Jild is ek net alles

Gary Powell en syn frou Ruth binne op houliksreis. As se yn it hotel oankomme ûntdekke se dat der in label fan ien fan de koffers mist. It blykt net de eigen koffer te wêzen: dizze sit fol mei jild. Al rillegau komt der immen om de koffers te ferruiljen. It slagget om de eigen koffer te pakken en de koffer mei jild net mei te jaan. Dan meldt de plysje him oer de tillefoan om oer de jildkoffer te praten. It blykt dat dizze beller ek yn fan de bindeleden is. It slagget har om de koffer net ôf te jaan. Mar de beiden manlju litte it er net by sitte. Garry moat eins nei in kongres en hy giet ek. Hy kin gjin plysje ynskeakelje, want Ruth bliuwt as gizelder bei Allen Green en Cassidy efter. As Allen om iten giet besiket Ruth Cassidy te ferlieden en se ferstoppet de koffer. Of hy stiet op it balkon, of se hat de koffer yn de Thames smiten. As Gary wer thús komt, sjogge wy Cassidy yn panyk oan it balkon hingjen. Allen moat wol helpe. It slagget net en se falle beiden nei ûnderen yn de Thames. Dan fertelt Ruth dat se de koffer al earder nei ûnderen smiten hat. Garry en Ruth beslúten sa gau mooglik nei hûs te gean. Gary kontrolearret de koffers noch efkes en ûntdekt dat Ruth de ferkearde koffer fuortsmiten hat. Op it stuit dat hy de koffer mei jild foar him stean hat, wurdt der kloppe. Plysje?

Hertstocht

“Hertstocht” is in ûntregeljende foarstelling. Sa is “Hertstocht” fan alles wat: thriller en psychologysk drama. Troch de ferskate wizen fan plotomkearingen krigest mar gjin gryp op it ferhaal. Fielst dy besoademitere dêr’tst by sitst en dat frustrearret, mar is ek in grut komplimint foar de skriuwers Koos Terpstra en Nhung Dam.

Wannear’t Patty earder thúskomt as pland is har man Max nergens te finen wylst hy oer de telefoan seit dat er thús op de bank leit mei in boek. Dat is it begjin fan alle ellinde. Patty bellet har bêste freondinne Elizabeth, dy’t earst lang op har wachtsje lit en dan hielendal oeral en sa optutte oankomt dat it al gau dúdlik is wa’t it mei wa docht…..
Yn heech tempo komt Patty mei in sa’n trochtocht moardners-senario foar it ljocht dat je der bang fan wurde. Mar krekt as ’t tinkst datst yn in thriller belâne bist, kriget it stik in komyske draai en sa draait it plot hieltyd om en om.
En dan de mannen: de wat ûnbehouwen troubrekke man Max en de wat kloatsekeftige Julius, dy’ t syn frou neat kwea ôf nimt. Mei nammen Julius jout it stik op it ein wol in hiel ferrassende omkearing.

Knyntsjedagen

Marian Thorncraft sjocht út nei har knyntsjedagen mei har man Tyler. Se tinkt dat se dy troch bringe sil yn in romantysk, smûk húske op ‘e romte. Se is noch mar krekt oer de drompel droegen, dan ûntdekt se al, dat dizze filla dêr’t se binne “Graveside Manor” (wat in frjemde namme), wat mei oan ‘e hân is. It spoeket der (fansels), hat allegearre heimsinnige gongen (fansels) en is like gesellich as in flearmûsgrot en leit like fier op ‘e romte as it Sintraal Stasjon. In wurkster dy’t hieltyd ferdwynt, in spoek dat mei in bile swaait en trije studinten dy’t in grap foar Halloween úthelje wolle, Marian hat it der dreech mei. En dan noch dy plysjeman, net al te snoad, dy’t in ûntsnapte psychopaat siket en dizze ûntsnapte psychopaat sels. Al mei al, it wurde “geastige” knyntsjedagen dêr.

