Bedtiid

It stik giet oer in man en frou dy’t op bêd lizze. De man sliept swier, tinkt licht. De frou sliept licht, tinkt swier. Se freget har ôf oft hy noch wol fan har hâldt en har noch wol moai fynt. As hy mompeljend en snoarkjend befêstigjend andert, wol se witte werom’t hy har moai fynt. Hy hat mar ien ding yn’t sin “sliepe” en jout dan fansels nea de goede antwurden. Sy besiket him by de les te hâlden troch te sizzen dat se ferskate kearen mei in oare man op bêd west hat. Mar hy hat foar elke man in ferklearing as er mar sliepe mei.
In tige werkenbere ienakter

De flok fan Valkenstein

Slot “Valkenstein” wurdt bewenne troch graaf Rudolf XX en syn trouwe feint Jehannes. Tegearre besykje se yn ferbân mei de earnstige finansjele sitewaasje de holle boppe wetter te hâlden. Nachts dwale de geasten fan Rudolf de Frek en Rudolf de Soutmoedige om.. Omdat dy beide tragysk oan harren ein kaam binne, rêst der in flok op harren:
Rudolf de Frek moat besykje om it sabeare-ferlerne famyljekapitaal oant op de lêste sint te tellen en Rudolf de Stoutmoedige moat besykje om nije fijannen fan “Valkenstein” te ferdiuwen. Nei ieuwen krije se harren kâns, as twa trochtrape dogeneaten fan bankdirekteuren, Habbekrats en Jildstriker besykje om it slot goedkeap yn hannen te krijen. Se wolle it ferbouwe ta in lúks hotel, en om dat doel te berikken ferfalskje se allerhanne geskriften én se hiere spoekejagers yn. De spoeken witte lykwols de bedragers te ûntmaskerjen en de spoekejagers te ferdriuwen. Sa wurdt Rudolf de Stoumoedige fan syn flok ferlost. Om út ‘e skulden te kommen, beslute graaf Rudolf en Jehannes om it kastiel iepen te stellen as jeugdherberg.
Yn ‘e nacht moetsje guon bern de iensume Rudolf de Frek; se helpe him om it famyljekapitaal te tellen en ferlosse him dêrmei fan syn flok. Mei it weromfûne famyljekapitaal kin it stamslot op haren en snaren rêden wurde. ‘De flok fan Valkenstein’is in stik mei de noadige ôfwikseling, humor en spanning….

Och heden heit

Taksysjauffeur Jeroen Smit hat in dûbellibben. Hy is troud mei Hanne, dêrby hat er in dochter, Elkje. By Barbara dy’t yn Ljouwert wennet hat er in soan, Gert. Alles is ûnder kontrôle oant Gert en Elkje mei-inoar yn’e kunde besykje te kommen. Sa hawwe oant “chatten” west op ynternet en binne entûsjast oer de selde namme-, deselde âldens fan harren heit en dêrom wolle se elkoar perfoast moetsje. Jeroen docht der alles oan om dat te foarkommen, mar hy rêdt it net sûnder help fan hierder Piter. Piter hiert it appartemint boppe harren en is hast bern oan hûs by de Smitten yn Huzum. Se reitsje beide fertize yn harren leagens en bedroch. Piter besiket fan alles om Jeroen út de niten te heljen, mar spitigernôch slagget dat net. Jeroen moat bekenne en dan docht bliken dat de bedrager bedragen is… Dit alles spilet him ôf yn ien dekor .. in echte sprankeljende klucht.
In soad aksje yn in razend tempo!

Ik bin alhiel fan jo, meneer Visser

De famyljes Visser (Greet en soan Guus) en de Skouten (Joop, Ine en Joop syn suster Bea) komme tafallich meielkoar yn’e kunde, omdat Bea tidens in konsert njonken Guus komt te sitten. Dit is it begjin fan in “relaasje” tusken harren.
Tusken Joop, dy’t abbekaat is, en Ine binne de rapen gear, omdat Joop it blêd, dêr’t Ine haadredaktrise fan is, foar de rjochter slepe wol. Ine wol har gram helje en rûkt har kans as Guus in pân erft, wêr’t in bedriuw yn festige is.
It bedriuw blykt in bordeel te wêzen, wer’t twa hoeren harren berop útoefenje ûnder tafersjoch fan Pyt.
Dit is in kâns foar Ine om Joop in hak te setten, as hy der signalearre wurdt.
Oan’e ein fan it ferhaal blykt de erfenis op in misferstân te berêsten, mar dat makket foar Guus en Bea neat út. Sy har mear as genôch oan elkoar.

