Hinne (fan trije alde mantsjes dy’t net dea woene)

De ienakter ‘Hinne’ giet oer trije âlde mantsjes dy’t, ôfsletten fan ’e wrâld, har eigen libben libje as klokkemakker. In fêst deistich patroan regearret har libben oant se fia in brief it minne berjocht te hearren krije dat it hjoed de lêste dei is dat se libje. De trije mantsjes wolle lykwols alhiel net dea, bang om it libben kwyt te reitsjen en it ierdske te ferlitten. Dan spylje de emoasjes fan ’e trije mantsjes aardich op. Se wurde bang, lilk, agressyf, se hawwe fertriet, mar dan komt dochs úteinlik it momint dat se werom sjogge op it libben en oanfurdigje dat der oan ’e dea gjin ûntkommen is. En as se dan ien-|kear dea binne, falt it ek noch ta. De tiid dy’t net te kearen is, is in wichtich tema yn it stik. Hiel dúdlik wurdt dat sichtber yn de klokken dy’t oeral oanwêzich binne en dêr’t de mantsjes har hieltyd oer bûge. De mantsjes binne klokkemakkers te meitsjen. Se komme mei dat reparearjen lykwols gjin stap fierder. De klokken sirkulearje fia in rinnende bân en in buizestelsel fan de iene nei de oare klokkemakker, sadat se al mei al gjin stap fierder komme.

Adel Blank

Adel Blank is stjerrende en easket yn har lêste libbensdagen leafdefolle fersoarging in folsleine tawijing fan har omjouwing. Se is bang, ûnútsteanber, dominant en sinnich. Har personiel prebearret, net alhiel frij fan opportunisme, har befellen op te folgjen. Der wurdt gedwee yn de sieke ynfestearre mar de langst nei har stjerdei en it te ferpatsjen fermogen is unanym. Har terreur is oansteklik, it ûnderlinge macht– en rollespul is begûn.

Robin Hood

Robin Hood wie de dryste held fan Ingelân yn de tiid fan kening Richard Liuwehert. Hy wie in strider foar de ûnderdrukte en earme minsken. Om harren te helpen moast Robin stelle fan de riken. Prins John en syn gefolch, betochten hieltyd nije en hegere belêstingen foar it folk sadat se der sels lui en lúks op loslibje koene. Robin en syn Griene Binde libben yn de bosken fan Sherwood om’t se út harren eigen húzen ferjage wiene troch de hege hearen. Prins John naam it plak yn fan syn broer Richard Liuwehert. Richard wie in goede en earlike kening mar waard op Krústocht nei it Hillige lân finzen naam. As Robin en syn maten op in dei samar ynienen feroarje yn echte kriminelen dy’t allinne mar stelle om der sels better fan te wurden wurt it folk kjel. Se lykje wol bestjoend. Tagelyk docht bliken; Prins John beskikt oer in machtich wapen en spitigernôch komt Richard Liuwehert mar net werom. Soene de misklike oerhearsers de slach dan foargoed winne of komt der noch help fan de heimsinnige Sware Muonts???

Spaanske ruters

“Spaanske ruters” liket sa foar it each te gean oer in organisearre wraak fan froulju, rjochte tsjin ien man. De titel is ûntlient oan in lytse monolooch fan it slachtoffer, de man, it objekt fan ‘e wraak: “In groep Spaanske ruters – yn har woeste lânskip – en alles giet sa as it giet”. Yn “Spaanske ruters” giet neat sa as it giet. Twa froulju hiere in “ingel der wrake” yn – Eva – en stjoere har ôf op de man, om ôf te rekkenjen mei wat hy de fjirde frou ea oandien hawwe soe. It liket de plot fan in ienfâldige needlotstrageedzje. Mar needlot, bestiet dat wol? Wraaksucht makket fan minsken net te begelieden projektielen en dan is der neat mear wis. Hope en treast moatte mei hurde middels befochten wurde, dwers troch de triennen en de reinbuien fan it minslik bestean hinne.