De Froulju’s Slachterij

“Nea bang wêze foar manlju!” Dizze liifspreuk wurdt troch fjouwer froulju yn it Frânske doarpke Salves op bysûndere wize krêft bysetten. As de slachter fan it doarp stjert, nimme syn dochter en har ivich eameljende man de saak oer. Dit sil it begjin wêze fan in rige dramatyske foarfallen, lugubere insidinten en misferstannen dy’t it libben yn it doarpke foargoed feroarje sille. Dit komyske ferhaal fertelt wat der barre kin as fjouwer froulju it rjocht in eigen hân nimme.

Alde doazen

Trije froulju binne de personaazjes yn de nijste komeedzje fan Thomas Verbogt, mei de Fryske titel “Alde doazen”
In ferhaal oer âlder wurde, fitaliteit en wat der fan it libben oerbliuwt as je âlder wurde.
Yn dizze foarstelling draait it om Mimie van der Kwast, dy’t allinnich noch mar mei de parkyt praat. Har hiele libben hat se har weisifere foar har man, dy’t in bekende Fries wie.
No’t hy dea is kinst yn har libben in spjelde fallen hearre. Sa stil is it. Lokkich hat Mimie har suster noch; dat jout noch in bytsje avesaasje. Dan giet de bel. Der stiet in folslein frjemde frou foar de doar. Dizze komt mei in tige opmerklik ferhaal oer de weirekke oare helte, dat as in bom ynslacht…

Ekseem

In skildersbedriuw wurdt foar de fjirde kear frege om de foardoar oer te skilderjen. Foar sa’n heech bedrach mei der doch wol kwaliteit ferwachte wurde. “Kâlde Kak” fynt de jongste skilder en hy nimt op in prachtige wize wraak.

Soest’ fiele wat ik fiel, dan pipest wol oars

It blijspul “Soest’ fiele wat ik fiel, dan pipest wol oars”, spilet him ôf yn de ytkeamer fan garaazjebedriuw De Vries. De famylje hat in garaazjebedriuw anneks benzinepomp. Mem Tine besiket der it bêste fan te meitsjen, mar dat falt net altyd ta. Skoanmem hat in appartemintsje mei tagong nei de wenning. Dêr makket se te pas en te ûnpas gebrûk fan. Se hat lêst fan groanyske oanstelleritis, dêr’t soan Sibe har geregeld mei te fiter hat. Heit Joast en syn trouwe, mar tige synyske wurknimmer Hein, liede foar in grut part de garaazje, mei “help” fan Sibe. Dora, (in fekke fan in frommes, dy’t yn skieding leit) wennet sa lang mei har dochter Lysbet, dy’t geastlik sawat trijekwart is, by harren yn. Dit soarget geregeld foar frijwat tûkelteammen. As der in nije monteur oannommen wurde moat, falt de kar op Jannet. Dan slagge by Hein de stoppen troch. Bart, de fertsjintwurdiger (dy’ t suver bern oan hûs is,) en Sibe, sjogge gjin swierrichheden. Krekt oarsom! Betty, in ferfelende klant, hat koartlyn op in staatslot in miljoen wûn. Dêrnei tint se yn útwrydske klean en hat oanstellerich praat. Se beweecht har yn de hegere klassen en komt dêrtroch al gau yn de problemen. Sa’n grut ferskaat fan minsken moat wol liede ta hilaryske tafrielen.

Wa is Wa

Koart nei de revolúsje.
It folk hat de macht oernommen fan de âlde machthawwers. In pear kear deis wurdt de list foarlêzen mei de nammen fan wa’t ûnder de guillotine stjerre moatte. Dy’t earder sa machtich wienen switte as otters en diskusjearje oer harren kânsen. De nije steat tinkt oan alles. Net allinnich it útsluten fan elke mooglikheid dat it âlde regime werom komt. Ek de soarch foar it dom holden folk hat de oandacht. It folk sil bygelyks letter witte moatte wat in dekadint gedrach de, earder sa machtige, adel der op neihold. Dêrom wurdt it Museum fan it Folk ynrjochte. Echte aristokraten moatte dêr sjen litte hoe ferachtlik harren libben wie.

