Oan ‘e ein fan de asperzjetiid

Kittiy, Annie en Francien binne suskes. Annie hat mei har dochter Sophie in kapsalon.

Oant jongste suster Francien beslút de stêd te ferlitten en har suskes op te sykjen, liket der neat oan ‘e hân yn it rêstige doarp wêr’t de oaren wenje. In, foar it each, perfekt houlik foar Kitty, in op ‘e klippen rûn houlik foar Annie en hielendal gjin houlik foar Francien. Wylst de lêste asperzjes út de grûn helle wurde, makket âld sear romte foar nije pine.

Susters, memmen, dochters: famyljebannen dy’t net fuort te poetsen binne. Al besiket elk syn gong te gean, hjoed of moarn komme se elkoar wer tsjin. En as dit bart oan de ein fan de asperzjetiid kinne we fan ien ding wis wêze: de asperzjebêden binne net de iennichste dy’t leech binne.

Der hinget in man oan de lampe yn de keuken

In koart absurd toanielstik oer in frou dy’t alle dagen grientesop siedt foar de troepen, yn it lânsbelang. Har man, in sûch, giet alle dagen mei in aktetas fol belangrike papieren nei syn wurk. Wat er krekt docht wit de frou net en neffens him is it foar him en foar har better dat se it net wit.
Wylst se oan’t sopsieden is yn har keukentsje, knalt der in man oan in parasjute troch it plafond. De man wol dat de frou him losmakket, mar se fertroud him net. In kop sop kin er krije. As se him úteinlik al losmakket, mishannelt er har. In oerke letter komt der in soldaat yn har keuken dy’t op’e syk is nei de ferdwûne parasjutist. Dat blykt nammentlik in fijannige soldaat te wêzen en in moardner. Yn it lânsbelang moet er fûnwurde. Dan komt de man fan de frou thús fan syn wurk. De beide mannen komme te praat oer de oarloch en de fijannige parasjutist moat oppakt wurde. Se ferwachtsje dat de parasjutist werkomt en ferstopje harren yn de keukenkast. De frou moat spylje as wie se allinne thús. Dan kloppet de parasjutist op’e doar, hy wol deryn. Troch ferrie fan de frou ûntdekt er de beide yn’e kast. Hy nimt beide mannen ûnder skot mei nei bûten ta. Wylst se deasketten wurde, giet de frou troch mei sopsieden.

Earen sûnder takomst

Geert Beenen en syn frou An foarmje mei harren twa bern in trochsnee gesin mei normale takomstferwachtings. Dêr komt abrupt in ein oan as Bert fan syn húsdokter te hearren kriget, dat hy nei alle tinken syn gehoar ferlieze sil. Hy wurdt opstannich en it liket derop dat er al syn frustraasjes op syn frou ôfreagearret. It ûnferwacht ferskinen fan har earste grutte leafde bringt noch mear spanning tusken it stel. Neist problemen mei har man hat An ek problemen mei de libbenswize fan har dochter en de rabberij fan har skoansuster. De regelmjittige moetings tusken syn frou en har eks freon binne sawol Bert as de bern in stikel yn ‘e foet. As An, nei de safolste ûngenuansearre en pynlike snútslach fan Bert, yn de earmen fan har eks freon flechtet, betsjut dit dan de ein fan in lokkich houlik?

En al dy meuk

It libbensferhaal fan in jonge frou dy ’t hiel wat meimakke hat. Der is eins net mear mei har om te gean. Ut it dakleazesintrum wei lit se ús sjen hoe ’t har libben ferrûn is en hoe ’t it kommen is dat se sa wurden is. Hoe ’t se mei har broer wie en hoe ’t har heit har misbrûkt hat en dat har mem dêr net tsjin op koe. Har ôfgryslik rûch en grof taalgebrûk hat se nedich om harsels steande te hâlden yn it libben.

