Nije Buorlju

Herman hat in ferrassing foar syn frou Barbara, sy hat altyd graach op in buorkerijke wenje wollen, ergens oan de râne fan in doarp. Oant no ta wennen se yn de stêd, mar no’t se wat âlder wurde, wurdt ek it langstme nei dat buorkerijke grutter.

Herman hat, sûnder dat Barbara dat wist, in buorkerijke kocht, ergens fier bûten de stêd. Barbara wurdt sechstich en dit is neffens Herman it perfekte kado foar dit heuchlike feit. Yn it geheim riedt hy in grut feest ta yn it krekt oankochte buorkerijke.

Hy hat lykwols gjin rekken holden mei de nije buorlju. At dy der achter komme dat Herman miskien wol in hiel grut geheim mei him mei draacht, is de hikke fan de daam. Farsk fleis yn it doarp wurdt altyd mei arguseagen besjoen.
Mar is dat wol terjochte?

Sake en it suertsjefabryk

Wat in feest as direkteur Willy Wonka it suertsjefabryk ynienen wer iepenet. Dat is fantastysk wat Wonka makket it lekkerste snobbersguod fan de hiele wrâld. Omdat it feest is, wurde fiif superrepen mei in gouden wikkel yn de omloop brocht. Wa’t sa’n wikkel hat, wint in rûnlieding troch it suertsjefabryk. Sake is ien fan de gelokkigen. Foar wat Sake en de oare winners allegear belibje komst eagen en earen te koart. Dat Wonka ek noch in trochtrape suster hat, dy’t fanalles betinkt om it suertsjefabryk yn hannen te krijen, makket it ta in spannend spektakel!

Jo ha it rjocht om neat te sizzen

Jo binne krekt lekker op jo plak sitten gien, om nei in komyske skriller te sjen, wêr’t josels de dieder yn oanwize meie. In ferteller komt op en jout jo wat tips; wat je foaral net dwaan moatte en wêr’t jo krekt op lette moatte yn it stik. Dan begjint de foarstelling en sjogge jo Fat Daddy, in ryk mar wraaksuchtich hearskip út it suden fan de Feriene Steaten en syn like efterbakse, gemiene plannen meitsjende famylje. Dus jo witte wa der fermoarde wurdt, of net? Mar wa sil dit dwaan? Sweet Mama, de frou dy’t alles wol goed fynt; Hyacinth, de dochter dy’t hieltyd dwaande is fjoerwapens te poetsen; Earl, de sokses of syn allinne mar oan seks tinkende frou, Savannah; of Clete, de noartske putsjeman, dy’t om de ien of oare reden ek yn it testamint stiet?
Dan wurdt Fat Daddy fûn, dea. Mar it lyk blykt net Fat Daddy te wêzen, mar de ferteller! De regisseur komt op it toaniel en plysje Boukema ferskynt. No moatte jo mar útsykje wa fan de akteurs de ferteller fermoarde hat. En jo sille net allinnich de spilersgroep ûnderfreegje, sy ûnderfreegje jo ek! Ja seker, jo wurde ek fertocht! Dizze te gekke komyske triller lit it publyk ta it lêste momint yn it ûngewisse. Oan ’t de lêste oanwizing ferskynt en de lêste komediant syn of har keunsten fertoand hat.

Frjemde fûgels

Durk Brinksma is as sakeman net altyd mei syn tiid meigien.
It sit Durk noch altyd dwers dat syn soan neat fan it bedriuw witte wol en hy dus gjin opfolger hat.
Sa út en troch lit er dit wolris fiele oan syn skoandochter Gelske.
Sy helpt omtrint alle dagen yn it bedriuw en dat makket in soad goed.
Durk Brinksma is wat fan slach de lêste tiid. Saapke Hamstra, de wurkster, hat him al ris hifke mar Brinksma lit neat los. Hy is op gjin stikken nei de âlde mear, hy fertroud syn eigen skoandochter net iens mear. It liket wol dat hy mear mei frjemd op hat as mei eigen. Mar… der sitte frjemde fûgels tusken.
Of soe de leafde………? Durk is al jierren widner dus je witte it nea. Saapke soe grif gjin nee sizze

