Wolwêzen

Dizze ienakter kin sjoen wurde as in satire op it funksjonearjen fan de hjoeddeiske maatskiplike helpferliening. Herman wol lokkich wurde en is fan betinken, dat er it resept dêrta sûnder swierrichheden by Gerard helje kin. Herman syn klachten passe lykwols net yn it ramt fan de burokratyske opfettings fan helpferliener Gerard en syn assistinte.

In lichte lunch

Suzan en Jenny, twa susters, sille tegearre wat ite yn in restaurant. Yn it earstoan is it petear och sa oerflakkich, de kar fan de ûnderskate soarten iten en drinken liket it wichtichste te wêzen. Stadichoan kriget it praat mear djipgong. De susters tinke wakker ûngelyk oer de sitewaasje thús, doe’t harren heit noch libbe. De iene hat him altyd idéalisearre, de oare sjocht him mear as in smjunt, dy’t sûpte en mei oare froulju omsloech.
Dit praten oer thús bringt tusken de beide spanningen, mar se skaaie út nei harren heit, want as se opstappe binne se aardich oansketten en is harren grutste soarch, dat foar de bûtenwrâld ferburgen te hâlden…

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Ald sear

Giel Fokkema, in âld boer fan 80 jier, hat krapoan 40 jier lyn mei syn 12 jier âlde dochter omslein.
Dat hat Lize, de dochter, yn har fierdere libben tige parten spile. Sy hat yn in ynrjochting opnommen west en no’t se 50 jier is, komt alles hieltyd sterker wer nei boppe. Sy tinkt dat der mar ien kâns is om oer har psychysk djiptepunt hinne te kommen en dat is prate mei har heit. Sy besiket it mei ynmoed, mar om’e nocht…. Hy hat himsels sa ferhurde dat er har fuortstjoert en leveret har dêrtroch oan slimme wanhope oer.

De oefenromte

De popgroep “Willow” oefenet wyks in pear kear yn in âld pân, dat se mei eigen hannen en jild opknapt ha. De buertbewenners ha net in soad mei sokke herryskoppers op en skriuwe in brief oan’e wethâlder, dêr’t se yn stelle, dat as hy gjin stappen ûndernimt om dy punkers it spyljen te ferbieden, sy sels it rjocht yn eigen hân nimme.
In amtner sjocht de boel ris troch’t gat en kin him amper de agresje fan de bewenners yntinke.
Dochs beslút de wethâlder yn syn “koartsichtige wiisheid”: tichtspikerje de boel en op koarte termyn slope.

Skoalleferhaal

Yn dizze ienakter stiet in ploechje jongelju fan’e middelbere skoalle sintraal. Har hâlden en dragen yn it skoft wurdt treflik ferbylde. De pommeranten, dy’t foar master opslaan, ha fansels altyd stipe fan’e moaipraters.
Grutdwaan: prate en rabje oer de famkes en ophelje, hoe’t se de leararen narre ha, mar ek it hoeden begjin hoe’t jonges en famkes elkoar sykje komt oan’e oarder.
It is Joop Boomsma slagge om al dy fasetten sfearfol stal te jaan.

Strusfugel op sokken

Joke har mem is skieden en och sa modern yn har dwaan en litten. Joke leit wat mei harsels oeral en dat komt ta utering yn swijen en stúmjen.
Mem priuwt dêrút dat se in hekel hat oan it bememkjen en oan it oerdreaun har bêst dwaan om it mar “gesellich” te meitsjen.
As sy tegearre prate komt moai krekt nei foaren dat mem en Joke net op’e selde “golflingte” sitte, Joke begrypt mem net en mem begrypt Joke net… Och sa herkenber.

O, au pair

Klaske sil au pair wurkje yn Noorwegen en stiet op it stasjon te wachtsjen op har baas, dy’t har mei de auto ophelje sil.
Sy fielt har ûnwennich en helpleas en dat gefoel wurdt noch fersterke troch de kontakten mei de minsken op it perron. As dan ek noch de man fan de famylje dêr’t se yn’e hûs wenje sil, der útnaait mei har koffers, is se alhiel ferslein.
Yn dizze ienakter hat Tsjitske de Boer prachtich ferwurke hoe’t sommige minsken oer it au pair wurkjen tinke.

Peaskedagen

Fjouwer freondinnen-fan-âlds binne al jierren wend de Peaskefakânsje mei elkoar troch te bringen. It liket sa’n hecht ploechje, dy fyftigers, mar ûnderling is der gauris skeel en berabje se elkoar.
Maatskiplik rinne se ek nochal wat útinoar. Twa binne net troud, ien is widdo en ien is koartlyn skieden. It minne waar is mei de oenlieding dat se har wat te folle gean litte en geheimen loslitte, dy’t se oars achter de kiezzen hâlde soenen.

