It string pearels

Muoike Klas, dy’t mei har help Hiltsje, dwaande is mei it ynrjochtsjen fan har fakânsje-wente, kriget trije jonges út Fryslân útfanhûs. Hiltsje is dêr net sa wiis mei. Mouike is in string pearels kwyt rekke. De jonges oermasterje de dief en sa kriget muoike har pearels werom en Hiltsje is no bliid, dat de jonges der binne. In spannend ferhaal mei in dief yn in kast en mei jonges, dy’t by kearsljocht dy dief pakke.

Rôvers en juwielen

Yn’e bosk húsmannet in rôversbinde, dy’t it fersjoen hat op de juwielen, dy’t greve Hindrik ornearre hat foar syn dochter, op har brulloft.In pear eallju, net te snoad en wat te goed fan betrouwen, moatte de juwielen by de greve bringe. Fansels krije de rôvers se maklik yn’e hannen. Ek it sparjild fan in reizgjend sirkus wurdt stellen. In wûnderdokter en syn maat, dy’t harren sabeare by de rôversbinde oansletten ha, slagget it lykwols om mei help fan de sirkuslju de rôvers te oermasterjen.

Adieu Parys

Rinse hat meidien oan in opstelkriich oer Parys en dêr de earste priis mei fertsjinne foar syn skoalle. Ut alle klassen meie der guodden mei nei Parys, dat is de priis dy’t er der mei wûn hat. Se geane fjouwer dagen op paad om alles wat mar nijsgjirrich is te besjen. Harren gids Françoise is twatalich en uteraard hikke en tein yn Parys. It is de lêste jûn en alles wat se sjoen en dien ha wurdt yn sang en petear nochris oereide. It wie prachtich allegearre, mar… Fryslân is’t ek en se noegje har graach út foar in besite hjirre.
De bewurker hat Grouster nammen en sitewaasjes ynpast, mar mei wat feroaringen yn’e tekst kin it rûnom spile wurde. Gaadlik foar bygelyks Mavo-skoallen.

De snoek

Sibe wol wetterleeljes ha foar mem har jierdei en dan fangt er in snoek. Deiltrochwiet komt er by Janne yn’e keamer. Mem mei it fansels net witte en se fine fan alles út om har der bûten te hâlden. Earst kriget er klean fan heit oan, dan in jurk fan mem en dêrnei âlde pakeklean; in bulte geskrep op’t toaniel. As pake thús komt hat dy in echte snoek fongen. It begruttet him om Sibe en dêrom mei dy mem de snoek op’e jierdei jaan. As mem dit presintsje kriget, is se suver bliid dat Sibe “in snoek” fongen hat.

Duveldrek

In keppeltsje bern ha by harren “krosbaan” oan de mar as lubhûs in âld keet, dy’t nedich opknapt wurde moat, mar der is gjin jild foar. Twa bankrôvers hawwe har yn it klubhûs ferstoppe, nei’t harren oerfal mislearre is. De bern, dy’t efkes letter komme, fernimme dizze mannen yn’t earstoan net. Ien fan de bern lêst de leginde foar fan in yn’e mar te sink gien kastiel, dêr’t hear Olfert, de slothear. troch in ferflokking noch altyd yn om doarmet. Twa bern geane te planksilen, de oaren wurde troch de misdiedigers fêstbûn. Ynienen komt der swier waar opsetten. De beide planksilers wurde troch hear Olfert ûnder wetter lutsen en wurde wekker yn’e troanseal fan it fersonken kastiel. Hear Olfert hat trije oare bern ta sleauwe slaven makke troch harren te twingen duveldrek te drinken. De beide nijkommers moatte dat ek, mar it slagget ien it wer ongemurken út te spuien. Om koart te kriemen: De bern slute hear Olfert op en naaie út mei de man syn jild, wylst “boppe wetter” ek alles goed ôfrint, mar de misdiedigers sille wol yn’t kasjot berdarje!

De inerlike bân

In jonge -Mark- besiket ien kear in syn libben drugs, gewoan om te witten hoe of it is. Letter binne syn freonen belangriker foar him wurden en de drugstiid leit efter him. Mar tragysk genôch hellet it ferline en komt er der efter dat er aids hat.
Yn dit stik besykje jonge minsken it ferlies fan harren oan aids ferstoarne kameraat te ferarbeidzjen troch meielkoar te praten.

