Skippersbitter

Skipperbitter fertelt it ferhaal fan Hylke en Sjoerd. Twa mannen út it skipperslaach dy’t elkoar moetsje by in wedstriid fan it Skutsjesilen op ‘e Lemmer. Twa generaasjes dy’t elk mei harren eigen fisy op it silen en de skipfeart yn it libben stean. Mei ferhalen en bylden fan sawol it ferline as no groeie de beide mannen hieltiid mear nei elkoar ta. Mar is de moeting tusken Hylke en Sjoerd wol sa tafallich as it liket?

De Hogerhússaak

Yn de nacht fan 5 op 6 desimber 1895 waard by boer Gatze Haitsma ynbrutsen. Twa manlju mei maskers op krongen it hûs yn, wylst in tredden op wacht stie. Se waarden betrape, mar mei lichte ferwûnings koene se ûntkomme. De bruorren Hogerhuis waarden fan de ynbraak beskuldige en feroardiele ta in finzenisstraf fan 12, 11 en 6 jier. Net elkenien wie derfan oertsjûge dat WIebren, Keimpe en Marten skuldich wiene. Ek jurist Pieter Jelles Troelstra net. Hy hat ûndersyk dien nei dizze saak en sammele nije feiten dy’t yn de rjochting fan trije oare fertochten wiisden. It slagge Troelstra lykwols net de saak op ‘e nij te iepenjen. Fan dit histoaryske drama hat Douwe Tamminga yn 1950 in toanielstik skreaun.

De weddenskip

Eksamenfeest 1978. Janne, Hermien, Fenna en Aukje ha der sin oan. Fjouwer freondinnen, fan jongs ôf oan al by inoar. Nei it einfeest sille se elk in oare kant út gean. Mar freondinnen, dat sille se altyd bliuwe…. of doch net? Hoe ’t in weddenskip in freonskip beynfloedzje sil…

Swart is sa tryst

‘Swart is sa tryst’ fertelt it ferhaal fan trije suskes, dy’t byinoar komme nei it ferstjerren fan harren mem. Der moat noch it ien en oar regele wurde, mar de belutsenheid tusken de trije is fier te sykjen. Alles wat de iene regele hat of regelje wol, is op foarhân al ferkeard. Dêrnjonken ha se alle trije har eigen byld fan oantinkens en gedachten. We sjogge de trije suskes wankeljen op de púnheapen fan har eigen libbens. “Swart is sa tryst” is in stik mei in protte humor, wêryn de trije froulju, dy’t oan inoar weage binne, net fan doel binne om ek mar ien stap oan ‘e kant te dwaan foar de oar.

Mamma mia, waskpoeier en maffiosi