Besykoere I

1. ÚTRANZJEARRE. Dit stik spilet yn de romte fan in fersoargingshûs.
2. NET TE BEGRIPEN. Dit stik spilet yn in keamer fan in sikehûs.
Mei de twa ienakters yn BESYKOERE II foarmje dizze twa ienakters in rige dy’t sawol los as as rige spile wurde kin.
Alle stikjes litte minsken sjen dy’t op de ien as oare wizen opslúten binne, sûnder folle útsicht op ferbettering. It binne minsken dy’t troch de maatskippy oan harren lit oerlitten binne. Net allinnich de haadpersoanen, ek de famyljeleden dy’t harren opsykje binne de finzenen fan har eigen ideeën. Se sitte fêst oan de hearskjende konvinsjes en automatismen. Harren besite betsjut foar de besochte meastal net mear as in koart ljochtpunt.

Besykoere II

1. FEROARDIELD. Dizze ienakter spilet yn de besikersromte fan in finzenis.
2. WEET OP’E GRUTTE DYK. Dit stik spilet yn in psychiatryske ynrjochting.
Mei de twa ienakters yn BESYKOERE I foarmje dizze twa ienakters in
rige fan fjouwer, dy’t sawol los as as rige spile wurde kin.
Alle stikjes litte minsken sjen dy’t op de ien as oare wizen opslúten
binne, sûnder folle útsicht op ferbettering. It binne minsken dy’t
troch de maatskippy oan harren lit oerlitten binne. Net allinnich de
haadpersoanen, ek de famyljeleden dy’t harren opsykje binne de
finzenen fan har eigen ideeën. Se sitte fêst oan de hearskjende
konvinsjes en automatismen. Harren besite betsjut foar de besochte
meastal net mear as in koart ljochtpunt.

In Pompstasjon

Samson wurket as monteur yn de garaazje by in pompstasjon op it Frânske plattelân. It pompstasjon wurdt net in soad mear brûkt, it leit yn in uthoeke by in utwreiding fan in fleanfjild. De monteur pielt noch wat om mei auto’s en is tsjûge fan de ûntwikkelingen yn de hushâlding fan Madeleine en har trije grutte dochters. Alles feroaret at Madeleine har eks-man Humbert nei 18 jier wer opdûkt op it pompstasjon.

Poppekast… Larjekoek?

Boargemaster is tige grutsk op it moaie, moderne plein yn syn plak: allinnich de poppekast derop misstiet, is net mear fan dizze tiid en moat nei de souder fan it gemeentehûs. Jan Klaasen en Katryn, dy’t dat heard hawwe, griist it oan, dat hja ferklaaie har as skoalbern en gean mei nei skoalle om yn’e mande mei de bern in plan út te fieren, dêr’t de “grutte minsken” in spegel yn foarhâlden wurdt om sa de boargemaster op oare gedachten te bringen. It seit himsels, dat dit merakels slagget.

De trui fan de kening

De kening breidet himsels in trui, mar alle nachten helje ûnbekenden it wurk fan de foarige deis wer út. Prins Alez en Piter, de soan fan de túnman, hâlde stikem nachts de wacht, en ûndekke, dat trije mûzen de dieders binne. As hja yn’e mûzehoalle geane, hearre se, dat de mûzekening siik wurden is troch it fergif, dat Piter syn heit op’e griente spuitet. It útheljen fan it breidzjen is in protestaksje tsjin dit spuitsjen. De jonges sizze ta, dat hja alle war dwaan sille derfoar te soargjen, dat it fergifspuitsjen ophâldt. Hja helje stikem de fleskes fergif út it fergifkastke, mar as se it spul dan yn’e sleat smite wolle, komme de kikkerts yn opstân om’t it harren dea betsjutte soe. Bedobjen meitsje de mollen beswier tsjin en de fûgels beswarre de jonges it guod net te ferbarnen, om’t de loft dan fergiftige wurdt. Gelokkich wit dokter Dik rie mei’t spul, wylst er tagelyk de túnman útleit, dat sûnder spuitsjen de natuerlike fijannen fan it ûngedierte derfoar soargje sille, dat net al syn griente opfretten wurdt. Gefolch: alles en elkenien bliid, de kening kin syn trui ôfbreidzje en de iisbaandisko, dêr’t it truibreidzjen om begûn wie, kin trochgean.

