In ‘Moard’ idee

Sheila is allinnich foar it jild mei de âldere IJsbrand Donderstien troud. Se hat it plan opfette om him fermoardzje te litte en as syn erfgenamt syn meubelfabryk te ferkeapjen. Mei de opbringst wol se har trije fertutearze hotels restaurearje litte.

Bij Astrid, IJsbrands earste frou, wurden bij de skieding troch him twa regelingen ôftwongen; in minimale alimintaasje en harren dochter moast bij him bliuwe. Dan soe hy alle stuudzjekosten, kleanjild, bûsjild ensfh. fan harren dochter Pia foar syn rekken nimme. Mem en Pia binne net bliid mei dizze regeling. Sheila en IJsbrand ha in testament opmakke wêr’t se elkoar harren jild neilitte.

Hoe kinne Astrid en Pia foarkomme dat alle sinten nei Sheila geane? Simpel; beide nei de oare wrâld helpe. Mar dat is flugger sein as dien…

By Lydia

In hûs yn Efeze yn de earste tiid nei it libben fan Jezus as de befolking yn dy kontreien noch swier te lijen hat ûnder de besetting fan de Romeinen.

Stone Mansion

It ferhaal spilet yn in âld ferlitten hearehûs yn it Lauwersmargebiet. Eartiids wie de filla eigendom fan de smoarrike John Stone, dy’t der frjemde praktiken op nei hâlde: hy makke it libben fan de minsken yn syn omjouwing ûndraachlik. It stik spilet tsien jier nei syn dea mei syn soan Riek yn in bjusterbaarlike haadrol. Mei de neilittenskip fan syn heit hat er nea wat dwaan kinnen, om’t er yn in ynrjochting bedarre. As er de ynrjochting ferlit, nimt er syn dêr opdiene skizofrene freondinne Sirène mei nei Stone Mansion. Hy hat mar ien doel: wraak nimme op de minsken dy’t syn libben ta in hel makke hawwe.
Dat docht er net as Riek, mar as Lord Darrel Grut. Hy lit berjochten de wrâld yngean dat Riek net mear libbet en noeget de erfgenamten út om it besit te ferdielen. It stik begjint mei de komst fan de gasten, allegearre minsken oan wa’t in stekje los is. Yn ’e rin fan de foarstelling wurdt de taskôger stikje by bytsje gewaar wat him eartiids yn Stone Mansion ôfspile hat.

Beppes ûngemakje

Dit stik nimt ús mei werom nei 1960, nei in tiid doe’t de jongerein it net sa krekt naam, en frije seks gewoan wie.
Beppe Jitske belibbe dizze wylde tiid mei har freonen yn en om in park earne yn de grutte stêd.
Durk Slofstra, in jonge fan it plattelân, komt yn de stêd om foar dûmny te learen. Hy lit him, foar in
koarte tiid, ferliede ta it hippie wêzen sûnder yn de gaten te hawwen wat der fan komme kin.
As de beppesizzers jierren letter by tafal yn de kunde komme mei de wylde jierren fan harren beppe
komt it hiele ferhaal op it aljemint.

Woartels

Yn in monolooch sprekt Barbara har út oer wat sy fielt nei it ferlies fan har súske Loesje. Tuskentroch hearre we Loesje sels, pratend fan út har grêf. Dat is it poëtyske begjin fan dit koarte stik wêryn’t Barbara, in famke fan 13 jier, har âlden en de freondinne fan heit wrakselje mei it ferlies fan Loesje en wat dat mei harren docht. Heit is boer en kin hast allinnich mar oer syn woartels krimmenearje, want it reint altiten, foaral ‘fan binnen’. Om te ûntsnappen út de deistige, benearjende sfear hâld hy der in freondinne op nei, mar ek dizze Mariska kin sa stadichoan net mear oer de swarte wolk dy hieltiid driigjende boppe hiet syn holle hinget. It docht bliken dat Loesje ferûngelokke is doe ‘t heit te hurd ride.
Oan’e keukentafel fiert mem Carla lilke petearen mei har man Hans – dy’t der net is. Yndirekt wurdt dúdlik dat it de trije folwoeksene net slagget om mei-elkoar te kommunisearjen en sa harren fertriet te ferwurkjen en de iensumens te trochbrekken. Allinnich dochter Barbara is op it ein ree om de dea fan har suske as in feit te akseptearjen, ek al bliuwt Loesje (letterlik) as in skaad oer alles hinne hingjen.

De wrâldreis fan prinses kat

Magda is in âldere hofdame by Prinses Kat dy’t altyd slim kattich docht. Oan it begjin fan in wrâldreis wit se har dochter Cora sa fier te krijen om mei Prinses Kat fan klean te wikseljen. Cora, dy’t krekt stewardess is, docht it mei tsjinsin.
De piloat leaut de prinses net. Sy moat no foar stewardess spylje en Cora spilet foar prinses. In polysje, in boef, en twa liifwachten komme hieltyd mei de klompen yn it spul as de prinses besiket om wer harsels te wurden. Fansels komt alles op ’t lêst op syn poatsjes telâne. Op harren reis komme prinses Kat en de oaren lâns ferskate wrâlddielen, mar op it toaniel sjogge wy in fiif ôfleveringen foaral de tocht sels; de fleanmasine, de trein en de boat. De ôfleveringen kinne per dei spile wurde mar bygelyks ek efter elkoar of yn twa kear.

