Moard op de keale man

Absurdistysk stik oer in polysjeman dy’t oan de drank is en in stel wêrfan sy in ynspiraasjeleaze dichteres is en hy in neatbetsjuttende neatdogger.
Aldjiersjûn. In pistoalskot. In deade keale man. In putsje foar de ynspekteur.

Geastich

Dizze komeedzje is hiel wat oars, dan ‘t jo oer it algemien wend binne. It stik folget in toanielselskip dat de ienakter “Geastich” oan it repetearjen is. Jo binne oanwêzich by de repetysjes en sjogge alle fasetten fan it ynstudearjen fan ‘e tekst en de mise-en-sêne op oanwizings fan ‘e regisseur. Derneist meitsje jo ek de hiele gong fan saken mei, fan wat der allegearre wol net mis gean kin yn in repetysjeperioade.
De ienakter giet oer Romke, al tritich jier dea, dy’t op bisite giet by syn (oer)pakesizzers. Hy is foar gewoane minsken net te sjen. De besite is Romke fan “boppen” oplein, om in misse set, dy’t er yn syn ierdske libben makke hat, rjocht te breidzjen. Sa’t al sein is, Romke is ûnsichtber en rint dan ek frij tusken de oare spilers troch, sûnder dat ek mar immen him sjen kin en sûnder dat immen syn kommentaar hearre kin, wat er hieltiten op alles hat. Allinne syn oerpakesizzer Sylvia, kriget de skrik fan har libben. Sy kin Romke wol sjen en hearre. Koartsein, in apart ferhaal, der ’t in soad om lake wurde kin.

Echte fans fan Sinatra

In sterk psychologysk stik, dat him ôfspilet yn de benearjende sfear fan in âld hûs yn in grutte stêd, wêr’t broer en sus Norman en Sandra besykje om te gean mei harren iensume, ûnwisse takomst. Se dogge dat mei de muzyk fan harren idoal: Frank Sinatra. Norman is in minskeskouwe boekbiner mei pleinfrees, dy’t thús wurket en in poerbêste “magnetron-kok” blykt te wêzen. Sandra wurket op in kantoar en hunkert nei in libben bûtenshûs. De mooglikheid har mintaal stoarde broer te ferlitten en har bestean fia de “mystike” Philip te feroarjen, ferrint oars as se tocht. Philip makket har al har sparjild ôfhandich; jild, dat hy brûkt om âlde skulden of te lossen. De ûntdekking fan dit bedroch levert in eange sêne op, wêrtroch ‘t Sandra beslút, har âlderlik hús en har broer foargoed te ferlitten. Koart nei har fuortgean komt Philip werom en smeket Norman him ûnderdak te ferlienen, omdat hy de wrâld bûten net langer oandoart. Norman beseft dat er no it foartou nimme kin en stimt ta.

de Likedielden

Undertitel: “By it Brette Botsje op Bosterharne”. Ferhaal út de tiid fan de Skieringers en de Fetkeapers. Fierders
(noch gjin beskriuwing)

Ferrie yn Ferwert

Stik út de tiid fan de Hertoch fan Saksen. Skreaun foar Ferwert.
Fierders (noch gjin beskriuwing).

De geheimsinnige reis

“Harkje goed, dan sill’jim witte wat wy op’t programma ha. Wy woll’troch de romte sjitte hup, nei Mars of Pluto ta! Kilometers troch de loft as er no mar net ûntploft”.
Yn’e keamer fan in boufallich hûs hawwe twa jonges (mesjeu Pierre en Tsjipke) in romteskip boud. Se rinne der grutske omhinne en steane op it punt om yn te stappen. Der rint in famke yn’e hoeke fan’e keamer, stikem, de jonges fernimme har net, mei in fikse knal en in reekwolk komme se yn mearkelân. Troch it gedraai fan it famke binne de bern ferkeard en hiel lyts op in oar plak te lânwe kommen. Der belibje se allerhande avontûren.

