De swipe der oer

Frou Bokma is liedster fan in rêsthûs. It is net samar in tehûs. De bejaarden sitte op it stuit tydlik yn de gymseal. It is in needoplossing, want der wurdt in nij rêsthûs boud.
De plannen binne om hjir in ferskaat oan minsken by yn te stopjen. Asielsykers, minsken mei in beheining, neam mar op. De bejaarden binne it der net mei iens. Se betinke fan alles om dit foar te wêzen. De spanning yn it bejaardetehûs is om te snijen. Frou Bokma hat se aardich ûnder de tomme. Mar hoe fier sil hja gean om de bejaarden harkje te litten. . . En wat docht it gemeentebestjoer hjir oan. . . It wurdt hoe langer hoe gekker.

De swipe der oer is bytiiden in hilarysk stik, mar it kin ek werkenber wêze. It set minsken oan om nei te tinken. In stik mei útersten. Lit jo ferraskje, lit jo meislepe yn in stik mei in liedster dy’t net better wit en bejaarden mei in eigen ferhaal.

Hektor

No giet it oer grytman Hector. It spilet him ôf om 1800 hinne. It ferhaal giet oer de lêste telch út de aristokratyske grytmansfamylje Fan Haersma dy’t fan 1600 oant 1800 har domisylje yn Aldegea hie en diel útmakke fan de Grietenij Smellingerlân. Inkele histoaryske feiten binne bekend. It ferhaal is basearre op in miks fan sosjale tastannen. Ryk trout mei ryk, earm mei earm.
De rike Hector wurdt fereale op de moaie Jannigje fan de heide. It is it klassike drama. Fanwegen it stânsferskil kinne se net mei elkoar trouwe. Hector wurdt keppele oan de dikke, ûnsjogge, gemiene Gesina. Dy twa ha nochal ris rûzje. Hector ferset him earst tsjin de skynhilligens fan tsjerke en aristokrasy, mar docht úteinlik ek mei oan it ûnearlike libben. Hoe’t dat ôfrint, is ymposant. Net echt in ein dat je fan in iepenloftspul ferwachtsje. Dan moatte je wol wat oandoarre!

Loftkastielen

Loftkastielen is de ferbylding fan in yntrige dy’t him hjoed de dei ôfspilet yn in wrâld, dêr’t de minsken har sels rêde al docht bliken dat guon in spesjale antenne hâlde om, út en troch, wat op te fangen út hegere regioanen.
De minsken op ierde krije net allinnich te meitsjen mei luchtlaach Healheech (wenplak fan heksen) en mei luchtlaach Himelheech (wenplak fan in pear goaden), se ûnderfine ek de gefolgen fan ‘e kompetinsjestriid tusken Healheech en Himelheech.

It draait allegear om in stik grûn dat ien fan ‘e minsken keapje kin. Om it rendabel te meitsjen sil Nijtopia boud wurde. IT moat safolle alluere ha en sa apart wurde, dat elk deroer prate sil, sûnder dat it daliks al te drege fragen opropt. Om alle mooglike keapers safier te krijen dat se har meinimme litte en har op ‘e tiid ferwissigje fan in perseeltsje, ek al sil dat blike tsjin har eigen belang yn te wêzen, besiket hy dat foar elkoar te krijen mei de help fan Healheech. It stiet Himelheech net oan en dy komt mei har eigen, ferdielde, ynbring. Beide binne se betûft yn it meitsjen fan keunstgrepen en manipulaasjes.
Troch alle yntriges barre der ûnferwachte dingen en ûntstiet der wat langer wat mear gaos en spanning.

Drokte op it buro

Tryn van Dam is fermoarde. Der wurde troch ynspekteur De Bonk en syn adjudant Switser in stik as wat minsken ûnderfrege dy’t wat mei de moard te meitsjen ha. Tusken de ferhoarsênes troch in stik as wat baaljesênes, wêr’t Joke de Bruin soarget dat alles op it plysjeburo, nettsjinsteande alle drokte, optimaal draait. De fertochten binne Sibyl en Karel Kwelder (de neiste buorlju), mefrou Dorgerloo (in oerbuorfrou dy’t geastlik wat yn’e war is) en Marie van Dam, suster fan it slachtoffer. Uteinlik blykt de ynspekteur sels de dieder, wêr’t er sels neat mear fan wit. Hy is geastlik siik, sa sil oan it ein bliken dwaan. Hy fermoardet Tryn, omdat se him tinken docht oan syn ferstoarne frou, dy’t him faak narre. Yn syn gedachten libben syn frou -by riten – lykwols noch altyd.