De palingopera

Trije ferhaallijnen rinne troch inoar yn dit iepenloftspul. It earste giet oar de ûndergang fan de Firma Visser út Heech (en dermei fan de ieuwenâlde ielhânnel op Londen). It twadde oer it libben fan Bouke Annes Visser, de ferneamede komponist út Heech, dy’t sels ik koarte tiid yn de direksje sitte hat fan de Firma Visser en letter omswalkte yn Dútslân, Sweden, Holland en Italië.
De tredde ferhaallijn is eins net oars as it prebearjen fan de Heegemers om de (sabeare) ‘Palingopera’ fan Bouke Visser te rekonstruerjen en op te fieren. In taak dy’t tige komplisearre wurdt as de komponist persoanlik werom komt nei Heech om himsels der mei te bemoeien. En tagelyk in appeltsje mei it ferline te skillen. De ‘skuldfraach’ oer de ûndergong fan it famyljebedriuw spilet der yn in wichtige rol, mar ek it ferlies fan syn jongste broerke en de haat/leafde ferhâlding mei syn heit.
Njonken musyk fan Bouke Annes Visser wie der yn dit musykteaterstik ek musyk fan Sjoerd van der Veen. De tekst is yn it Nederlânsk en yn it Frysk.

Lidewij

It ferhaal spilet him ôf yn in famylje, dy’t mei neat begûn is en no ryk is. Se hawwe de saak oan hûs, in bedriuw, der binne telefoanyske ferkeapers, minsken dy’t masines demonstrearje en fabryksarbeiders. Se foarmje it koar.

De dûnsles

Twa jonges en twa famkes binne yn it ramt fan in soarte fan ‘heropvoedingsprogramma’ nei dûnsles stjoerd. It min sin stiet harren op de foarholle skreaun. De dûnsleraar begjint de les mei in blier optimisme dat op de jongerein net folle útwurking hat. Om te begjinne wolle se net harren goeien namen sizze en op alles hawwe se wat te sizzen.

Pyp, de mûs, kin it net!

In ferteller knoopt de sênes oan inoar fan dit bernestik “mei 5 mûzefamkes, 10 mûzejongens en ien poes”!
Alle jierren hâlde de mûzen in kear de tsiisblokjesrace. Dat bart yn it wykein, want dan is de poes mei de minsken fuort. As de twa groepen keazen wurde, wurde Pyp en Foekje altyd it lêst útkeazen, omdat de iene altyd stroffelet en de oare fierstente stadich is. Dat bart ek dizze kear.
As de oare mûzen yn harren holtsjes lizze te sliepen, komme Pyp en Foekje mekoar tsjin, mar ek de poes! As Pyp dat de oare deis fertelt, wurdt er net leauwt. Dan begjint de race. Mar Pyp en Foekje hawwe wat betocht. It slagget harren om de poes te fangen. No binne sy yn ien kear de winnaars fan de dei. En dus is der feest!

PS Dit stik is spesjaal skreaun foar skoallen. Der binne trije varianten fan foar resp. de ûnderbouw (dit stik), de tuskenbouw en de boppebouw. Fansels kin it ek troch oare ploegen spile wurde. It tal spilers kin oanpast wurde.

Piep, de bear, kin it net!

Dit is in bernestik foar ‘seis bearefamkes, tsien bearejonges en twa manlju’.
Alle jieren hâlde de bearen in kear in fiskwedstryd! Dat bart as der gjin minsken yn it bosk binne. Der wurdt foarol om tocht dat de bearefangers der net binne.
As de twa groepen gearstald wurde, wurde Piep en Foekje altyd it lêste útkeazen, omdat de iene altyd stroffelt en de oare fierstente stadich is. Dat bart ek dizze kear.
As de oaren yn harren hôlen binne om te sliepen, komme Piep
en Foekje mekoar tsjin, mar ek de bearefangers! As Piep dat de oare deis fertellet, wurdt er net leauwt.
Dan begjint de wedstryd. Mar Piep en Foekje hawwe wat betocht. It slagget harren om de beide bearefangers te fangen. No binne sy in ien kear de winnaars fan de dei. En dus is er feest!

PS Dit stik is spesjaal skreaun foar skoallen. Der binne trije
varianten fan, foar resp. de ûnderbouw, de tuskenbouw (dit stik) en de
boppebouw. Fansels kin it ek troch oare ploegen spile wurden. It tal
spilers kin oanpast wurde.

Piep en Foekje binne de helden!