Bargebiten

Boer Goasse is tige gjirrich, om’t er de rykste boer fan Fryslân wurde wol. Dit hat fan gefolgen, dat syn dochter Tsjitske alle wurk dwaan moat en nea ris wat nijs kriget, wylst de bisten: Beitske de ko, Jakkeltsje de hin en Blabbergat de Baarch, te min fretten en nea ris skjin strie krije. It wurdt sa slim, dat Tsjitske útnaaie wol, mar de bisten helje har oer om by harren te bliuwen en har te ferstopjen op’e heasouder, dêr’t heit dochs nea komt.
As heit fernimt, dat Tsjitske fuort is en de bisten him dan ek noch allerhande ferwiten meitsje oer syn dwaan en litten, rekket er goed yn’e lytse loege en wol alles wol dwaan en tasizze, as de bisten Tsjitske mar wer opsykje. Hy sjocht no sels yn, hoe ferkeard er altyd west hat. Tsjitske komt dus wer foar’t ljocht en alles komt yn’e es.

In held op klompen

Pake syn hobby is ynbrekken. Omdat er frijwat steksjoch is, wurdt er gauris pakt en hat sadwaande in kear as wat fêstsitten. As dit stik spilet, brekt er earst by it molkfabryk yn dêr’t er in mei syn namme murken klomp ferspilet, en dan by syn soan, om de plysje te ûntrinnen. De plysje hat lykwols al by dy soan west, mar dy koe de boat ôfhâlde troch de plysje dronken te fuorjen. It ûnderdûken fan pake mei syn kostgonger-hantlanger by syn soan, jout dêr ek problemen, foaral as pake him foar de buorfrou oer foar dokter útjout. As de plysje dêr dan noch komt, giet it op ‘e nij op in sûpen. Wylst de plysje dêrnei syn rûs útsliept, docht de kostgonger it unifoarm oan en giet der fan troch.
It docht bliken dat de kostgonger in tige ‘swiere jonge’ is, dy’t allang troch de plysje socht wurdt. As de plysjeman dêr yn ‘e hûs wekker wurdt, smite hja it meiïnoar op in akkoartsje. Hy kriget fan pake it jildkistke dat hja by it molkfabryk stellen hawwe en ek it adres fan de swiere jonge en de plysjeman sil pake bûten skot litte as dy en syn soan it drankgebrûk fan de plysje yn tsjinsttiid foar harren hâlde.

Spul om it fjildsje

Undertitel: ‘Rint it spul heech, dan is it keazen dreech.’
It stik giet oer de problemen fan in lyts doarp yn dizze tiid. It doarp hat in sportfjildsje, in winkel, in skoalle en in fabrykje op it agrarysk mêd. Sil it doarp floarearje dan moat it fabryk útwreide wurde. Dat kostet jild en dêr is min oan te kommen. As der net ynvestearre wurdt, kin it fabryk it net folhâlde, moatte wurknimmers ûntslein wurde. De measten fan harren sille allinne bûten it doarp wer oan ‘e slach komme kinne, yn it doarp alteast net. Ien en oar soe fan gefolgen hawwe dat it tal ynwenners tebek rint en fergrizet en dat skoalle en winkel net bestean bliuwe kinne. Giet de útwreiding fan it fabryk wol troch, dan sil foar in nije loads bouterrein komme moatte en dan sil it sportfjildsje ferdwine moatte òf it kostet in stik natuergebiet.
Yn in gearkomste fan doarpsbelang docht bliken dat der ûnder de ynwenners fan it doarp tsjinstelde mieningen en belangen besteane.
De 13 tafrielen spylje ôfwikseljend yn in winkeltsje, in fabrykskantoar, in skoalle en in doarpshûs. By alle sênes is in sportfjildsje ûnderdiel fan de spylromte.
It stik jout romte it in eigen kleur te jaan (troch plaknammen út eigen krite te brûken û.o.).

Trammelant om de herberch

Pake Klaversma hat in âld herberch, dêr’t de gong frijwat út is. Hy wol it spul no mei help fan Tys, in wurkleaze boufakker, opknappe om de saak dan oer te dwaan oan in jongere generaasje. Njonken de herberch driuwt Janna Klompmakker in pension. Pake en Janna kinne wakker mei elkoar, al sitte hja mekoar oanienwei yn ’t hier. Pake soe graach sjen as Tys mei Joke, syn pakesizzer, gean soe, mar dat wol net al te bêst slagje. Om it spul wat oan te moedigjen hellet pake in fyt út, mar dy liket earslings te wurkjen.
Tusken de bedriuwen troch spilet der in kwestje fan in muntefynst. Op it lân dêr flak by wurdt in doaze mei âlde munten fûn. Letter docht bliken, dat de jonge frou, dy’t sa graach by pake útfanhûzje wol, immen fan de plysje is, dy’t efter de dieven oan sit. Hja wit mei help fan Sierd, de soan fan Janna, op it lêst ien fan de dieders te pakken te krijen. Sierd en Cecyl en ek Tys en Joke wurde – hoe riede jim it sa – oan ‘e ein twa pearkes.

