Wer

It stik WER giet oer trije froulju dy’t trije kertier werom op ierde komme. Se hawwe de opdracht om ien ding, dat harren op ierde hiel dierber wie, op te heljen. Yn earste ynstânsje liket dizze moeting de muoite wurdich te wezen, mar is dat wol sa? Meitsje se gebrûk fan de tiid dy’t se krije en fine se wat se hawwe wolle, of ferdogge se him op de ierdske wize fan by elkoar wezen.

Gjin dei spyt

Kim is krekt by de man wei en wennet foar ’t earst yn har libben allinnich. Mar de rêst dy’t se siket fynt se net. Suster Laura, mem Sophie en freon Dennis komme te pas en te ûnpas lâns. Laura en Sophie meitsje har drokker om de ‘dwaze dagen’ fan de V&D as oer wat him ôfspilet yn it libben fan Kim. Tim, in freon fan Dennis, komt ek del en lit net allinnich de herten fan de froulju hurder klopje, mar ek dat fan Dennis. mar foar wa kloppet Tim syn hert eins hurder?

It Ferhoar

Yn it ferhoar wurdt in asylsiker Nederlân útset. Dat is net sa ienfâldich docht bliken. De man sprekt goed Frysk, sprekt Pim Fortuin nei en swart by de lêsmap en seit sels dat hy in Nederlander is.

Alles wat liket, is net wier

It gesin fan der Vlist is ryk; hja hawwe in lúks libben, sels mei in ynterieurfersoarchster, túnman en Annie’s boadskippen – en stryktsjinst. It is wol in hekstyske sfear; drok, drok, drok, is it motto. Dochter Sylvia soarget foar de nedige tsjingas; fja is meastal rêstich en ferspuit materialisme en geastlike leechheid, wylst heit en mem en soan harren dwaande hâlde mei jild fertsjinjen, drankpartijen besites en it keapjen fan lûks guod. Mar dan slacht it needlot ta; mefrou fan der Vlist wurdt slim oerspand. En hjirtroch wurdt it libben van de famylje folslein op è kop setten en wreed fersteurd. Het en mem groeie earst wat út elkoar, wylst letter it begryp foar elkoar sterker wurdt en de ûnderlinge bân sterker en bewuster wurdt. In modern blijspul, mei de nedige humor, wêryn swierrichheden nei foaren komme, dy’t de moderne minske yn dit jachtich libben no ienris regelmjittich tsjin komme sil.

Blowing

Heit, mem en twa puberbern. It is mem har 45ste jierdei. It moat en sil in gesellige dei wurde. De dei begjint mei in feestlike brunch, der’t mem o sa’n flyt op dien hat. Dan krijt se har jierdeiskado: in fideokamera. Dizze feestlike dei kin sadwaande daliks fêstlein wurde. Is sa leuk foar letter.
De kamera, hantearre troch soan en dochter, leit ûngenedich fêst hoe’t it feestje út ‘e hân rint. En de hiele húshâlding falt útelkoar.
De oare moarns, as de diggels oprûme binne en de blauwe plakken fuortsminkt, liket alles wer gewoan. Of net?
In ûnomkearber famyljedrama. In portret fan in húshâlding, dat jin konfrontearret mei de frustraasjes, it ûnfermogen fan de âlden, mei it fertriet en de eangst, mar ek de dreamen fan de bern.
Van den Berg skreau dit stik út it perspektyf fan de bern wei. Blykt ek út it taalgebrûk. Al mei al tige werkenber foar jongelju.

It komt út ‘e loft

Taapke Haarsma skuort it hiele hûs oer ‘e kop en is alhiel fan ’t sintrum want har skoandochter út Amearika sil foar ’t earst komme om mei harren yn ‘e kunde te kommen.
Age Haarsma kin him der net drok om meitsje; it is in gewoane jongfaam fan Fryske komôf.
Age makket him drok om oare dingen; It doarp en de bewenners. Hy is dan ek al 25 jier foarsitter fan pleatslik belang.
Wybren Sikkema, de buorman, sit as ponghâlder yn it bestjoer fan pleatslik belang. De bestjoersgearkomsten wurde fansels belein yn ‘e herberch. It binne meast drege gearkomsten, dus de mannen nimme gauris ien… twa of trije nei ôfrin.
No wol it tafal dat Age de jûns foar ‘t de gasten komme noch in bestjoersgearkomste hat…

Par

‘Par’ giet oer it groepsgefoel dat ûnmisber foar jongelju is by de ûntwikkeling fan in eigen identi­teit. It is feilich en prachtich om by in groep te hearren, mar o wee as immen fan in oare groep jin in strie dwers leit. Dan wolle by in oantal jonges de hantsjes wolris los oan it liif sitte.
Alles yn ‘Par’ draait om de groep!

