it reinige waar sûnder gasten. Sy sjogge de takomst tsjuster yn en binne net botte fleurich en aardich tsjin elkoar.
Hanny har mem, Wytske, wol skiede en strykt mei trije freondinnen del yn ’t hotel om dêr in wike fakânsje te hâlden. Jansma, in oare gast, hat in benzinestasjon bestellen om ’t er ek ris foar fol oansjoen wurde wol. Elk fan dizze minsken sit min of te mear yn in depresje.
De help fan Willem en Hanny, Richtsje, soarget mei de trije freondinnen fan Wytske foar de nedige ferdivedaasje.
Oan ‘e ein fan it stik is de loft aardich opskjinne, mar it reint, reint, reint.

Spul om Sonja

It giet yn dit stik om de konkurrinsjestriid tusken de tekstylfabrikanten Frâns Hoogslach en Wike Minnema. Frâns en Wike ha eartiids gedoente meiinoar hân. Sonja is net allinne in famke fan fleis en bloed, mar ek in stimme op de radio. As bliken docht, dat de stimme en persoan net ta ien en deselde figuer behearre, komt der “spul om Sonja”.
Relaasjes tusken de jongelju rinne troch beide famyljes hinne, dat jout ekstra kleur oan de ferskate brike sitewaasjes.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Gepiel om toaniel

Op de bestjoersgearkomste fan ‘e toanielferiening docht bliken dat de kar fan it nij te spyljen stik harren yn ferlegenheid bringt. It is wer it âlde lietsje: te min manlju. Dan wurdt it útstel dien om froulju de manljusrollen spylje te litten en manlju de frouljusrollen. Nei in soad tsjiniggewearjen sille se dit dochs ris besykje.
Allerhande brike setten komme hjir út fuort, it soe te fier gean om dat allegear út ‘e doeken te dwaan.
Al moat sein wurde dat eigen famylje der sels yntrapet en bang is dat Klaske, ien fan de haadrolspylsters, har yn ferkeard selskip ophâldt. Hoe ’t alles ôfrint? Sa as wenst, goed fansels.

It halsketting

Juwelier Frank Mees hat in kostber halsketting yn ‘e hûs. Hy hat der al in klant foar, mar it moat earst fersekere wurde. Ear ’t it sa fier is, ha al hiel wat minsken by him yn ‘e hûs it ketting yn ‘e hannen hân en bewûndere. Yn in “skriller” leit it foar de hân dat it ketting stellen wurdt en dan giet it om de fraach: Wa hat it dien??

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Kemeedzjespyljen hat syn útfallen

Twa jongfammen hawwe fakânsje en binne troch ien fan de memmen nei omke Beima prakkesearre om dy wat op te fleurjen. De âldman, dy’t in húshâldster hat, is slim krebintich en kin suver net mear út stee komme. De famylje freget har wolris ôf oft it wier wol sa slim is mei de âldfeint. Hawar, de fammen betinke in plan om omke ris te hifkjen.
Der komt in wyksuster, in dokter en in psychiater oan te pas, mar it measte helpt noch dat ien fan de fammen, as húshâldster ferklaaid, wakker kontsjedraait en flak foar omke har djip foaroer bûcht. Dan begjint by omke de wyn ynienen út in hiele oare hoeke te waaien en as de echte húshâldster der dan ynkomt, dan wurde hja it al gau hielendal iens.
De útfanhûzers hawwe har wurk goed dien.

Frou yn ’t spul

Tema: in fersin is minsklik.
Wytske, de frou fan Marten, soe sa’t hjit, in fjirtjin dagen nei har sike suster yn Antwerpen. Gelokkich hawwe hja in tsjinstfaam, dy’t de húshâlding beoarderje kin, dêr hat er dus gjin drokte mei.
Wol komt syn freon Wibe by him om ried. Op en út frijgesel en ynienen fan ‘e kaart troch in frou…. in trouden ek noch wol. As alle kanten bepraat binne, sil it mar sa dat Wibe der by is as hja it har man fertelle sil. As Marten útlit dat er dy frou wolris sjen wol, dan is Wibe beret en seit dat er har wol eefkes helje sil…. en dat op ‘e selde dei dat Marten syn frou wer thúskomme sil.
Tewyl’t Marten him oan ’t ferklaaien is, komt syn frou ek thús, al hied er har pas de middeis ferwachte. As hja mekoar sjogge, moat by har fuort it hege wurd der mar út… Hja seit dat hja net nei har suster west hat, mar dat hja by in man wie en dat hja ek mei him trouwe wol. Marten ûndergiet dit ferslein en as hja him freget oft er net witte wol wa ’t dy oare man is, dan seit er dat er dat al wit…
Op dat stuit komt Wibe troch de doar mei…. Ingel, dy’t er as syn takomstige frou foarstelt.