Fretterij yn ‘e koal

Wobbe en Wike (40) en dochter Jikke (18) hâlde mei omke en muoike fakânsje yn in pension op it Amelân. Omke is net te hâlden. Hy wol bewege en fan de natoer genietsje. Hy wol fiskje, swimme, hurdfytse, judolessen nimme ensfh. Muoike, dy’t it wat heech yn ‘e holle hat en op elk en alles krityk hat, sjocht it dwaan fan omke in gat yn ‘e kop. Omke syn healwizichheden jouwe tusken dy twa gâns kribbekeurichheden.
As tsjinwar freget muoike monteur Abe ek mar om judolessen. Dizze Abe regelet alles foar harren en de rekkens dy’t er útskriuwt sille harren letter soer opbrekke. Mar earst kriget omke it fan syn útwrydsk dwaan slim te pakken, dat hy prúst en snút dat it sta seit. As Abe him dan ek noch ferkeard iten tapart, rekket er mei de dongwein op ‘e rin.
Dy wei lâns komme omke en muoike sa stadichwei wer ta harren sels
Jikke, dy’t kunde hat oan in lêstejiers studint, hat thús de pil fergetten en dêr moat hja yn it lêst fan it stik de konsekwinsjes noch fan bekenne.
Lokkich wurdt dat troch de âlden ek yn ‘e blijspulsfear opnommen, dat oan ‘e ein steane omke en muoike net allinne wer mei beide fuotten op ‘e grûn, mar is der ek in jong en lokkich pearke, dat troch omke en muoike tige let en set wurdt.

De tizeboel fan omke Roel

Omke Roel, dy’t grut boer wie, is ferstoarn. Salang’t it erfskip noch net ferparte is, komt Jelmer Roersma, de bedriuwslieder, mei syn trije bern op ‘e pleats te wenjen. Syn styfdochter Jits docht de húshâlding, de oare beide bern leare noch. Op ‘e dei dat de notaris it testamint iepenje sil, komme der twa omkesizzers fan omke Roel del. Se tinke dat der foar harren gâns wat te heljen falt. Dan docht bliken dat omke noch in dochter hat. Fansels kriget de dochter de pleats en it fee taparte, wylst oer in healjier út ‘e doeken dien wurde sil wa’t it lân en it jild krije sil. Dan moat lykwols oan ferskate betingsten foldien wurde. It lit him tinke dat dit al mei al in soad oergeunst en misbegryp meibringt.
Hawar, it soe net in blijspul wêze, as alles oan ‘e ein net goed kaam.

Finzen yn fantasy

In komeedzje mei in serieuze psychologyske ûndertoan.
Ayckbourn lit yn dit stik twa wrâlden troch elkoar hinne rinne; oan de iene kant is der de echte wrâld fan Susan, dy’t frustrearre is as frou en as mem. Se hat in ferfeelsume man, in ûnferskillige soan en in nuveraardige skoansuster dy’t altyd striemin iten klearmakket.
Oan’e oare kant is der de dreamwrâld fan Susan, dêr’t it roazen en anjelieren snijt, mei in skat fan in dochter, in ideale man en in soargsume broer. Dizze wrâld begjint neidat Susan yn’e tún de stâle fan’e harke tsjin de holle krigen hat. It hin’ en wer gean tusken dizze wrâlden kin úteinlik net goed gean en Susan stiet oan it ein fan it stik dan ek hielendal alinne en ferbaldere yn’e tún.

