Net normaal

It ferhaal spilet him ôf yn in lân, dêr’t it der net normaal om en ta giet. It lân hat in keninginne, mar dy hat skjin har nocht fan hantsje jaan en lintsjeknippen. Se sit leaver te ierappelskilen as dat se wetten ûndertekenet, dêr’t se sels neat fan snapt. Dat is wyn op ’e mûne fan generaal Isimo, dy’t snakt nei macht. Hy krijt syn sin, want de keninginne draacht de macht oer oan him, wylst se harsels weromlûkt as boerinne Geppy.

It wurdt in hiele omskeakeling foar it folk. De generaal treedt op as in diktator en fiert operaasjes út. Sintraal yn it stik stiet operaasje Bamby: alle net-normale bern wurde oppakt. Net-normaal betsjut ûnsjoch troch bygelyks flapearen, keale holle, skeinspruten, wratten of kromme noas. Foar harren organisearret er in skoallereiske. Mar it is wol in sabeare reiske, want de bern komme net werom: se wurde opsluten yn in kamp. En dêr ûntstiet konsternaasje oer! Der binne lykwols twa ûnkreaze bern, dy’t oan it reiskelot witte te ûntkommen. Sy sweve hiel wat ôf, mar troch harren komt der ek rêding. Boerinne Geppy ûntfermet har oer de beide bern en sy soarget der foar dat alles ta in oplossing komt, mar dan wol wer as keninginne. Op tûke wize makket se de generaal lytsman.

De reade hoanne op Lautastate

Yn it jier 1748 giet Lauta State te Wier yn flammen op. Oanstutsen troch it folk, dat yn opstân komt. Se kinne de belestingen net mear opbringe wylst de eallju mar troch feestfiere.

Opskuor op’t iis

It ferhaal fan dit aardige bernestik slút oan by it wurk fan Greenpeace en alles wat dêrmei gearhinget. It libben fan in tal jonge seehûntsjes wurdt bedrige. Mei help fan in eskimo, syn hûn, in “ferskriklike snieman” en in aksjegroep fan Greenpeace komt alles oan’e ein lokkich noch goed.In pear lietsjes jouwe it stik in wat “musical”-eftich karakter. Mei tekeningen is oanjûn, hoe’t de bern, de bisten en it toaniel oanklaaid wurde kinne.

De nije cowboys

Boer Hudson wennet mei frou en bern poer op’e romte yn it “Wilde Westen”. Syn soannen komme thús mei in pear yndianen, dy’t ferwûne rekke binne doe’t feedieven op harren skeaten. Se wurde fersoarge en binne tige tankber. Hudson kin der wol wat folk by brûke en hiert in pear cowboys yn, dy’t sabeare tafallich op besite komme. As der jild fan in reizgjend keapman weirekket wurdt earst it tsjinstfamke der op oansjoan. De cowboys binne hjir lykwols mandiedich oan, want dat binne deselde lju as de feedieven, dêr’t de yndianen mei yn’e slach rekken. De smjunten ha noch folle mear kwea yn’t sin, mar mei help fan de yndianen en de plysje wurdt dêr in skoatteltsje foar strutsen.

De bal is rûn

De fuotbalklub “Swart-Wyt” hat, bûten eigen fermidden om, in nije foarsitter beneamd. Dizze tinkt oer gâns dingen oars as dat men yn ‘e fuotbalwrâld wend is. Dat docht fuort al bliken as ien fan de bêste spilers de auto fan de foarsitter efkes “lient” en him tsjin in lantearnepeal stilhâlde lit. De foarsitter, poerrazen, behellet de plysje der yn en dan wiist it mâl: de bêste spiler opsluten en in belangrike wedstriid op hannen! Hoe no? Nei in bulte iggewearjen slagget it bestjoer der yn him fòàr de wedstriid frij te krijen.
Ut de kantine wei, dêr ’t twa froulju it behear oer hawwe, wurdt it ferrin fan ‘e wedstriid dúdlik makke.

De parse

Yn in tichthús hat in froulike sipier it tafersjoch oer twa ôfdielingen: in manlju’s ôfdieling, dêr ’t Jan en Sake in feilich plakje njonken elkoar hawwe en in froulju’s ôfdieling, dêr ’t Aagje en Lysbet fêstsitte. Mei moaie praatsjes wit Aagje by de sipier hiel wat te berikken, it slagget har sels om de kaaien fan harren “apparteminten” te krijen en kontakt te sykjen mei niisneamde manlju.
Hja stelle mei harren fjouweren in plan op, om de frijheid werom te krijen. De froulju witte it personiel fan it tichthús der fan te oertsjûgjen dat hja dy beide manlju allang koene, mear noch, hja hiene sels al trouplannen. Dy plannen wolle hja no trochsette en wrichtich, hja krije it personiel op harren hân.
As de trouwerij achter de rêch is, moat dat fansels bedronken wurde.
Aagje sjocht kâns om yn it frisdrinken fan it personiel en de plysje sterke drank te dwaan, sadat, fansels bûten de fjouwer smychten, elkenien dronken wurdt. No kinne hja de frijheid yn ‘e mjitte.
Dan ynienen, begjinne flitsljochten it tichthús yn ’t ljocht te setten.
Hoe sil dit beteare?

Modder oan ‘e kloet

Boer Laddus hat in smoarrike frou oan ‘e heak slein, mar se kinne meiinoar as kat en hûn. Hy leit him alhiel út op ‘e hannel yn ûnreplik guod, fan gefolgen, dat notaris in bêste klant oan him hat en dat dy beide tige befreone binnen. As der fanwege de delgeande tiid strop op strop komt, en de ferhâlding mei syn frou ûnhâldber wurdt, sykje de hearen in wei om fan har ôf te kommen. Hja organisearje in tochtsje mei de moterboat fan ‘e notaris en dan rekket de frou te wetter en ferdrinkt. Dit saneamde ûngemak leit notaris gjin wynaaien, sterker noch, hy begjint Laddus te sjantearjen; ek troch syn tadwaan, slagget Laddus wer oan ’t wiif.
Lena, de nije frou, hat de beide smjunten yn ‘e rekken en mei help fan har bern wurde Laddus sawol as notaris, op suggesje fan selsmoard, nei de oare wrâld holpen.
As it rjocht frijspraak konkludearret, kinne de jongelju trouwe en harren nei wenjen sette op in fiks boerespul. As hja miene dat alles foarby is, komme der twa ferslachjouwers, dy ’t op harren wize de rjochtsaak nochris oer dogge.
En dan spant it derom…….