Goeddwaan leannet himsels

Pake is by it strykjildskriuwen oan in doarpsherberch hingjen bleaun en bewennet dy no mei syn beide dochters. As bliken docht dat der gjin kop yn it kafee komt, set de man de folgjende advertinsje yn ‘e krante: “Foar slimme sykten dêr’t de dokter mei sit is ’t mooglik dat ik wol wat wit.”
Hoewol’t er it om it jild net dwaan hoecht, hopet er sa dochs wat flecht op ‘e koai te krijen. Hoe ’t er mei kommende pasjinten oan moat, sil er dan wol sjen. Dy earste pasjinten binne Wiersma en ‘e frou. Efterôf docht bliken dat Wiersma syn frou in man yn frouljusklean is en dat dat stel troch de plysje socht wurdt.
Pake en syn dochters wurde gewaar dat dy Wiersma’s in protte jild by har hawwe en de grouwe slúf dêr’t dat yn sit kinne hja, as hja wolle, samar naderje. As hja mei mear as fyftich tûzen gûne yn ‘e hannen sitte, wurdt der skille en komt der in resjersjeur yn, dy’t efter twa bankrôvers oan sit.
It einbeslút is, dat de beide bankrôvers ynrekkene wurde en dat Pake en de dochters mei de fyftich tûzen gûne sitten bliuwe dêr’t gjinien weet fan hat.
As de bankdirekteur komt om harren te betankjen, lit dy útkomme dat it kweade straft wurdt en it goede beleanne: hy docht dat mei in oranjekoek en blommen. Dat, Pake konkludearret: goeddwaan leannet himsels. Just, seit de iene dochter. Jawol, seit de oare.
En dan alle trije: Tankewol. Ut.

Spul fan wyn en wolken

It stik spilet op in Deensk-Frysk eilân. Maria hâldt fan Taire, in fisker, hja ferwachtet it tredde bern van him. Mar Taire is troud mei in frou, dy’t frijwat âlder is as hy en dêr’t er gjin bern by hat.
Maria wennet yn by in âlde frou, omdat har famylje neat mear fan har witte wol. Neffens de lânswetten is it in frou ferbean om mei in troude man te gean en dat giet safier, dat as dy frou foar de tredde kear swier is fan sa’n man, hja stjerre moat. Allinne de kening kin yn sa’n gefal graasje ferliene. No’t Maria de tredde ha moat, komt har mem fanwegen en kriget har safier, dat hja mei har broer Peter nei de kening giet en dêr graasje kriget op betingst, dat hja dy man nea wer moetsje sil.
Lykwols: hja hâldt fan him en kin net ynsjen, dat echte leafde, hoe dan ek, ferkeard wêze kin. Har broer Peter, dy’t troch Maria derfan fertocht wurdt, dat er Taire fermoarde hat, komt by har en biedt oan it plak fan Taire yn te nimmen. As hy ta de doar út sil, neidat Maria him ôfwiisd hat, fearret Maria op en fljocht him mei in skjirre efternei.

NB Dit stik wie in wurkstik yn it ramt fan de ‘bewurkerswurkgroep’ SSFT. It is in bewurking fan in roman fan Ype Poortinga ‘Ik haw in man stellen’.