Linkerhânnen

Blus, in brave jonge, mar mei in grut minderweardichheidskompleks, komt as fakânsjehelp te wurkjen by de gruthannel ‘Hamer en Zaag’. De oare wurknimmers akseptearje dizze nijkommer net samar en op tal fan ferfelende wizen stelle se Blus op ‘e proef.
Junior, de tige mei harsels ynnommen dochter fan de baas (Chef), moat fan har heit ek by ‘Hamer en Zaag’as fakânsjehelp oan de slach. Dêr hat it bedoarne kring hielendal gjin nocht oan. Blus ken har fan skoalle. Hy ûntfermt him oer har, wylst ek Junior troch it personiel op ‘e proef steld wurdt. Dat makket him wat sterker. Mar Junior makket hjir misbrûk fan en rabbet oer him tsjin de oaren.
It docht bliken dat Blus wol ferkeaptalint hat. In foai fan fl.25,- hâldt er lykwols net foar himsels, mar stoppet er yn de personielspot.
Underwilens hat Zus tsjûge west fan grutte argewaasje tusken har âlden. Se flechtet nei Blus en prest him om jild út de kas te nimmen: se wol mei him fuort. Tige tsjin it sin fan Blus nimt er de fl.25,- út de personielspot werom en praat mei har ôf yn ‘e stêd. Hy moat earst noch ôfslute. Mar Junior is ek noch yn it gebou. Sy biedt oan om ôf te slûte. In bytsje erchtinkend jout Blus har de kaai.
De moarns ropt Chef it personiel byinoar: der is fl.100,- út de kas stellen! Om’t Junior harsels wit frij te praten, wurdt Blus fertocht. As Blus oan de baas besiket út te lizzen hoe’t echt wie, falt dat folslein ferkeard. Hy krijt dien.
Zus besiket him te treasten, mar Blus is lilk op har en nimt it beslút om foargoed út te naaien.
It tema fan dit flotte, net-psychologyske drama is peste. It is foaral geskikt foar jongerein fan 12 oant 18 jier. Mei musyk soe it ek in moai spektakelstik wurden kinne.

It spoar op Hatsum

Ynspiraasje-boarne fan dit stik wie ‘Menanchii’ (De Twalingbroers) fan de Romeinske skriuwer Plautus.
Fierder (noch gjin beskriuwing).

Frisia Ave

Kening Freark en Keninf Melle, wenje mei frou en bern op in terp yn it noarden fan Fryslân. Se kinne mei muoite de fuotten droech hâlde. Eins is it gjin wurk. Se wolle dan ek graach earne oars wenje. Fan hearren en sizzen witte se dat der net ien yn it Goai wennet. De Romeinen ha dit stik lân beset. Net ien mei der wenje. Freark en Melle beslúte nei keizer Nero yn Rome te gean, om him te freegjen oft se yn it Goai wenje meie. Us friezen gean nei Rome. Dêr treffe se Ceasar Nero. Fan him hearre se dat it net tastien is yn it Goai te wenjen. Allinne as se better sjonge kinne, meie de friezen in stikje eigen grûn. Fansels winne de friezen Frisia cantat! Se sjogge letter pas dat se tastimming krigen ha om oan’e Boarn te wenjen, it lân dat se al koenen.

NB
Opfierd as Berne-iepenloftspul; première 16 juny 1995 yn Winsum.

It BBB wurdt better

Prof. Hans de Boer wol jild fertsjinje mei it meitsjen fan Turbo-bisten. Dit binne bisten mei in ekstra DNA fan himsels. Se wurde “turbo” troch it DNA en it iten fan spesjale paddestuollen. Mei help fan robots en de fee besykje de kabouters, de bisten en de bern de professor oars te programearjen sadat er mear om’e natuer jaan sil. Fansels slagget dit.

De trein

Yn in stilsteande trein anno 1995 sitte in âldere man en syn frou, allebeide fan Joadske komôf. Troch it stilstean fan de trein geane syn gedachten werom nei it jier 1943, doe’t hy, ek mei syn frou, yn in stilsteande trein siet. Mei flash backs.
Dizze ienakter is fertaald yn it Dutsk, Ingelsk, Hebreeuws en Frysk.

By de skoalledokter

Skoalle-ûndersyk op in doarp. Dokter is lang net by de tiid en giet suchtsjendewei oan’t wurk mei lestige bern en tipelsinnige âlden. Suster wit him wat op te monterjen mei in nij soarte pillen, dy’t him mar wondere skoan smeitsje. Mar hy hâldt it der net mei op fuotten en tewyl’t er mei de lêste pasjinten ôfweeft, siicht er der hinne en leit langút oer de flier. En suster hat sels ek al tefolle fan’e fitaminepillen snobbe, dat sy leit fuortdêrnei like slop neist him. Sadwaande de rop fan’e oerbleaune pasjinten: “Is der ek in dokter yn’e seal?!”

