De ferbouwing

Ylka en Thomas, litte harren hûs ferbouwe yn de hope harren houliksproblemen fuort te timmerjen. Der moat in muorre komme om inoar net sa op ‘e nekke te sitten. In muorre om kommunisearje bliuwe te kinnen. Twa ferbouwers fiere de opdracht út. Al moannen binne se der drok mei om’t de plannen hieltyd op ‘e nij wizige wurde. Oant hoe fier moat de muorre rinne? Mei Ylka Thomas sjen kinne as se fan de trep ôf komt? Wa beslút wêr ’t it doarke fan de meterkast komme moat? Der komme hieltyd mear barsten yn de gearwurking tusken de opdrachtjouwers en de útfierders. En tusken de baas Ben en syn help Mike, mar foaral tusken de yn in midlifekrisis sittende Ylka en Thomas. Echt fout giet it pas as Thomas it krekt skuorre doarke werom ha wol op it oarspronklik ôfpraten plak. De ferbouwing groeit út ta in metafoar foar al it fergeze knutseljen oan in net wurkjend houlik.

Fred

Mary hat krekt har man begroeven. Se wennen tegearre by Paula yn. De trije-ienheid, wer’t elk syn neuroazes beskerme liken is no fersteurd en de gleone Mary wol neat leaver as wer in man yn ‘e hûs. Dat wurdt de sleauwige Arthur, dy’t him ûntwikkeld as in gefaarlike gek mei in memmekompleks. Hy fersterket de ferwidering tusken de sjagrijnige Mary en de trage Paula.

Heksesabbat

Fjouwer froulju binne om en by de fyftich, fit en modern. Se probearje twa kear yn ’t jier in kear byinoar te kommen, mar de perioade wurdt gauris wat langer. Dizze kear wie de beurt fan Marchje.
Johannes, Marchje har man, is yn earsten stoarsinder en lûkt him fan regels, fan gastfrijens neat oan. Hy is oan ien side ferlamme troch in attaque en dat hat syn karakter, dat dochs al erchtinkend en de noartske kant neist wie, noch fierder negatyf beynfloede.
De froulju hawwe it drok mei harsels, fine Johannes in klier, hawwe in protte wille, binne in bytsje tè oerstjoer miskien, te lakerich, te obsternaat, tè fan fan alles. Geane ek oerein om wat te besjen as dat yn har opkomt, se ha út en troch ris in opstiging, se fiele har thús by har freondinne.

De Toverring

Dimitri moat fan syn mem fan it lêste jild dat se ha moal keapje.
Mar de earste kear komt er mei in hûn (Zjoerka) thús en de twadde kear mei in kat (Vasjka). Syn mem jaget him fuort, syn bistefreonen geane mei.
Dimitri komt by in pope en dêr wurket er trije jier. As beleanning kin er kieze tusken in sek sulver en in sek sân, Dimitri kiest foar it sân.
Letter, yn de bosk, sjocht er in famke by it fjoer sitten. Sy freget him om it sân oer it fjoer te struien; sy feroaret dêrtroch yn in slange. De slange fertelt dat se de dochter fan in ûnderierdske tsaar is en freget him om har nei hûs te bringen. As beleanning moat er de toverring freegje dy’t har heit om de pink draacht.
Sa bart it ek en mei in leppel toverdrank binne se gau werom.
Dimitri betinkt dan dat er mei de dochter fan de kening trouwe wol, en mei help fan de toverring slagget him dat ek.
De prinsesse besiket achter syn geheim te kommen. As hy har de ring jout, rekket er syn frou en syn prachtich paleis kwyt en bedarret er yn de finzenis.
Syn trouwe freonen Zjoerka en Vasjka helpe him. Se reizgje foar him nei it Mûzeryk, dêr’t de prinsesse hinne flechte is en komme mei de toverring werom.
Sa krijt Dimitri syn moaie paleis werom, dêr’t er mei syn mem en syn bisten noch lang en lokkich wennet.

