De trije wierheden

It stik spilet him ôf yn’t lêst fan de twadde wrâldoarloch. Wy sjogge hoe’t in joadsk gesin, in Frysk gesin dy’t it joadske gesin ûnderdak jout en in groepke Dútske soldaten elts fanút hun eigen perspektyf dizze oarloch belibbet. Bliken docht dat elts syn eigen wierheid hat troch alles wat hja meimeitsje. De trije wierheden is in oangripend ferhaal wêryn sichtber wurd hokfoar djippe wûnen de oarloch slein hat by dyjingen dy’t it neifertelle kinne.

Dochsto it ljocht út

Ald wurde wol elkenien, âld wêze net.
Trije freondinnen besykje mei harren partners om de keunst fan it âlder wurden ûnder de knibbel te krijen. Mar wat in mins ek fan doel is it libben docht wat der wol. En wat je al lang net mear foar mooglik holden, slagget soms ek noch wol. Yn seis scenes sjocht it publyk in pear fan de aaklike mominten dy’t it libben yn petto hat, mar ek de hilaryske, nuvere, idioate, absurde en leafdefolle mominten.

Freya

Freya is in frije bewurking fan it Grykske treurspul Antigone fan Sophocles. Utgongspunten binne de universele temas dêr’t Antigone op besearre is. Krekt dêrom sille der oerienkomsten mei de hjoeddeiske maatskiplike en politike situaasje.
It kin oeral en altyd gebeure: de moed fan de ienling om him te fersetten tsjin de macht as dy macht, om it behâld dêrfan, syn humane gesicht driget te ferliezen of b.g. de famyljebelangen skeint.

It stik spilet yn in ryk dêr’t de Hastings oan it bewâld binne. Troch it ferstjerren fan de âlde kening Quinten nimt in regint, Vosmar, it behear oer oant ien fan de twa soannen fan de stoarne kening, de twaling Focko en Farid, âld genôch is om it fan Vosmar oer te nimmen. Net allinnich gunt de iene broer de oare de troan net, ek is Vosmar wyls oan de macht ferslingere rekke en net fan doel dêr samar ôfstân fan te nimmen. De ûnderlinge striid tusken de broers gebrûkt er as argumint om oan te bliuwen.
Focko giet iepenlik de striid oan met Vosmar, Farid kiest foar in opportunistyske opstelling yn de omjouwing fan de macht.

De reedlikheid en iepenheid dêr’t Freya har troch liede lit, komme ûnder druk te stean as se tinkt dat lânsbelang en famyljesaken dat fan har easkje.
Freya hat mei elk fan de spilers problematyske relaasjes en hâldt alle triedden stevich fêst. Hoewol se yn it earstoan Vosmar syn rol as regint akseptearje koe, wie dat oer, doe’t ien fan har broers it fan him oernimme koe en hy wegere.
Se ferwyt him syn manier fan regearjen, it krampachtich fêsthâlden oan regels en wetten , fersterke troch in tekoart oan ferbyldingskrêft dat yn de praktyk ta ferstjurring leidt. Ek lytsachtet se him om syn fersyk syn soan, Arèn, har minnaar, tsjin har op te setten. Se gunt Focko de troan, mar is it net iens mei syn tarieding op in gewelddiedige striid. Farid en har suster Anaïs binne troch it oanskeuken tsjin de macht yn har eagen ferrieders. Al dizze gegevens en de gefolgen dêrfan foar de libbens fan alle meispilers is de reade trie troch it ferhaal.
It hiele ferhaal wurdt tekenen troch yntriges en gearspanning, mar ek troch de ynset foar wat as needsaaklik en rjochtfeardich sjoen wurdt. Der sille úteinlik gjin winners wêze. Freya sil wollens en wittens har frijheid opofferje.

Eintsje libben

Twa mannen ha krekt de frou fan har beiden begroeven. De iene wie mei har troud, de oare hold fan har. De iene wie dirigint, de oare boekhâlder. Se binne freonen, rivalen, needlotgenoaten en soms famylje fan mekoar. Se fertelle harren libben oan in famke. In famke dat krekt op dy dei op syk is nei in rjochting yn har libben.

It Diner

Twa broers ite mei harren froulju yn in sjyk restaurant. In diner mei in missy, want der moat praat wurde oer harren bern. Dy pubers ha wat útfretten wat harren takomst ferniele kin. Wylst de spanning oan tafel hieltyd heger wurdt, bliuwt de ober trochpraten oer it bysûndere iten wat allegearre op tafel komt. It diner is in synysk en ek in humoristysk ferhaal, dat guon âlders in spegel foar hâldt. Want yn hoefier binne jo ferantwurdlik foar it gedrach fan jo bern? En hoe fier geane jo om harren te beskermjen tsjin de konsekwinsjes fan harren dieden?

In bern foar in bern

De dochter fan in earme man lit har ferliede troch in prins dy’t net doge wol. As sy swier wurdt skeakelt de prins in hekse yn dy’t derfoar soarget dat it berntsje net berne wurdt. As de prins kening wurdt en trout beslút it famke wraak te nimmen. Sy wurdt sels heks en twingt de kening en keninginne om harren berntsje oan har ôf te stean.

De lytse kannibaal

‘De lytse kannibaal’ is de bynamme fan Sjoerd Lautenbach, in hurdfytser dy’t it net rêden hat om proffesjoneel te wurden. Hy hat in muoiseme ferhâlding mei syn twillingbroer Jehannes. Dit in ekstravagante man, hy runt in sportskoalle. Jehannes is eins mei ferantwurdlik foar it mislearjen fan de karriêre fan syn broer en is der ek noch ris mei Sjoerd syn jeugdleafde, Sjoukje, fan troch gien. Flak foar de brulloft fan Jehannes en Sjoukje komt Anastasia foar it ljocht. Sy wie eartiids ‘rondemiss’ en in âlde flam fan Jehannes. Anatasia docht in pynlik boekje iepen…

De Fisk

In jonge sjoernalist beslút tsjin ’t sin fan syn mem yn, syn heit op te sykjen dy’t nooit wat fan him hearre litten hat. As suksesfol popmuzikant is heit nei jierren út it bûtenlân werom kommen. Heit hat in drege ferhâlding mei syn twillingbroer, in mislukte keunstskilder dy’t lêst hat fan surrealistyske dreamen en it noch hieltyd dreech hat mei it ferlies fan syn ‘ideale frou’. Yn it ynterview konfrontearret de jonge sjoernalist de muzikant mei syn heitwêzen, mar dan blykt- wat it publyk al earder troch hat- dat net de muzikant mar de keunstskilder de man is wêr’t syn mem eartiids it bêd mei dield hat.

Drift

It binne acht koarte ienakters oer seksualiteit. En dan foaral oer de wize dat jongerein en alderein deroer prate en tinke.
Se kinne sawol los fan elkoar as yn ien gehiel spile wurde. Ek de folchoarder kin oanpast wurden. Dûbbel rollen binne mooglik.