Waking Ned
As yn in lyts Iersk doarpke bekend wurdt dat de haadpriis fan de lotto by ien fan de ynweneers fallen is, begjint it feest al foar ’t men wit wa’t de winner is.
It achterheljen fan dy winner hat nochal wat fuotten yn ‘e ierde. Uteinlik wurdt Ned Devine mei in brede glimp dea foar syn telefyzje oantroffen. It winnende lot yn ‘e hân.
Men wol net dat it doarp it grutte jild misse sil, dat hie Ned grif ek net wollen. Dêrom wurdt der ûnder it genot fan drank en iten in komplot yn elkoar setten. Dan docht bliken dat wiisheid net altyd mei de jierren komt…
Spul om de stêd, it bist, de ingel
Yn in gewoane stêd mei alles wat dêr by heart wennet de hear Balladur, ‘it Bist’, in sjarmeur en yntrigant, dy’t him fersekeret fan de geunstige oandacht fan de macht yn de persoanen fan de boargemaster en de biskop mar tagelyk sint op in oername fan dy macht. Hy is de personifikaasje fan ‘eigen folk en eigen kultuer’. Hy kriget stipe fan de rotten mar hy wit dat se him sitte litte as it harren better útkomt. It tsjinspul fan de Ingel en de Dichter, goed bedoeld en moai spile, hellet net in soad út.
Untspanne
noch gjin beskriuwing
Do silst libje
Om’t Saloman Perel( sprek út Pèrèl) him de lêste tiid tryst fielt en lêst hat fan sliepelezens, rieplachtet hy in psychiater. Oan dizze psychiater, dokter Heinz Tauber, fertelt hy syn libbensferhaal. Hy fertelt hoe’t hy as Dútske Joad op syn flecht nei it easten yn in Russysk weeshûs telâne kaam. Under it bombardemint moatte hy en oare weesbern flechtsje en falt Sally yn hannen fan de Dútsers. Op de fraach fan in Dútske Offisier oft hy Joad is, andert Sally mei nee en seit dat syn namme Jupp Perjell is. Fan dat stuit nimt Sally’s libben in bizarre kear. Om’t er floeiend Russysk prate kin wurdt hy nei it front stjoerd, wer’t hy as tolk ynset wurdt. Op foarspraak fan in hege Dútske offisier komt hy telâne yn de Hitlerjongereinskoalle yn Braunschweig. Hjir hâldt er fjouwer jier ta, sûnder dat de skoallelieding en syn meilearlingen derefter komme dat hy in Joad is. It is in trochrinnend alert wêzen om net ûntdekt te wurden en nei ferrin fan tiid wurdt it foar Sally swier om de beide persoanlikheden yn himsels in plak te jaan. Jierren letter kampet Salomon noch altyd mei in persoanlikheidsfersteuring en moat de Joad Salomon Perel noch altyd libje mei de Hitlerjonge Jupp.
De Wisse Hân kontra It Nije Riden
De bruorren Chris en Wytse Henk ha beide in autorydskoalle. Se bekonkurrearje elkoar dan ek wakker. Rydskoalle De Wisse Hân fan Wytse Henk sponsort de jongereinskoalle It Roeketoaniel. Yn ruil foar jild om apparatuer te keapjen, makket de toanielploech reklamespots foar autorydlessen.
Beatrijs, lid fan ‘e jongereinskoalle hat rydles by De Wisse Hân, mar kriget in ûngemakje mei de auto. It docht bliken dat de remmen net goed wurken. Dit is fansels gjin goeie reklame foar Wytse Henk. Der binne sels kursisten dy ’t ôfheakje en nei de rydskoalle fan Chris oerstappe. De problemen foar Wytse Henk wurde sa grut dat it sponsorjild foar it Roeketoaniel yn gefaar komt.
As de lesauto fan Beatrijs ris goed besjoen wurdt, blykt dat de remmen sabotearre binne. De plysje fynt út dat de rol fan Chris hjiryn net sa fraai is. By eintsjebeslút wurdt de dieder oppakt, dûkt sels de rydskoalle fan Chris op en alle klanten komme werom by De Wisse Hân.
La veuve / De widdo
Maria-Jeanne La Croix, kastleinske fan it Relais D’Ezy yn it doarpke Ezy sur Eure, wurdt op in dei nei tweintich jier tegearre samar troch har man sitte litten. Dit grypt har sa bot oan, dat se hannelt as ien dy’t syn har partner ferlern hat troch ferstjerren. Se set in rou-advertinsje yn’e krante en organisearret in begraffenis en beneamet harsels ta widdo (veuve). Yn it lytse doarp is der gau ris in rabberij sirkwy. Sa ek yn Ezy sur Eure. Der komme ferhalen dat de widdo in fermogen ervje sil en dus smoarryk wurde sil. Fansels binne der minsken dy’t der misbrûk fan meitsje wolle. Hja wurdt dan ek noch fan moard op har man fertocht makke.
WWW.Willem.NL
It is Sandra net dúdlik wêrom har freondinne Thecla har moai keamer yn in studinteflat ferruilet foar in âld krot yn in ûnhuere buert. Hat de freon, dy’t Thecla troch chatten kennen leard hat, der wat mei te meitsjen? Ek Aly, fertrout it spul net en komt om poalshichte te nimmen. Se weaget har derby yn ’t hoale fan de liuw…
It kompleks
De susters Hanna en Sophie wenje tegearre yn in appartemintenkompleks. Hanna, dy ’t studinte is, wurdt sjantearre, om’t se immen fermoarde hat. It docht bliken dat de sjanteur yn itselsde kompleks wennet. Om der achter te kommen wa ’t de dieder is, organisearje Hanna en Sophie in “homeparty”..
