Foarby it Boarkumer fjoer

It fiskersdrama yn Peazens Moddergat

Cloaca

Cloaca is in ferhaal oer mannefreonskip. Fjouwer mannen fan midden fjirtich, binne tiidlik by elkoar. Se ha sûnt harren studintentiid altyd kontakt holden en seagen elkoar geregeld, de ien wat mear as de oar. Fan harren dreamen is net alles útkommen. Maatskiplik binne se alle fjouwer ridlik slagge mar yn harren privé libben skeelt der fan alles oan. Se hâlde de skyn fan solidariteit op mar as it der op oankomt litte se mekoar falle as in bakstien. Wat in hechte freonskip like, stelt úteinlik mar in bytsje foar. Dizze mannen kieze spikerhurd foar harren sels.
De mannen beslute op ‘e dolle rûs elkoar út de brân te helpen. Mar as blykt dat it wankele lykwicht wat sy elk yn harren libben fûn ha dêrtroch bedrige wurdt, litte se mekoar falle en kieze foar har eigen hachje. De âlde freonskip en harren eardere ferwachtingen wege net op tsjin harren eigen selssuchtige ambysjes.

Wolkom yn it bosk

Twa froulju swalkje troch it bosk; Dora, by har man weirûn en Fannie njonken har foar bystân en treast. Earst stride se tsjin honger en toarst en nachts binne der lûden wêr’t se net gerêst op binne mar dan stuitsje se op it iene personaazje nei it oare; in skruten faun, in rike neatnutter, in yrritearre jager en in ûnbehouwen pryster. Se wolle allegear befrijd wurde fan harren lusten mar de keunst fan it
ferlieden behearskje sy net en foar Dora en Fannie sit der neat oars op om fan harren ôf te biten. As ek Edward, de man fan Dora, yn it bosk ferskynt en Dora sels fêst komt te sitten ûnder in omfallen beam, wurdt it allegear tige yngewikkeld. Der blykt in geheim te wêzen mar oft dat geheim noch oan it ljocht komt is de fraach…

De lantearnepeal, it bankje en de doazen

Sa earm as Job, gjin sint op hun melis, sa goar as Yfke, gjin hûs om yn te wenjen en gjin bêd om op te sliepen. Dan kinne jo wol in gelokje brûke. Mar dêr moatte jo wol goed oer neitinke! Mei in sûch en in suffert oan de iene kant en gejammer fan de oare kant falt dat net mei.

Dizze revu wurd spile op in pleintsje earne efterôf. It ‘wenplak’ fan trije swalkers: Sjoerd, Sippie en Kees. Lekker rêstich. Dat hat Skelte, de strjittemusikant, ek tocht doe’t er dit pleintsje útsocht as wurkterrein.

Oz

Oz, is it ferhaal fan Dora, in famke dat der op skoalle wat útleit. Troch útsûnderlike waarsomstannichheden komt se yn it lân fan Oz telâne. Mei har nije freonen Blikjeman, Leffe Liuw en Fûgelskrik moat se yn opdracht fan de tsjoender fan Oz allegear snoade keunsten úthelje en boppedat de kweade heks Walgina útskeakelje. Allinne op dy wize kin se wer werom nei de gewoane wrâld!

Ach en wee – state

Theo en Trees, soan en dochter fan de legindaryske Bariton fan de Klaai sette syn klienkeunsttradysje fuort. In slagge boekeramsjer hat harren ynhierd foar syn personielsútsje, om se sa te stypjen en in kâns te jaan op in breder publyk. As de groep komt blykt der lykwols folle mear belangstelling foar it iten as foar it optreden. It wurdt in geweldige ôfknapper. De nije technikus Foead, ynhierd fia in regeling fan it arbeidsburo, docht der alles oan om it duo troch de jûn te skuorren en nimt sels it programma oer. It is de ein fan it duo.

Finne yn ‘e piste

It ferhaal spilet him ôf yn it sirkus. Tidens it bearenûmer wurdt it jild út ‘e kassa stellen. Telstra, de man achter de kassa moast even nei it húske en doe ha de dieven taslein. Ek it foaiepotsje ha se meinaam. De plysje wurdt der byhelle en dy sette de tinte ôf. Der mei gjinien mear yn of út. Dan wurdt it jild fûn yn de grutte flapskoech fan klown Flappie. No de dief noch. Gelokkich is de bear yn it sirkus in hiel tûken-ien.

