Us jonges

Fan de twadde wrâldoarloch ôf trede sjongeres Dixie en har artistike partner Eddie op foar de Amerikaanske troepen. Jierren mei grutte súksessen en wille, mar ek drege mominten en fertriet. Nettsjinsteande de jierrenlange, yntinse gearwurking, komt der in ein oan de optredens fan it duo. Eddie kiest by eintsjebeslút foar himsels. Tweintich jier nei it lêste optreden wurdt as hommaazje oan it illústere duo in televyzjeshow makke. De produsint stiet foar de (ûnmooglike) opdracht Dixie safier te krijen noch ien kear mei Eddie op te treden. Slagget it him, Dixie yn de televyzjeshow te krijen?

It lytse fertriet fan Sylvain Odeurs

Silvain Odeurs komt thús nei de begraffenis fan syn frou. It wie in moaie begraffenis. Menear pastoar hat it hiel moai sein. En hy sels hat him goed hâlden, fynt er. Marie-Claire kin tefreden wêze oer it mantjse.
En no is er foar’t earst sûnt syn trouwen allinne yn it hûs. Hy docht oars net as oantinkens ophelje oan de jierren dy’t er mei har belibbe hat. Dat se noait bern hân ha (miskein mar goed ek, sy mei har migrêne en har astma) en dat se nei Hannibal, de hûn dy’t er al hie foar syn trouwen, noait wer bisten hân ha, en dat er no faaks wer te biljerten kin, mei Pros, syn grutte freon… Fansels is er fertrietlik en it slimste moat noch komme, seine se. De iensumen. Mar dêr is grif wat op te finen, neffens Pros. Pros fynt altyd oeral wat op..
Dizze monolooch waard skreaun foar de IKON/BRT-televyzje en is yn 1990 yn Nederlân en België útsjtoerd. It is in heal tryst, heal komysk relaas, dêr’t Flaamske skriuwers it patint op lykje te hawwen.

Karel ende Elegast

It ferhaal fan Karel de Grutte, dy’t yn’e nacht oant trije kear ta fan in ingel de opdracht kriget dat er stelle moat. Hy moetet syn eardere freon en fazal Elegast, dy’t er – beskuldige fan ferrie – fan it hôf ferballe hat. Elegast hat neat yn’e rekken en se geane tegearre op rôf út. It stellen giet Karel net botte handich ôf, mar dochs wurdt er yn dy nacht gewaar dat net Elegast, mar syn eigen sweager Eggeric de ferrieder is, dy’t him nei’t libben stiet.

Rixt

It stik spilet op in ferlitten strân tichtby in doarpke yn it noarden fan Fryslân. Rixt sit by it fjoer. Twa doarpelingen beslûpe har, se tinke dat sy in heks is. At Rixt tsjin de mannen begjint te praten drave se gau fourt. De froulju út it doarp hawwe it net sa op Rixt stean, har selsstandichheid beëangstiget har. De doarpelingen stoke elkoar op yn harren ôfkear foar Rixt. Rixt beslút om har boat te reparearjen. Evert wurdt troch de doarpelingen oanwiisd as de man dy’t har helpe moat. Rixt ferliedt him om de heit te wurden fan har bern. Der wurdt in soan berne: Sjoerd. Evert kiest foar Rixt en bliuwt by har, de doarpelingen besykje him oer te heljen om Rixt oan harren út te leverjen. Se ferwite him dat hy de mienskip ferlitten hat foar de duvelske Rixt. Evert beslút om werom te gean nei it doarp. As hy werom komt, freget er Rixt en Sjoerd om te flechtsjen nei it eilân Amelân. Dêr moetet Sjoerd Marieke, in famke fan fleis en bloed. As Sjoerd har leafde ôfwiist wol Marieke har op him wreke. Dan grypt syn mem Rixt yn, de doarpelingen doare har net oan te reitsjen. Sjoerd giet fuort, hy folget de rop fan de see. In jier of twa letter sjocht Rixt oer de see, se sjocht Sjoerd syn inisjaal yn it fjoer, in teken dat er ticht by wêze moat, mar se sjocht him nearne. Mei har fjoer besiket se him te lokjen. De doarpelingen dôvje it fjoer, want dat kin skippen op in dwaalspoar bringe, mar it is al te let. Evert komt op mei harren deade soan.

It geheim fan de smid

It stikje spilet yn de midsieuwen. Der wurdt in antyk skilderij stellen troch dieven, dy’t har foardogge as de kening en de keningin. Tafallich is de echte kening “incognito” op it kastiel: hy hat him dêr ferhierd as wapensmid. Fansels rint it goed ôf, de dieven wurde pakt. De oplossing fan de stellerij is aardich fûn. De spanning bliuwt der oan it lêst ta yn. Dat it stikje yn de midsieuwen spilet is allinne mar oan de lokaasje te sjen. It jout miskien gelegenheid, om wat aardichs mei klean en toanieloanklaaiing te dwaan.

De pet fan Pinteparlo

Siger hat in hele moaie knyn en dy wol er aanst op’e merk foar in grouwe priis oan’e man bringe. As er de kiste mei it bistke efkes yn’e herberge stean hat, komme der trije feekeaplju yn dy’t stik foar stik beweare dat it net in knyn is, mar in kat. Op’t lêst ha se Siger sa fier dat er it leaut en ien fan’e mannen keapet it bist foar in ryksdaalder. As de keaplju de doar út binne, nimt in mynhear mei in wonderlike kleurige pet op – dy’t him Pinteparlo neamt – de jonge geweken: hy hat him te fiter nimme litten, mar P. sil it de mannen wol betelle sette mei help fan syn toverpet. Dat slagget merakels bêst, want de mannen binne sa ûnder de yndruk, dat se litte har yn’e pet lûke en mar leafst foar tûzen gûne, dêr’t Siger fansels woltemoede mei ôfset.

As sy ja seit

Rinus Wiersma, frijfeint fan om en de by de tritich jier, hat in fabrykje mei in stik as tsien wurknimmers, dat tige goed rint. Doe’t er it bedriuw keapje woe, koed er by de bank gjin jild krije, omt seit in te grut risiko achten. Doe sprong in omke út Amearika by, ûnder ien betingst: Rinus moast troud wêze.
It bedriuw gie foar wûnder en Rinus betelle syn omke ôf, mar omke fûn dat er f 5000,00 oan syn frou jaan moast, sy hie úteinlik ek wakker meiskript. Rinus, noch altyd frijfeint, hâldt dat jild ûnder him, mar as der dan in tillegram fan omke komt, dat er meikoarten nei Fryslân werom komt, sit Rinus raar yn’t leech. Syn freon, abbekaat Wibe, stiet him by mei allerhande rie, mar ek hjir jildt: Abbekaten binne glêdde praters!
In fleurich stik foar in noflike jûn.

Proletenfertriet

In oan de drank fersleine skriuwer, dy’t sa’t it him oan sjen lit mei de lêste oeren fan syn libben oan de gong is, eidet syn libben noch ris oer, en dêr mei komt foaral de relaasje mei syn heit nei foarren.
KOMMINTAAR:
Foar in man dy’t ris in kear allinne spylje wol in útdaging. It is net maklik, mar wol de muoite wurdich. Ik ha it sels ris in kear spile mei as dekor in isolearsel.

GD