Stjerrende wier

Notaris Jelmer Brúnsma hat in 20 jier jongere frou troud. Op in moarntiid komt Bonne, de túnfeint, mei in wat nuver ferhaal by him: hy hie de moarns betiid sjoen, dat Nico, de assistint-suveldirekteur, mei de frou fan de notaris yn it simmerhúske ferkeard hie. Hy hie beharke, dat it it doel wie en doch yn it tredde bakje kofje fan notaris inkelde drippen, wêrnei ’t it gau mei him dien wêze soe.
Justjes letter komt de frou, Paula, mei de kofje en fertelt, dat hja der de moarns betiid ôf west hat, omdat hja net sliepe koe. Hja mjit it tige út hoe moai as it moarns betiid yn ‘e bosk wol net is. Dat ferhaal giet troch ûnder it kofjebringen, mar notaris smyt it tredde bakje yn in blompot.
Underwylst is er slim mei it probleem dwaande. Hy smyt it op ’t lêst op de fuotprinten, dy’t Bonne by it simmerhúske fûn hie en dat der net allinne dy fan har leine, mar ek dy fan in man. “Hy sil syn eigen fuotprinten bedoele” seit hja dêrop. It feit hat notaris sa njonkenlytsen sa yn ‘e besnijing, dat hy spilet as wied er net wiis. Dan hellet er in revolver út it laad en it liket as sil er himsels te koart dwaan.
Wylst Bonne mei 5 mollen opkomt, giet notaris mei de revolver, dêr’t Paula al earder de patroanen úthelle hie, fan it toaniel. As hja dat tsjin Bonne seit en hja harren dêr beide slop om laitsje, falt it doek.

Jachtskûtel

Aiko, in ynkassearder by de nutsbedriuwen, is folslein oer syn toeren. Hy tiist mei allerhande maatskiplike problemen om, dy’t him fansels earder minder as better meitsje. Dat sil nei’t wy oannimme ek wol de reden wêze dat syn frou mei de bern him ferlitten hat. Men moat begripe dat er no, sa’t er seit, syn baas dien jûn hat: ûntslach nommen dus.
Yn dy situaasje treffe wy him oan yn it stik. Wylst er sneupt yn itjinge syn frou efterlitten hat, wurdt er opskille troch in frou, dy’t ferkeard ferbûn blykt te wêzen, mar dêr’t er doch in dizenich ferhaal mei hat. Op de iene of oare manier fiele hja mekoar dochs wat oan, want in skoftsje letter komt dyselde frou by him oan ‘e doar en spilet it stik him fierder tusken dy twa ôf. Dat syn frou noch noed fan him stiet, mei men ôfliede út it feit dat in goekunde fan har (Sas) him opskillet en besiket gewaar te wurden hoe’t it mei him giet. Fierder fernimme wy neat wer fan syn frou. It petear mei dy frjemde frou giet oer allerhande ûnderwerpen, mar it draait der op út dat hja ta de konklúzje komme dat it jild it ivige kwea is.

Foer foar Bauke

Allet hat kunde oan Bauke en is alhiel oerémus fan him. Hja dreamt it hiele stikje troch en yn har dream ferskine twa eardere froulju fan Bauke: Bonny en Claudia en ek Bauke syn mem Durkje.
De beide eardere froulju fan Bauke spanne út oergeunst suver tsjin Allet gear, wylst de mem fan Bauke hieltyd mar wer nije froulju (foer) foar him siket.

O Godskes Geeske!

Geeske, in float, dy’t foar elkenien klear stiet, falt yn har gystenens fan ‘e trep en brekt in skonk.
In grutte ramp, krekt no’t se tasein hie om de kostúms te naaien foar de bern dy’t in mearke opfiere sille. De ramp wurdt noch grutter as skoanmem komt te kofjedrinken
Mei allerhande ferlakkerij – holpen troch twa buorfroulju – moat dy albedil ûnkundich hâlden wurde fan wat der oan ‘e hân is.
Dit rêde se lykwols net op; skoanmem nimt it roer yn hannen.
As Geeske oan ’t oefenjen is yn har rolstoel, rydt se skoanmem mei kûgelsfeart fan ‘e sokken. Mem en Geeske kinne frede slute as se beide mei in skansearre skonk rêst hâlde moatte.

