Bungalow 847

Cor komt mei syn frou Antsje en mem (yn in ynvalideweintsje) oan yn in bungalowtsje yn in fakânsjepark. Se binne dêr om’t se neffens Cor in priis wûn hawwe. Cor blykt in frouljusfersierder te wêzen dy’t der sels in boekje op nei hâldt dêr’t er syn feroveringen yn byhâlden hat. Hy wol der hûndert yn hawwe foar’t er moarn tritich wêze sil. Allinnich syn mem hat him yn ‘e gaten. It famke Veronika, troch Cor ynhierd om noch yntiid de hûndert te heljen, wurdt gau troch Cor de doar útwurke om’t se te betiid is. Underwilens komt der noch in stel by, Bontsje en Roelof, dat deselde priis wûn hawwe soe. Eltsenien fynt it in nuvere saak, útsein Cor en Bontsje, dy’t mekoar yn de earmen fleane sagau’t de oaren fuort binne. Se meitsje plannen om inoar jûns te moetsjen. Bontsje wit net dat Cor dy middei al plannen hat mei Veronika…. Nei it brochje reaget Cor eltsenien nei it subtropysk swimparadys om mei Veronika allinnich te wêzen. Dat slagget mar min, want de iene nei de oare komt him oer it mad. As hy tinkt dat Veronika ûntdutsen wurde sil, docht bliken dat se troch it finster útnaaid is. Letter komt Veronika dochs wer werom. Mem hat har ferskûle wylst Cor Veronika yn ‘e kast pakt. As Antsje mei pineholle op bêd wol, moatte der allerlei toeren úthelle wurde om Veronika de doar út te wurkjen. Antsje hat in petear mei Roelof, dy’t al wit dat syn frou him net trou is. Even letter geane Bontsje en Cor der út om de hûn út te litten. Antsje sit mei itselde probleem; sadwaande wurde se yn mekoars earmen dreaun. Bontsje naait allinne út en Cor besiket dochs noch syn record te heljen mei in juffer fan de camping dy’t in earder freondintsje blykt te wêzen.

Kommintaar:
In kluchtich stik. Benammen de haadpersoan hat it smoardrok om allegeduerigen alles en elkenien foar de kroade te riden. It is eins de bedoeling dat de macho-achtige Cor in bytsje te kakken set wurdt, mar dêrta is it parody-elemint yn dit stik dochs net sa sterk. De oanstriid om te laitsjen moat benammen komme út de opienfolging fan situaasjes dy’t omtrint net op te lossen binne. Guon personaazjes binne frijwat klisjee-mjittich, lykas Veronika, mar dat heart miskien by dit type stik. De mem yn it ynvalideweinstje is wol in orizjinele figuer.

HB

De dilettanten

Bert en Roos, in troud stel, dy’t altyd bekfjochtsje, ha in dochter: Janneke. De beppe fan Janneke hat yn har testamint bepaald dat Janneke net mei in muzikant trouwe mei. No wol se trouwe mei de dirigint fan it koar, der’t har heit ek yn mei sjongt. Om tastimming foar it houlik te krijen, wurdt in fakânsjeleafde fan Janneke, in Italjaan, spile troch de dirigint, yn it spul brocht. Ferwikkelingen genôch foar in moai blijspul.

Feenstra mei in lange F

Haadpersoan yn dit stik is Pake. Hy stiet der allinnich foar. Pake makket der in grutte rommel fan yn ‘e hûs. Alteast sa prakkesearret skoandochter Lutske der oer. Dit kin sa net langer. Lutske doart it wol te sizzen: se nimt gjin bléd foar de mûle. Soan Goffe, man fan Lutske, is de slûge kant neist. Hat neat yn te bringen; docht oars net as neiprate. Dochter Hil bemouit har net sa folle mei heit. Har man Roel is de meast “gewoane” persoan. Hy moat dan ek mar tsjin pake sizze dat it better foar him is om nei in âldereintehûs te gean.
Dér is Pake noch lang net oan ta! Hy makket de bern tige nijsgjirrich mei syn sizzen dat hyy ris in moai protsje jild wûn hat by it hynstespul. Hy hat it jild opburgen mar wit net mear wér………………. Lutske begjint fuort te sykjen.
Pake wol net nei it tehûs mar set in advertinsje foar in húshaldster. Teats komt hjir op ôf. Se nimt it heft alhiel yn hannen. Pake hat neat mear yn te bringen. Se soarget der ek foar dat har dochter Bauk by pake ûnderdak kriget. Pake mei wol oer har…….
Ek komt har freon Tjisse oer de flier. De bern wolle Teats de doar wize, dit slagget net alhiel.
Dan docht blyken dat Goffe de heit is fan Teats har dochter Bauk. Goffe begjint no ek fan him ôf te biten: Hy set Lutske te plak. Tjisse hat yntusken it jild ûtdutsen yn ‘e klok. Lutske wol daliks it jild parte mar pake hat oare plannen…………….
Foar de rjochten sjoch by:
Vries, Pyt de, “Kalm Bliuwe”