Koaibosk

De moderne wrâld liket fier fuort fan Koaibosk. mar as mem ferstjert, stoarte de twa ynwenjende soannen Homme en Simen har yn it libben. Se liene jild om it dak fan harren lyts hûs te fernijen en in Russyske frou te keapjen. De frou komt der en de manlju fleurje op. As ien fan beiden it mei har oanleit, krije de bruorren skeel.
Yn koarte sênes fol minsklike humor sketst Bouke Oldenhof it bysûndere ferhaal fan twa jonges dy ’t op harren behyplike wize út it libben helje wolle wat der yn sit.

In lyk foar ’t Anker

Foar it “Bliuw fan myn liifhûs” wurdt it lyk fan de ex-man fan ien fan de bewensters fûn. Fansels is sy de earste fertochte. Sy komt op in stuit ek thús mei in skerp mes. Mar dat hie se kocht omdat der in mes út de keuken miste. Yn it hûs wennet ék in bûtenlander, dy ’t neat seit “om’t sy gjin nederlands sprekt”. Sy bliuwt yn de buert fan in oare bewenster. De plysje dy’t de saak yn ûndersyk hat sjocht by tafal ien bleate foet fan de bûtenlânske “frou”. Sy blykt in man te wêzen en hat de ex-man fermoarde. Der spile in jildkwesje.

All inclusive

Twa freonen pakke de tried wer op. Op in kamping yn Súd-Frankryk. Dat giet net sûnder drank en net sûnder kater. Se beslute: it moat hielendal oars. Lokkich is de fakânsje “all inclusive”, miskien jout de betsjinster útkomst. Se swijt yn in frjemde taal, laket yn in frjemde taal. Wat betsjut dat?

It iten is klear

Age, in op himsels wenjend man út Fryslân, hat in bungalo-tinte hierd yn Súd-Frankryk.
Hy wachtet op Antsjelyk út Limburch. Se ha in internet-date. It wurdt de earste kear dat se elkoar live moetsje. Age hat oeral om tocht en de boel goed foar elkoar. No is ’t al te hoopjen dat alles rint sa as it rinne moat. Dat ts iten yn ‘e smaak falt, de bern harren net te folle foar de fuotten rinne. En dat mem net bellet…

Tút

Wat we net allegear dogge om bemind te wurden. Mem kin it net mear fine by heit, dus wurdt heit oan ‘e kant smiten en wurd der in plastysk sirurch ynskeakele. Alles moat moai, strak, glêd en foar altyd jong. De dochter tinkt der oars oer en de plastysk sirurch trouwens ek. In anargistyske klucht wêr’t luchtich mar hurd de striid oanbûn wurdt mei de ‘schoonheidscultuur’.

Leafs út Lollum

Yn “Leafs út Lollum” stiet sintraal de striid tusken Irene Doré, haad fan it sjipsconcern Kartoffy en Jane Baarnt, geheim aginte 009.
Ynset fan dizze striid is de superjirpel, in útfining fan Lolle Brandsma, de heit fan Jane.
Dizze superjirpel hat geheimsinnige krêften. Irene Doré set alles yn om it resept fan de superjirpel te bemachtigjen, wêr’t by geweld net mijt wurd.
It gemeentehûs yn Wytmarsum, docht bliken, is it sintrum fan de geheime tsjinst, ûnder lieding fan de sjef Boargersaken Earsteling. Jane wurdt hjir klearmakke foar de striid tsjin Irene Doré, har bytgrage hûntsjes Bill en Pom en har hânlangers Reade Pipo en Bint Nicola.
It hichtepunt fan de opera is de “G.E.I.T.”, de Grunniger Earpellaan Internationale Talintenjacht.
Fiif ploechjes jonge talinten litte op harren eigen wize hearre hoe goed se binne, se wurde beoardiele troch in deskundige sjuery: Irene Doré, Heino van Gildo en Muoike Lolkje.

De Tsjelp

In amateur-fûgeler libbet him út op ‘e siik nei de Tsjelp. De profesjonele ‘ornitologen’ dy’t dizze ‘Tjerk Vermaning’ fan de fûgelerij op sleeptou mei krigen ha, binne minder entûsjast oer dit mysterieuze fûgeltsje. Wa ‘sjocht se fleanen’?

De nije wente

Otto Haverkot keapet yn syn bertedoarp in tsjerke mei pleats en arbeiderswente en pastorij. Hy sil dêr mei syn frou Marre (ofsier fan justysje) en dochter Marije (puber) wenje.
Boer Vellinga mei frou en dochter Hanne wolle net fan ‘e pleats. Yn de arbeiderswente wennet Akke Dykstra, sjoernaliste en (eks) freondinne fan Marre.
Der binne yn it ferline dingen bard dy ’t soarge ha dat de freonskip hate waard.
Boppedat hat Otto net altyd like korrekt hannele. It dossier komt op ‘e tafel fan Marre.
Troch ien en oar en troch Hanne mei har bolle giet de hiele ferhuzerij net troch.
Der binne ek noch Joukje fan it “ien-frous” skjinmakbedriuw en organist Manus en fansels de broer fan Marre, Eeuwe dy ’t op skobberdebonk libbet fan ’t jild fan Otto. Hy wist fan syn minne praktiken.