De lêste rychjes fan ús gekke mem

“Lêste rychjes fan ús gekke Mem” giet oer de ynfloed dy’t de sykte fan Alzheimer hat, op de relaasje tusken âlder en bern. It lit op hylaryske, faak oandwaanlike wize de humor yn de trageedzje sjen, sûnder de earnst fan de situaasje fuort te nimmen.
Mem jout allinne om lintsjes en strikjes, lykhâldende tiidwurden en it har hâlden, oan in sekuer deiroaster. Dot brûkt galgehumor om de grimelgrammel yn har Mem har brein útinoar te tiizjen. Tegearre wrakselje se mei Mem har ûnûntkombere ôftakeling, wylst Zus telefoanysk advys jout.
Mem har bewustens komt en giet. Mem en Dot besykje begryp foar elkoar op te bringen, troch in mannich foarfallen fan eartiids op ‘e nij te belibjen. Dit bringt se, ta har eigen ferbazing, úteinlik nei in bestimming fan treast.

Pake yn ‘e kast

Romme fan fjouwer hat syn pake yn de kost: ek letterlik yn in kast. Pake kin net mear op himsels passe, en pakesizzer Romme fersoarget him sa goed sa kwea. Pake hat de kast fol mei foarwerpen dy’t it ferhaal fan syn libben fertelle: sy binne basearre op de ferhalen fan Romke de Leeuw dy’t it stik 170 kear foar Tryater spile. Pake kin geweldich toverje en gûchelje, mar as er it wetter rinne lit en lang om let yn de broek docht, giet it Romme oer de hege skuon. Pake docht syn lêste gûcheltrúk: hy ferdwynt yn de kast, en Romme makket regaad yn Pake syn dierberheden.

Iensum yn Ierlân

De twa bruorren Coleman en Valene Connor libje allinnich yn it âlderlik hûs nei de dea of moard fan harren heit, it hinget der mar fan ôf oan wa’t je it freegje. Se kinne net tegearre libje sûnder algeduerigen út te barsten yn rûzjes mei geweld oer de meast ûnbenullige en ûnskuldige saken. Pastor Welsh of Walsh, it hinget der mar fan ôf oan wa’t je it freegje, is nij yn dit troch God ferlitten doarp oan de Ierske westkust. Sûnt syn kommen hat hy al trije moarden en in selsmoard meimakke.
Sels de famkes fan it fuotbalalftal slagje der algeduerigen yn harren tsjinstanners it sikehûs yn te skoppen. Pastor Welsh besiket lykwols syn parochianen op it rjochte paad te hâlden. Hy fielt him ferplichte de bruorren mei inoar yn it lykwicht te bringen foardat it einiget yn in bloedbad.

In skelet yn Ierlân

In doarp mei al syn yngrediïnten. Elkenien kin elkoar en foaral elkoars geheimen en langstmen. Der wurdt rabbe mar noch mear kweasprutsen. Der hearsket wurkleazens. Wa’t noch it lef hat om syn dreamen nei te jeien , giet nei it bûtelân: it rike part fan West-Europa, of Amearika. Mar sy dy’t net mear fuort kinne, wolle net allinnich efterbliuwe: elk middel wurdt tastien om de lêste trouwe doarpsbewenners thús te hâlden. Dat sprekt foar himsels. Foar wa’t syn neisten te benearjend fynt, is moard fansels de ienichste útwei. Dat sprekt foar himsels. Om ‘e nocht siket de polysje nei moardners. Om ‘e nocht besiket de jonge, oan alkohol ferslaafde doarpspastor syn parochianen fan moard ôf te hâlden.
“In skelet yn Ierlân” giet oer it swarte bestean fan de pleatslike deagraver dy’t sûnder ienich moreel besef libbet.

Saakje

In âlde frou sit allinnich en ûnwennich yn in âldereintehûs. Se hawwe har krekt ferhûze en no wol se graach allinnich wêze om alles yn har omgean te litten. Se freget har wol ôf, werom it sa wêze moast dat se sa lang allinnich libbe. ‘In raadselen wandelt de mens op aard…’ Stadichoan kringe de bylden út it ferline nei boppe: oer har man Sybren, har mem, har bern, de tiid op de buorkerij. It pynlikste fan al dy oantinkens is it momint dat se fergees wachte op har man, doe ’t se swier wie fan har twadde bern en doe it berjocht kaam dat Sybren in deadlik ûngemak krigen hie.

