De Rafaëls

Tafrielen mei trije froulju, oarspronklik yn Flaanderen, no ferpleatst nei Blauhûs. De diriginte fan it koar dreamt fan in de bydrage fan har koar oan de misse op in heechtijdei yn de Roomske tsjerke en set har dêr folslein foar yn. Benammen de bruorren ? Rafael hawwe in godlik lûd. In buorfrou lekket har derom. In simpel famke út it doarp siket by de diriginte beskûl. As blyk dat de Rafaels it famke tenei west ha, spatte de dreamen fan ferhevenheid út elkoar.

De sigaar

David en Amy binne op twadde houliksreis. Se treffe Linda en Robert. David leit it oan mei Linda en hat net troch dat syn frou al rillegau de boel yn’e gaten hat. Se set har man geregeld foar’t blok troch alderhande ferhalen te betinken. Se is hiel gehaaid. Robert hat fan de affaire neat troch mar docht syn beklach by David. Hy fertelt dat hy it fermoeden hat dat syn frou in frijer hat, en mocht er der efter komme wa’t dat is, hy dy persoan omraak geweken nimme sil. Faaks kin David in bytsje om Linda tinke! Fansels rinne Linda en David tsjin de lampe en it liket der dan ek op dat it fjochtsjen wurd. Dan docht bliken dat David in grutte bangeskiter is. As Amy him letterlik en figuerlik hielendal útklaaid hat lit se him oan syn lot oer. Linda treft him alhiel feralterearre oan en sjocht yn dat se oan dizze man neat hat. Se lit him yn syn sop gearsiede en dat wie no krekt wat Amy graach woe. David hat syn les leard en sjocht no wol yn dat er sûnder Amy neat is.

In famyljesaak

Jaap Sytsma hat krekt de famyljesaak oernommen fan syn skoanheit. Jaap is in tige prinsipieel man: wyt is wyt en swart is swart en dêr tuskenyn is neat. Dy noarm jildt foar him ek binnen it bedriuw, foar de famyljeleden dy’t allegear yn dat bedriuw wurkje en foar de arbeiders. Stelle is ferkeard, en elk dy’t him dêr skuldich oan makket stiet op ‘e dyk, oft dat no om in paperclip giet of om in slompe jild.
Geandewei komt Jaap der achter dat hy de iennichste is yn de famylje dy’t der sa oer tinkt. En dat der binnen it bedriuw – en dus binnen de famylje – fan alles mis is dat neffens syn noarmen net kin. En dan giet it wier net allinne oer in doaske punêzes of in pear ballpennen, mar om troubrek, bedriuws-spionaazje en sels moard!
Dan sil Jaap kieze moatte tusken syn prinsipes of de saak, de famyljesaak.
Bysûnderheden:
Yn it stik komme fiif Italiaanske sakelju (broers) foar, elk mei in beskieden roltsje, dy’t in soarte fan ferfryske Italiaansk prate. It is de bedoeling dat dy fiif personaazjes troch ien en deselde spiler spile wurde.
Kwa dekor wurdt hiel wat frege oan fantasy en fernimstichheid fan de feriening. It stik spilet him of yn in hiel hearehûs, dat yn trochsnee sawol de (grutte) keamer, de keuken, de hal, de treppen, de oerloop, in sliepkeamer as ek de badkeamer sjen lit. De sênes spylje har ôfwikseljend ôf yn ien fan de ûnderskate fertrekken, bytiden yn twa of trije tagelyk.

De skippers fan de kameleon

De tekst foar de grutte besetting fan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum folget benammen it earste boek fan de ferneamde Kameleon-rige. Hielke en Sietse binne net ba fan in kweajongestreek, mar se bedoele it net ferkeard. Har dream is in boat, en mei help fan guon út it doarp wurdt dy dream werklikheid. As in boeredochter en de soan fan in earme widdo fereale op elkoar reitsje en der in dief aktyf is, rekket it hiele doarp yn ûnstjoer. Utsoarte soargje Hielke en Sietse derfoar dat alles op syn poatsjes telâne komt. By it stik binne prachtige lieten (tekst en muzyk) skreaun troch Peter Sijbenga, útbrocht op c.d.