Fort Mustang

Fort Mustang leit middenyn it Yndianegebiet fan de Swartfuotten, de Wytfuotten, de Platfuotten en de Switfuotten. De Yndianestammen grave de striidbile op. Dan wurdt it in kommen en gean dêr op Fort Mustang. Kolonel Mekkie, syn Sineeske betsjinner Liem Po, ferkenner Old Babbels en Luitenant Roberts ha it der mar drok mei. De lêste fan de Switfuot Yndianen, haadman Oef en syn dochter Oefke komme nei Fort Mustang, om de kolonel om syn bemiddeling te freegjen. De Yndianen meitsje har dan op foar de oanfal op Fort Mustang. Se wolle dat haadman Oef oan har útlevere wurdt. Kolonel Mekkie wol hjir neat fan witte. Dan binne de rapen gear…
In western komeedzje, mei in soad aksje, brike sitewaasjes en hiel wat kleurige personaazjes.
In útdaging foar dy feriening, dy’t es wat oars spylje wol, dan in gewoanwei stik. Oef!

Kaviaar mei smartsiis

Troch in ûngelokkich tafal kriget de asosjale famylje Stomp nije buorren. De elitêre famylje de Prael fan Goudenjagt komt neist harren wenjen. Dizze deftige minsken sykje in tydlik ûnderkommen wylst harren nije filla boud wurdt. Hja hiene gjin minder adres treffe kinnen. De spanningen tusken de famyljes rinne heech op. Se helje elkoar it bloed ûnder neilen wei. Der ûntsteane fûle konflikten. En wannear der in net winske leafde opbloeit, is it kermis yn`e hel……

Wolstân en wjirmenbrij

Mei de famylje Beunen is neat mis. It is in folslein normaal gesin. Alhoewol……? Kitty hat har hannen fol mei de karriêre fan har man, in jaloerske freondinne en in dochter mei in nuvere freon. As klapstik begjint beppe`s “ kronkeljende “ hobby ek freeslik út`e hân te rinnen…..

De blost fan Bûtenpost

It stik spilet him ôf efter/ foar it pensjon fan Ruurd Koopmans. Hoewol it him ôf spilet yn
in de simmer,is der noch neat te belibjen wat gasten oanbelanget.It spilet op it terras en der stiet in sitsje en bygelyks ek in houten bank. It spilet him bûten ôf dus fansiden steane miskien sketten
as hekjes. Fierder stiet der in hûnehok op toaniel mei Brutus dêrop. It moat in moaie simmerdeiske
útstrieling ha. It idee is om it trije demintionaal te meitsjen. Dus de beammen die der steane lykje
echt en hingje ek oer. Want oan ien fan de takken komt in boksballe te hingjen
Je kinne op twa plakken opkomme. Troch de efterdoar fan it pensjon as lofts foar troch it sket