It erfskip fan omke Gerben

It wiere aard fan in mins komt pas echt boppe as it giet om erfenissen. Emoasjes kinne heech oprinne. Net om it fertriet om it ferlies fan de dierbere mar om it ferpatten fan de neilittenskip. Hoefolle famyljes binne der al net út inoar fallen troch rûzjes oer erfenissen? Joute Turkstra hoecht dêr net bang foar te wêzen as hy erft fan omke Gerben. Hy is nammentlik de ienichste erfgenamt. Omke Gerben wie nammentlik net troud en hie gjin bern. Joute hoecht neat te dielen, alles is foar him. Ien besite oan de notaris en alles is regele, tinkt er. Mar sa ienfâldich is it net. De notaris hat in grutte ferrassing foar Joute. De eksintrike omke Gerben hat ien betingst oangeande de erfenis. Dit wurdt in dreech beslút foar Joute. It jild is oantreklik mar sit earne oan fêst wêr’t Joute net op sit te wachtsjen.

Op knibbels yn ‘e kroech

Dizze revu ‘Op knibbels yn ‘e kroech’ spilet him ôf yn in kafee yn samar in doarpke op it plattelân fan Fryslân. Samar in kafee mei in kroechbaas en syn frou en fansels mei syn eigen stamgasten.
Troch de wike bart der net folle yn it kafee, mar wykeins kin it der soms raar om ta gean. Ek dizze freed en sneon, it tiidsbestek weryn de revy spilet, gebeure der wer ûnferwachte dingen.
De reade tried yn dizze revu is it ferhaal fan Gurbe, wat troch in liet ‘fertelt’ wurdt. Derneist binne der sketskes en lieten welke gean oer de gebeurtenissen die ’t him, neist it ferhaal fan Gurbe yn de kroech ôfspielje.

Hanenbuert

Twa manlju lizze yn it sikehús mei deselde kwaal: polipen yn de blaas. Jochem Akkerman is in boer dy’t der mar net ta komme kin syn buorkjen oer te jaan: hij is boer want dat is hy en dat wol hy bliuwe. Hubertus de Leeuw is in breakriuwer dy’t syn hiele libben beslút nei beslút nommen hat. Yn it earstoan is Jochem slim ûnnwennich yn ti sikehús, mar troch de operaasje, it aonfiterjen troch Hubertus en de ûnferwachte achtergrûn fan de Antilliaanske ferpleechster kin er beslute syn pleats op te jaan.
Humoristysk folkstoaniel mei rollen dêr’t goed byt oan sit.

It spoekkastiel

Boeven ha de baronesse en har soan yn’e macht. De baron is lyts man makke troch it sizzen dat, as er net docht wat sy fan him easkje, syn frou en soan it der net libben ôfbringe sille. Mei help fan fakânsjegongers dy’t foar spoek spylje en de plysje wurde de boeven by eintsje beslút ûntmaskere.
It stik is sa ynelkoar set dat heiten en memmen der niget oan ha sille. Foar bern is it fansels prachtich om as spoek, plysje of deftige baron of baronesse te spyljen.

It roekehoekje

Yn moadewinkel ” It Roeke-hoekje” is foar de tredde kear ynbrutsen. It is in elk in riedsel wa’t de dieven binne. De fersekering bynt de eigner op’e hert in alarm oan te skaffen, oars wurdt er út’e fersekering wipt. De plysje docht har bêst (mar is net al te snoad) sadat by eintsjebeslút it persoaniel mei de eare en de beleanning striken giet.

De stiennen ûlebuorden

Nei in sêge mei deselde namme. Op it houliksfeest fan in jonge boer en syn frou, ferkynt (net sichtber foar de gasten) in duvel. Dizze wol de siel hawwe fan Jan Minnes, de jonge boer. As dy net tajout oerkomme him en syn frou allegear rampen, wat ek ta frijwat trelit laat ûnder de fammen en feinten dy’t op de buorkerij arbeidzje. Syn rie te’n ein lit Jan him ferliede ta in pakt mei de duvel: dy sil in ien nacht in nije skuorre – mei ûlebuorden – opsette, foar it kraaien fan de hoanne. Jans siel sil dan letter foar de duvel wêze. As de frou fernimt wat der mei Jan oan’e hân is, lit se fluch de hoanne kraaie en alles is rêden.
It stik jout in libben byld fan hoe’t it der eartiids op in grutte pleats om en ta gong.