Jild op ‘e rin

Doe’t Sake Sybesma troude mei Katryn koed er de helling fan skoanheit oernimme, lykwols it fermogen fan skoanheit bleau yn in famylje B.V. ûnder behear fan Katryn. Sake, dy’t in ferhâlding hat mei Tineke, besiket no mei har help in fermogen oan swart jild byinoar te garjen, dêr’t se uteraard de saak mei te koart dogge. Der binne lykwols guon dy’t dêr de lucht fan hawwe en no spant it derom wa’t as earste dat swart jild benei komme sil. Nei fûleindige konkurrinsje is it Kalma, de prokuraasjehâlder, dy’t de oaren en syn baas te fluch ôf is. Hy soarget der foar dat it jild op it plak komt dêr’t it heart: yn ‘e saak.
Leine Kalma en Katryn elkoar yn it ferline al goed, no’t Sake syn ferhâlding mei Tineke oan ’t ljocht komt, stiet neat in nije relaasje tusken har beiden mear yn ‘e wei.

Wat no, ynspekteur!?

De tabaksfabryk “Osinga en Trymstra” hat fjouwer eigners-direkteuren. Se hawwe testaminte dat by ferstjerren fan ien fan harren, dy syn oandielen nei de oaren oergeane. Trije fan de oandielhâlders reitsje ûnder fertochte omstandichheden dea. De plysje wurdt der yn behelle, mar dy slagget it net, de dieder te ûntmaskerjen.
De hiele saak wurdt dúdlik makke troch de wurkster dy’t de kantoaren skjin hâldt. Sy wit, mei help fan har muoikesizzer, toch rekonstruksje fan de sitewaasje by einbeslút de dieder te ûntmaskerjen.

Wylde Rixt fan ’t Oerd

Rixt bewennet mei har oerwûne soan Sjoerd in âlde klinte op it Oerd.
De hate tsjin de minsken, dy’t har om de oerwûne jonge útband hawwe, behearsket har libben. Se sjocht der net tsjinoan om by in fûle stoarm in fjoer te barnen om skippen, dy’t in haven sykje, op ‘e kust fergean te litten. Se hellet in stikmannich streupers oer om har te helpen. Sjoerd lykwols wegeret.
Ienris komt der op har ljocht in skip ôf, dat op ‘e kust fergiet. Sjoerd rêdt de kaptein it libben en Rixt hellet in jongfaam út it wetter. Dizze jongfaam wol se oan Sjoerd bine. Dat slagget har, mar it slagget har net om Sjoerd op it eilân te hâlden.
As de kaptein Sjoerd en de jongfaam ophellet en Rixt belies jaan moat, bringt se it skip op in dwaalspoar, sadat it fergiet.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Dach mûnster

In mearke bassearre op ‘La belle et la bête’.
Doe’t in keapman, heit fan trije dochters, nei hûs werom kaam fan in mislearre reis wêrtroch’t al syn jild kwyt rekke wie, seach er in roazestrúk. Bliid plôke hy in roas, want dat wie de winsk fan syn leafste dochter. Hy hie noch mar krekt de roas by him stutsen doe’t der in ferskriklik ûnsjoch mûnster foar him stie. It mûnster sei: “Do hast nommen fan it leafste dat ik besit. Ik sil dy libje litte mar dan moatst do my dyn dochter jaan.” De heit waard der kjel fan. It koe net oars as it famke soe dit oanfurdigje, want se hie har heit hiel leaf. Mei it hert yn’e skuon soarge se har op wei nei it mûnster.
Mar de moed en de leafde fan it famke waarden beleanne: yn it mûnster siet in prins ferskûle. It famke en de prins trouden en se libben noch lang en lokkich.

Frij om neat

It stik giet oer twa froulju, dy ’t yn ‘e relaasje mei harren man net aardzje koene. De iene hat mear as tsien jier – bytiden letterlik – tsjin de rêch fan har man oansjoen en hat him doe in triuw jûn, sadat er fan it balkon fallen is. Hja sit no yn ‘e finzenis. De oare hat de moed hân en praat de problemen mei har man troch. Hja binne útinoar gien en sadwaande fielt it har oan, as wie hja in nij libben begûn. Hja is oppasser yn’e finzenis en moat it hâlden en dragen fan de earste frou observearje en rapportearje.
Troch harren ferline kinne hja har, stikje by bytsje, tsjin mekoarren uterje.

Bleekerroad

Fred Bleeker en syn frou Dee sette har nei wenjen yn Kanada en bouwe dêr alhiel op ‘e romte in skieppefarm op. Fred set alles op alles en it slagget him wol aardich, mar Dee is dêr ûnwennich. Se kinne spitigernôch gjin bern krije.
Op in dei biedt him immen oan as feint, dy’t Fred oannimt. Dee en dizze feint groeie nei elkoar ta en it rint der op út dat se swier fan him wurdt. Dat ropt by beide grutte spanningen op. Dan komt it berjocht dat se der wei moatte omdat it regear it fjild foar militêre doelen brûke moat. Dee giet no wer alhiel neist Fred stean.
Wylst de beide manlju slaande deilis om Dee binne, sjit se yn it militêre kamp in hege ofsier dea. Justjes letter wurdt se troch de militêre plysje fan hûs helle en meinommen.