Liichbist

Jane, de haadpersoan fan dit stik, hat lêst fan in liichsykte. Sy kin it net litte om altyd mar te ligen. Dat liedt ta allegear ferskate misferstânnen. Op in bepaald stuit seit Jane dat se yn ferwachting is, eltsenien tinkt dat se wer liicht. Mar it is al wier. Dat is de oarsaak fan allerhanne misferstannen en komplikaasjes.
Dit stik is in èchte klucht yn Frânske styl; dat betsjut in soad tekst en in soad misferstannen. It stik is goed skreaun.

De santekream fan menear Ungemak

Yn de poppewinkel fan menear Ungemak ha hjoed net folle klanten west. As der tsjin slutingstiid noch in rike sheik komt om in djoere poppe foar syn dochter te keapjen wurdt de dei dochs noch goed. Mar yn de nacht komt der in dief. Hawar, mearkes lykas dit rinne lokkich altyd goed ôf.

De spegel en de prúk

Tovener Pier wol alles wat libbet yn’e bosk yn syn macht ha. Dat slagget yn’t earstoan: beammen, blommen, bisten en kabouters kinne net mear gewoan prate, mar allinne mar getallen útbringe. As de tovener dan ek noch de spegel fan de elfenkeninginne te pakken kriget, kin sy ek neat mear út’e wei sette. By tafal rekket de tovener syn prúk – en dermei syn toverkrêft – kwyt en dan komt alles noch goed. In tal lietsjes fleuret dit stikje op.

De fazen fan Romulus

Der wurdt sein dat der yn de Romeinske tiid troch de kriichsoerste Romulus twa lyksoartige, kostbere fazen yn it doarp begroeven binne. Wa’t beide fazen yn syn besit hat, wurdt ryk en machtich en dat wol de boargemaster fansels wol oan. Ien fan de beide fazen hat er al kocht en hy docht tige syn bêst om ek de twadde te pakken te krijen. Dan wurdt der troch syn túnman in Romeinske faas opgroeven út in âlde grêft. Boargemaster is út’e skroeven, mar… hat dit spul faaks luzen? Wa’t wat romte op it toaniel ta syn foldwaan hat, sil hjir grif sukses mei ha.

Bycht by ljochtmoanne

Helma, de frou fan in ofsier fan justysje wurdt der fan fertocht dat se har man deasketten hat. Nei in proses wurdt se yn heger berop frijsprutsen. Ynstee fan har no ek frij te fielen, wurdt se suver hast minskeskou, sy lit har alles thúsbringe. De boadskippen wurde har op in kear brocht troch Katryn en dy besiket op alle manieren wat út har te krijen oer de dea fan har man. As dat net slagget, skillet se om help en dan ferskynt in man yn in grien jagerspak mei in gewear.
Op útstel fan dy man ferwikselje Helma en Katryn fan rol en kriget hy de kâns om frijút mei Helma te praten oer wat der foarfallen is mei har man.
Helma, dy ’t harsels al net mear wie, wurdt mei help fan drank en in ynkringend petear sa ûnder druk set dat se suver yn trâns it ferhaal docht dêr ’t it de oare beide om te rêden is. Sy bekent dêryn har skuld oan de dea fan har man.

Snypsels

Afke wennet op har sels yn in flat yn ‘e stêd en wurdt benearre troch it feit dat har post gauris fersnippere yn de brievebus leit, altyd deselde soarte keunstkaarten. Har freonen sille har helpe om de dieder oan it ljocht te bringen. Yn koarte flitsen kinne wy it ferrin fan dit proses folgje, fan it jierdeifeest lâns de doarren fan de flat, nei fabryk en sosjale tsjinst: oer strjitten, tsjerkhôf, terraske en resepsje nei in atelier, dêr ’t, tige by tafal, it riedsel oplost wurdt. Underwilens makket men de lytse en gruttere soargen fan dizze ploech jonge minsken mei, dy ’t by it krekt-folwoeksen-wêzen hearre.

NB Skreaun yn gearwurking mei jongerein fan it Kritetoaniel Bûtepost, n.o.f. in kranteberjochtsje.

Wy bin’jo net fergetten

Vitaly Pomaz, in dichter fan achter it izeren gerdyn, is fiif jier ferlyn al ris offisjeel warskôge troch de autoriteiten dat hy ophâlde moast mei it skriuwen fan gedichten dy’t de steat gjin goed dogge. No is it wer sa fier dat hy op it matsje roppen wurdt. Trije funksjonarissen ûnderfreegje him oer syn lêste aktiviteiten. Mar hy jout gjin krimp en kin even letter mei de holle omheech nei hûs.
KOMMINTAAR:
Dit stik is yn 1988 mei in protte sukses opfierd tidens in
toanielfestival yn Tilburg. Fansels is der nei dy tiid in soad
feroare wat de lannen achter it izeren gerdyn oanbelanget. It
is in, net maklike, mar wol nijsgierrige ienakter, dy’t sa wol
troch manlju as froulju spile wurde kin.

GD