Roet

Lysbeth wurdt 85 en har dochter Rita ferrast har mei in wykein yn in bungalowpark. Ek de rest fan de famylje is oanwêzich. De mieningen oer it nut fan dit wykein rinne nochal útien.
Lysbeth hat Alzheimer, sadat it hiele “feest” oan har foarby giet. Boppedat krije de bern hieltyd spul mei elkoar. Der wurde hiel wat diskusjes fierd, ek at Lysbeth der by is, oer .ûo net opromme boartersguod, smoke, earder ophâlde mei wurkjen, smetfrees, eutanasy en hinnepoaten

En wy bliuwe ek te sliepen

Yn in pân oan de Weteringsstrjitte wenje fjouwer kreakers. De eigner fan it pân wennet tegearre mei syn frou en twa dochters yn in grutte filla oan de oare kant fan de stêd. As op in dei ien fan de kreakers de beurs fan de dochter fan de eigner besiket te stellen en sy him betrapet, komme se mei elkoar yn petear. In stikmannich dagen letter bringt de mem in besite oan it kreakpân, om de kreaker te fertellen hoe’t sy oer him tinkt. Nei it smoken fan in joint en it drinken fan in pilske noeget de mem (stoned) de fjouwer kreakers foar in slokje, iten en in nacht te sliepen út. It fjouwertal makket hjir mar al te graach gebrûk fan.

Suite London

Alle 4 tafrielen (mei ferskillende minsken) spylje har op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn London.
It earste tafriel giet oer Brian en Billy. Billy hat jierren it jild fan Brian, dy’t in suksesfol skriuwer is, ûnder syn behear hân, omdat Brian him der net foar ynterssearre. No’t de bankrekken fan Brian yn ien kear leech wie, ropt hy Billy op it matsje.
It twadde tafriel giet oer in mem en in dochter dy’t tegearre winkele ha yn London. Mem is al jierren widdo en eins wol de dochter har wol koppelje oan in freon dy’t ek yn it hotel útfanhuzet. Mem giet wol mei him út mar bycht letter oan de dochter op dat se al in freon hat.
It tredee tafriel giet oer Diana en Sidney, dy’t earder man en frou wiene. Hy is biseksueel en de lêste jierren mear de homoseksuele kant it neist. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet.
It lêste tafriel giet oer Mark en Annie. Sy ha kaartsjes foar Wimbledon en it liket allegear tige te slagjen. oant se op de keamer komme en blykt dat de kaartsjes wei binne, se binne net te finen. De iene jout de oare de skuld. Annie rint lilk fuort en it sjit Mark yn de rêch. Hy kjirmet it út en Annie is der net om him te helpen. Der komt in dokter by, mar dy sjit it ek yn’e rêch. By eitsjebeslút fynt ien de kaartsjes, mar se ha der neat oan omdat Mark op bêd bliuwe moat fanwege syn rêch.
NB Sjoch ek nei ‘Suite hotel’ fan Neil Simon.

Reade roazen

(noch gjin beskriuwing)
NB Oer de rjochten sjoch by:
VRIES, Pyt de, ‘Kalm bliuwe’.

Inkele reis noardpoal

Mefrou Sara hat alle kunde, fan har en har man, útnoege dy’t se net lije mei. It is de bedoeling dat se in nacht oerbliuwe. Alteast dat tinke de gasten. Mar Sara hat yn’e mande mei de butler wat betocht. Se litte de besite leauwe dat der in moard plege is op de skriuwer dy’t komme soe te sprekken. As de tillefoantried stikken blykt te wêzen en de keamersdoar op slot, komme de karakters ynienen hiel skerp út de ferve. Negatyf. Suver triomfantlik en hiel tefreden dat se dizze besite net wer út hoecht te noegjen, lit mefrou de gasten op’e ein ôfsette.