Fêst

Om’t it plysjeburo fan “Breedvliet” mar oer ien sel beskikt, ûntstiet der troch it “zerotolerance”-belied al gau in selletekoart. Dy iene sel komt fol mei finzenen dy’t foar lytse en grutte fergripen ( û.o. stellerij, drugs, moard en brânstifting) oppakt binne. Al gau wurdt it wantrouwen oer en wer grut. Yrritaasje oer it húske, it iten en wat der fierder allegear bart soargje foar koarte, mar ek realistyske opmerkings. De ek ynsluten abbekaat hat ferskeidene ideeën om frij te kommen, mar neat slagget, ek echt útbrekke net.
Dan wurde se op in middei samar ynienen frijlitten. Der wurdt harren ferteld dat se oan in nij tillevyzjeprogramma meiwurke ha, in ‘realityshow’ wêryn ’t harren hiele dwaan en hâlden yn’e sel folge is troch in ferburgen kamera. Se binne poerrazend.
En neffens it lêste nijs op’e radio hearre wy dat de “Breedvlietse Burgers Bende” it plysjeburo yn’e brân stutsen hat.

Koartsluting

Victor, in santiger, begjint wat te demintearjen. Hy fernimt it sels, mar wol it net wêze. Troch alderhanne spultsjes te spyljen mei syn frou Charlotte tinkt er de saak draachliker te meitsjen of yn alle gefallen te kamûflearjen. Syn frou spilet yn it begjin mei, mar as Victor yn syn ûnmacht te fier giet en echt nuvere dingen begjint te sizzen en te dwaan fynt se dat se beide de realiteit ûnder eagen sjen moatte. No kin se der noch mei him oer prate. Nettsjinsteande har ûngeduld en ergernis bytiden kin Charlotte op beslissende mominten dochs de goede toan fine om Victor wat by te stjoeren en se wurde it iens oer de takomst dy’t se mooglik tegearre noch ha.
Tuskentroch leare we de dochter kennen mei har spesifike problemen dêr’t se hiel eigentiids mei omgiet. Ek de (jongere) buorfrou spilet in rol binnen dizze relaasjes.
It demint wurden fan je man en heit is fansels net wat om de gek mei te hawwen; dochs giet it hjir om in blijspul. De problematyk wurdt yn dit stik nammentlik op humoristyske wize, mar tagelyk tige respektfol en waarm, behannele.

Iepen dei op ‘e doarpskrante

Iepen dei op ‘e doarpskrante is in musical oer in jubileum fan de doarpskrante. Fansels begjint it mei feest: in revu, wêr’t de deadline, it printsjen, it nytsjen, de frijwilligers en al soksoarte saken feestlik oan de oarder komme. Mar dêrnei mei it publyk yn de echte wrâld fan de doarpskrante sjen as der in grutte feroaring yn it doarp oan kundige wurdt. De pleatslike grut grûn besitter is fan doel om al syn lân om it doarp hinne fol bosk te setten en der in toeristysk ‘pret park’ fan te meitsjen. Dat falt lang net goed by in part fan de befolking, wylst oaren der krekt mooglikheden yn sjogge. Dan is it dreech om ûnôfhinklik en neutraal te bliuwen as redaksje, benammen as de ‘projektûntwikkelder’ betocht hat de doarpskrante as medium te brûken foar syn kommunikaasje mei it folk.

Der sitte 16 fleurige hiel ferskillende lieten yn de musical oer ferskate ûnderwerpen, al wurdt fansels de sjoernalistyk der rom yn besongen. Mar der binne ek lieten oer de bosk,jild,oer plannen meitsjen ensfh.

In kening fan neat

Oer in kening mei twa keninginnen, dy’t syn lân kwyt is. De kening en de keninginnen sykje ûnder de grûn en komme mei fan alles boppe. De kening makket himsels in soad wiis en komt der pas op it ein efter dat de leafde wichtiger is as besit.
In tige boartlik stik, wer yn de fûnsten en it byld like wichtich is as de tekst.
Spile troch Tryater yn 2001.