De reisliedster

Martin is in oerspande learaer op fakânsje yn Grikenlân. Tusken antike bylden en resten fan de âldheid hopet hy ta himsels te kommen. Yn it stadion fan Olympia moetet hy Kristine, in jonge reisliedster. Wat in fakânsjeleafde wêze kind hie, wurdt in leafdesskiednis, mar dan wol ien dy’t útrint op in gefjocht op libben en dea. Martin hat it gefoel dat er gjin fet kriget op de jonge Kristine. Har wrâld is rûn, alles glydt by har lâns (se glydt ek oeral by del). Kristine hat ek noch wat mei Vassili, in ‘archeoloog’. Hy hat in holle as in hielal, fantastyks, seit se. Vassili hat tefolle dronken, tefolle dreamd, tefolle frijd. Kristine moat foar him soargje. Fynt se. Mar Vassili krepearret. Dy fassinaasje fan Kristine foar Vassili makket Martin bang – it griist him oan. Hy wol dúdlikens, hy wol ridlik bliuwe.
Wannear’t Vassili stoarn is, tinke beide dat neat harren mear yn’e wei stiet om harren oan inoar te jaan. Se geane tegearre nei in ienfâldich hutsje yn’e bergen. Under de gleone sinne komme se lykwols net neier byinoar, mar reitsje se krekt hieltyd fierder fan inoar ôf te stean. It liket wol dat de geast fan Vassili krekt yn dizze primitive omstannichheden wer oplibbet….
KOMMINTAAR:
Yn de nuveraardige figuer fan Vassili kenne we wat werom fan de god út de Aldheid, Dionnysos (of Bacchus), de god fan de wyn en de rûs, fan it fergean en wer ûntstean yn ‘e natoer. Martins ridlikheid ferset him tsjin dizze tsjustere macht, mar oan’e oare kant fielt er him ek oanlutsen troch de draaikolk fan Kristines wrâld. Hy beslút om de maatskiplike oarder, dy’t him benaude, de rêch ta te kearen en te kiezen foar de leafde. Mar dit sels keazen isolemint jout him likemin tagong ta de ‘folheid’ fan it libben.
En Kristine? Kristine is op siik nei hâldfêst. De oanstriid fan har ‘leraerke’, om har hieltyd te ferbetterjen, stiet úteinlik heaks op har langstme nei selsstannichheid. Yn dy inerlike tsjinstridichheid yn beide figueren slacht de waansin ta.
‘De Reisliedster’ fan Botho Strauss is in tige yntrigerend stik. It is yn Fryslân ien kear spyle, yn’e rezjy fan Titia Huisman in 1992. Botho Strauss heart hoeddendei ta de wichtigste toanielskriuwers yn Dútslan.

HB

De fammen fan it suertsjefabryk

Fjouwer meiwurkers fan in suertsjefabryk reizgje alle dagen mei deselde trein fan en nei harren wurk. Underweis dogge se harren ferhalen. Op in die komt ien fan harren, Trix, mei in blau each yn de trein. Se is troch har man yn mekoar slein. De oaren jouwe har it advys om by him wei te gean. Dan kin se net, om’t se net sûnder him kin. Nei har ferhaal komt de kondukteur lâns. Ien fan de famkes, Ieke, had gjin jildich abonnemint. Hy wol in bon útskriuwe. Dêr strike de fammen in skoatteltsje foar. Se litte har agresje op de kondukteur los. Klaaie him út en fergripe harren oan him.
KOMMINTAAR:
It fermidden dêr ’t de fammen yn ferkeare wurdt hiel goed oanjûn. Harren ferhaal achter de tekst komt ek goed nei foaren. Jin fergripe oan in kondukteur freget fan in toanielploech wol aardich wat lef.

SP

Boeren stjerre

In boeregesin hat op it plattelân gjin bestean mear. De heit is lykwols net bysteat om te feroarjen. It stik begjint as de mem fan de heit komt te festjerren en begroeven wurdt, wêrnei’t de soan en de dochter nei de stêd geane.
Yn ‘e stêd reitsje se lykwols hielendal ûntwoartele.
De soan jout bloed oan sikehuzen om oan jild te kommen; de dochter spilet sels foar hoer. Op in stuit makket de soan fan de flat in boerepleats. Uteinlik wurde se allebeide dakleas. Einlings geane se werom nei harren bertegrûn. Harren heit en mem binne ûnderwylst ek stoarn. Op it grêf fan heit en mem jouwe se harrensels del en stadich mar wis wurdt alles wei ûnder de snie.

Kommintaar:
In oangripend, realistysk stik. Realistysk is it net fanwegen de dekors, want dêrfoar binne der te folle wikselings fan plak. It realisme sit him foaral yn de wize wêrop de rauwe, hurde werklikheid toand wurdt. It stik is net allinnne in skerpe sosjale oanklacht, mar ek skreaun mei in soad moederaasje foar de slachtoffers. Der sitte lykwols ek hiele poëtyske kanten oan it stik.
It kontrast tusken de eigen taal fan de gesinsleden en de taal fan de minsken út ‘e stêd, dy’t de soan en de dochter besykje oer te nimmen, wurdt yn it oarspronklike stik fersterke troch it gebruk fan it Beiersk dialekt tsjinoer it ‘steds’ Dútsk. Yn dizze oersetting is dat omset nei respektivelik it Frysk en it Nederlânsk.
Tryater hat fan dit stik – regisearre troch Guido Wevers – yn 1988 in prachtige, skokkende foarstelling makke.

HB