Net alle dieven komme ûngelegen

Somtiden komt in dief goed fan pas. In absurde tsjinstridigheid.
Yn dit kluchtige stik besykje in oantal minsken fan de ‘upper class’ harren út in behyplike situaasje wei te winen.

Gewoan te gek

Fjouwer eks-psychiatryske pasjinten – Lisette, Femmie, Isar en
Bram – wenje tegearre in ien hûs. De sosjoterapeute Toos moat har helpe harren plakje yn ‘e ‘normale’ maatskippy wer te finen. Spitigernôch docht Toos faak te goed har bêst. Lisette wol keunstneres wurde en sit in grut part fan ‘e dei yn in kuolkast. Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard. Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittichyn in ‘dip’, om’t syn biologyske tún de meast nuvere en ûnwerkenbere greinten opsmyt. De bewenners lykje noch net echt op ‘normale’ minsken. De wethâlder dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstraat komt dus mar in kear it spul troch it gat te sjen. It liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte.
Toos jout dúdlike ynstruksjes hoe’t de bewenners har hâlde en drage moatte as de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard. Se beslute om sawol Toos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne. Op eigen ‘gekke’ wize besoargje sy harren gasten in bysûndere jûn. Dêr krije se ûnferwachte help by fan harren nije buorlju. De buorman blykt in ’talintfol’ gûchelder te wêzen en de buorfrou besiket op dizze jûn wat plestyk bakjes oan ‘e man te bringen. Wa is hjir gek? Mei lef en in bytjse bedroch regelje de eks-gekken harren saakjes.

Om Eleonor

Trije suskes lizze op bêd. Se kinne net sliepe. Op in stuit beslút de âldste foar te lêzen út in boek. Se hat noch mar in pear sinnen lêzen of de famkes begjinne te fantasearjen oer wat se krekt lêzen ha. Se bringe inoar hieltyd op nije ideeën. Se geane deryn safier, dat de taskôger him úteinlik ôffreget of it no fantasy is of dat de famkes oer harren eigen libben fertelle.
It stik kin spile wurde foar en troch jongerein fanôf in jier of santjin.
NB Dizze Fryske ferzy is it earste (en grutste) part fan in bewurking troch it toanielselskip ‘Mug met de Gouden Tand’ fan in roman fan Virginia Woolf, ‘The years’.
By dit selskip lizze ek de rjochten.

In bysûnder oangenaam fiergesicht

Sylvia en Ingrid binne mem en dochter, mar net fan elkoar. Ingrid sit mei in skuldgefoel oer de dea fan har mem. En Sylvia nimt mar al te graach de memmerol op har om Ingrid fan har swierrichheden ôf te helpen. Wat wie dochs de rûzje dy’t oan de dea fan har mem foarôf gie, hokker wurden hawwe ta de hertoanfal laat? Trochdat Sylvia en Ingrid hieltyd mear yn harren rol groeie, ferjitte se it spul út it each. Yn de lêste scène wurdt it gat yn Ingrid har ûnthâld opfolle en docht bliken dat har skuldgefoel net terjochte is. Harren sels keazen relaasje hat hiel wat op ‘e kop set. Dan is der ek noch de man fan Sylvia, Otto, in sûnderling, dy’t mear wit.

Wa wol der spoekefleis?

Om’t Petra en Johnny meielkoar “geane”, wolle de oare bern út de klasse harren foar de gek hâlde. Se wurde beide los fan elkoar oerhelle om foar in tientsje de jûns om tsien oere by it âlde kastiel te ferskinen. Allinne it “spoeket” dêr. Mar beide doarre wol en treffe elkoar dêr. Se krije algau yn’e gaten dat de klasse har in poets bakke wol en beslute harren in koekje fan eigen daai te jaan. De rollen wurde omdraaid en de “spoeken” wurde no sels benaud.