Tuskentiidteater

Trije freondinnen sille meidwaan oan in playback wedstriid, mar harren auto rekket ûnderweis fan de dyk en slacht oer de kop. Se komme dêrtroch op in “tuskenstik” en moetsje dêr harren twadde persoanlikheid. Om fan it tuskenstik ôf te kommen, moatte se in kompetysje oangean mei harren twadde ik.

Op kamp sûnder leafde

Learaar Theo Suiker en learares Trudy Zoet gean mei 7 jonges en 7 famkes “it bosk yn” om de bern fatsoen by te bringen. Sa wol direkteur Speikamp it. Hy strúnt om it kamp hinne om de boel yn de gaten te hâlden. Alles draait om de (puber)leafde. Op ‘e ein binne de jonges en famkes en Theo en Trudy it iens en Speikamp moat it mar útsykje…

It kofferke fan Professor Ferstân

Professor Ferstân sil foar de Keninginne in demonstraasje jaan fan syn nijste útfining: de robotmasine. Mei dizze masine kin de professor elk minske feroarje yn in robot en him dwaan litte wat him opdroegen wurdt. In gefaarlike útfining lykwols as er yn ferkearde hannen falt. En dat is no krekt wat al gebeurd. Want ûnderweis yn ‘e taksi nei it paleis wurde de professor en syn assistinte Koosje oerfallen troch it boevepear Sytse en Tutteblei. It doch bliken dat sy suverkrekt út ‘e finzenis ûntsnapt binne. Se stelle dan net allinne it kofferke mei de robotmasine, mar ek de klean fan de professor en syn assistinte. Op ‘e flecht bedarje Sytse en Tutteblei yn it kafee fan Hylke en Gryt Tapper. As letter de professor en Koosje, yn boeveklean, ek it kafee binnenstappe is de konsternaasje grut. Dan blykt it kaptaal fan buorfrou Albegear stellen te wêzen en dat moat moaiwis in gefolch wêze fan it yn wurk setten fan de robotmasine…

Ferfalske

It stik spilet him ôf yn in atelier/húskeamer fan in skilder. De skilder ferfalske eartiids skilderijen; doe ’t de kenners hjir efter kamen, waard it him te hjit ûnder de fuotten en flechtte hy mei in frou nei Súd-Afrika.
Syn eks-frou, dy’t him net snuven hearre mei, en dochter bliuwe yn Nederlân efter. It ferhaal begjint op it stuit dat de plysje de dochter freget nei it atelier (yn Nederlân) fan har heit te kommen, omdat har heit, dy’t sy net ken, dêr fermoardde fûn is. Hja komt mei har freon – in krekt ôfstudearre keunstkenner- nei it atelier en wurde dêr troch in “inspekteur” opfongen.
Fierder draait it ferhaal foaral om in echt skilderij dat in protte jild wurdich is. De man tinkt dat syn eks dat earne ferstoppe hat.
Uteinlik blykt de skilder net fermoarde te wêzen (hy is de “inspekteur”), hy wurdt troch de freon fan syn dochter ûntmakere.
Al mei al in echte skriller.

De Frijloop

Twa memmen en in heit is it âlder-wêzen tefolle wurden. Se sykje taflecht yn it oanrinhûs foar âlden: “De Frijloop”. Under lieding fan in krekt oannommen terapeute besykje se ta rêst te kommen. Linkendewei wurde se sels like puberaal as dat har bern thús wiene. De terapeute hat der de hannen fol oan.
Alderhûs “De Frijloop” is in humoristysk en werkenber stik.

As de bisten prate koene

In keppeltsje bisten, dy’t ûnder de kwint fan harren minskebazen steane komme yn opstân. Sy fine de bazen dom en dy hâlde gjin rekken mei wat in bist wol.
Sy sette ôf mar komme werom: de frijheid foel tsjin.