Brulloft

It stik spilet him ôf yn de trouseal fan it gemeentehûs. Larissa sil trouwe mei Bennie, mar op it gemeentehûs docht bliken dat Bennie der net is. De ûngerêstens en fernuvering slacht al gau om yn lilkens. En lilkens is in prima basis foar twifel. Twifel oer it houlik yn it algemien en oer manlju yn it bysûnder. Larissa hâldt ynearsten fol dat se fan Bennie hâldt, mar as Imca opkomt – in freondinne fan Bennie- twifelt Larrissa ek. Brit, de suster fan Larissa hat neat mei manlju en Gina, de freondinne fan Larissa hat blaasûntstekking en docht oars net as nei it húske rinne. De wurkster fan it gemeentehûs, dy’t sels al 3 kear troud west is, lokwinsket Larissa mei it feit dat se net troud is. Jûns fiere de dames feest, want alles is betelle. Troch wat tefolle alkohol komme de tongen los, der wurdt dûnse, songen en Brit hâldt in speech. Ynienen giet it mobyltsje fan Imca, it is Bennie….

De kwestje Jellema

It spilet yn 1751/52 nei de dea fan Johannis Jellema, ien fan de fjouwer behearders fan it Poptagasthus. It poptagasthus foar allinnesteande alde froulju waard stichte troch de eigner fan Heringastate (is Poptaslot) dr. Hendrikus Popta. ( 3 maaie 1635-1712)
Dizze dr. Popta is al 39 jier wei as bliken docht dat der nochal wat unregelmjittichheden yn de administraasje sitte. Al dy jierren wie Jellema rintmaster en allinne hy hold de boeken by. No docht it bliken dat hy nochal aardich nei himsels ta rekkenje koe.

Tritichtûzen doazen / Dertigduizend dozen

De mem fan Joast hat mar ien dream: draglinemasjinist wurde. Omdat doel te berikken is der mar ien oplossing: sollisitearje. Ast der op in dei de lang ferwachte brief binnenkomt mei de meidieling dat der in plakje frij komme is, is mem alhiel út’e skroeven. Einliks in baan! Einliks ferhúsje! Nei Sliedrecht.
Joast dy net op’e hichte is fan de plannen fan mim, is alhiel ferstuivere. Hy soe de wiide wrâld wol yn wolle, mar dan wol op in momint dat it him it bêste past. Mar om no al te ferhúsjen – sa gau..?
Hoe moat it dan mei Eva, syn freondinne. Dizze tsjinslach komt ek noch ris krekt op it stuit dat er oan it rippetearjen is foar in top tsjien talintenjacht, in elts jier werkommend evenimint om jong muzikaal talint op it spoar te kommen. Joast wol topsjonger wurde en wa de beker wint op’e talintenjacht hat al in goeie stap yn’e rjochting set fan ‘e ‘showbiz’.
De oansteande ferhúsing soarget foar grutte nachtmerjes. Sa ynienen ôfksie nimme moatte fan jins betroude libbentsje blykt dreger te wêzen as min tinkt. As Joast ta syn ferassing de earste priis wint op’e talintenjacht, fiert der noch ien kear feast mei syn klasgenoaten. Sterke troch safolle freonskip lûkt er mei nije moed de wiide wrâld yn. In popster is in wrâldboarger. Sliedrecht here we come!

PS Skreaun en komponearre yn opdracht fan de Afûk, spesjaal foar skoallen. It stik is by de Afûk te keap.

In smekeling

Lies, in four op jierren, is it paad somtiden nuver bjuster.
Wat der net yn it minske libbet: eangst, betizing…
Yn in smekeling lit Jabik Veenbaas sjen dat pesten in minske foar syn libben skeine kin. In frou sjocht werom op in bernetiid en in houlik fan utskolden en bûtensletten wurde. Se is in frou wurden dy’t der allinne fan dreame kin rjochtop troch it libben te gean. In griis mûske is se dy’t har mûle noait mer iependocht om’t der dochs net nei har harke wurdt. Jabik Veenbaas hat har in stim jûn.
In oangripende monolooch oer âlder wurden.

