Ronja de rôversdochter

Ronja wurdt berne yn in húshâlding dy’t tahâldt op in berch wêr’t de rôvers fan Mattis skûlje, at se net op rôverspaad binne. De famylje fan Ronja is lykwols net de ienichste rôversfamylje yn de omkriten. Der is ek noch dy oare famylje fan rôverhaadman Bjorka. Beide famyljes kinne net mei elkoar oerwei, de iene kin de oare foar de eagen net sjen.

At Ronja wat âlder wurdt, lûkt se de wrâld yn. Sa komt se op in dei by tafal yn ’e kunde mei Bjirk, lid fan dy oare rôversfamylje. Se witte eins net wat se oan elkoar ha. Oan de iene kant kinne se it goed mei elkoar fine. Mar oan de oare kant witte se ek dat se eins net mei elkoar omgean meie. Harren heiten haatsje elkoar ommers. It falt foar Ronja en Bjirk net ta, se sitte hieltyd yn twastriid. Kieze se foar elkoar of foar de haat fan harren beide heiten?

In snie

‘In snie’ lit ús in famylje sjen, dêr’t trije generaasjes byelkoar komme om de jierdei te fieren fan Panda, in man dy’t net mear prate kin en dy’t syn dagen slyt yn in stoel foar it rút yn ‘e serre. Dizze man is de freon fan mefrou Quint. Hy is it slachtoffer fan in Dútsk konsintraasjekamp. Mefrou Quint en har bern hawwe in kamp yn Ynje oerlibbe. Panda fungearret as de spil yn it ferhaal. Troch him besykje de personaazjes te begripen wêrom ’t er nea oer it oarlochsferline praat is. It jierdeifeest nimt in ûnferwachte kear as de oerspande (eks-) skoandochter ferskynt. Underwilens falt de snie: skjin, oerslochtsjend, suver, wyt.

De ferflokten

Leon hat in geweldige baan as ûnderwizer oanbean krige yn it idyllyske Russyske doarpke Kulyenchikov. As er dêr oankomt, sjocht er guon minsken dy’t de smoargens fan bûtenôf yn harren hûs feie en oaren dy’t miene dat der mear reamme yn de molke sit as de ko op de kop molken wurdt. It docht bliken dat Kulyenchikov al 200 jier ferflokt is mei , sa’t it liket, ivichduorrenjende dommens. De wanhopige ynwenners ha de nije skoalmaster oannaam om dy flok te ferbrekken. Se ha der lykwols net by sein dat as it him net binnen 24 oeren slagget, dat er dan krekt sa dom wurdt as sysels. Werom giet Leon net fuort? Hy is fereale op’e byldmoaie dochter fan de dokter. Dy is sa dom dat se noch mar krekt wit hoe’t se sitten gean moat. Fansels slagget it Leo om de flok te ferbrekken en syn breid te winnen. In bûging foar in mearke-eftige klucht mei wat lompe grappen en mei in rustike moraliteit.

De ûnderkrûpers

Durk en Aukje, Jelle en Petra kampearje yn’e bosk. De jonges ha it toverfluitsje fan de boskfamkes fûn, mar witte net hoe’t it brûkt wurde moat. Petra ûntnadert it har, Aukje rekket fuort. de “ûnderkrûpers, dy’t ek efter it fluitsje oansitte, dogge in poeier yn it drinken fan’e bern. De jonges drinke derfan en reitsje yn’e macht fan de ûnderkrûpers. Mar Petra slagget it om frij fan har ynfloed te bliuwen. Yn it twadde bedriuw sitte de ûnderkrûpers wakker efter Petra en it fluitsje oan, mar dy binne elk te snoad ôf. Sa brekt de boskfee mei har famkes de betsjoening en komt alles wer goed. In bulte aksje en humor dy’t de bern grif oansprekt.

Sa mar even

Tema: Men docht wat om in breidskat te krijen. Rixt Regnery is as studinte keunstskiednis yn ‘e kost by har nicht Hester Hibma, dy’t in pension hâldt. Rixt stiet op trouwen mei Fokke Fridsma, mar der is in probleem. In muoike fan Rixt hat har by har trouwen in fikse breidskat tasein as de kar, dy’t Rixt docht, har sinneget. No hat muoike, dy’t hja tante neame en dy’t yn Frankryk wennet, Fokke in kear troffen en dy hat doe in poerminne beurt by har makke. Alles is fierder goed, want Fokke is hast klear mei syn artse stúdzje, mar Rixt doart tante syn foto net te stjoeren, want dan is se bang de breidskat mis te rinnen. En dy hawwe se krekt sa nedich foar it keapjen fan in praktyk.
Rixt is no sa dryst en stjoer tante in foto fan Dimer Dekker, in fotograaf fan in tydskrift, dy’t it petret fan Hester kriget foar de reportaazje oer de partisanen fan Tito. Suver op it alderûngaadlikste stuit komt de Frânske muoike by harren oer de flier en alles komt op haren en snaren om tante begryp by te bringen. Dêrta wurdt der in komeedzje opfierd, dy’t oan alle kanten út it roer rint.
Dat tante hat fansels samar troch hoe ’t it yninoar sit, mar spilet it spul oan ’t lêst ta mei. Oan ‘e ein soarget se wol dat it goede pearke de gouden earbellen en it gouden horloazje kriget, wylst Dimer it fansels iens wurdt mei Hester.
Sadwaande twa lokkige pearen oan ‘e ein.