It geheim fan Hústernoard

De administrateur seit tsjin de direkteur fan Hústernoard dat it sa net goed komt mei it fabryk. Se komme yn de reade sifers en ha skulden. Professor Witwat moat in nije útfining dwaan. Der komme in pear bûtelânners op besite dy wolle besykje de útfining fan de professor te stellen. De ferslachjower fan Omrop Fryslân komt op de meast ûngelegen mominten. Uteinliks ha de tsiismakkers de útfining fan de professor al brûkt sûnder dat de dirtekteur it wist. Der wurdt in priis mei dizze tsiis wûn, in gouden tsiismes en hûnderttûzen gûne. It fabryk is rêden.

It grouwe pak

Nei in ferhaal fan Joast Halbertsma.
Jonker Liauckama giet op reis en seit tsjin syn persoaniel dat se goed op it hûs passe moatte en gjin frjemden yn ‘e hûs helje moatte. Dan komt der in keapman mei in grut pak, dy’t op Liauckamastate útrêste wol. De keapman hat moardnersferhalen oer Liauckamastate en it wurdt raar waar.Hy mei lykwols net bliuwe mar syn grou pak mei er stean litte en moarn wer ophelje.
Dan sjocht Bauk dat it pak beweecht, Sikke sjit op it pak en út it pak komt in rare gjalp en der rint bloed oer de flier. As se it pak iepen dogge sit der in man(tsje) yn mei wapens en in fluitsje. Se warskôgje de boeren en hâlde de wacht want se tinke dat der rôvers komme sille. It duorret lang en dan blaast er ien op it fluitsje, der komt antwurd en de rôvers tinke dat se komme kinne. Se skrikke bot as der fuortendaliks op harren sketten wurdt en naaie út. As de jonker thúskomt is hy tige bliid dat der sa goed op it spul past is en beleannet syn minsken.

Professor Paxokay en de manlju fan Extra-4

It stik spilet him ôf yn it Paxokaygebiet, der wurdt striid levere tusken Baardelinie en Hennadoanie. Bûtenplanetige Extra-4-en komme op yn harren rûmteskip. Professor Paxokay hat skjin syn nocht fan it getsier en docht him foar as Extra-4-A, as Baardelinie en Hennadonie meielkoar tsjin de Extra-4-en stride sille makket de professor him bekend en dan wurdt dudlik dat der gjin rûzje mear makke wurde hoecht. De Extra-4-en kinne werom nei harren eigen planeet en de liedster fan Baardelinie en de lieder fan Hennadoanie krije ferkering. De flaggen komme op’e toer en der is gjin oarloch mear.

De peaskehazze

In hongerige wolf makket it bosk ûnfeilich, kabouters en bern flechtsje foar him, de Peaskehazze hat er al te pakken. Jagers besykje him te sjitten, mar de wolf is liep. Hy ûntnadert harren sels it gewear. Dan bart der in wûnder in famke komt mei hûnebrokjes en de wolf wurdt sa nuet as in do. Hy wurdt werom brocht nei syn âlde stek, de bistetún. No kin de hazze him wer feilich mei syn aaien dwaande hâlde en bern en kabouters kinne wer yn’e bosk boartsje.

Himelsblau

In frou sit op in blauwe stoel. Ek de froulju yn’e seal moatte op blauwe stuollen sitte. Middels in tal triviant-kaarten hat, stelt se harsels en de froulike taskôgers mei in mannestim in hiel soad fragen, dy’t alles te krijen hawwe mei de ferhâlding tusken manlju en froulju en de ôfstân dy’t beide seksen skiedt.

Hazzefleis

Jildert Mulder, likernôch 50 jier, hat jierrenlyn in man oanriden, dy’t inkelde dagen letter yn it sikehûs stoarn is. Jildert, dy’t fanwege houliksproblemen tefolle drank op hie, is trochriden.
Hy is net de iennige dy’t sadwaande mei in skuldgefoel troch it libben moat, want Sander, syn soan, hat de skansearre auto sjoen en it ferbân mei it ûngemak lein.
As Sander jierren letter Pierre, de soan fan it slachtoffer, op it konservatoarium kennen leart, wit hy it mei dy syn help safier te krijen dat de widdo in kontaktadvertinsje sette lit. En mei help fan syn suster slagget it him ek dat syn heit der op skriuwt.
Sa moetsje Jildert en de widdo elkoar yn in restaurant en dêr bliuwt it net by, want Jelly, sa hjit de widdo, noeget Jildert mei soan en dochter út om by harren mei har fiven it Krystmiel te brûken. Dat miel is in hazze, dy’t Jildert ûnderweis in kear deariden hat…
By it feestmiel makket de drank de tongen los en as Jildert en Jelly tegearre dûnsje, bekent sy him dat sy wit dat hy har man oanriden hat, mar dat er dêr net oan stoarn is. Syn ferstjerren is har skuld. Sy woe him kwyt….