Geheimen ier en betiid

Journaliste Anneke hâldt fakânsje yn in simmerhúske om te ûntsnappen oan de drokte op har wurk. Wol hat se har faksapparaat meinommen. Fuort nei oankomst ûnderskept har broer in faks, wêr yn har baas driget mei ûntslach as se net fluch mei in soppich ferhaal op it aljemint komt. Underwillens ynstalleare twa oaren harren yn it húske derneist. Tsjitske is illustratrise fan boeken. Dat se sels ek in boek skreaun hat mei de bûtenwrâld perfoarst net witte, om’t se bang is foar it oardiel fan har mem. Tsjitske is swier en sit fanwege in ûngelok mei twa brutsen earmen. Gelokkich is har man Sibe in rots yn’e brânning, mar hy is ek in ferskriklike kompjoeterfriik. Hja hawwe harren hjir tydlik te wenjen set om Tsjitskes mem te úntflechtsjen.
Oan de oare kant fan it skut komt Anneke – ek troch de praatgraage hulp fan Tsjitske en Sibe – hoe langer hoe mear te witten oer de geheimen fan Tsjitske. No hat se einliks it ferhaal dat har baas fan har ferwachtetl! Oan de oare kant hat se ek mei Tsjitske te krijen. By eintsjebeslút stjoert se in ferhaal nei de krante oer Tsjitske as de skriuwster fan dat ferneamde boek, mar se swijt oer de oare geheimen.
Mei de komst fan Klaske (Tsjitskes mem) wurdt de ferhâlding tusken mem en dochter op skerp steld. Klaske is poerlilk no se út de krante fernomme hat dat har dochter dat freeslike boek skreaun hat. Boppedat wol se de poppe úntfytmanje, dy’t foar Tsjitske mei in pynlike jeugdherinnering te krijen hat. Anneke – dy’t no mei har buorlju yn’e kunde komme is – foarkomt dat. Klaske set lilk ôf, mar har dochter hat no wol de kâns om foar har geheimen út te kommen. Se nimt it Anneke dan ek net langer kwea ôf dat se har geheim publisearre hat en de twa wurde sels goede freondinnen.

Pake

Skildersbaas Jousma is net yn steat syn bedriuw goed te ‘runnen’. Sawol mie de boekhâlding as de húshâlding kin hy net goed oerwei. Hy lit letterlik alles fersluorkje. Pake jout útkomst: lit mem har koffers pakke en set famyljelid Sytske yn de húshâlding om alle honneurs waar te nimmen. Sy mei net herkend wurde en praat derom krom en hat in prúk op. As sy alles wer op’e rails hat, sjocht heit syn fouten yn en wol neat leaver as dat mem werom komt.
Ein goed, al goed.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Hoe grutsk wie Pier? / Hoe groot is Pier?

Yn fjouwer grutte sênes (mei lieten en in prolooch fan dolfinen) wurdt it lêste part fertelle fan it libben fan Grutte Pier, de ferneamde Fryske held út it begjin fan de 16e ieu. Pier hat as boer alles ferlern troch omswalkjende, frjemde soldaten. Mei stipe fan de hertoch fan Gelre, wreekt er him no op de fijânnen fan de Fryske frijheid: de Bourgondiers en harren bûngenoaten, de Hollanners.
Yn de earste sêne sjogge we Pier en syn maten op de Sudersee in Hollânsk skip oermasterjen. Finzenen geane oerboard. It famke fan in Frysk ealman (dy’t de kant fan de Bourgondiers keas) byt lykwols bretaal fan har ôf. Sy neamt Pier in seerôver, dy’t net better is as syn fijânnen. Letter, by de haadman fan de Geldersen, sjocht Pier in mysterieusk famke, dy’t Pier lêstige fragen stelt. De Gelders haadman trunnet Pier oan yn Holland te plunderjen. Mar it sied fan de twifel docht syn wurk al.
As de dochter fan in bûngenoat fan Pier tjsin him ferklapt dat har heit in ferrieder is om’t er ek de kant fan de Bourgondiers kieze wol, wit Pier net rjocht mear hoe’t er it hat. Húshâldings wurden útinoar skuord en bûngenoaten lykje like min te betrouwen as fijânnen. Tsjin better witten yn lit Pier him noch ien kear foar it karke fan de hertoch fan Gelre spanne. Foar Fryslân smyt it neat op. Teloarsteld lûkt Pier him werom. Op syn stjerbêd krijt er op’e nij besite fan it mysterieuse famke: sy bliket syn eigen dochter ‘yn syn holle’ te wêzen, dy’t altiten socht hat nei har heit. Ek al hat er neat berikt, sy wit dat er dreaun waard troch leafde foar syn minsken, syn lân en foar de frijheid.
De mear earnstige tema’s yn dit stik wurde troch û. o. de dolfinen, de seelju, in nar en ek de famkes tsjinoer Pier ôfwikselle mei humor en in soad aksje.
Jongesrollen kinne ek troch famkes spile wurde. Foar bern fan acht oan’t fjirtjin.
Oarspronklik heal yn it Frysk, heal yn it Nederlânsk skreaun. Om’t er ek in Nederlânsktalige ferzy is soe men it stik TWATILICH spylje kinne (bygelyks Pier en syn maten plus de famkes Frysk, de rest yn it Nederlânsk).