Mei de Frânske slach

Bob Kuiper fiert syn jierdei, sadwaande binne hy en syn frou Ellen drok yn’t spier om it túnfeest ta te rieden.
Syn eks-frou jaget de boel lykwols yn’e bulten en it hat der oan dat Bob syn Ellen hâlde sil…

De dream

Jildou en Jochem binne troud en hawwe ien soan. Jochem hat op it stuit gjin wurk en is drok oan it sollisitearjen. Dat wol allinnich net sa bot slagje. Hy spilet yn in band en yn syn dreamen is er in grutte stjer. Hy dreamt oer bjusterbaarlike optredens en moaie froulju. Mar as de wekker giet wurdt hy wekker yn syn deistiche libben.

It pompeblêd-net

It stik giet oer de machtstriid tusken trije t.v. netten. Alle trije wolle se hiel graach dat Manina, in soarte fan alternatyve dokter, in rubryk docht op harren net. Elk wolle se dat se it kontrakt tekent om’t se it measte te bieden ha. De minsken fan de trije netten, it wite-, it blaue- en it reade net, dogge dit mei in eigen flair en brûke hjoeddeiske útdrukkings: Tsjakkaa!, tiid is jild, Hoppa!
Troch dit ferhaaltsje hinne spilet it ûngemak fan Beppe Romkje, beppe is sa ferjitlik de lêste tiid en Manina moat har helpe fine de beppesizzers. It gefjocht om Manina smyt úteinlik foar read, wyt en blau neat op, want se kiest net. Se lit se allegear opdrave want it monopolyspultsje, dêr’t Manina, Elke en Jelke sa graach mei spylje is fuort. Alle trije woene se graach ” it monopoly” ha. It is werom fûn yn’e reade studio en wat hat dat te betsjutten wolle Manina, Elke en Jelke witte! Manina beslút, dat se mar om har monopoly spylje moatte. Wa’t dat wint krijt har rubryk. Beppe wol de “bank” wol wêze. Se wurde sa wurch en kinne de kop dernet mear byhâlde en beslúte lang om let om mar ien net te meitsjen, mei trije kleuren. Elk sjocht dit sitten en de taken en rubriken wurde fuort ferdield. It gehiel wurdt opfleure mei ferskes troch in soarte fan “omropkoar”.

Nachtkij

Ferhaal oer in boeresoan dy’t net oan’e faam komt. It stik spilet him ôf oer in tiidrek fan likernôch tritich jier, fan de jierren 50 oant 80, en foar it grutste part op’e pleats fan in strang protestantse húshâlding. De dominante heit is swijsum, de mem folchsum. De soan hat him yn himsels werom lutsen en hat allinich nocht oan de keuring fan syn bolle. As syn heit en mem in faam nimme om de soan oan in frou te helpen, rint dat folslein op’e non. Men tinkt dat de soan homoseksueel is (wat net sa is) en hellet dûmny derby. As heit stoarn is giet de soan nei it bûtenlân op feetransport (mei de ‘nachtkij’).
Troch de soan jout dit stik net allinich in byld fan in yn himsels keard fermidden mar ek fan de ûndergong fan it boerelibben yn in slim feroarjende wrâld.

Nanigo

Jeltsje wennet mei har soan Sjoerd allinne. Sjoerd is in fanatyk drummer en syn mem is in grutte ‘fan’ fan him, oant se genôch fan’e herje krijt. Mem en soan hingje bot oan inoar, mar kinne elkoar faak ek net mear snuve hearren. De freon fan Jeltsje, Wabe, hat it der wakker dreech mei. Oan de iene kant wol hy dat Jeltsje der ek foar him is en harsels net op’e kop skite lit troch dy dwerse puber. Mar dan stiet Jeltsje fjouwerkant efter Sjoerd. As Wabe der lykwols yn slagget om freonskip mei Sjoerd te sluten, fielt Jeltsje har wer bûten sletten. Stadichoan is Sjoerd dwaande om himsels los te meitsjen fan syn mem, wat op it lêst ten koste giet fan har ferhâlding mei Wabe.