It lân fan IK

It motto fan dit stik is “Freonskip.
Baukje wie yn it lân fan IK dêr hat se Gabe holpen tsjin de brekkers en de heksen. Dy heksen hiene de Graaf yn harren macht, de toversiden fan de goede mearkehekse wie stellen en doe rûn alles ferkeard. Elk tocht allinne mar oan himsels, de brekkers soenen it hûs fan Gabe plat slaan en dat hat Baukje mei keare kinnen. Heit tinkt dat se dreamt hat.

Seks, fampiers en fergrutglêzen

It stik is in oarspronklike satire op mear as minder bekende skrillers en detectives, lykas: Dracula, vampires (Polansky), Frankenstein, Rocky Horror Show, Dr. Jekkyl en Mr. Hyde, ensfh.
Spile as iepenloftspul yn Wergea. Mei ferskes.

Wat yn it fet sit…

Histoarysk drama dat him ôfspilet yn 1514, yn’e tiid fan de Skieringers en de Fetkeapers.

Sân wizen fan wekker wêzen

Fjouwer jongens en fjouwer famkes wachtsje oant de sinne opkomt. Moarn giet elkenien fuort. Se prate oer sliepe, en net sliepe kinne, oer ferliefd wêze, se boartjse meienoar, dreame, ensfh.

Befrijdingsdei

Op har souderkeammerke is in fanke dwaande mei it yninoar setten fan in soarte fan ‘doe het zelf’ elektryske stoel. It is hjoed befrijingsdei en ek krekt fiif jier lyn dat har freon har sitte litten hat. Elts jier op’e nij komt hy dochs hieltyd wer by har. Dan frije se en tsjin better witten yn hopet sy dat er de ‘befrijing’ werom draaie sil om mei har op’e nij te begjinnen. No beseft se dat dat nea barre sil en se hat besletten ta wraak…

Heit

Ynsest drama. Mem en dochter romje heit syn guod op, as dy krekt stoarn is. De frou hat in tige posytyf byld fan har man. De dochter net, mar de frou begrypt har fertriet ynearsten ferkeard. Op it ein fan it stikje raast de dochter it út: heit hat har ferkrêfte.

Gefaarlike oergong

Afke hat lêst fan alle ûngeduerigens dy’t de oergong meibringe kin. Har man hat net folle each mear foar har, mar wòl foar de sifers fan de beurs. Hy hat as ôflieding foar har in boetyk kocht, dy’t se mei nocht (en mei in learlinge) driuwt. Boppe de boetyk wennet in âldere feint, dy’t krekt wer in nije freon oantúgd hat, mar de learlinge, Trynke, fynt dat hy har better as freondinne hawwe kin. Om’t Trynke in Westereinske is, kreaket it wol as se ôfwiisd wurdt. Afke fynt it tanimmend stedsfandalisme dat ek by har taslacht benearjend. By buorfrou Betty yn de croissantery wurdt ynbrutsen en gâns fernield. Dit is reden foar Afke, oantrune troch Trynke, om de oare nachts wacht te hâlden. Trynke hat in hiel arsenaal oan middels ta ferwar meinaam. As der dy nachts twa ynslûpers komme, binne dy gau oermastere. It is net sok frjemd folk docht bliken, want Afke har man hie foar it earst fan syn libben in slipperke mei in djoere eskortdame op tou set, en de boetyk as leafdesnêst keazen… allegearre aksje fansels, mar: ein goed al goed!

In omstipper

Yn de famylje de Vries nimt Sjoerd, de haadfiguer in wat apart plak yn. De oaren sizze dat er in omstipper is, ien dy’t net wit wat er wol. Hy hat de skoalle net ôfmakke, hy siket gjin wurk, hy bringt in soad tiid troch yn’t fjild. Yn’e húshâlding is men soks net wend en hy wurdt troch de oaren omraak op’e hûd sitten.
It leafst sûndert Sjoerd him ôf en dat docht er sa faak as er it rêde kin. Dan kin er him oerjaan oan syn eigen fantasywrâld. Dêr hat er in wûnderlike moeting mei in apart figuer en dat hat ta gefolch dat er feroaring bringt yn syn situaasje.