Komkommertiid

Mary hat in priis wûn en mei Gerrit har man mei se nei in hotel op it plattelân. De keamer njonken harres wurdt troch de pikolo Frits tawiisd oan Marion, wylst Josefien, de hotelhâldster, dy krekt ferhierd hat oan in jong stel. Tusken beide keamers is in doar dy’t op slot sit, mar Gerrit prutst krekt sa lang oant er him iepen hat en sa troch it kaaisgat de buofrou begnuve kin. Hy is der glêd mei oan, want de buorfrou is syn minnares en hy wol sa gau mooglik nei hûs. Marion fernimt de gnuvery en docht har ferhaal by pikolo Frits dy’t har dan treasket. Josefien betrapet harren en is poerrazend op Frits.
It fereale jonge stel sil op foto set wurde troch in sjoernaliste dy’t in repotaazje meitje sil fan priiswinneres Mary. It komt dan út dat de âlders fan Hans yn de oare keamer binne en dy witte neat fan Claudia en Hans. In protte misbegripen en betizing, mar alles komt goed.

Lintsjes, iisbearen en it Nirvana

Dr. John Wilson hat in lintsje krigen en jout dêrom mei syn frou Mildred in feestje. Op it sjike feestje wurde ek de houliksperikelen bepraat; de froulju spylje iepn kaart en de manlju hâlde earst de skyn op. De froulju betinke dat it foar harren houlik faaks wol goed wêze soe en sjoch ris by in oar. sa wurde pearen al gau troch elkoar hutsele en sjogge wy oare kombinaasjes wêrby de saneamde húsfeint flink meihelpt.
Mildred docht hat foar as in grize mûs en oan it ein fan it stik kriget se John wer hielendal oan har side troch him te fertellen hoe’f sy de oare manlju fûn. John skrikt hjirfan en jout har wer alle oandacht dy’t se ha woe.

Witwatjewolle.nl

It stik giet oer de handichheid fan de jeugd mei kompjoeters tsjinoer de handichheid fan de âlderen mei kompjoeters. De âlderen wolle neat fan de jeugd oannimme en komme raar yn de knipe te sitten.
Geschikt foar in feestlike âlderjûn. Der kinne in soad bern meidwaan en it is fan dizze tiid.

De freonen fan Tenerife

Unferwacht komme “fakânsjefreonen”, útfanhûs by Henk en Geenie Ederveen. Dizze útfanhûzers dogge oft se elkoar troffen ha op in fakânsje en doe útnoege binne troch Henk en Geenie.
Dy witte der neat mear fan en wolle dizze “freonen” wol wer slite.
Derom roppe se de help yn fan in toanielspyljende buorman om harren kwyt te reitsjen.
In echte klucht, allegear kolder en brike sitwaasjes.
Jo kinne jo foarstelle dat jo yn ’t echt ek troch sokke “freonen” oerfallen wurde kinne.

Blommen foar in bline

Op in middei yn’e maitiid rattelt by de bline skriuwster, Helen Witteveen, de telefoan. De man oan de oare kant hat, alteast sa liket it, in ferkeard nûmer draaid. Dyselde middei skillet hy noch in stikmannich kear. Op ‘e jûn stiet hy ynienen yn ‘e keamer mei in bosk blommen. Helen seit, dêr gjin nocht oan te hawwen en freget him om fuort te gean. Dêr wol hy neat fan witte. Al gau docht bliken dat de man geastlik net doogd. Hy fertelt oer syn libben. Hy is dea seit er en allinne syn lichem docht wat hy tinkt wat er dwaan moat. Oer syn hannen wol er net prate. Dy hawwe te faak syn mem slein en hy waard opsluten yn ‘e tsjustere kast, syn boartersguod trape hy kapot. Dan komt de buorfrou fan de skriuwster en dat blykt syn mem te wêzen. Sy docht leaf tsjin him en wit no seker dat hy siik is. As sy fuort giet jout se him in tút en Michel begjint te sjongen. It wurdt in spannende lange jûn.
In stik foar selskippen dy’t ris wat oars as oars spylje wolle.

Myn domdryste muoike

De aristokratyske eksintrike Lady Eppingham libbet yn in fantasywrâld fan de fergiene gloary fan it Ingelske Empirium.Sy hat de teeplantaazje oerlitten oan har twa gemiene muoikesizzers.
Dan komt Bontsje, har healsuster del en de sitewaasje feroaret dramatysk. De yntriges fan de beide neven wurde útinoar raffele en sy bemerkt dat der net te beneamen spultsjes spile wurde. Bontsje nimt it heft yn hannen en sa komme de dogenieten foar it ljocht.
It stik spilet yn India en sa is it toaniel ek oanklaaid.
De rol fan muoike is tige opmerklik.

