O,O wàt in opfang

Pensjon ‘Filla Bosksicht’ stiet yn in fillawyk oan ’e râne fan it doarp Piterswâld.
In jier lyn hat Beant van Galama it hûs krigen út de erfenis fan syn muoike Karine.
It wie fertutearze en it kostet jild om it op te kalfaterjen.
Gelokkich bringt de gemeente útkomst: der is ferlet fan in tydlike opfang foar minsken yn need.
De gemeente hiert no in etaazje mei trije keamers fan it pensjon en soarget foar begelieding fan de bewenners.
Antsje Bult, maatskiplik wurkster, liedt de boel yn goede banen tegearre mei Gerda Poask, haad fan it pensjon.
De bûnte mjuks fan opfangbewenners en pensjongasten jout argewaasje. Boppedat is der ek noch in geheim.

Griemerij mei omtinken

Yn likernôch 20 minuten ta dysels komme. Aardzje. It hjir en no belibje…
Dat sil mei de ienakter ‘Griemerij mei omtinken’ net barre. Al hoe iverich de dames yn dizze komyske ienakter it ek besykje, it slagget harren net.
Mar wat mei dizze ienakter wol slagget, is relativearje… mei in protte humor.
Dus tige sûn om de lever te kideljen.

In grize komeedzje

Fjouwer akteurs op leeftiid komme alle wiken by inoar om te praten oer it fak, oer de fergonklikheid fan sukses en oer it âlder wurden. As ien fan harren beslút dat se leaver dea wol, komme de oaren op in wol hiel kreative manier yn aksje…
Bizarre wendingen, skerpe dialogen en in ferrassend ein. In komeedzje mei in earnstige ûndertoan en de fraach: moat men sukses oant de dea ta ôftwinge?

Fred

It is oarloch en boere-arbeider Foeke en syn frou Gelske, krije in ûnderdûker: Fred. Fred is studint yn ’e rjochten. Fred rekket befreone mei dochter Minke. Mem Gelske is dêr net sa bliid mei.
Op in dei wurdt Fred oppakt troch 2 NSB’ers en nei Amersfoort brocht.
Syn mem keapet Fred frij mei in tas fol drank, en dan komt Fred as ûnderdûker by de boerinne, dêr’t Minke oan it wurk is.
Yn syn ûnderdûktiid is Fred drok dwaande mei it meitsjen fan in astronomysk oerwurk. As Amsterdam befrijd is, wol er earst nei syn âlders yn Amsterdam en dêrnei wol er weromkomme om it astronomysk oerwurk ôf te meitsjen. Hy wol sjen dat it oan ’e tsjerketoer hinget

Jouke

Jouke is in boeresoan fan sa’n fjirtich jier, hy wennet by heit en mem op ’e pleats. Hy docht allinne mar wat heit seit, nei mem lústert er net. As heit stjert en mem letter ek, moat Jouke allinne mei de pleats trochgean, mar hy lit de hiele boel fersuterje. Op ’t lêst wurdt alle fee ophelle.

Hy sit faak te dreamen, en dan sjocht er in famke, Roas. Syn heit hat him faak ferteld oer Roas. Roas wie in hiel moai Joadsk famke en siet yn de oarloch ûnderdûkt by de buorlju fan pake en beppe. Tsjin de ein fan de oarloch wurdt Roas noch oppakt troch de Dútsers en ek wer frijlitten.

Nei de oarloch is Roas mei har mem nei Australie ferhuze. Jouke tinkt dat Roas wer werom komme sil en hy wol dan mei har trouwe.

De Fanklup

Yn “De Fanklup” komme wy 4 freondinnen tsjin: Ans (sekretaris fan de Heino Fanklup Nederlân), Els, Betty (foarsitter) en Lys. De froulju ha ea yn de gloarjetiid fan Heino de Nederlânske ôfdieling fan syn fanklup oprjochte. Foar ’t earst yn tsientallen jierren sille se wer in fandei organisearje. We komme de froulju tsjin yn de feestseal fan it doarpshûs fan Oirsbeek tidens de tariedings op ’e moarn fan de fandei.

 

 

Lêste pear dagen

In man op jierren  wurdt binnenbrocht op de intensive care. It is Rein Tas dy’t, sa blykt al gau, net mear lang libje sil en syn lêste dagen yn it sikehûs bliuwe moat.

Hy wurdt fersoarge troch ferpleechkundige Ingeltsje Donderdag, dy’t har hieltyd mear oer him ûntfermet en him op ’t lêst hast net mear allinne lit.

Lêste pear dagen spilet mei it besef fan tiid en yntinsiteit. Mei dit stik giet Scheldwacht op ’e siik nei in bewustwêzen dêr’t we yn ús deistich libben besykje oan foarby te gean. Troch de koarte tiid komme de haadpersonaazjes tige fluch ta de kearn en ta elkoar. Ommers, tiid foar ûnsin is der net.

 

Neat te ferbergjen

Sân goede freonen (trije troude stellen en ien allinnesteande) hawwe ôfpraat foar in itentsje. It is de jûn fan de eklips, de moanneferstjustering.