Fan in groep mei bern mei ien groepke fan fiif meidwaan oan in kwis op de tillevyzje. De regisseur komt harren dat persoanlik fertellen. As de groepkes
As de de groepkes gearstald wurde, wurde Piep en Foekje altyd it lêste
útkeazen, omdat de iene net goed lêze kin en de oare fierstente stadich is. Dat bart ek dizze kear.
As de bern nei hûs ta meie, bliuwe Piep en Foekje efter omdat se klassetsjinst hawwe. Piep sjocht dat twa manlju nei binnen sjoche en fertrouwt it net rjocht. Se prate ôf tegearre jûns de wacht te hâlden. Dy nacht slagget it harren om de dieven te fangen.
De oare deis is de kwis op skoalle: no moat útsocht wurde hokker groep mei de tillivyzjekwis meidwaan mei. Piep en Foekje binne yn deselde ploech telâne kommen en dy wint. Dan komt de boargemaster deryn en de tillevyzjeminsken. Piep en Foekje wurde huldigen omdat se de dieven pakt hawwe. Se komme streekrjocht op de tillevyzje!

PS Dit stik is spesjaal skreaun foar skoallen. Der binne trije
varianten fan, foar resp. de ûnderbouw, de tuskenbouw en de boppebouw (dit stik). Fansels kin it ek troch oare ploegen spile wurden. It tal
spilers kin oanpast wurde.

Kâlde Kak en tatoeaazje

Eugene fynt tusken de reklamefolders in brief fan Sjef Bruinsma, in fiere neef. Sjef skriuwt dat hy fan doel is om meikoarten by syn neef del te kommen. It past net dat Sjef komt yn ferbân mei de kommende trouwerij fan dochter Marie-Claire en har ferloofde Willem-Jan. Omdat Sjef syn ûnbekende famylje ferrasse wol, stiet er mei syn frou en slûchslimme soan foar de doar. De famylje Van Sloten is folslein yn panyk as Sjef seit dat er sa’n fjirtjin dagen bliuwe sil. Der folgje allerhande brike situaasjes en ferwikkelingen foar it oan de trouwerij ta is en de famylje Bruinsma wer fuort giet.

Sa fést as in hûs

(noch gjin beskriuwing)
NB Oer de rjochten sjoch by:
VRIES, Pyt de, ‘Kalm bliuwe’.

De nije boppemaster

De boppemaster giet fuort en hjoed sille de bern yn’e kunde komme mei de nije kandidaten. Se sille mei-inoar in kar meitsje.
– Master Stokje. In âld soldaat. Hy stiet tige op syn strepen. Hy sil de etterkes wol efkes temme. De bern nimme him te fiter: geef acht, en Stokje springt yn’e hâlding. Ingerukt mars, en Stokje rint de klas út.
– Master Watje. De namme seit it al: in sêftenien.
– Juf von Frúger. Dizze hantearret de âlde lêswize: yn’e hoeke, aap noot, mies, ensfh.
– De moderne Juf (“sis mar Erna”). Se begjint fuort mei ierdrykskunde. Se freget de bern “hoe komst yn Kuba”. Bern: “oer de Krúswetters nei Earnewâld en der ôfslaan”. Juf fielt dat de bern har te fiter ha en set ôf.
– Master Digi. Dy’t oars net lesjaan wol as mei de kompjûter. Mar ja dizze skoalle hat mar 2 kompjûters.
Dan ferskynt in gewoane flotte master. Dit is de nije, hy hat sin oan syn wurk en it liket de bern skoan ta.
In tal bern hawwe tekst en fierder sjonge mei-elkoar tapslike ferskes.

Bûnzjen fan boppen

Mathilde Sterkendam, in frijgeselle frou, fersoarget har mem, in rike mar sike frou. Mem makket har kenber trocht te bûnzjen op’e flier. En alle kearen as der bûnze wurdt moat Mathilde opdrave. De oare twa bern bekroadzje har amper om it wol en wee fan mem (Conny) en dochter. Bruno, de soan, is in plastysk sjiruch dy’t ferslave is oan de kokaine. Hy besiket syn mem inkeld om jild te lienen foar syn djoere ferslaving. Eugenie is de frou fan Bruno, mar se wol skiede. Eugenie is ferslave oan drank en besiket har skoanmem inkeld om har beklach te dwaan of om jild te lienen. Mathilde hat noch in suster, Simone. Simone is troud mei Berend Onnes, harren lokkige houlik liket oan klisjees en truttichheid ûnder te gean. De iennige stipe dy’t Mathilde kriget by de fersoarging fan har mem is dy fan de húsdokter, Richard Fausser. Al gau barre der frjemde dingen; Berend Onnes kriget in fataal hertynfrakt- wylst er noait earder hertklachten hie. De húsdokter is der lykwols fan oertsjûge dat it it hert wie. Dan ferstjert de mem fan Mathilde, mar it bûnzjen giet troch. Simone Onnes rydt har dea as gefolch fan stikkene remkabels. De húsdokter liket ferstân te hawwen fan auto’s. In ynspekteur fan plysje – ynspekteur Els Zinger_ hat sa har twifels oer wat der allegear bart by de Sterkendammen. Mar dan sjogge wy hoe’t de foarke yn’e stôk sit. Mathilde en de húsdokter fermoadzje tegearre Eugenie Sterkendam. Mathilde wol op dizze wize oan it jild fan har mem komme, en tagelyk it “bûnzjen yn har holle”stopje. No moat Bruno noch dea. It rint speak en Richard Fausser sjit him dea en daliks komt ynspekteur Els Zinger opdraven. It spul liket nei de ein te rinnen en Mathilde en de húsdokter binne derby. Mar dan neamt de ynspekteur mefrou Sterkendam Mathilde. En Mathilde neamt de ynspekteur Els. It lêste skot falt en Richard Fausser stoart del.
In spannend ferhaal, mei in soad ferrassingen en in hiele ûnferwachte ûntknoping.

