Redbad

Aldgilles is kening fan Fryslân. Hy is grutsk op syn lân en pleitet foar frede. De iennige striid dy’t hy fiert is de striid tsjin it wetter dat stadichoan mear en mear fan syn lân opslokt. It is it jier 657, de tiid fan de earste sindelingen. By Aldgilles komt Wilfred oan it hôf, hy mei frij it evangeelje preekje. De mem en soan fan Aldgille, Thied en Redbad, binne it hjir net mei iens. As dan de grutte leafde fan Redbad, Rixt Martena, troch har heit yn it kleaster setten wurdt, set Redbad him noch mear ôf tsjin it leauwen fan syn heit. De bân tusken heit en soan wurdt minder. Redbad tidiget op wraak en besiket preker Wilfred te fermoardzjen. Dit mislearret mar toch moat Redbad bliede foar syn died. Hy moar Fryslan út en mei, sa lang as syn heit libbet, it lân net mear yn. Hy giet lykwols net sûnder syn leafste Rixt. Yn 679, as Aldgilles stoarn is, komme Redbad en Rixt werom yn Fryslan. Redbad nimt de kroan oer mar hy is in hiel oare kening as syn heit. Hy wol neat witte fan feroaringen. It belied fan Aldgilles wurdt ôfskaft, tolerânsje en ferdraagsumens binne fier te sykjen. De soan fan Redbad, Leafwyn, is foar in grut part troch syn pake opfieden. Hy is it totaal net iens mei de wurkwize fan syn heit. It liket wol oft de skiednis him werhellet. Trije keningsdrama’s binne troch skriuwer en filosoof Eric Hoekstra by elkoar brocht ta in stik; Redbad. De reade tried dy’t troch it ferhaal rint is de eangst foar feroaring. In tema dat foar nimmen ûnbekend is.

De Bugatti Konneksje

Twa bruorren behearre oan ‘e râne fan in ôfgrun in alternatyf kueroard. Se lykje der net frijwillich te sitten. Se fiele harren de finzene fan de eigener, in mysterieuze hear Visser. Dy is nei in oanriding ferdwûn en it liket derop dat hy harren opdroegen hat om it kueroard te behearen. Sy wurde bystien troch de ûngrypbere Charles. Under syn lieding wurdt der foar in helpleas echtpear, dat arrivearret yn in stellen Bugatti, in bizarre ûntfangst taret. Wa’t in nij libben begjinne wol moat in soad ferduorje. Wylst de gasten harren yn in New Age-achtige sfear minskeûntearjende diëten foarskriuwe litte, komme kwestjes as frije wil en bestiet it tafal like ûntkomber as hilarysk oan de oarder. As de bruorren besykje oan harren lot te ûntkommen yn de Bugatti wurde se op it leste momint trappearre. Mar Charles is derfan oerstjûge dat se werom komme en lit se gean. Nei’t der in gangster oankommen is dy’t yn opdracht fan de hear Visser de romrjochte racewein opeaskjen komt, komme de bruorren frjemd genôch werom . Lykwols rekket de kûgel, dy’t de gangster op de bruorren offjurret, himsels en it soe samar kinne dat de bruorren harren frijheid werom fine wylst se harren fatale bestimming temjitte reizgje.

Fan de famylje moatte jo it ha

Op it buten de Ikehof wennet freule Emma mei har dochter Anna. Oant no ta giet alles goed mar dan komt tante ut Nij Seelan op besite. Tante makket elke moanne in leuk bedrach oer nei Emma. Noflik. Mar se hat tante wol wiismakke dat se lokkich troud is en in husfeint hat en in soan. Hoe moat Emma har hjir utrede? Spoeket it echt op de Ikehof?

Band op ‘e loop

In band dy t trochbrekt rint tsjin de leuke en de skaadkanten fan it sukses oan