In bom yn ‘e hûs

Gryt Feenstra komt thús fan har wurk en hat foar har man Bjinse, dy’t de húshâlding docht, in nuver boadskip. In kollega fan har, in jonge frou, dy’t gjin man ha wol, mar wol in bern, hat har frege oft Bjinse har dêr net by helpe koe. Dit liket Bjinse nei fleanen, mar as Gryt him in belangrike tasizzing docht, giet er der yn mei. De ôfspraak is dat Antsje, de kollega, oer in kertier komme sil. Gryt giet de doar út en Bjinse is der mei oan. Mar hy kriget in idee en skillet syn maat Geart. Dy seit ta dat er it kerwei fan him oernimme sil, dat Bjinse giet nei boppen ta.
As der fuortdêrnei skille wurdt, lit Geart der in frommeske yn en as er al dwaande is om knopen los te dwaan, docht bliken dat it de ferkearde is. Underwilens komt Antsje der ek yn en foar har is de kaart dan goed ferjûn. Geart jout him noch wol foar Bjinse út, mar as der in buorfrou ynkomt, hat dat ek gjin doel mear. Hy leit Antsje dan de situaasje mar earlik út. Mei har trijen wolle hja dan Gryt noch eefkes te pakken ha en Bjinse en Antsje dogge, as Gryt thúskomt, krekt as sille hja tegearre nei boppen ta. Gryt kin dat net oansjen en keart dat. Wylst Bjinse Gryt útleit hoe’t it gongen is, pykt Geart mei Antsje út en dy twa sille it nei alle gedachten wol iens wurde.

It gesicht

Ferdinand kin it yn dizze wrede wrâld geastlik net foarinoar hâlde. Hy byldet him yn dat er in ferneamd moardner is en dat giet sa fier dat er syn eigen identiteit ferliest. Húsdokter en psychiater besykje al it mooglike, mar it wurdt hieltyd slimmeroan. Syn identifikaasje mei de moardner wurdt sa sterk dat er fan gesicht hieltyd mear op him begjint te lykjen.
It is op it lêst sa slim dat er fan twa plysjes ophelle wurdt.

Bakje treast

Paul, in fanke fan in jier of 16/17, nimt foar it earst in jonge mei nei har keamer. Hja hawwe in petear oer it dichtsjen, dat hja docht en oer boeken. Hy seach yn har earst in aardich famke om mei út te gean; no kriget er wat mear belangstelling foar har as persoan.
It petear fan de jongelju wurdt kear op kear steurd. Earst komt de húsfrousfaam al in kear as wat mei skytboadskipkes, dan Paul har mem en yn ’t lêst knoffelt har heit de treppen ek noch op. Allegearre út noed, dat de beide jongelju meiïnoar op bêd gean sille.
Dat komt ien mei oar wat yn in nuver ljocht te stean, as men wit, dat de mem in eigen libben laat, bûten de heit om. Hja hat, sa is bekend, gedoente mei gâns manlju hân en hat dat noch. De heit lit him fersoargje troch Kor, de húsfrousfaam en hat fierder allinnich mar belangstelling foar dowen. Gjin niget, dat de jongelju har “belabberd” fiele. By ien fan de boadskipkes dy’t de húsfrousfaam betinkt, biedt hja it jonge span tee (“in kopke treast”) oan…. sadwaande de titel.

De dwerslizzer

In dissidint, dy’t it skriuwn ferbean is, kin geastlik net mear tsjin de druk fan it systeem op. Yn syn ferbylding komme der feilichheidsplysjes by him, dy’t harren ta dizze steat brocht hat. Wylst syn frou om kalmearjende middles út is komme der, wer yn syn ferbylding, twa sikebruorren yn om him mei te nimmen nei in ynrjochting.
Hy krûpt dan troch it iepen rút en giet oan ’t finsterbank hingjen.
As syn frou werom komt en him sa oantreft, besiket se him wer yn ‘e keamer te krijen. Dat slagget har net, se hat sels muoite om net mei nei ûnderen te fallen.

De skriuwer foar it doarpsbelang

Gerben Turkstra, in jonge boekhâlder, hat him troch de foarsitter fan it Doarpsbelang oerhelje litten ien fan syn ferhalen op ‘e gearkomste foar te lêzen. Hy freget de oanwêzigen him harren krityk net te sparjen.
As er in stikje lêzen hat en it hear ris oersjocht, spat ien fan ‘e oanwêzigen oerein en protestearret, om’t er mient, dat er in stek ûnder wetter krige hat fan ‘e skriuwer. Dat is foar de oaren de oanlieding om mei in fûle diskusje útein te setten, dêr’t efterinoar beswier makke wurdt tsjin likernôch alles dat Turkstra skreaun hat.
Om’t de foarsitter him oertsjûgje lit fan de krektens fan elk fan de nei foaren brochte beswieren, is de skriuwer sa goed net of skras passaazje nei passaazje. Fan it hiele ferhaal bliuwt oars neat oer as: ‘ik de buorren út’.