Jierdei

Jacobus is troch syn frou ferlitten. syn eks-skoanfamylje komt him lokwinskjen en wol him wat opfleurje en dogge oft der neat te rêden is. Mar Jacobus is fan ’t hynder, hy hat syn gedachten net by de gasten. De gasten krije ûnder elkoar ek noch spul en fine gemiene dingen út. In tillefoangesprek wurdt yn’e keamer ôfharke en om’t Jacobus oantroud is, wolle sy de moaie kast ha, dy’t yn de keamer stiet.
De earste jierdei wer allinne, besite krije fan de eks-skoanfamylje. Fine jo dat wol sa aardich? Elk docht syn bêst der in gesellige jierdei fan te meitsjen, mar slagget dat ek? De situaasje kin dan wolris út’e hân rinne.

Skytmerakels

In petear ûnder iten tusken man en frou.
Sawat alle foaroardielen en foarmen fan diskriminaasje dy’t der besteane komme op it aljemint.
Moat troch in pear betûfte spilers spile wurde.

De Sêne

Wa dreamt der no net ris fan: om in echte artiest te wêzen dy ’t skittert yn de spotlights foar in grut publyk. Wa dreamt der no net fan: om in echte akteur te wêzen dy’t in stjêr is op it wyte doek. Wa wol no net ris in ûnderdiel wêze fan de echte showbisniss-wrâld.
Mar, is it allegearre wol echt, of lyket it allegearre mar sa?
Dizze revu, De Sêne, spilet him ôf yn in film- en tillefysjestudio, wêr regisseur Jo alle touwtjes yn hânnen hat. Hy soarget der foar dat alle sênes goed op ‘e film komme. Dit falt net altyd ta, want sommigen meitsje der in hiele sêne fan.

Min oer jins ferlies kinne

In man, krekt yn’e VUT, libbet allinnich. Op dizze dei wachtet er op syn freon dy’t geregeld by him komt te damjen. Tidens it wachtsjen gean syn tinzen werom nei it ferline. Tegearre mei syn kanarje bewennet hy in flat fan in wenninboubedriuw. As de belle giet en hy tinkt dat it syn dammaat en âldkollega Kerst is, blykt it de man fan de jierlikse kachelkontrôle te wêzen.
Hingjend yn syn ferline begjint er tjin dizze kontroleur te fertellen oer syn eks-frou, harren bern, oer syn kollega en syn wurk fan eartiids.
De kachelman heart dit oan op in wize fan “no ja, lit mar”.
In goedens en ûnderdanigens wrakselt dizze iensume man nei syn ein.

De gokkast

Timen Feitsma is boer en widner. Hy hat it spul ferkocht en is no riik, mar iensum. Troch in bedriuw hat er in gokkast (fruitautomaat) yn syn wenkeamer sette litten. Dêr fergriemt er no syn jild mei. Syn dochter Tine fynt it mar neat. Heit fertuteazget hielendal en boppedat is se stikum bang dat er net folle mear oerbliuwt as heit der op in dei net mear is.
Yn Lolle, in jonge fan 25 jier dy’t de gokkast leechhelle moat, fynt se in meistânner. Hoewol’t er der sels syn brea mei fertsjinnet fynt Lolle it dochs wol sneu dat de âld baas sa syn sinten fuortsmyt. Tine en Lolle meitsje in plan om heit oan in nije frou te helpen, mar dêr wol Timen yn it earst net folle fan witte. As bliket dat der by dy ’tante Margriet flink wat modder oan ‘e kloet sit’, feroaret dat de saak.