Bikiny’s en briedwoarst

Gjin húskeamer of kafee, mar in strân op it poadium. Mei in paviljoen mei terras, in fjoertoer, hjerringkarre, in steger dy`t yn it publyk rint, in stik strân mei dûskabine en in útkykpost yn see. Op it strân is in soad te sjen, te dwaan en te belibjen. Der binne ferskate sinneoanbidders, wêrûnder in dom slachterspantsje en in pittich Dútsk spantsje. Se wurde troch in stoere strânwachter de hiele dei yn`e gaten holden. De steger wurdt faak brûkt troch fiskers om harren angel út te smiten, foar de kok fan it paviljoen om in fûke út te setten, mar it is ek in moaie plakje foar steltsjes dy`t op jacht binne nei romantyk. Op it terras fan it strânpaviljoen wurde de gasten foarsjoen fan bier en briedwoarst. En foar de fiskleafhawwer is der de kapitein mei syn hjerringkarre. Spitich bliuwt it net hieltyd blier en gemoedlik op it strân. Net alle badgasten kinne mei elkoar oerwei en hja reitsje mei elkoar betize yn alderlei frjemde saken. It slachterspantsje kriget it oan`e stok mei de Dútsers en it graven fan in djippe kûle soarget foar tûkelteammen. Lykas de komst fan in nudist. En wêrom kriget de Dútske Rex dochs altyd telefoan? Hoe rint it ôf mei it aventoerlike ferhaal fan de kapitein? Wa is der no fereale op wa? En wa skûlet der efter de driigjende moardner dy`t nachts op de steger te finen is? Is de dieder no yndied pakt troch de kommissaris of hat hy it by it ferkearde ein? Allegear fragen wêrop in andert komme sil yn de ferrassende ûntknoping fan it stik. De nuvere typkes, de ferskate linen yn it ferhaal, de humoristyske sêne`s en de protte werkenbere strânûngemakken meitsje fan dit blijspul in kolderich gehiel. In genot om te spyljen en it publyk de bûsen út skuorre te litten.

Hotel ‘Trije kear rekke’

De trije eks froulju binne in hotel begûn. Dat falt net mei. It binne trije ferskate karakters. Grif as der in jeuzelkont fan in freon omrint dy ’t mear yn ‘e wei rint as helpt. As der in gast komt wêrfan jin de kribels krije en in echtpear dat yn har witebôlewiken sitte binne de misbegripen net mear te tellen yn dit bliere spul.

Op fakânsje

Efter op it toaniel draait in film mei in dyk en ferkear. Wy sjogge de sydkant fan in auto mei in karke der achter fol mei guod. Efter it stjoer Sybe, neist Sybe Saapke, efter Sybe Gepke en efter Saapke Gurbe. Saapke en Gurbe sitte leger yn ‘e auto. Saapke en Gepke binne wat simpel. Yn it karke fan de auto sit û.o. kratten bier, húskepapier, krat kola, opblaasde luchtbêden, frituerpanne, grutte draachbere radio en túnstuollen. Ek moat der in koai by mei in pear hinnen, in koai mei in hûn soe ek moai wêze. Ensfh.
Heit en mem geane mei hun beide bern op fakânsje nei Ausfaart yn Dútslân, se witte net wêr it leit, mar in frou fan it folksdûnsjen die hun dy tip. Wylst de bern ûnderweis ut de broek moatte komt der in plysje foarby, en dat jout hiel wat konsternaasje.

Tom Tom

Efter op it toaniel draait in film mei in dyk en ferkear. Der kin in auto op it toaniel, as in foarkant fan in auto. Siebe is deeglik klaait, mar hat wol in koarte broek oant krekt oer de knibbels. Ek Saapke is âlderwetsk klaait, sûnder smaak. In petsje foar Siebe en in huodsje foar Saapke soe ek moai wêze.
Siebe en Saapke sille mei de auto nei ien fan de bern. Siebe hat op heitedei in Tom Tom krige, en dy sille se no brûke. Sy tinke dat de frou fan de Tom Tom hun op ien as oare manier sjocht en heart, en dat jout stof tot laitsjen.

Nichtedei

Greet Klappenholst noadicht alle nichten fan de famylje Rurrenkopf út op de camping fan boer Klaas Winters en syn frou Willemien. Guon fan dizze nichten sjogge mekoar dan foar ‘t earst. Sa op it earste gesicht liket it út te draaien op in trochsneed famyljedei, mar al gau blykt it te gean om it ferpartsjen fan in erfenis. En sa’t it by de measte minsken is as it om jild giet, de nichten feroarje as in blêd oan de beam. Foaral ien fan de nichten liket der nochal wat belang by te hawwen. Se hellet teminsten fan alles út de kast om foar de erfenis yn oanmerking te kommen. Is dizze nicht wol in echte nicht? En dy oare nicht, is dat net in neef? En dat allegear op de camping dy t eins gjin camping hjitte mei en dy’t ûnder lieding stiet fan in boer en syn frou dy t sels noch noait op in camping west binne.