De gouden strik/Sorry

De gouden strik:
Lys fersoarget har heit, dy’t nei in beroerte net mear prate en ek hast net mear bewege kin. Op âldjiersdei moetet se har eardere freondinne, dy’t doedestiids samar út har libben ferdwûn. Tidens dat gesprek wurdt it de beide froulju dudlik, dat de heit de reden wie fan dat hastige fuortgean. Anna, violiste en Lys, dwarsfluitiste soenen tegearre nei it konservatorium. Se spilen faak by Lys thús. Har heit hie in wat wrâldfrjemde kollega, dy’t noch by syn mem wenne. As der problemen wienen stjoerde heit Lys derhinne, sadat hy allinne mei Anne bleau, ûnderwilens makke hy seksuele avances.
In stik oer seksueel misbrûk, macht en wraak. Tige geschikt om op in temajûn te brûken.
Sorry:
Kees Smids is op advys fan syn dokter lid fan in toanielferiening, dit jier fersoarget hy it dekor. Yn syn monolooch makket er it publyk dudlik dat er tsjinwurdich genôch stikken binne oer ûnderwerpen wer’t gjin taboe mear op rêst. Op humoristyske wize fertelt er der oer, mar lit him meislepe troch syn eigen gefoelens fan fertriet en frustraasje. Kees en syn frou Antsje kinne gjin bern mear krije. Harren jonkje Durk hat it stekje iepenkrigen en is ferûngelokke, de hûn blafte wol, mar Antsje reagearre net. No ferwyt se Kees dat dy it stekje net goed ticht dien hie. Tegearre kinne se der net oer prate.
Ek foar dit stik jildt: geschikt foar in temajûn of ienakterfestival.

Rêst, Frede en Flinterman

It stik spilet him ôf yn de showroom fan begraffenisûndernimming Flinterman Uitvaarten. De beide susters Adelheid en Esmé liede de saak. Harren mem Maria is in deminterende frou en de dochter fan Esmé, Colette is in opstandich fanke. Neef Lenny, in eks-finzene, siket foar in skoftsje ûnderdak en lûkt by de famylje Flinterman yn. It docht bliken dat er in hiermoard plege moat, in sekere Dulcinea, dy’t oan de oare kant fan’e strjitte wurket as advokate. Dan komme der noch twa dubieuze klanten, dy’t harren wol hiel frjemd gedrage. Ien en oar wurdt frij komplisearre mar úteinlik falt der mar ien bewustleas del en liket alles goed ôf te rinnen.

Kreas

De populaire Lena staat centraal in Kreas. Terwijl alle jongens haar aanbidden, roddelen de meiden over haar.
Lena is lang niet altijd blij met haar positie, zij wil meer zijn dan alleen haar uiterlijk.
Jaap lijkt de enige te zijn die haar ziet zoals ze werkelijk is, ‘een bloem met een donker hart’.
Problemen ontstaan wanneer Jaap het met zijn vriendin Kim wil uitmaken voor Lena.
Kim accepteert dit niet en dat heeft grote gevolgen. Uiteindelijk eindigt Lena waar ze begon: alleen.

Snie Wytske

Wytske, de haadpersoan yn it mearke, hat in mem mei jildingsdrang. Sa’n Amsterdamsk stedstypke,d at der sa jong mooglik ‘utsjen wol en yn in soad dingen har dochter neidwaan wol. Wytske wurdt der gek fan en wol it hûs ut. Se komt de eks-freon fan in freondinne tsjin, dy’t wol in keamer wit yn in kreakpân-achtig studintehûs. Dêr wenje
sân dwergen, dy’t stik foar stik wat apart binne. Op in stuit krijt de mem troch dat Wytske fuort is. Se giet net nei de plysje mar stapt daliks op de televysje-omrop ôf om Wytske werom te krijen. Se hat blommen en taart mei om it wer goed te meitsjen by har dochter. Dy daget yndie op mar smoart hast yn ‘e taart. Ien fan ‘e dwergen sil har wekker tutsje,dat mislearret mar der is wol in oare prins op ’t wite hynder en by einbeslut libje se noch lang en gelokkich.

Roeland en Joliena

Yn Roeland en Jolina stean manlju tsjinoer froulju: de heit fan Roeland (en syn broers) en de mem fan Jolina (en har súskes) meie de oare sekse net lije.
In soart fan ambtner stelt in fersoeningsfeestke út, mar as de oaren útfine dat Roeland en Joline fereale op inoar binnen, is it op’e nij oarloch.
It stik (as it heal kin mei ‘live’ musyk) einigt mei in dûbel slot. Earst rint it út op in masale moardparty à la Shakespeare.
Mar dan besykje de spilers fan harren rol yn it stik los te kommen, útsein de heit en de mem dy’t net súnder it ’tradyzjonele’ trelit tusken man en frou kinnen.

De bushalte

Minsken moetsje elkoar by de halte, guon ha wat meielkoar hân, guon krije wat mei elkoar of reitsje elkoar kwyt. In projektûntwikkeler en wethâlder wolle bouwe op it plak fan de halte. Mar se wolle ek wer net. Jan (swalker) en Annie (hoerke) bliuwe oer yn har hûs dat plat leit (halte).