Se beslute by wize fan spul om har mobile telefoans ûnder it iten op tafel te lizzen en elk berjocht (sms, app, e-mail) en elk telefoantsje dat binnen komt fuortendalik mei-inoar te dielen, om te bewizen dat se neat foar elkoar te ferbergjen hawwe. Wat fierder as de jûn foarderet, wat mear geheimen der oan it ljocht brocht wurde. It docht bliken dat de freonen minder fan elkoar wisten as se ynearsten tochten…

 

Dekôr: Foar it grutste part in appartemint dêr’t it itentsje plak fynt. Sênes binne ôfwikseljend yn de keuken, op it balkon, yn de wenkeamer, yn de hal en yn de badkeamer.

 

 

Neat fan murken

Marloes, eigener fan houthannel van Es, hat hast in grutte opdracht fan de provinsje krigen. Yn in petear mei Floris, in fertsjintwurdiger fan de provinsje, sille de lêste saken besprutsen wurde. Mar krekt foardat hy komt, komme der in pear miljeuaktivisten oer de flier en komt der in grut probleem oan it ljocht.

Is der sprake fan opset? Is der immen dy’t de boel yn it hûndert jeie wol?

Meiwurker Eduard besiket de saak te rêden, mar dêrby kriget er ynienen gjin help mear fan Marloes. Dy hat mear each foar har âlde jeugdleafde Vincent, dy’t mei syn folle jongere freondinne Kelly op ’e lappen komt.

Wilens soarget húshâldster Jannie, njonken kofje ensafuorthinne, foar in ekstra poarsje betizing en hat Lena, mem fan Marloes, har hannen fol oan har loaie man Bertus.

Foarsichtich mei de leafde

De suskes Overbeek wenje noch mar krekt op harsels. It binne weesbern. Tante Marjan hat altyd foar har soarge, en tinkt dat it no tiid is foar in eigen libben.

Mar se seit: ‘Foarsichtich mei de leafde’. De fatsoenlike famkes dogge dat ek, mar tante Marjan liket har dêr sels net altyd oan te hâlden.

Dat fine de famkes nochal frjemd: Se komme der sels achter dat tante twa lat-relaasjes tagelyk hat!

Omke Dries, in handige putsjeman komt geregeld del, tegearre mei syn hertsfreondinne Grada, dy’t seker net fiis is fan in feestje en in drankje.

Mar eins is tante Marjan al stikem fereale op omke Dries. Dit gegeven is it begjin fan betizingen en komyske situaasjes. Gelokkich… komt alles wer op ‘e poaten teloane.

 

Motoaren en koarkleden

Harmen en Sietse binne twa bruorren fan yn ’e fjirtich. Sietse wol in frou ha. Hy hat it deroer mei syn broer.
Der wurde twa ferwûne jonge froulju by harren foar de doar goaid en se helje de froulju yn ’e hûs. De bruorren meie de plysje net belje. De froulju hâlde de bruorren ûnder skot.
De froulju hawwe sjoen dat der in offisier fan justysje deasketten wurde troch in motorklup. No tinke se dat sy ek fermoarde wurde sille. Se witte tefolle.
Letter fertelle de froulju dat se studintes binne en in skripsje skriuwe oer ‘it effekt fan it bestean fan motorklups’. Se tinke dat de buorjonges, by wize fan proef, harren ôfmeitsje moatte. Dan kinne de buorjonges lid wurde fan de motorklup.
Op in stuit komt de hiele motorklup deroan en dan moatte de froulju fuort. Sietse hat de koarrepetysje fergetten en lit it hiele koar by him thús komme mei in soarte fan klimaatliet.
De froulju krije in koarkleed oan en ferdwine mei it koar.
Sietse hat noch ûnder de namme fan Harmen reagearre op in advertinsje fan de buorfrou. De buorfrou is der bliid mei en hellet Harmen op.
Sietse woe in frou ha, en Harmen krijt der ien.

Griener gers

Mark en Esther wenje neist Erik en Juliëtte. Njonken dat de fjouwer buorlju fan inoar binne, is der yn de rin fan de tiid ek in freonskip ûntstien. Se komme geregeld by inoar oer de flier.
Ek al liket de freonskip hecht, ûnderhûds spilet ôfgeunst dochs in wichtige rol. Under in itentsje by Erik en Juliëtte thús, skept Erik frijwat op oer djoere auto’s en fakânsjes nei lúkse oarden. Mark wol net foar him ûnder dwaan. En sa bedarje Mark en Esther troch Mark syn opskepperij in wike “op fakânsje” by harren thús yn de kelder…

In komeedzje oer dat it gers oan de oare kant altyd griener liket…

Master Lalalaitsjenet

De bern yn groep 5 op de skoalle ‘Slimmernocht’ hawwe in master dy’t noait laket.

Se wolle dêrom net by him yn de klasse sitte. As se master sjogge, dan protestearje se.

Uteinlik komme se derachter dat master wat kwyt is. As er it fûn hat, komt miskien alles wer goed.