Lamme wjukken

It stik spilet yn ‘e twadde wrâldoarloch. De twa susters Doet en Lene wenje wat bûten út; Doet, de âldste is aktyf yn it ferset mar Lene moat dêr net safolle fan ha.
Op in jûn komt Feitse by Doet om te freegjen oft se in ûnderdûker ha kin. Doet seit dat ta, wylst se mei Lene ôfpraat hie dat se harren temûk hâlde soene.
Feitse, dy’t in eachje op Lene hat, freget Doet nei Lene har freon Albert, dy’t neffens him oan ‘e ferkearde kant stiet.
As Lene thúskomt begjint Doet oer de ûnderdûker,.. en… oer Albert: it soe feiliger wêze om de relaasje te ferbrekken. Lene wurdt lilk en wegert en beslút yn in heftich petear it hûs út te gean, in kar dy’t Lene jierren lyn net meitsje doarst.

Wis

Twa mânlju sjogge ta it rút út, se sjogge nei de froulju dy’t lâns rinne. Hoe krijst kontakt mei froulju?
“Tink der om. It begjint mei eachkontakt. Altyd. Oanhâlde. Sa lang mooglik. Eachkontakt oanhâlde. Dat is belangryk. Oanhâlde. Oan dyn lippen slikje. Kin. Glimkje. Kin. Mar eachkontakt oanhâlde. Dat is belangryk. Se komme. Fansels.”
Netsjinsteande dizze ‘wiisheid’ sprekt hjir de lamme ta de bline. De biede manlju probearje froulju út te noegen foar in feestje, mar sa fier komt it noait.

It syndroom fan Down of In milkshake foar God

Rutger sit op in terras en seit dat er syn fjirtichste jierdei fiert. Hy is opstannich en mismoedich. Syn frou is swier fan harren earste bern en no hat de “flokketest” útwiisd dat der in tredde gromosoom oanwêzich is…
Oer it grutte dilemma dêr’t hy en de frou foar steane, al of net in abortus, giet hy mei passanten, de ober, mar boppe-al mei God yn petear.

It hûs mei de roazen

Peter Fijnvandraadt, in man fan 48, wurket hurd en ambisjeus mei syn fennoat Lucien gear om harren bedriuw ta in súkses te meitsjen. Hy komt oarspronklik út Fryslân mar wennet mei syn frou Tilly en syn soan Alex yn Den Haach. Alex is in probleemgefal: ta grutte ergernis fan syn heit ferdomt hy it om op skoalle syn bêst te dwaan. It liket derop dat de arbeidsmoraal fan Peter syn heit, in soasjalistysk ûnderwizer út Jorwert, wol op de soan mar net op de pakesizzer oergien is. Nettsjinsteande it feit dat Alex wakker wiis mei syn pake is.
Op it stuit dat dy pake op stjerren leit, is Peter foar syn wurk yn it bûtenlân. As lêste fan syn húshâlding komt hy yn it âlderlik hûs oan, foar de begraffenis. Yn dit ‘hûs mei de roazen’ (Peter syn heit kweekte foar syn hobby roazen) bliuwt Peter syn mem no allinne achter. De ferwidering tusken heit en soan set troch. Alex giet fan skoalle ôf en ferlit it âlderlik hûs. In jier letter wennet hy mei in famke tegearre en ferwachtet sy in lytsen ien.
Syn heit wol er net mear sjen. Dy stoart him ûnderwylst hieltyd fanatiker op syn wurk. Hy seit syn frou ta dat se mei fakânsje nei Grikenlân sille, mar as alles regele is lit er it dochs wer ôfwitte, fanwegen in ‘belangrike opdracht’. Sels syn fennoat Lucien fynt syn iver te fier gean as Peter nei in hertoanfal fuort wer oan it wurk wol. Der komt no ek in ferwidering mei syn frou Tilly. Dy kriget in ferhâlding mei in kollega.
Nei in twadde hertoanfal wurdt Peter hieltyd mear pleage troch twifel en wroeging. Hy giet op besite by syn soan en syn freondinne, by syn mem yn Jorwert, en beseft dat der yn syn libben wat goed mis is. As hy dan dochs noch frij ûnferwachte ferstjert, is it him net mear slagge om it echt wer goed te meitsjen mei Tilly en Alex. By de berte fan Alex syn soan, hawwe mem en soan der beide fertriet fan dat sy immen, dy’t harren nettsjinsteande alles dierber wie, yn mear as ien opsicht ferlern hawwe.
KOMMINTAAR:
In oangripend, eigentiidsk ferhaal oer in man, dy’t mei in soad ynset en goede bedoelingen it meast dierbere ferliest dat er hat. It boeiende oan Peter is, dat it net in ‘gewoane’ karriêre-makker is, mar dat er dreaun wurdt troch in plichtsbesef, dat er oan syn heit ferskuldige mient te wêzen. De druk dy’t dêrfan útgiet is sá grut, dat er de oare kant fan syn heit – de geduldige roazekweker, de man dy’t sa rêstich skake koe mei syn pakesizzer – noait ûnderkende. En it liket derop dat krekt dy kant op Alex oergien is. Dêrmei jout it stik ek in byld fan it ferrin fan trije, sels fjouwer generaasjes; in byld mei sawol positive as negative kanten.
‘It Hûs mei de Roazen’ lit yn treffende, skerpe sênes stikje foar stikje de ûntwikkelingsgong en alle aspekten sjen, dy’t úteinlik Peter syn ûndergong ta gefolch hawwe, mar dy’t der ek ta liede dat de oare personaazjes foar in oar libben kieze. It bysûndere dêrby binne de suggestive, net-realistyske sênes, wêryn de taskôger suver binnen yn’e holle fan de haadpersoan sjen kin.