Try-out

It toanieltsje fan in doarpshûs stelt in sliepkeamer foar. Amateurspilers binne noch drok dwaande mei de tariedings as de foarsitter syn praatsje hâlde wol. Dan giet it gerdien op en sjogge wy in sliepkeamer. De man fan de omballings sjout noch mei in toiletpot om, dat hielendal klear is de saak noch net. De spilers hawwe it der efkes letter tige dreech mei om it publyk op in frijsêne te traktearen. Grappige diskusjes oer wat toanielspyljen no eins wêze moatte soe wurde ôfwiksele mei oandwaanlik gewraksel.
In tige aardich skreane parody op it hâlden en dragen fan in amateurtoanielploech.
It stik is útjûn troch de Koperative Utjowerij yn Boalsert as ‘Ljochtmoanneboekje’.

De kat en it spek

Linda en Johan hawwe jildsoargen. Johan wurket net, mar mient dat hy it jild wol fertsjinje kin troch mei te dwaan oan slachsinnen en spultsjes. Dan is Evert der ek noch, de broer fan Johan. Evert is ferslave oan it beljen fan 06- nûmers. Dêrtroch hat hy no in aardich kontakt mei in 06-famke, Wanda. Om Evert in gat troch de noas te boarjen, hat Vera, in freondinne fan Linda, har ferklaaid as Wanda en komt del. Krekt as Johan op it punt stiet om twa miljoen te winnen wurdt de tillefoan ôfslúten. Underwilens naait Linda út mei Anton de molkboer. Johan wurdt syn hûs útset om’t hy de hier net mear betelje kin. Hy siket syn heil op strjitte en dêr moetet hy Astrid. It docht bliken dat it Wanda wie, dêr’t syn broer altyd mei prate. Johan jout him út foar Evert en sa fynt Astrid de man dêr’t se al salang fan dreamde.

Duvels!

15 ferhalen, basearre op Fryske folksferhalen út DE HELD EN DE DRAEK (ferteld troch Roel Piters de Jong en sammele troch Ype Poortinga), dy’t allegear wat te krijen hawwe mei duvels. Reade tried is in famke dat in âlde ferteller moetet. Dy liedt alle ferhalen yn en praat se oan inoar. De sênes soene lykwols ek op harsels spile wurden kinne.
It tal personaazjes kin oanpast wurden.

De generaasjekloof

Generaasjekonlikt tusken heit (eartiids in ferneamd fuotballer) en de al hast dementearjende beppe, dy’t sa no en dan noch wol goed by de tiid is. De heit hat foaral argewaasje mei syn soan, dy’t tegearre libbet mei in oare jongen. Hy kin syn heit net oan it ferstân bringe dat dat net is om’t de hier sa leech is. Ek de dochter hat it net sa op harren heit. Fierders is der ek noch in plysjeman fan bûtenlânske komôf.
In stik dus oer foaroardielen en by de tiid libjen.

It seebern

Oseano is lang lyn oanspield op de terp fan it Jirpelwiif, sy hat him rêden en fan doe ôf foar him soarge. Op in goede dei hat Oseano in banaan iten fan Knoop en is dêrtroch ûndogensk en nijsgjirrich wurden; hy naait út. It jirpelwiif jout Knoop de skuld dat Oseano fuort is, se tinkt dat Knoop Oseano meinommen hat. Oseano giet de see oer en moetet Fortunata. fortunata hâldt fan Oseane. It jirpelwiif en Knoop geane mei in skip de see op om Oseana te rêden. It Moannewiif sil harren it paad wize. Krekt as sy fuort binne, komt Oseano werom op de terp fan it jirpelwiif. Uteinlik giet Oseano werom nei Fortunata, se hâlde fan elkoar.
Dit stik is fragmentarysk fan opset en poëtysk skreaun, mei in soad byldspraak.

Poalsk blau

In man docht wittenskiplik ûndersyk nei it gedrach fan guozzen op ‘e Noardpoal. Syn frou Aly is ek mei, mar dy hat it dêr eins hielendal net nei ’t sin. Se sit meastal yn ‘e hutte, wylst Henk foar syn ûndersyk guozzekeutels telle moat.
Sa no en dan komt der in nijsgjirrige iisbear del, dy’t se Kees neamt; de helikopter dy’t foarried bringe moat is har hâldfêst om hjir miskien dochs te ûntsnappen… Want tusken Kenk en Aly is it iis of fjoer en se wurdt hinne en wer slingere tusken oanlûken en ôfstjitten.
Mar alle foarnimmens fan Aly om in oare rjochting oan har bestean te jaan – sûnder Henk – fersûpe yn boarterij en fantasy. Wat foar sin hat it om har libben foar in oar op te offerjen? Gjin; mar hoe dan fierder?