Unmeilydsum is de skientme of 06-relaasje

Jildert Mulder en syn buorman dominy Wanders ferkeare beide yn de situaasje dat de frou harren ferlitten hat en dat se it no net rjocht fine kinne. Elk hat syn eigen soargen en problemen en sadwaande hawwe se by frijwat drankgebrûk omgong mei elkoar.
Boppedat hawwe se beide in 06-relaasje, dêr’t se har wûndere fantasijen by oproppe. De filosofy fan dominy is dat it dêrby bliuwe moat, mar Jildert makket nei lang wifkjen in ôfspraak foar in moeting mei de 06-frou.
Mar dat wurdt in slimme ofdijer, want hy giet te gast by in raar ûnsjoch frommes. As er op sprong stiet om nei hûs komt de echte 06-frou yn alle moaiens en oantreklikens foar it ljocht. As er dan ál wer bliuwe wol, wurdt him goed it leksum lêzen. It is syn relaasje no dúdlik wêrom as er der komt en dat de bûtekant belangriker foar him is as it wêzen fan de frou…
Hie er de faaie foartekens mar better acht slein: de sturtklok dy’t fan’e muorre foel doe’t it oer de 06-frou te praat kaam en ek de kat, dy’t dat ûnsjogge frommes beselskippe.

In heit, in soan en in dochter

Wy sjogge in soan, dy’t syn heit ta it uterste ferget om jild fan him te krijen. Hy lit it foarkomme dat er heroïne spuitet, dat er de frou, dy’t syn mem yn de húshâlding opfolge, as bysliep hân hat en dat er no yn it lêste jier fan it konservatoarium syn fioelestúdzje opjaan wol.
Dat der dochs ek noch wat grûn yn him sit docht bliken út it feit dat er syn suster bekent dat de dingen dêr’t er syn heit mei ûnder druk sette, net wier wiene. Mar de ferhâlding heit-soan sil der wol net folle om feroarje, liket ús ta.

Giele knikkerts

Oarremem kriget it oan ‘e stok mei in fûgel dy’t har op ‘e kop skyt.
As de âlde dame by har beppsizzers Tjerk en Frouke is, doch bliken dat dizze kwea-aardige ‘hellefûgel’ har betovere hat. Hja moat op de bern passe om’t mem in lytse poppe kriget en heit nei it wurk moat. As Tjerk ynienen goudene knikkerts begjint te poepen komt de betovering fan oarremem ynienen oan it ljocht: fan in leave, aardige beppe feroaret hja yn in habberich kring. Hja nimt Tsjerk mei nei hûs en bynt him fêst op in spesjaal apparaat. Dan jaget hja him de skrik op it liif. Lytse Tsjerk begjint te poepen en dêr rolje de gouden knikkerts yn ‘e potten en pannen dy’t beppe klearset hat!
Wat beppe net wit, is dat de hellefûgel alles trochferbûn hat mei de skatkiste fan de Oerrrhellichste. As de hellefûgel har wurk goed dien hat sil hja troch de Oerrrhellichste wer yn in heks feroarje. Mar sa fier komt it net. Froukje, it hannebinerke, bynt de hellefûgel fêst en as heit thúskomt geane hja mei syn allen, mei de lytse poppe dy’t mem noch efkes op ‘e wrâld brocht hat, nei it húske fan oarremem om Tsjerk te befrijen.
As de betovering ferbrutsen wurdt is ek oarremem wer hielendal de âlde.

Kommintaar:
In prachtich, fantasyryk stik foar bern fan 4 oant 10 jier. It tema is dat minsken sa habberich en sa hinne en wer as de wyn binne, mar foarop stiet dochs wol de fantasy en de wille.
De bern yn it stik soene faaks ek troch (âldere) bern spile wurde kinne, mar better noch is it om se troch jong folwoeksenen spylje te litten. De ‘hellefûgel’ en de ‘oerrrhellichste’ kinne sawol troch in man as troch in frou spile wurde.

HB