Komme & Gean

Komme & Gean
.Alle fjouwer ienakters geane oer minsken dy ’t roerlings by elkoar lâns sjitte, sûnder dat se elkoar fêsthâlde kinne of mei-inaor fierder gean. dit tema kriget op ferskillende wize foarm: soms kluchtich, soms absurdistysk, mar dan ynienen mei in dramtyske ynslach.
De ienakters steane op harsels, mar foarmje ek in searje. Der is hieltyd ien personaazje út de iene ienakter, dy’t yn de folgjende ienakter weromkomt. Yn de lêste ienakter sjogge wy boppedat noch twa personaazjes út de earste ienakter werom kommen. Jo kinne dus ek de earste en de lêste yn ien foarstelling spylje.
Foar de wiidweidige beskriuwing fan de ienakters moatte jo nei de aparte titels:
1. Ynstappe & Utstappe: In âldere hear komt in nuveraardich, fertutearze famke tsjin op it perron en sy lit him yn betizing achter. In jonge man bemuoit him dermei.
2. Connie en Nico: In húshâlding pakt yn foar de fakânsje. Betizing om de twilling hinne jaget de boel yn’e bulten, as der in learaar komt mei de eksamenútslach. In gaoatyske húshâlding, mei fierders noch in leave, âlde húshâldster en in rôt.
3. Appeltsje: In âlde húshâldster bliuwt allinne achter. Se wol net oan it ferline tinke, en ek net oan de miste kânsen, mar it gebeurt dochs. In appeltsje daget har út.
4. Utwei: Yn in stasjonrestauraasje kriget in servearster besite fan it nuveraardige famke, dat pynlike dingen oan ’t ljocht bringt oer har oansteande.

Fûgels

De 60 jierrige Jaap (troud mei Just) freget him ôf wat it libben him noch te bieden hat. Ynienen komt de jongere, strakkere Linda foarby. En ja hear, hy hapt ta. Mar letter ferskynt de noch jongere Carla…
Just nimt in gloednije flat foar harsels. Gûlt en begjint op ‘e nij. Lestich is wol dat har nije flat pal tsjinoer de flat fan har eks-man en nije freondinne stiet. Se kinne by elkoar yn ‘e keuken, of slimmer noch, by elkoar yn ‘e sliepkeamer sjen. Wat moat se dwaan? En hoe sit it mei har eigen romantyk? Is dat no foar altyd oer en út?
Wurde Jaap en Just wol lokkich sûnder elkoar? Is der in wei werom? Kinne se wer yn itselde hûs en troch deselde doar?
De sênes wurde oanelkoar breide troch twa fertellers. De taskôger fljocht fan hjoed nei juster en fan ferline wike nei in oere earder deselde moarn!

Ynstappe & Utstappe

Wylst in begjinnende omropster frjemde meidielings oer it perron ropt, sjogge wy in nuver, fertuterze famke op in bankje sitten. In âldere fertsjinwurdiger besiket om ‘e nocht om kontakt mei har te krijen, mar hy hâldt dêr úteinlik allinne in mysterieus foarwerp oan oer. As se fuortgien is, reagearret de man syn teloarstelling ôf op in argeleaze, weetlike learaar. Fia de learaar kriget it famke it frjemde kadootsje lettter werom.
Dizze licht absurdistyske ienakter kin apart spile wurde, mar ek diel fan it fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”. Sjoch fierder by de titel.
It ferhaal fan it famke kriget in ferfolch yn “Utwei”, de lêste ienakter fan dizze fjouwerlûk, wêr’t ek de omropster yn werom komt. it is ek mooglik om allinne dizze twa ienakters te presintearjen yn ien foarstelling. De learaar sjogge wy werom yn de ienakter “Connie en Nico”.

