Rjochtdei

Op in rjochtdei kaam faak in protte folk ôf, benammen as der wat belangryks oan ‘e oarder wie. Wer’t minsken binne kin wat fertsjinne wurde en dus wie ek allerhande merkefolk oanwêzich. It wie in bûnt selskip dat de strjitte folle. Yn ôfwachting fan de sitting en de útspraak fermakken de minsken harren poerbest. Dêrfan wurdt in fleurich byld jûn. Dêrneist wurdt preludearre op it drama dat folget.
De grytman hat it net maklik. Hy moat, nei’t er in pear net sa wichtige saken ôfhannele hat, kieze tusken rjochtfeardichheid en de grime fan it folk.

Yn ‘e 17e ieu kenden de gritenijen it saneamde Nederrecht. De grytman bestjoerde syn gemeente en wie tagelyk rjochter. Hy waard bystien troch in siktaris, de assessoren, de bysitters (meastentiids twa), in eksekuteur en in fiskaal. De gritenijrjochtbank koe lytse saken bahannelje, dy’t te meitsjen hienen mei it eigendomsrjocht, tabrochte skea, mislediging en stellerij. Der waarden hast gjin frijheidsstraffen oplein, mar der waarden wol boeten en liifstraffen útdield. Fan de boeten wie in part foar de gritenij en in part foar de grytman sels. De liifstraffen bestienen út giseljen, brânmerken of te kaak stellen. Foar slimme gefallen, moard, brânstichting, ensfh. waarden de fertochten trochstjoerd nei it Hôf fan Fryslan yn Ljouwert. (Boarne: Fryslans ferline, D. Kooistra en H. Oldenhof)

Uthof, al 25 jier ús Ut en Thus

Dit is in bjusterbaarlik toaniel- en muzykstik ta eare fan it 25-jierrich bestean fan it doarpshûs yn Sigerswâld.

Brulloftsgasten

Anne en Abe binne tsien jier troud en dat sil fierd wurde. De minsken, dy’t se útnoege ha, binne gjin trochsneed gasten. Doch komme de measten om in noflike jûn te hawwen. Yn de rin fan it feest wurdt dúdlik dat guon wat oars yn ‘e holle ha en it feest as in moaie gelegenheid sjogge om wat brânende saakjes ôf te hanneljen. As dêrtroch it iene spoek it oare opropt docht bliken dat se har ferrekkene ha.

It doarpshûs ticht? Oer myn lyk!

Akke Kaastra is behearder fan doarpshûs ‘ Yn’ e mande’ . It doarpshûs giet har foar alles. Mar der binne problemen, want der is efterstallich ûnderhâld en de sinten binne op. It bestjoer, ûnder lieding fan de warbere foarsitter Kees Leegwater docht syn bêst mar kriget it jild net by inoar. As in amtner fan de gemeente driget om de doar op slot te dwaan komt Akke yn aksje. Har ûngewoane oanpak liket lykwols mear kwea as goed te dwaan. Durk, de man fan Akke hat syn eigen reden om it doarpshûs te rêden. Mei syn maat Douwe hâldt er him dwaande mei tsjustere saakjes, mar dat giet net tegearre mei de aksje fan Akke. Akke moat har libben op it spul sette om te rêden wat der te rêden is.

Friens of de Filippijnen

In ploechje minsken hat in reis nei de Filipijnen boekt by reisburo SNEL WEG. Se moetsje elkoar op in sammelplak yn Friens om mei de sjauffeur en de reisleidster yn ‘e kunde te kommen.
It is feest yn Friens en men soe sizze dat de fakânsjegongers ek in feurich sin hawwe. Mar dat jildt net foar allegear.
Dêr hast bygelyks Ingrid, dy ’t leafdesfertriet hat, of is der wat oars. Cilia, har mem, sit wakker oer har opstannige dochter yn.
Dan is der noch Marie, dy ’t swier hat mei har ynbylde kwaaltsjes, en Popke, dy ’t troch syn bazige frou op ‘e kop sitten wurdt.
Desiree mei har marmotsjes net meinimme yn de bus, dus wêr moat se dêr sa gau mei hinne.
As it selskip dan einliks sa fier is dat se fuort kinne, bart der wat slims.