Âlderhûs ‘De Frijloop’
Twa memmen en in heit is it âlder-wêzen tefolle wurden. Se sykje taflecht yn in oanrinhûs ‘De Frijloop’ foar âlden. Under lieding fan in krekt oannomme terapeute besykje se ta rêst te kommen. Likendewei wurde se sels like puberaal as dat har bern thús wiene. De terapeute hat der de hannen fol oan.
Alderhûs De Frijloop in in humoristysk stik, spesjaal skreaun foar Probe en basearre op ferhalen fan de spilers fan dizze ploech.
It winnende lot
Hannes Sylstra is skieden en hat trije bern. Syn wurk is meunsternimmer en syn hobby is skilderjen. De âldste soan, bytsje ûnnoazel, is troud mei Pjirkje, in frou mei de broek oan. De famkes binne sa’n 24 en 18 jier. Se wenje noch thús. Hannes slacht somtiden raar mei it penseel yn’e ferve om, mar syn freondinne Yfkje sjocht der wol handel yn. Sy fersoarget in eksposysje, want sy is fan betinken dat it échte Keunst is.
Hannes hat in steatslot kocht en ferstoppe efter it behang. De bern witte dat heit in lot kocht hat, want hy hat it nûmer op’e kalinder skreaun. Dochter Sanne fynt it nûmer en it blykt dat der in priis fan 20 miljoen op fallen is. Elk siket om it lot. Ek Pjirkje en har man, dy’t tydlik by heit ynwenje, oan’t se wer gas en ljocht ha. Allinne heit wit wêr’t it lot is. Dan blykt dat it lot foar it grutste part opfrette is troch de mûzen. Dus net mear jildich, mar it wie wol it winnende lot.
Elk foar himsels
Jan Tuinstra keapet rommel op, dat er (as Jean Ternata) yn syn winkel wer ferkeapet as guod mei antike of argeologyske wearde. Sipke is syn help by it bedragen fan de klanten. Hy is sabeare fan Yslânske komôf.
Jean Ternata hat in soarte fan relaasje mei Thea Haaksma, dy’t har foar de twa hearen oer foardocht as ‘Titia Heackerslot’, in rike frou.
It docht bliken dat dy ferhâlding boud is op leagens en bedroch. Jan tinkt er finansjeel better fan te wurden, wylst Thea fan har kant wraak nimme wol foar har freon dy’t troch Jan by de poat naam is. Mar Jan wurdt warskôge troch syn freon Marten en by eintsjebeslút wurdt net Jan, mar Thea de persoan dy ’t yn har eigen streek rint.
Net te filmjen
In groep fan sân bern moat fan master wat betinke foar de âlderjûn. Se binne it der allegear oer iens, dat âlders harren wolris oanstelle. Dan komme se op it idee om in film oer âlders te meitsjen.
It stik is tige geskikt om oan te passen oan eigen skoalle en bern.
Moldy, it lân fan sabeare en sa
Pake en Esmeralda, dy ’t pake Elske-prinseske neamt, binne yn ‘e hûs en pake lêst de krante en Esmeralda boartet mei de blokken. Esmeralda freget Pake mei te gean nei Moldij, it lân fan sabeare en sa. Pake wurdt Kening Soksawat de earste en Esmaralda is prinses. Se moetsje
nijsgjirrige minsken. De ôfwikseling tusken wierheid en fantasy giet moai troch elkoar. Sa komt de buorfrou del omdat de boerekoal droech sean is. Dan wer giet it mearke fierder.
De dialogen binne koart en foar bern goed te learen. De nammen fan de spilers binne moai en passe krekt yn dit mearke.
Folwoeksen bist net earder dan ast dea giest
Fjirtjin sênes wêryn seis jongelju oan it wurd binne oer it tema folwoeksenheid. Wat betsjut it om folwoeksen te wêzen as te wurden? Yn koarte, persoanlike sênes fertelle hja oer dit ûnderwerp. Yn guon sênes rjochtsje se har ta it publyk, oare sênes wurde op in boartlike wize spile, in pear binne de absurdistyske kant it neist.
Oan de oarder komme bygelyks: de nuvere skiedsline tusken net en al folwoeksen wêze, de grutte wurden omtrint it begryp ‘folwoeksen’, de wegering om folwoeksen te wurden, de tsjinstriidige hâlding fan âlderein oer harren folwoeksen bern, ensfh.
Alles is oars
It ferhaal spilet op it ûnbewenne eilân Rottumereach. In man en in frou sille dêr it wykein tegearre trochbringe om it feit te fieren dat se inoar 10 jier lyn foar it earst troffen hawwe. Al rillegau barre der mysterieuze dingen lykas in ferskining fan in man foar it rút en in radio dy ’t út himsels begjint te spyljen. De frou wurdt hoe langer hoe senuweftiger en de man begrypt der neat fan. De geast dan de ferstoarne earste man fan de frou húsmannet op it eilân om, om wraak te nimmen op de frou.