Goud út strie (of Reppelstaltsje)

Bewurking fan in (toaniel)bewurking fan it bekende mearke oer it famke Reppelstaltjse (Repelsteeltje).
Yn dizze bewurking sitte ek in tal lieten foar koar. De koarleden kinne ek as figuranten meispile.

Yngong feesttinte

By de yngong fan in feesttinte sit Wander, in âlde man yn in rolstoel. Hy heart in âld stel oer him rabjen, hy sjocht hoe’t in dronken troude man it mei in oare frou oanleit en hoe’t twa dronken pubers ynoar besykje te fersieren, ensfh. Stikem makket Wander foto’s fan elkenien. Renate, in transeksueel, sjocht dit, krijt syn karre en pleaget him. Wander moat hjir neat fan hawwe. Mar Renate, dy’t wit dat Wander net sa’n ‘outsider’ is as sysels, wint syn sympaty mei har plan. Sy wol elkenien fersiere en Wander makket dan foto’s. Renate frijt him op, mar smyt him ek foar de fuotten dat dy earme Wander yn syn rolstoel allinnich “wit fan nimmen, net fan krijen en al hielendal neat fan jaan”.

NB
10e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurde.
RENATE komt ek foar yn ZIJLSTRA, Antine – ‘Stasjon’.
WANDER komt ek foar yn HOEKSTRA, Lolkje, – ‘Feesttinte’.

Middelpunt Fryslân

Keunstner Goasse sit mei in brutsen spegel fan in trekker midden yn it lân. Mei in stik tou besiket hy de oanriding te rekonstruerjen. Dan komt boer Reitse op, ek mei in brutsen spegel. Hy is homo, seit er. Goasse ek. Boppedat is er in keunster dy’t it middelpunt fan Fryslân siket op de hynstegreide fan boer Reitse. De twa kinne it goed meiïnoar fine en nei in koart ferbliuw yn it tintsje fan Goasse (‘sex is in glês wetter’) besegelje se harren freonskip en meitsje plannen foar de takomst.

NB
7e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurden.
REITSE komt ek foar yn TOERING, R. – ‘Sliepkeamer’.
GOASSE komt ek foar yn MIEDEMA, B. – ‘Atelier’.

Atelier

De keunster Goasse bewûndert Ria as syn perfekte model. Ria kin de hiele man net en moat earst neat fan him hawwe. Se wie oan it draven en kaam tafallich foarby: se woe allinnich mar efkes nei in skilderij sjen. Goasse docht wat minachtsjend oer har fyzje op keunst, mar nettsjinsteande dat wit hy by húsfrou Ria in snaar yn it moed te reitsjen. Tegearre slaan se oan it fantasearjen, wat útrint op in frijpartijke. De keunstner blykt lykwols net sa potint te wêzen. Mar foar Ria is dat net wichtich, se fûn syn oandacht hearlik. As se fuort giet, jout Goasse har ien fan syn skilderijen kado, “om waarm te bliuwen”.

NB
8 sêne út ‘Hertjeacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurden.
GOASSE komt ek foar yn DALSTRA, K. – ‘Middelpunt Fryslân’.
RIA komt ek foar yn ZIJLSTRA, A. – ‘Stasjon’.

Stasjon

Op it perron fan in lyts stasjon wachtet húsfrou Ria (48) op in âlde freon, dy’t werom komt nei it doarp. Dat blykt Renate te wêzen, in transeksueel. Ria wol har sa fluch mooglik op de folgjende trein nei Ljouwert sette, om’t se tinkt dat de komst fan Renate tefolle opskuor yn it doarp bringe sil. Mar Renate hie safolle moed nedich om it oan te doarren en nei jierren werom te kommen as frou, dat se lit har no net fuortstjoere. De twa reitsje yn petear oer harren mienskiplike bernetiid. Ald sear komt boppe driuwen. It docht bliken dat Ria sels nea de stap sette doarde om fuort te gean. Stadichoan fine de freonen fan doe dochs noch wat fan harren freonskip werom.

NB
9e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurde.
RIA komt ek foar yn MIEDEMA, Baukje – ‘Atelier’.
RENATE komt ek foar yn BOER, Tsjitske de – ‘Yngong feesttinte’.