Skoft

It spilet him ôf yn de kantine fan in supermerk of eins yn in needkantine op de 3de ferdjipping fan it gebou. Dizze kantine is folop yn gebrûk, omdat de meiwurkers fan de supermerk graach even skoftsje meie. Dat it net altyd slagget, dat skoftsjen, blykt wol út de kasjêre dy t wol kofje ynskinkt, mar der noait ta komt om dizze op te drinken. Der wurdt grute dat der in oername komt en de 1 miljoenste klant komt ynkoarten, it personiel hat it der mar drok mei. De klok en de lift spylje in de haadrol yn dit stik, lykas de kast, it húske en it kantoar fan de baas. Twa meiwurkers yn en ut de kast soargje foar in soad fermaak. De ûnderhaldsman en de klanten service ûntbrekke ek net, lykas de kontroleur fan de keuringstsjinst. De rabberij draait op folle toeren as de frou fan de baas sa no en dan del komt. O, o en dan dy 1 miljoenste klant!

Bloed, swit en triennen

It stik spilet him of yn ‘e húskeamer fan Pieter en Frieda Bohemius. Sy foarmje mei harren dochters Anja en Carolien en soan Lennard in gesin.
Pieter wurket as ZZP-er yn e bou. Troch de finansjele krisis sit hy al in skoft sûnder wurk. Alles wat hy mei bloed, swit en triennen opboud hat driget hy te ferliezen as der net gau in opdracht komt. Frieda is har tige bewust fan ‘e situaasje dêr’t se harren yn befine, dochs is sy in stik optimistysker oer de takomst as Pieter, eat der’t Pieter him nochal oan steurt.
Anja is de âldste dochter fan de famylje Bohemius. Sy is in selsstannige jonge frou dy’t de holle sûnder muoite boppe wetter wit te hâlden. Ymprovisaasjefermogen kin har net ûntsein wurde.
Lennard is in pierewaaier dy t him absolút gjin soargen makket. Net oer de finansjele situaasje thús, net oer syn eigen takomst en ek net oer de deistige gong fan saken.
Carolien is amper by steat om har soargen te meitsjen. Sy is dan wol net de snoadste fan de famylje, mar hat in gouden hert.
De skoanâlden fan Pieter wurkje him op ‘e senuwen. Hy kin foaral syn skoanmem net útstean. Sy en Pieter kinne mar min troch ien doar.
Dan is der de mem fan Pieter. Sy hat it hert op it puntsje fan ‘e tonge en jout har miening oer tal fan situaasjes dy ‘t barre. Bynammen de skoanmem fan Pieter moat it belije.
Dan is der ek noch it ynternetfreontsje fan Carolien dy’t nei de namme Droepi lústeret. Hy is like ûnbeskoft as dom. In kombinaasje wêrmei’t er ûnbedoeld komysk út ’e hoeke komme kin.
De auteur fan dit stik wol net op e saken foarút rinne. Wol kin sein wurde dat dit toanielstik soms oan it gemoed komt, mar it binne foaral de humoristyske situaasjes dy t elkoar yn heech tempo opfolgje. In hiel leuk stik foar sawol de spilers as it publyk.

Neat is wat it liket

At it houlik fan je dochter en soan net goed is, moatte je dêr as heit en mem dan wat oan dwaan? En sa ja, hoe pakke je dat dan oan? Arnold Koopmans en Margretha Buismans tinke dat se de oplossing fûn ha. Se stjoere de bern op fakânsje en Margretha sil de boel bespionearje. It foardiel hjirby is dat de bern Margretha net kenne en sy kin dus yn alle rêst har gong gean. Tinkt se! Der gebeurt fan alles, Margretha moat sels ûnder cover om de saak goed ôfhannelje te kinnen. Dit hat in soad komyske situaasjes as gefolch, alles liket sels út de klauwen te rinnen. Mar dan komt Arnold ek ûnder cover, en dy rêdt mei alles!