De kaaien fan Oranjestate

De kaaien fan Oranjestate is in hjoeddeiske komeedzje yn twa bedriuwen. It stik spilet yn en om it 5 stjerren hotel fan de famylje Heidinga. Mem, soan en dochter binne tige yn`t spier. Heit(Rapke), foarhinne kampingbaas past mei syn dwaan en litten(nimt bygelyks gauris in slokje) net hielendal yn dizze wrâld, en fynt it wol bêst dat in saneamde general-manager de lieding hat.
Mem(Wytske), hat op kursus west, en wit hokker taal jo sprekke moatte yn sa`n djoer hotel. Soan Sjoerd docht alle sportaktiviteiten, passend by de gasten. Hy jout les yn golven, tennisjen en hynsteriden. Dochter Klaske hat de lieding oer sauna en beautysalon.
Dit wykein is it tige drok.
Captains of industry en managers binne kommen om wat út te rêsten fansels, mar boppe-al om nei in lêzing, in show ,te harkjen en te sjen fan Rinse Ratelaar, de Fryske Emiel Ratelband.
Der binne ek in stik as wat ferneamde Hollanders mei problemen yn harren relaasje. Se binne te gast by Lize, de bêste relaasjeterapeut dy`t der yn Fryslân omrint.
En dan is Talpa ek gast yn Oranjestate. John de Mol mei syn ploech.
It giet dat it slydjaget, oant Pieter Privé de boel op stelten set.
Hy is in saneamde papparazzi-sjoernalist. Skriuwt foar Privé, Telegraaf en wurket ek mei oan Boulevard. Siket nei roddeltsjes makket stikem foto`s. Gjin see is him te heech. Ferklaait him gauris om sadwaande wat oan de weet te kommen. Leit bygelyks as travestyt by Klaske yn de beautysalon, en skopt,as strjittemuzikant, Lize har relaasjeterapy yn de war.
Njonken alle alteraasje, is in tige âld kistje de reade tried yn dit stik Nimmen kin it iepen krije. It is fûn doe`t it nije swimbad útgroeven waard. Út hokker ieu komt it kistje? Wat is it wurch en wat sit der yn? Gouden dukaten, tinke se. Dan wurdt it kistje stellen. Troch wa?
En wurdt it wat tusken Sjoerd en Lize, of hat Sjoerd noch te folle wyld hier.
De kaaien fan Oranjestate is in echte komeedzje, mei in golle laits, spektakel en spanning. Sa no en dan mei djipgong, en ek noch in besûnder stikje Fryske skiednis.
In komeedzje oer ús libben, de hjoeddeiske tiid, en wat der allegearre bart yn `e televyzjewrâld, wat der bart yn ús maatskippij.
Sân minsken. Sân prachtige rollen, wêr’t de fjouwer mannen en trije frouwen harren yn útlibje kinne!

Kakao

Kakao giet oer de moaie Rosanne Pannard dy’t yn it Frânske doarpke Belcourt in bonbonwinkeltsje iepenet. Se makket foar alle bewenners bonbons dy’t oanslute op harren persoanlike smaak. Dêrmei iepenet se de herten fan de doarpsbewenners.

Smoar Teplak

De haadpersoan Herman de Hunter, de namme seit it al, mei graach jeie. Net op hazzen en einen mar op safolle mooglik bier en kreaze froulju. Syn skarrel, Aletta, sels net in hier better, hat op in stuit skjin har nocht fan Herman syn gefluim en makket in drastysk ein oan it rinnende hormoan Herman….
Dan komt Herman by de himelpoarte en blykt hy net samar by God de himel yn te meien. Herman baalt hjir bot fan want hy wol dochs wol hiel graach nei de himel, dy’t yn dit stik bestiet út allegea geselliche kroegen mei potinsjele bierkes en frommiskes foar Herman.
Omdat der ek krekt in Kupido op ierde op ûndúdlike wize ombrocht is, hat God ferlet fan in nije Kupido. Hy sjocht it sjitten fan leafdespylken as in poergeskikte taak foar Herman dy’t him ommers, doe ’t er noch libbe, ek altyd wol aardich r6ede koe mei syn iene pylkje. God seit Herman ta dat as Herman syn taak as Kupido goed folbringt., hy nei de himel mei.
Dêrnei giet Herman as Kupido nei de ierde en besiket hy syn taak ta in goed ein te bringen. Mar Herman wurdt kontinu behindere troch syn ynstinktyve drang nei froulju en bier, syn geweldige ûnnoazelens en úteinlik ek troch emoasjes dy’t hy libjend noch net by himsels ûntdutsen hie.
As Herman dan tinke mocht dat dat alles is, dan hat er dat mis. Yn it neiste fermidden fan God is er dan ek noch in persoan, mei soms in jurk en soms de broek oan, dy’t Herman sels wol sjitte kin……