Connie en Nico

Midden tusken de koffers lit heit Gerard tryst de moedfearren hingje: in pre-fakânsje dipke. Hy is teloarsteld dat Nico net mear mei wol. Mem Caroline trunet har man oan om alles yn de auto te setten. Dochter Connie hat lokkigernôch mear begryp foar him. Sy wachtet yn spanning op de útslach fan har hereksamen. Dan komt de âlde húhâldster Hommie Nico oer it mad, dy ’t stikem weromkommen is út it argeology-kamp. Nico is net in jonge, mar de twillingsuster fan Connie ( spile troch deselde aktrise) en hjit eins Nicoline.
It docht bliken dat se in ferhâlding hat mei de learaar Edwin, dy ’t melde sil dat Connie slagge is. Neidat de knoffelige Edwin it útmakket mei Nicoline komme wy krekt goed yn de betizing. Heit tinkt dat Connie sakke is. Hommie besiket it weromkommen fan Nico ferburgen te hâlden. Mem Caroline ( “Ik bin om samar te sizzen Connie en Nico yn ien”) besiket om ‘e nocht de learaar yn te palmjen. Dy fersint him op ‘e nij as er Connie foar him hat. Tusken de bedriuwen besiket Arnold syn rotten te behoedzjen foar it asyl.
As de learaar úteinlik tige skrokken útnaad is, nimt mem Caroline it heft wer yn hannen: “we gean mei fakânsje”.
Dizze kluchtige ienakter, dy ’t tagelyk in parody op in klucht is, kin apart spile wurde mar is ek diel fan it fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”.
De learaar komt ek yn “Ynstappe & Utstappe”; de húshâldster yn “Appeltsje”.

Appeltsje

No ’t de famylje, wêr’t sy oan’t no ta wurke, fuort is, bliuwt de húshâldster allinne achter yn it lege hûs. Se is bang om yn harsels te praten, om’t se dan wer oan alderhanne dingen út it ferline tinkt. Ynienen wurdt se oansprutsen troch in appel dy ’t se opite woe. De appel stelt har gerêst en hat begryp foar har, mar ropt har ek op om it libben net samar foarby gean te litten. As har soan delkomt om har op te heljen, fret hy de appel op en makket sa har dream, ûnbedoeld, yn ien kear stikken. In oandwaanlike (hast) monolooch mei in absurd tintsje yn de foarm fan in pratende appel. (dy ’t op bân opnommen wurde kin of troch in akteur mei mikrofoan út de kûlissen wei spile wurde kin) De goedmoedige soan set mem op de ein wer wreed mei beide fuotten op ‘e grûn.
Dizze ienakter kin apart spile wurde, mar is ek diel fan in fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”. De húshâldster spilet ek yn de ienakter “Connie en Nico”, de soan Rudi yn de ienakter “Utwei”.

Utwei

Nei slutingstiid rommet in servearster de stasjonsrestauraasje op. Mei tsjinsin lit se in fertutearze famke deryn, dat stiet te wachtsjen op “ien”. Under it skjinmeitsjen fertelt de servearster oer har “oansteande”. As se tinkt dat se it famke herkent, praat dy har hieltyd mear fêst yn har leagens en heale wierheden. Se beskuldiget Rudi, de freon fan de servearster. Mei de komst fan Rudi wurdt bytsje by bytsje dúdlik wat der tusken him en it famke wol en net foarfallen is. Nei de dramatyske ûntkoping bliuwe alle trije personaazjes ûntheistere achter. Misbegripen, hilaryske en pynlike mominten wikselje elkoar allegeduerich ôf yn dizze tragikomyske ienakter.
Dizze ienakter kin apart spile wurde, mar is ek diel fan in fjouwerlûk, neamd “Komme & Gean”.
It famke en de servearster komme yn “Ynstappe en Utstappe”foar; de ferloofde Rudi yn “Appeltsje”. It is ek mooglik om “Ynstappe en Utstappe”en “Utwei” tegearre as ien foarstelling te presintearjen.

De Saakwaarnimmer

Arend en Froukje nimme fjirtjin dagen de honneurs waar op de boerekamping, om’t de boer en syn frou mei fakânsje binne. Mar alles rint yn ’t hûndert en besykje dat marris op te lossen. Oan de ein komt it allegear goed. Arend is net handich, wol dat net witte en kin it net ha dat de sneonshelp Hindrik linich alle putsjes opknapt. Stadichoan moat Arend syn ûngelyk tajaan en mei Hindrik Annet, de dochter fan Arend en Froukje, yn syn earmen slute. In fleurich stik mei aksje.