Moeke

Moeke in frou fan ± 75 jier, dy’t sa stadichoan net safolle mear kin. Har stok is har ienige hâldfêst! It libben fan Moeke bestiet út seuren en kankerjen, mar as jo goed lústerje komme jo der efter dat Moeke lykas safolle âlde minsken iensum wurdt. In minske dy’t allinne noch mar oer harsels en eartiids prate kin. En dat docht se.. prate.. har hiele libben giet oan jo foarby. En dat wie net sa’n maklik libben. Sa falt fan it iene ferhaal yn’t oare en begjint de boel trochinoar te heljen. De dochter dy’t sa no en dan by har komt lit alles mar wat oer har hinne komme, al is soks somtiden net maklik. Sels de krityk dy’t mem op har man hat nimt se foar leaf. Dizze dochter hâldt fan har mem en sil oan’e ein ta foar har mem soargje!
Moeke: in werkenber stik.

Buul-sit

Olga en Emiel binne in spantsje. Hja komme elk út in alhiel oar miljeu. De âlders fan Emiel komme op besite by de mem en beppe fan Olga. In famylje út de “hegere” kringen by in famylje út de “legere” stân.
Foaral ek yn it taalgebrûk sitte grutte ferskillen.
Yn it lêst fan de besite docht bliken dat Emiel mei help fan syn âlden, Olga as drugskoerierster brûke wol, sûnder dat hja it wit.

It stânbyld

Yn it doarp sil in fontein mei dêrop in Grykse goadinne pleatst wurde. Boer Gelf sil it byld ûntbleatsje. Der is twaspjalt yn it doarp oer de kar fan it byld. De bern fan Gelf wolle heit te fiter nimme by it ûntbleatsjen fan it byld. Hja binne it ek net iens mei de kar. Se wolle it byld omwikselje mei in etalaazje-poppe, mar foardat it safier is barre der allegear oare dingen. De poppe komt sels by mem op bêd.

Wat bisto leaflik

Hinke Tolsma wennet har hiele libben al op in âld boerespultsje. Hier hoecht se net te betjen, want de âldboer, eigner fan it pleatske, hie yn syn testamint opnimme litten dat se as tank foar trouwe tsjinst it rjocht fan wenjen hie. De erven sitte dêr wol mei, it pleatske kin no net mear frij fan bewenjen ferkocht wurde. De priis is dêrtroch net sa heech en dat laket Doede Rypstra, de swietwarefabrikant, wol ta. Hy keapet it boerspultsje op hânslach! Rypstra wol dalik mar gebrûk meitsje fan it pleatske, want hy siket rêst, mar dy rêst fynt er net! Noch slimmer.. it wurdt slim ûnrêstich om him hinne, Hinke dy’t okkult bejeftige is, makket Rypstra njonkenlytsen sa gek, dat er om fan har nuvere fratsen ôf te kommen it pleatske mar wei jout.
Doede Rypstra keart werom yn de skoat fan syn famylje en Piter Post hat lang om let sukses by Hinke.

Famylje

In famylje – mem, heit, en harren âlderen soan en dochter, mei harren ‘oare helten’- giet mei mekoar op wintersport. Heit hat dit organisearre om noch ien kear by elkoar te wêzen foardat de deasike mem der net mear is.
Yn stee fan gesellich mei mekoar de pistes ôf te glydzjen en ‘glûhwein’ te drinken komt der in protte âld sear boppe. Elk fan de útsprutsen karakters hat sa syn eigen frústraasjes.
Net útsprutsen gefoelens, dingen dy ’t yn it ferliene bart binne en famyljegeheimen komme hjirby oan it ljocht en meitsje fan dit famylje útstapke in pynlik byinoar wêzen. De mem spilet hjiryn in sintrale rol. As oan ‘e ein blike docht dat se de kanker dy’t se hat ûnferwacht dochs noch te boppe komme kin, is elkenien súver teloarsteld.
‘Famylje’ is in drama mei flistende dialogen, pynlike situaasjes en in soad wrange humor.