Feesttinte op’e merke

Wander is in ynfalide man fan omtrint 60 jier yn in rolstoel. It is merke. Efter it poadium sjongt er op’e muzyk fan it ‘Hollandia Combo’, mei ûnkontrolearre gjalpen. Servearster Monica hellet him oer om ek wat te sjongen op it poadium. Hy wol it dwaan foar in tút fan har. Wylst Wander sjongt kin de sjonger fan it Combo net mei syn hânnen fan Monica ôfbliuwe. Monica nimt wraak troch it bierglês fan de sjonger fol te jitten mei de pis fan Wander. Mar as Wander op syn beurt syn tút opeasket wurdt it har tefolle. Yn in wylde dûns reageare beiden harren frustraasje ôf: Wander om’t er gjin seks krije kin, Monica om’t se gjin leafde krije kin.

NB
‘HERTEJACHT’ bestiet út tsien sênes fan hieltyd twa personaazjes (útsein sêne 1, 4 en 10), dy’t meiinoar in keatling foarmje oer de langstme nei leafde, tederheid of seks: ien fan de twa personaazjesspilet ek wer yn de folgjende sêne mei in oar personaazjes dat dan sels wer yn de dêrop folgjende sêne spilet, ensfh. Dizze struktuer is basearre op ‘Reigen’ (‘Peardûns’) fan Arthur Schnitzler.
Dizze fariant is yn opdracht fan Tryater skreaun troch tsien skriuwers en troch dit selskip yn 1997 opfierd. De sênes kinne lykwols hiel goed ‘los’ spile wurde. Rjochten moatte oanfrege wurde by Tryater yn Ljouwert of by de skriuwers.

MONICA komt werom yn ‘Pikmarboulevard’ fan Wilco BERGA.
WANDER yn sêne tsien fan Tsjitske de BOER, ‘Yngong feesttinte’.

Treast mei sûker en molke

Dit stik spilet yn in sikehûsrestaurant, dúdlik it plak dêr’t de bûte- en de sikehûswrâld byinoar komme. De spilers hearre dan ek òf yn de iene, òf yn de oare wrâld thús; útsûndere Anneke, de barhâldster, omdat se eins wol by ’t sikehûs heart en dochs gjin pasjint is.
Sy en har man Frâns ha in 14-jierrige soan dy’t by in jeugdbinde sit, dy’t geregeldwei de buert tiranisearret. Anneke heart fan alle kanten dat it gjin wûnder is dat bern ôfglide nei de kriminaliteit as beide âlders sa noadich wurkje wolle! Fansels wurdt úteinlik bekend dat har soan by dy binde sit en ynstee fan dat sy hieltyd pasjinten treast jout mei goede wurden en kofje, helpe dy har en har man. En tank sij in aardich freondintsje liket harren soan dochs ek it goede paad werom te finen.

Melotte yn de mist

Yn ‘e útbuorren oan ‘e feart wennet in lytse mienskip, wylst de jongerein dère in caravan brûkt as jeugdhonk. Tsjibbe Jongedyk besiket yn syn hok in âlde melotte melkmasine wer oan ‘e praat te krijen. Hy wurdt troch in elk dy’t dêr wennet of omstippet, steurd by syn wurk en sa wurde de taskôgers belutsen by it hâlden en dragen fan de mienskip. Tsjibbe is der net mei op ‘e hichte dat Melotte har yn de foarige ieu yn it fean sakje litten hat mei de tekeningen fan de hjoeddeiske masines: Sy woe it minsdom hoedzje foar lawaai en wurkleazens!
As de tekeningen ferbrând binne, sil Melotte rêst krije, oant sa lang moat se as spoek omdoarmje… Trije etno-argologen binne fan dit foarfal op ‘e hichte en piele wakker om mei in detektor. By eintsjebeslút komt it spoek foar ’t ljocht en kinne de papieren ferbrând wurde. Tsjibbe kriget syn melotte oan ‘e praat en seit de mienskip farwol.
NB Skreaun as jubileumstik foar De Tynje. Soe bglks ek as iepenloftsik spylje wurde kinne.