Tuskenoere

In learlinge sit tidens in tuskenoere allinne yn in hoekje fan de kantine; se hat dúdlik in probleem. Oare learlingen hawwe troch dat der wat mei har oan ‘e hân is en besykje der achter te kommen wat har dwars sit. Nei in skoftsje lit se wat los: it docht bliken dat ien fan de dosinten net fan har ôfbliuwe kin…
It stikje is in momintopname; it hat gjin rinnende hanneling en ek gjin dúdlik slot. It jout wol in goede sfeartekening en de dialooch is libben; it ûnderwerp is (spitigernôch) aktueel.

Ear’t de dei ferrûn

It stik spilet him ôf op ien fan de lêste libbensdagen fan Gysbert. Haadpersoan lykwols is net Gysbert, mar Salves. Hy is dan 25 jier en hielmaster op ’t Amelân. Dêrhinne “ferbanne” sa’t er it sels neamt, nei’t er yn Rien, syn earste plak as hielmaster, op in minne namme kommen wie troch syn sûpen ensfh.
Hy hat op Amelân in ferhâlding krige mei de moaie Lucia; dy is troud mei in kaptein, mar dat is ien dy’t yn alle havens wol wit hoe’t er oan syn trekken komme moat. Lucia en Salves binne o sa wiis mei elkoar, mar Lucia is deabenaud foar in skandaal. Salves maalt dêr net om. De goare kaptein hat syn rjochten ferspile.
Salves komt dizze jûn let by Lucia. Hy hat in brief fan syn heit krige, dêr’t yn stiet dat de âldelju beide siik binne. De pest. Dy waret nei tsien jier wer yn Fryslân om. Hy moat net komme, skriuwt syn heit – hy soe de sykte ek skypje – mar se soene noch sa graach in
brief fan him ha wolle. (Salves hat yn gjin tiden wat him hearre litten).
It hiele stik giet oer de striid fan Salves: kin er dit ôfdwaan mei in brief (wa seit dat dy noch op tiid komt) of moat hy der hinne; dat is hy eins wol oan harren ferplichte. Tagelyk hâldt er himsels foar dat it gekkewurk is en freegjen om de dea.
Al fertellende oer syn jeugd, syn âlden, de dea fan syn suskes en broerke destiids, syn relaasje mei guon eilânbewenners, wurde bepaalde foarfallen yn flashback sênes toand en leart men Salves yn ûnderskate situaasjes kennen.
Yn ‘e slútsêne krijt Salves in soarte fan fisioen; dan nimt er in beslút.
(Yn it boek wurdt noch beskreaun hoe’t it ôfrint. Salves giet. Komt yn Boalsert oan as syn mem al fierhinne op stjerren leit. Hat mei syn heit noch in goed petear en helpt him wêr mooglik om de pine te ferlichtsjen. Op ‘e dei fan de begraffenis fan syn mem stjert syn heit.)
De jûns nei de begraffenis fan Gysbert Japiks ûntdekt soan Salves dat hy de sykte ek hat …; fjouwer dagen dêrnei makket de “swarte dea” ek oan syn libben in ein).
KOMMINTAAR:
De reade tried yn dit stik is de moeting tusken de soan fan Gysbert Japiks en syn beminde. It petear tusken dy twa, dêr’t úteinlik it “beslút” yn falt om dochs mar sels nei syn âlden te gean, wurdt ûnderbrutsen troch sênes dêr’t soan Salves yn toand wurdt mei figueren dy’t in rol spile ha yn syn libbensrin. Ek Lucia twingt him ta besinning, no’t hy op dit punt fan syn libben belâne is. Dêrby nimt benammen de fertwiveling ta.
Yn de dialogen giet it benammen om de tekst en wat dêr achter leit; de uterlike hanneling is minym. De ûnderbrekkingen troch de flashback sênes soargje wol foar ôfwikseling, mar folgje itselde stramyn. Dochs ûntstiet der – tsjin in nijsgjirrige histoaryske achtergûn – in
boeiend byld fan de persoanlikheid Salves.
It boek fan Terpstra behannelet it lêste healjier fan it libben fan Gysbert Japiks yn Boalsert, dy’t yn septimber 1666 stjert oan de pest, in pear dagen nei’t syn frou oan de selde sykte stoarn is. Tsien jier earder hie de pest ek taslein yn Fryslân. Doe binne trije fan de fjouwer bern fan Gysbert en syn frou Sijke slachtoffer wurden fan dy “swarte dea”. Harren âldste soan Salves bleau as iennichste oer. Ta fertriet fan syn âlden, woe dizze jonge “net doge”.
As jonge al dwers en ferkeard en yn ’t opgroeien sa mooglik noch wylder. Gau opsternaat, in rokkejager en in sûplap. Benammen Gysbert hat it hjir ferskriklik swier mei hân. Sels wie er in oppassend man, skoalmaster, dichter, foarsjonger yn ‘e tsjerke.

HB