De Magyske Fane

De âlde Fryske sage oer de Magnus fane, it magyske findel mei wûnderbaarlike krêft is it symbool fan Fryske frijheid. De sage en it frijheidstema is op eigen wize ferwurke. De magyske krêft is merkber yn in ferhaal fol dramatiek oer twa famyljes en in frjemde flok dy’t fan generaasje op generaasje meidroegen wurdt. De fjouwer bedriuwen rinne fan de midsieuwen troch nei de perioade fan it ferfeanjen en fan dêr út is der in tiidsprong nei de 2e wrâldkriich.

De goede dea

De famylje Keller telt trije broers. De âldste is terminaal en hat keazen foar in frijwillich libbensein. De middelste broer, sakeman, blykt hieltyd minder ûnkwetsber as tocht. De jongste is autistysk en toant syn emoasjes pas as hy efter de piano sit. De eksfrou fan de sakeman is ûndertusken de leafde fan de terminale âldste broer wurden. De dochter kin de sels keazen dea fan har heit net oan. De húsdokter, al jierren de hûsfreon fan de famylje, wrakselt mei in grut dilemma.

Swart mar Leaflik

It ferhaal spilet him ôf oan ‘e seedyk tusken Blije en Holwert yn in tiid dat de ferskillen tusken ryk en earm skrinend wienen. Swart mar leaflik lit ús in frou sjen dy’t aloan wer wrakselt tusken it swarte fan har heit en it leaflike fan har mem. In libbensferhaal fan in wûndere frou.

It is kâld

It stik beskriuwt it ferhaal fan in man en in frou. De tinzen fan de frou wurde spile troch sân sûnden en sân deugden

De pine fan ‘e kening moat ferdwine

It mearke giet oer kening Toermelint dy’t in ferskuorrende pine oan syn grutte tean hat. In protte dokters út ferskillende wynstreken ha besocht de foet fan de kening te genêzen. Oant no ta is dat noch nimmen slagge. De kening neamt se kwaksalvers en slút harren op yn de djipste kelders fan it kastiel. Wa kin de kening helpe?

Lette ropping

It stik draait om Bertus Schweigmann. Ofkard foar it ‘gewoane’ wurk, follet hy syn dagen mei it kosterskip, it fuotbalkrantsje en ien kear it jier spilet er foar Sinterklaas; wa kin him net. Hy is al jierren troud mei Annie dy’t nei it opfieden fan de bern, noch nueter har man folget yn alles wat er docht. Rêst en regelmaat binne de skaaimerken fan it libben fan dit stel.
Oant der yn de gemeente in nij dûmny oansteld wurdt. Sy set wat yn wurking wat net te stuitsjen is en de lytse wrâld fan de Schweigmanns mitert yninoar.