Sear

It tema fan dizze koarte ienakter is: hoe ferwurkje âlden it ferlies fan in bern… It dramatyske fan dit stik bestiet út de emoasje dy’t it praat fan de man en, foaral, fan de frou opropt. Sy wol alles wat oan harren jonge tinken docht oan kant dwaan, mar hy hat dat lykwols noch nedich om syn ‘sear’ te ferwurkjen. Tegearre prate se der wol oer, mar se hearre net echt nei elkoar, sadat it op spul útdraait… oant se wer frede slute. Se komme wer ta harren sels, mar it ferlies bliuwt, dêr sille se mei fierder libje moatte.
Geskikt foar in ienakterfestival.

Wingelsma

Op moandeitemoarn komt it persoaniel fan it kantoar stadich op gong. Harren sjef hat him noch net sjen litten en as it jongste famke him in kopke kofje bringt sjocht se him heal neaken en dea op ‘e flier lizzen. Wingelsma syn sekretaresse wit wat der de freeds dêrfoar bard is en se noeget de beide oaren út om, mei har, nei te spyljen wat sy meimakke hat.
Sa komt de taskôger te witten dat de sjef wolris wat oars woe as mei mefrou Beverdam prate oer it wurk. It docht bliken dat sy him derta krigen hat de rollen om te draaien, sy ‘baas’ en hy ‘hearrige’. Dat is sa út ‘e hân rûn, dat de sjef der yn bleaun is…
In oanrieder foar wa’t ris wat oars wol as in sljochtweihinne blijspultsje.

Spultsjes

Eabe en Anneke (spantsje) en Gryt sitte harren yn in kafee te ferfelen. Eabe tysket wakker mei syn sigarette-oanstekker om, de froulju jeuzelje mar wat. Dan stelt Anneke foar om in spultsje te dwaan: riede wat de man, dy’t oan ‘e bar sit, docht, oft er troud is, hoefolle oft er fertsjinnet en al soksoarte fragen mear. It rint wat út ‘e hân en de man fernimt dat hy, sûnder der yn kend te wêzen, yn harren spultsje behelle wurdt.
Op in stuit seit er dat hy mei harren ek wol in spultsje dwaan wol. In frjemd spultsje: gokke om ‘e trouring fan Eabe en noch slimmer: om Eabe syn pinke! Hy set dêr f. 1.000,00 èn syn nije auto foar oer… Anneke wurdt bang en ek Gryt stiet it net; dy set ôf. Mar Eabe wol net lyts man wêze en giet it aventoer oan, dat – krekt op ‘e tiid – troch tuskenkomst fan de man syn oare helte, noch goed beteart. Sy is it libbene bewiis fan wêr’t ferslaving ta liede kin!…

Ik sei: “kofje”

Grytsje wennet mei har mem en har omke, dy’t geastlik net hielendal ynoarder is. Dat is sa kaam troch in autoûngelok dêr’t har heit by omkaam is en dêrom ek binne mem en dochter wiis mei omke.
Nei in feestje nimt Grytsje har thúsbringer mei nei har keamer om noch even nei te praten; sy wol in bakje kofje sette, mar ‘freon’ Kees hat wat oars yn ’t sin. As hy har tenei komme wol ropt Grytsje omke om har te helpen. Kees slacht omke bûten westen en hy set har ûnder druk: se mei neat fertelle, oars sille der rare dingen barre.
Mem tinkt no dat omke gefaarlik is foar har dochter en regelt dat er opnaam wurde sil yn in tehûs. Ek dan doart Grytsje noch net te fertellen hoe’t it sit en dêrom makket omke him fan kant, en dan sjit sy har thúsbringer dea.