Ik en ús heit

Jan hat in tige strange heit, dy’t samar klear stiet om him mei syn broekriem ôf te seamjen. As Jan op in dei nei de film west hat ynpleats fan nei skoalle, kriget er wer fiks op ‘e hûd. Hy rint dan fan hûs en is fan doel net wer te kommen. Hy treft in pear famkes dy’t him meinimme nei harren geheime hutte. Dêr moat er, hoewol’t er tsjinakselet, oan de oare jonges en famkes fertelle wat syn probleem is.
Se ûnthjitte him, dat se syn heit in ôfstraffing jaan sille. Se hawwe yn in kiste in wite mûs en sizze dat dit syn betsjoende heit is. Op oanstean fan harren ferbarnt Jan de mûs en giet dan fol moed wer nei hûs, tinkende dat heit him noait wer wat dwaan kin.
Mar… as er thús komt, stiet syn heit him op te wachtsjen mei de broekriem yn ‘e hân.

It foarum

Trije gelearden út it rike westen en in swarte Afrikaan út in hongerlân hawwe in yngeand petear oer de ynfloed fan ‘e televyzje op ‘e minske.
De tsjinstelling tusken it rike westen en de tredde wrâld fan Afrika rint yn ‘e diskusje nei in hichtepunt en dan docht bliken dat west en súd mekoar net mear begripe.
De lieder fan it televyzjepetear konkludearret dat de diskusje mislearre is, mar de Afrikaan tinkt der oars oer: der is net om hinne wynd en alles wat der yn siet is der út kommen. Se geane lykwols as frjemden út elkoar.

It lintsje

De frou yn dit stikje is, lykas safolle oare froulju, húsfrou. Man en bern geane moarns de doar út en behalve it gewoane húshâldelike wurk, moat de frou foar de iene dit dwaan en foar de oare dat.
Op in dei dat der foar de frou wer hiel wat te dwaan is, komt der in amtner fan it Ministearje fan Emansjepaasjesaken dy’t har in lintsje opspjeldet út wurdearring foar alles wat sy en alle oare froulju as húsfrou prestearje.
As de man en de bern thúskomme, fine se mem yn in djippe sliep. Se wurdt wekker en sil harren it lintsje op ‘e skelk sjen litte, mar…. it is der net.

Wy hearre hjir net

Clara, in deeglik konvinsjoneel opbrocht famke, noeget wat kunde út om by har Krystfeest te fieren, om’t har âlden net thús binne. De jongelju dy’t komme, meitsje op harren eigen wize in feestje, dat wol sizze platte wille en drank. Dit no past net yn it hûs dêr’t se binne en ek net by Clara. As se meiinoar it spultsje “geasten oproppe” dogge, stapt der in echte geast troch de doar.
Hommels wurdt it feest ôfbrutsen en Clara bliuwt wer like iensum efter yn it deftige hûs.

Boske Kryn

Baron Lodewyn is mei syn freon oerienkommen dat syn dochter Aukelyntsje trouwe sil mei Jonker Blokskaal, de soan fan dy freon. Aukelyntsje wol net en flechtet, as jonge ferklaaid, it hûs út. Sy belânet by Boske Kryn, dy ’t har wol helpe wol. Alleman wurdt der op út stjoerd om it oerhearrige fanke te sykjen. Dêr docht ek de Jonker oan mei en lit dy no Sytske de eptige dochter fan ‘e keukenfaam moetsje en har oansjen foar Frêle Aukelyntsje! Dy twa reitsje fereale op elkoar en sa as it yn mearkes heart, Aukelyntsje komt wer thús en nimt har Boske Kryn, de hearremyt mei, dy ’t in geleard man blykt te wêzen en folle mear wit as de Baron mei syn hiele famylje.
By eintsjebeslút wurdt der in grut feest holden foar twa lokkige pearen……