De come-back

Mea Loman song ea Frânske sjansons, as wat dêr foar troch gean moast, by in amateurferiening. Har soantsje Freek hie der bot fan te lijen dat sy in soad fan hûs wie en hielendal opgong yn har sjong karriêre. No ’t Freek âlder is wol Mea de tried wer oppakke en werom op de poadia fan fersoargingshûzen ensfh. Al gau merkt se dat se fanwege haat, fenyn en ôfgeunst net mear wolkom is yn de feriening. Mea giet de striid oan om toch har come-back te meitsjen. Oanfjurre troch har femynistyske buorfrou / freondinne Teuni set se alles yn: mislike fleikerij, yntriges en op ’t lêst ek seks. Neat helpt en telkens kriget se it lid op ‘e noas. Sy makket, lykwols sûnder it te wollen, deadlike slachoffers. Freek, dy’t in soad fan syn mem hâldt, is foar in part tsjûge fan de fernederingen dy’t syn mem ynkasearje moat. Sûnder sels goed te witten wêrom, wurdt hy der tige depressyf fan en benimt himsels fan it libben. Mea’s man, Huib, jout har terjochte de skuld en smyt har derút. Efkes dringt it ta har troch yn hokfoar waan, sûnder kwaliteit, sy en har mei-amateurs eins ferkeare, mar dan kriget se ûnferwachts toch de kâns om har stim te ferheffen. Net hindere troch muzikale kritearia sjongt se: Non, je ne regrette rien…

Ministers yn’e misère

Kening Optomus de 13e hat hiel wat te stellen mei syn ûntankbere bern, dy’t him ferwite dat’t oan it hôf mar in deade boel is; mar mear noch mei syn tsjinners en tsjinsters. Twa fan harren, Minister Prulledyk en Minister Loederman, yn’t geheim drok dwaande om de skatkiste fan it Ryk te plonderjen, ferget er der op dat se ris in plan betinke moatte dat fiks wat spanning en sensaasje yn’t keninklik paleis teweech bringe kin. Benaud foar it útlekken fan harren komplot, witte se lever “neat betinke te kinnen”. Sadwaande lit de kening in proklamaasje oan’e bewenners fan syn Ryk útgean, dêr’t er in rynske beleanning yn taseit foar wa’t in bysûndere útfining docht. Op’e “dei fan de útfiners” wurde him de wonderlikste fynsten oanbean. Mar ien dêrfan spant de kroan: in man mei in masker op ( Master X neamt er him ynearsten) wit, nei’t er seit, mei in geheimsinnich kistke de betrouberens fan de hôflju te hifkjen. De kening hat fan sa’n
útfining alhielendal gjin ferlet seit er, mar och, as de man it wol, dan mei er de proef wol op’e som nimme. Dan sakje de “ûnskuldige” ministers op in fernuftige manear troch de koer en de konsternaasje dy’t folget wurdt noch grutter as de ” útfiner” syn masker ôfleit en Rintmaster Ehrenstein blykt te wêzen, de man dy’t oant no ta by de Kening kwalik yn tel wie en it yn oansjen fier ôflizze moatten hie tsjin de ministers.

Krystspultsje

Yn ienfâldige taal wurdt hjir it âlde Krystferhaal ferteld en útbylde. Om it ferhaal ta syn rjocht komme te litten kin foar de ferteller better in wat âlder bern keazen wurde. Mei wat oanpaste beljochting op de hoeken fan it toaniel is fan de sêne wol wat aardichs te meitsjen. It koarke kin by need achter de kûlissen wei sjonge.

Fan Mokum nei Makkum

It giet om in ” hollânsktalige ” húshâlding, dy’t har hjir neist fryskpratende doarpsminsken nei wenjen set. It toaniel stelt de twa keamers fan de beide famyljes foar, dy’t tsjininoar oan lizze. Nei gâns misbegripen, dy’t komyske sitewaasjes teweech bringe, mar mei goede wil en wurdearring fan wjerskanten is it “frjemde” der al ridlik gau ôf, dêr’t fral de bern harres uteraard ta bygrage.

De kaai fan de trije hynders

Hanneke hat spul mei de bern dy’t in museum iepenje sille op it doarp. Dan fynt se in kaai, dy’t op’e doar fan it âld hok by de herberge “De Trije Hynders” past. Dy doar hat ieuwen lang net iepen west. As er no iepen giet, komme der allegearre bern út dy’t efternei sitten wurde troch de woeste smid Geart Gosses. Njonkenlytsen docht bliken dat dy doar tagong jout ta it ferline. Dêr wol de archeologe Tsjits Lodde fan profitearje, mar dat bekomt har net sa bêst. Se hie wol in leske fertsjinne, want sa’t sy har helpster Gepke Skepke behannele roaide ek kant noch wâl. Fansels komt alles wer op syn poatsjes telâne en dan wurdt it museum feestlik iepene.

Tusken fiven en seizen

Tema: De omgong fan in bestjoerlike pommerant mei syn frou en mei inkelde fan syn doarpsgenoaten. Kommissaris Wiarda en syn frou hawwe har op in doarp nei wenjen set en hawwe oan dokter en notaris dêre frege hoe ’t se oan moatte yn ‘e omgong mei harren doarpsgenoaten. Op ‘e neiste buorlju nei, ôfstân hâlde, is harren ret.
As fertsjintwurdigers fan it doarp komme yn dit stikje twa froulju op besite, ien fan de Reade froulju en ien fan de Griene froulju.
It stikje lit sjen hoe ’t de Kommissaris en syn frou har tariede op dy besite en hoe ’t dy besite sels ferrint.