Prei en prostitúsje

It is Gepke har jierdei, dat se hat in mennich buorlju, Gryt, Maaike en Tryntsje, útnoege foar in kopke kofje-mei-wat-der-by.
As Gryt en Maaike der yn kommen binne, beide mei in presintsje en de noadige kommentaren dêrby, giet it al ridlik gau op in rabjen oer Tryntsje, ‘dy’t ivich en altyd te let komt, har om de húshâlding hielendal net bekroadet en allegeduerigen mar wat omflittert sonder dan men wit wêr’t se tahâldt’. Eardat Tryntsje der is, komt Julia der yn, dy’t ôfskildere is as in ‘hippy út Amsterdam’, net folle brets nei ’t se sizze, mar Gepke hie ornearre, sokken moasten der ek in bytsje ynhelle wurde. Mar de nij-ynkommene wurdt wakker let en set en dan komt ‘dy Tryntsje’ wer op ‘e tafel en de Mercedes dy’t op fêste tiden by har foar de doar stiet.
As Tryntsje dan lang om let dochs noch komt, wurdt se ûnderdúmsk útkloarke, mei fan gefolgen in mâl beteard ein fan Gepke har jierdei-besite.

Sa fijn en sa fredich

Dit stik toant in stikje doarpslibben sa’t elk dy’t op in doarp opgroeid is dat ken. Sa op ’t each in fredige rêstige boel, mar bytiden mei in benearjende sosjale kontrôle. Dat lêste ûnderfynt foaral de figuer fan Zus mei har dochter Janneke, dy’t nei har skieding út ‘e stêd wei “flechte” is nei dit doarp, en ferlet hat fan rêst. De dochter is ferslave oan drugs, de mem hat wurk foar heale dagen en is fierders oanwezen op bijstân. Yn ’t earstoan liket it oft se aardich troch de buorlju opfongen wurdt, mar oan ‘e ein beslút se
wer út it doarp wei te gean. Se kin dêr net aardzje. De autochtoane bewenners fan it doarp kinne sa’t skynt o sa goed meielkoar, se bouwe
feestjes en geane te farren, komme byelkoar om fakânsjedia’s te besjen, ensf., mar ek dêr is in bulte rabberij te bespeuren. Benammen as de froulju fine dat de manlju wat tefolle oandacht jouwe oan oaren as de eigen froulju.
Nei’t it publyk yn ‘e earste sêne yn ‘e kunde kommen is mei de beide troude stellen, wurdt yn in pear flash-backs sjen litten hoe’t sy as jongelju oanelkoar kommen binne. (stoer gedoch mei brommers, feestjes bouwe en plaatsjes draaie ensfh.).
KOMMINTAAR:
In stik mei aardige sfearbylden, goed foar in noflike jûn sûnder al te folle djipgong. Likegoed net maklik te spyljen. Wat technyk (dekor) oangiet freget dit stik in bulte “vindingrijkheid”, mar mei ienfâldige, suggestive middels (en muzyk) moat der wol wat fan te meitsjen wêze.

TZ

De kontrabas

In man (35 jier) fertelt oan in imazjinêr persoan (dat kin ek it publyk wêze) syn ferhaal oer it ynstrumint dat hy bespilet, de kontrabas. Under it ferhaal makket hy in soad sydsprongen; hy fertelt oer de leafde, oer bekende komponisten, oer klassike muzyk, oer it bestean fan in musikus, oer de sin fan it libben en noch folle mear.
KOMMINTAAR:
In prachtich skreaun stik mei ferskillende lagen. It ferhaal oer de kontrabas is de boppelaach, mar dêrûnder fertelt hy syn filosofyën oer it libben en de leafde. It is in frij lange monolooch mei in hiel
soad tekst. De tekst fariearret fan serieus oant humoristysk en fan poëtysk oant muzikaal.
It soe in goed ding wêze dat de akteur in tal elemintaire feardichheden yn it spyljen fan in kontrabas yn ‘e macht hat.

DS