Leafde, moard en miljoenen

Bram Maasland hat syn jonge minnares Chantal yn hûs nommen. Mei as ferklearring dat har âlden om it libben kommen binne by in auto-ûngelok en hy docht him foar as har fâld. Se makket it him net maklik omdat se sa gau mooglik trouwe wol. bram wit net rjocht hoe oft hy dit oan syn frou fertelle moat. As it Chantal telang duorret besiket se syn frou Julia fan kant te meitsjen. Julia komt achter de ferhâlding en ferlit midden yn’e nacht it hûs. As Julia letter dochs noch fermoarde wurdt, binne Bram en Chantal fansels de haadfertochten. In brief út Amerika kundiget de besite fan in âlde, rike muoike fan Julia oan. Om de âlde dame ûnkundig te hâlden fan alle perikels sil buorman, ferkleid as frou, it plak fan Julia ynnimme. Dora, de húshâldlike help, hat troch dat er eat net doocht en mei help fan har freon, ynspekteur Romeo, komme se al gau efter de identiteit fan de moardner. De arrestaasje wurdt lykwols útsteld omdat it de oplossing fan it komplot om de miljoenen fan muoike Otte yn gefaar bringe kin.
Fia kollega’s út Amerika fernimt de ynspekteur dat nuoike Otto fermoarde is. As der dochs in muoike foar it ljocht komt wurdt al gau dúdlik wa’t it op it jild fan muoike Otto fersjoen ha.
Yn dit spul fol bedroch, falske en echte leafde en miljoenen bliuwt hiel lang ûndúdlik hokker rol ferskillende persoanen spylje en dat soarget foar in ûnferwacht ein.
Net tsjinsteande de spanning kin der ek noch lake wurde.

Heijermans en Shakespeare

As Vera, nei in koarte fakânsje, yn it hotel werom komt, is dat it begjin fan in tige spannende en emosjonele wike.
It hotel wurdt troch ferskillende minksen mei alderhande bedoelings besocht. In jong famke (swerfster) dreaun troch de honger, in gangster op syk nei diamanten, in Belch, in frou dy yn it tsjuster it paad bjuster is, in jonge frou dy net seit dat se by de plysje wurket, in freondinne fan Vera, mei minder goede bedoelings en har broer dy’t him yn it kriminele sirkwy bejout. En dan is der ek noch har mem Victoria, eks aktrise, dy’t har op de senuwen wurket troch al mar wer teksten fan Heijermans en Shakespeare te sitearjen.
En der rint noch in swakbejeftige, net pratende putsjeman om, dy’t in hiel belangrike rol spilet sûnder it self te beseffen. In famylje foto jout oanlieding ta wylde spekulaasjes en laat úteinlik ta moard.
It blykt dat ferskillende persoanen op de ien as oare wize mei-elkoar te meitsjen ha.
Uteinlik komme de minnen achter de traaljes en komme der bettere tiden foar Vera.

Wês mar net bang yn’t tsjuster

In erfgename, in aktrise, in kelner, in advokate en in toanielkritika binne útnoege foar it bekendmeitsjen fan it testamint fan in ferstoarne skrillerskriuwer. Sy wurde ferwachte yn it ferfallen hûs, dêr’t de ferstoarne skriuwer wenne mei syn butler, húshâldster en siktaresse. De meast frjemde dingen barre: in plysje, in pasjint fan in ps. ynrjochting mei in dokter en in ferpleechster meitsje dat net elkenien him noflik fielt. In mysterieuze, gefaarlike ynkringer ferstevicht de yslike sfear troch op de ûnferwachtste mominten foar’t ljocht te kommen.

Houlik yn duplo

Jeroen Smit is taksysjauffeur yn Ljouwert. Hy hat in frou yn Huzum en yn Ljouwert. Troch it roaster hiel sekuer oan te hâlden is er bysteat west al trije jier syn bigamy foar beide dames ferburgen te hâlden. As er op in jûn in âlde frou helpe wol, dy’t troch in pear taskedieven oanfallen wurdt, rint it skema yn de war. As de plysje him thúsbringt, docht bliken dat er yn it sikehûs in oar adres opjûn hat as by de plysje. De betizing wurdt noch grutter as syn buorman Piter him út de niten helpe wol. In homoseksuele buorman út Ljouwert en twa ynspekteurs fan plysje bringe de beide froulju folslein yn ûnstjoer.
It “Theater van de lach”hat dit stik destiids brocht as “Kink in de kabel”.