Charly 9

As yn 2020 de wrâld troch in nukleaire katastrofe troffen is, is it libben op ierde allinne noch mar mooglik ûnder de grûn, foar dyjingen dy’t it oerlibbe hawwe, útsein yn Australië, dêr’t men noch boppegrûns libje kin. In ploech bern libbet yn de romte Charly 9, ien fan harren hâldt stikem in hûn, dat jout kribbekeurigens. Ut Australië komt in nij famke, dat brekt de sleur en elts besiket har foar de eigen ynteresse te winnen. Dan komt in feilichheidsagint de hûn op’t spoar en driget de hiele kliber straf te krijen op ien famke nei, dat by ûngelok de hûn yn’e kikert rinne litten hat. Krekt op dat stuit kundigt de omropper oan, dat Charly 9 oanwiisd is om nei Australië ta te ferhúzjen. Allinne it Australyske famke bliuwt omdat har mem yn Charly 9 wurk hat en dan beslút in jonge ek te bliuwen.

In speurtocht op it Amelân

In stikmannich rôvers hawwe de fearboat nei’t Amelân bestellen en binne mei de bút yn’e dunen. Foar har haadman lizze se ûnder in beam in briefke del dat se de jûns op it Kninedún by elkoar komme sille.
Efkes letter komme op itselde plak fjouwer bern, dy’t in speurtocht útsette. Se lizze briefkes mei opdrachten del. Letter komme de oare bern mei master; dy fine it earste briefke en beslúte om nei it Kninedún te gean. De haadman fan’e rôvers kriget dat yn’e rekken en is fan doel harren de jûns te betsjoenen mei in toverljocht. Ien fan’e tochtútsetters, Bertus, dy’t efterbleaun wie, hat alles ôfharke en komt letter as rêder yn’e need om syn klasse en master wekker te meitsjen. De rôvers wurde no op’e selde wize betsjoend en finzen set.

Bingo!

It giet nuver om en ta yn it reklame-buro. Wêr is it supergeheime stik oer de toskepoetsersreklame bleaun? Hoe komt dy roas op it buro fan Helga Hunkermans? Hat se in stille oanbidder? It wurk op kantoar wurdt flink fersteurd troch in besite fan de aksjegroep “Ho de Sjo”, dy’t net folle fan reklame ha moat. Yn tsjinstelling ta it komitee “Spotpriis”. Dat rikt krekt prizen út foar de bêste reklame. Beide groepen kinne inoar net snuven hearre. Dat is dúdlik! Foar al it personiel is der noch in prachtige ferassing. Se krije in fakânsje-reiske nei Australië oanbean. Bingo!

Boerebûnt en reade lampen

De hoerekast fan Dolly en Betty smyt te min jild op. Se ferhiere it hierhûs oan in slûchslimme feint, Hindrik, dy’t syn nocht hat fan syn faam, Klaske, en syn bemuoisike oansteande skoanmem. Dolly en Betty besykje harren berop geheim te hâlden. Skoanmem hat it rillegau troch dêr’t sy fersile binne: dochter en skoansoan witte fan neat. Om’t de froulju harren foardogge as fysioterapeuten -om’t Hindrik syn faam en har mem net moetsje moat- en om’t klanten fan Dolly en Betty út en troch ek noch yn it hûs omspane, jout dat in hiel soad hilaryske sitewaasjes en petearen. Klaske en Hinderik wurde it wer iens as it dúdlik is, wêrom’t hy hjir skûlplak socht hie.

Fertel my noch in ferhaaltsje

De ferhâlding fan mem en dochter yn’e rin fan sa’n 40 jier. As it stik begjint is de dochter ± 5 jier.
Oan’e ein fan it stik is de ferhâlding omdraaid: de dochter is mem wurden en de mem is ôfhinklik fan’e dochter.