Goede foarnimmens

In gewoane strjitte yn in gewoane buert. Aad hat spul hân mei syn frou Loes en wachtet no op’e bus. Buertbewenners Bea en Henk komme harren hûs út om te sporten, ien fan de goede foarnimmens dy’t se foar dit jier yn’e aginda stean ha. Se ha der trouwens noch folle mear, 37 mar leafst!
Soe it Bea en Henk slagje om it dit jier wol fol te hâlden?

De Mûzefalle

Yn it hûs fan de guodlike Jan Klaassen en syn, net altyd like maklike frou, Katryn, soarget in grutte mûs foar in protte oerlêst. Se betinke in plan om it bist te fangen. Dan komt de flotte Richard lâns dy’t in tal núvere saken besiket te ferkeapjen. Syn sjarmante freondinne Natasja is by him.
Katryn fertrout it net, mar de buorfrou falt as in blik foar de nijkommer.
En de polysje siket nei in stel boeven……

SC. Hearrenfean en de fûkemoard

De famylje Heidinga (heit, mem, soan, dochter) hat it dit wykein tige drok, omdat de seleksje fan SC. Hearrenfean op harren kamping in trainingskamp hâldt ûnder lieding fan de nije Italiaanske trainer Ravioli. Wy sjogge en hearre hoe’t der traind wurdt… en wat docht de nije haptonoom? Doping?
Kampingbaas Heidinga is drok dwaande mei de tarieding fan de feestjûn foar seleksje, bestjoer, sponsers en supporters. Dochter Klaske is fereale op Sybe Sytse, it Fryske talint yn de seleksje. Hja kin ek tige sjonge en sy sil meidwaan oan de Fryske “Idols” ferkiezing op ’e feestjûn.
Mar dan skrikt elts tige! Beropsfisker Pier fynt in jonge frou (Moniek, it model fan de keunstskilder Teake) yn syn ielfûke. Hja is fermoarde! Troch… Sjoerd (de soan)? …of in fuotballer?… in kampinggast?…of, de keunstskilder? (dy’t tichteby yn syn arke wennet)…. of Pier sels, (fereale op Moniek). En hokker rol spilet Pytsje Privee, de nei sensaasje sykjende sjoernalist?
Resjersjeur Donker ûntdekt nei treflik speurwurk it motyf en slacht de dieder yn in hektyske sêne yn ’e boeien.Dan kin de feestjûn begjinne!
Humor, sport, sensaasje, spanning, muzyk, leafde! Al dizze saken út it hjoeddeiske libben komme oan ’e oarder yn dit spektakelstik.

Mei alle geweld

It hingplak wurdt yn beslach naam troch jongelju mei de namme Dangerous Devils. Se drage allegearre in wyt petsje mei de inisjalen D.D. Mei harren machogedrach foarmje se in obstakel foar minsken en bern yn de omkriten. Foaral Geart gedraacht him as in diktator mei sadistyske ynfallen. It bankje wurdt faak brûkt troch in swerfster, Miss Duffy. Sy is faak it doel fan pesterijen foar de Dangerous Devils. Mar Miss Muffy reagearret der net op en troch dizze hâlding makket Geart him hieltyd lilker. Op in jûn ûntstiet der in wrakseling tusken Geart en Miss Muffy mei fatale gefolgen foar Miss Muffy.

To, no do

Jarich Jansma giet yn ‘e Vut. Wat er no mei syn frije tiid dwaan sil, sjocht er noch net sa sitten.
Syn frou hat yn de tiid dat er yn it bûtlân wie, it hûs ynrjochtsje litten as in restaurant.
Bûten syn witen om. Alles is al regele en de boargemaster komt om it te iepenjen. To hat altyd klear stien foar har man en no komt har tiid (fynt se).
To hat saken dien mei de pleatslike griente- en blommeman. Ek mei de útbater fan Hotel fan Smelne, Maam, no hat dy hiele oare plannen. Hy spilet ûnder ien huodsje mei de griente- en blomkeman, sy sille To dwers sitte en oan’e oare kant moai waar spylje. Rêdt To it net en giet falliet, dan ha sy de hiele streek huzen foar de ferkeap oan in grutte supermerk.
Nei alderhande tûkelteammen blykt dat To de saken goed foar elkoar hat. De saak rint goed en Jarich sollisitearret foar kok yn “Oare Kost”.