De trije breiden

Trije froulju moetsje inoar yn de wachtromte fan in krematorium, wêr ’t Wander de Vries kremeare wurde sil. Hy is al in jier fermist en syn lyk is fûn yn it fan Harinxmakanaal. It is dúdlik dat er fermoarde is foardat er yn it wetter telâne kaam. Mei de iene wie Wander troud, de oare rekke troch him yn de finzenis en fan de tredde naam er it measte jild mei. Alle trije ha wol in motyf om him te fermoardzjen. Al pratende wei wurdt dúdlik dat alle trije froulju Wander moete ha op syn lêste dei. Wa ’t it dien hat sil nea bekend wurde en as de trije breiden fan Wander nimme se ôfskie fan him, sûnder ek mar ien trien te litten.

Appelbeamkes

Bert en Geartsje, futters, sille in wrâldreis meitsje. Se ha it hûs ferkocht en der is in kamper foar yn ’t plak kaam. De earste jûns fan ‘e reis bedarje se yn it kafee fan it doarp út har jeugd. Geartsje woe der graach noch ienkear del. It blykt dat Geartsje oait wat hân hat mei Sytse, de eigner fan it kafee. As Bert nei de snackbar ôfset, om ’t er net langer op iten wachtsje wol, rekket Geartsje yn petear mei ober Sjoerd. Hy is de soan fan Sytse. Geartsje bekend Sjoerd yn in yntym petear dat se oait swier wie fan Sytse, mar dat it útdraaide op in miskream. As Sjoers seit dat syn heit sa wer thúskomt, wol Geartsje dêr net op wachtsje. Se is bang foar Bert syn oergeunst, mar it feit dat se Sjoerd sjoen hat, is har genôch.

Gaswacht

Durk en Piter binne twa ynbrekkers dy ’t net al te folle gelok hawwe yn it fak. Troch in nij trúkje komme sy te witten wannear de minsken net thús binne. Sa geane sy by Jilt en Niny Dijkstra oan de slach as dy ôfset binne foar in itentsje en teater. Earst komt it stel ûnferwachts werom as Niny mei de auto fan Jilt de bedriuwsauto fan de ynbrekkers oanriden hat. Grutte skea oan beide auto’s. De ynbrekkers ha it lef om werom te kommen en it slagget harren om de Dijkstra ’s sa te manipulearjen dat se de antike klok meijouwe, sa is de skea betelle. As de ynbrekkers troch hawwe dat it echtpear der nochris op út giet, kinne se de ferlieding net wjerstean om de nije sintrale ferwarmingskachel mei te nimmen. It wurk wurdt wer ûnderbrutsen want Jilt en Niny komme sûnder bezine te stean. En geane mei in taksy nei it teater. Nei alderhande tûkelteammen komt der ek noch in ûntploffing om ’t buorfrou in sigaretsje opstekt.

Medysk Sintrum Betterskip

Sil Meijer is oan de betterjende hân nei in blineterm-operaasje. Hy wol graach nei hûs, mar moat noch yn it sikehûs bliuwe oant de útslach fan de ûndersiken bekend is. Sil syn mem, Suze Meijer, besiket it har soan yn dy tiid sa noflik mooglik te meitsjen. Se komt faak op besyk en hat altyd in boekje mei kryptogrammen by har, puzzeljen is har grutte hobby.
Nanda Biervet, in ferpleechster mei net folle hert foar de pasjinten, bringt in nije pasjint dy’t slim ferwûne is, by Sil op de keamer. Dokter, Loes Donker, hat grutte problemen. Se wurdt der fan fertocht ferdôvjende middels út de medisynkast te stellen. Sil beslút Loes te helpen, mar rekket dertroch sels yn gefaar. En wat hat skjinmakster, Martine Waaksma, mei it gefal te meitsjen? Se strúnt oanhâldend op de keamer fan Sil en syn buorman om. Sil hat it sa drok mei de saak fan de ferdôvjende middels dat er hielendal gjin haast mear hat om nei hûs te gean. Of soe der in oare reden wêze?

It jierdeifeestje fan Miss Sophie

In itentjse foar seis persoanen by de âlde ‘Miss Sophie’. Om’t de gasten ferstoarn binne is de âlde butler ferplicht om njonken it servearjen ek de plak fan de oare personaazjes yn te nimmen by it ’toasten’. Sels stomdronken bliuwt er syn bêst dwaan. .