Travo

It petear tusken man en frou, wylst se sitte te wachtsjen op it teken fan de ferpleger dat se op sikebesite meie by harren soan dy’t in auto-ûngemak hân hat.
In konfrontearjend petear, oer it al of net akseptearjen fan harren soan, dy’t homo/travestyt is.

De wite keamer út myn ûnthâld

Nei de dea fan har mem komt de skilderes Jessica mei har freondinne Margaret nei it âldershûs op it plattelân om it sa gau mooglik te ferkeapjen. Se hawwe haast want se moatte in tentoanstelling yn harren Galerie organisearje. Margaret sil in makelder sykje en Jessica mei om har op bleate fuotten troch har foarbije bernetiid drave. Dy oantinkens komme by Jessica nei boppen as se yn’e âlde skommelstoel sit. Se belibbet har hiele jeugd wer. En as Margaret werom komt hat Jessica besluten om it hûs net te ferkeapjen en der te bliuwen. Margaret protestearret, mar jout it op. Laitsjend geane se te ierdbeiplukken.

It hûs

In troud pear fan yn’e santich hat in “seniorenflat” kocht om it -benammen foar de frou- wat geryfliker te krijen. Se besykje no ôfskie te nimmen fan it âlde hûs, dat al hielendal keal is. De man hat der net folle euvelmoed yn, hy hat him altyd it meast mei it bedriuw dwaande hâlden. De frou hat it der slimmer mei te krijen, om har hie it allegear net hoechd. Foar har wage de oantinkens oan folle lok en noch mear fertriet yn harren libben it swierst. Se kinne it yn’t earstoan net iens wurde. Dan komt, sa’t ôfpraat wie, de makelder mei in keaper foar harren âlde hûs.

De brief

Twa freondinnen, Bea en Martha sille in dei nei Amsterdam. Martha hat krekt te hearren krigen dat de man -in piloat mei wa’t de seis jier ferlyn in relaasje hie- en dêr’t se doedestiids berjocht fan krige dat er mei syn fleanmasine ferûngelokke wie, noch libbet. Hja hie de deis foar’t ûngelok noch in brief fan him krige, hy skreau dat har relaasje in fersin wie, syn langstme gie út nei in oaren, hoewol, de frou dy’t er bedoelde wist dat sels noch net. Martha tinkt dat er dêr Bea mei bedoelde. Der folget in muoisum petear tusken de beide froulju.

Yn ’t wintersintsje

Henk en Joukje Stalling hawwe foar it winterskoft in appartemint hierd yn “Calera del mar”. Hy wol him rêstich deljaan, bepopkje en fersoargje litte troch har en him net bemuoie mei oaren. Sy fynt dat hy no ek wolris in hân útstekke mei yn’e hûs en hat ferlet fan sosjaal kontakt en siket oanhâld by de buorlju. Dan komt Joukje te fallen en Henk mient dat er har net oerein helpe kin omdat hy wolris lêst hat fan in hernia. De buorlju helpe har. Sa komme se meielkoar yn’e kunde. Henk fielt him slim te koart dien, hy moat no boadskipje en húshâldlik wurk dwaan. Lokkich komme Lys en Kees te helpen. Stadichoan kriget Henk foar it ferstân dat hy frijwat egoistysk is.

In gast tefolle

It lytse romantyske hotel ” De zeven kabouters” docht wat ferâldere oan. Sjors en Anneke Hulsman driuwe de saak mei help fan it keamerfamke Tilly.
Rioelsjoernalist Gerard Hals wol de kwaliteit fan it hotel buorkundich meitsje en dat belooft fansels net folle goeds. Foardat hy lykwols ta dieden oergean kin wurdt er fermoarde. Wa, o wa is de dieder? Oan kommissaris Vredenhof de taak om de moard op te lossen.