Cupido

Yn in soarte fan ‘Cupido-himel’ is de jonge aspirant Cupido Ludwine foar de njoggende kear foar har diploma opgien. Har mentor Reinwolde makket oan de ‘Oppercupido’ dúdlik dat se fan goeie wil is, al is se dan ek in knoffelkont. Lang om let krijt se de opdracht om yn in net al te dreech gebiet, Fryslân, har leafdeswurk út te fieren. Se moat dêr by goed oppasse foar de gefaarlike ‘Erositen’, dy’t de minskewrâld yn ‘e greep hâlde fan destruktive lusten.
Yn de folgjende sêne sjogge we in útblust stel oan ‘e moarnsbrogge. Harke is in trage, yn himsels kearde WAO-er, dy’t him allinne noch mar fermeitsje kin mei it oppoetsen fan syn brommer. Syn frou Tryn ergeret har allegeduerigen oan him, mar sa slim noch net as de buorfrou, dy’t de slopjanus wol sjitte kin. Yn dizze kontreien lit Reinwolde har learlinge Ludwine los. De minsken kinne har net sjen, mar wol fiele. It manljusbern Harke is har doel. Eart sy lykwols ta aksje oergean kin, komt der in Erosyt oansetten, in stronteigenwiis
fintsje dy’t it mar min sinniget dat hy hjir oan it wurk moat. As hy op ferkenning út is, ûntdekt Ludwine syn pistoal en fjurret dêrmei by fersin op Geeske, dy’t akút in hitsige belangstelling krijt foar Harke. De Erosyt is razend en wol it misbrûken fan syn pistoal korrizjearje troch middel fan Harke. Troch ûnhandich manoeuvrearjen fan Ludwine is it úteinlik Trynke dy’t al like smoar wurdt op Harke as Geeske. Harke naait út foar safolle froulik geweld.
Dan fangt Ludwine by fersin Erox. Se wit net wat se der mei oan moat, alhielendal net as Erox begjint te bewearen dat it noch net sa min is wat de Erositen dogge. Aldergeloks komt Reinwolde Ludwine te help, mar net foar lang. Ludwine moat Erox beweitsje, wylst sy om help út is. As se even letter weromkomt mei fersterking hat Erox Ludwine witten te ferlieden ta in tút. Om’t se har ynlitten hat mei sa wat minderweardichs as in Erosyt, ferliest Ludwine har status fan Cupido en wurdt se, krektlyk as Erox, minske…
Harke sjocht Erox foar in helpferliener oan, him troch syn frou op it dak stjoerd. Mei in ferlechje wit er him kwyt te wurden, mar Erox jout him noch al in goede rie, oer hoe’t hy froulju oanpakke moat. By Tryn wurket dit spitigernôch net mear en no is Harke der hielendal mei oan. Troch tadwaan fan Ludwine komme Tryn en har man der achter dat se sa dochs net mear echt lokkich wêze kinne en dat se der sels foar soargje moatte dat der wer wat leafde èn hertstocht yn harren relaasje komt.
Gees wit by einsluten de Erosyt oan de heak te slaan en Ludwine, dy’t der foar kiest om in ‘ûnfolmakke’ mins te wêzen, giet tenei troch it libben as psychologe.

Kommintaar:
In kluchtige komeedzje fol aksje, dêr’t op orizjinele wize de tsjinstelling tusken leafde en lust yn foarmjûn wurdt. Yn dit sjenre is de ferminging fan de realistyske wrâld fan Harke en de beide froulju, mei de fantasy-wrâld fan de ûnierdske wêzens wol apart. Hoewol’t de ferwikkelingen kluchtich útwurke binne, makket it téma fan lust versus leafde dat it stik wol earne oer gíet.

HB