De bushalte

By in bushalte moetsje trije aparte types inoar: in synikus dy’t in boal blykt te wêzen út’e Twadde Wrâldoarloch; in man dy’t in obsesje hat mei suverheid; en in dakleaze flechtlinge. Yn harren petear wikselje driging en eangst inoar ôf. Lyksa de sympatiën en antipatiën fan dizze folslein tsjinstelde karakters. It stikje einiget mei de komst fan in plysjeauto. Unrêst yn in oarderlike maatskippij.

NB
Sjoch foar mear ynformaasje oer ‘Flying Fish’ de beskriuwing by RIEMERSMA, Trinus – ‘De tarieding’.

Hazzefleis

Jildert Mulder, likernôch 50 jier, hat jierrenlyn in man oanriden, dy’t inkelde dagen letter yn it sikehûs stoarn is. Jildert, dy’t fanwege houliksproblemen tefolle drank op hie, is trochriden.
Hy is net de iennige dy’t sadwaande mei in skuldgefoel troch it libben moat, want Sander, syn soan, hat de skansearre auto sjoen en it ferbân mei it ûngemak lein.
As Sander jierren letter Pierre, de soan fan it slachtoffer, op it konservatoarium kennen leart, wit hy it mei dy syn help safier te krijen dat de widdo in kontaktadvertinsje sette lit. En mei help fan syn suster slagget it him ek dat syn heit der op skriuwt.
Sa moetsje Jildert en de widdo elkoar yn in restaurant en dêr bliuwt it net by, want Jelly, sa hjit de widdo, noeget Jildert mei soan en dochter út om by harren mei har fiven it Krystmiel te brûken. Dat miel is in hazze, dy’t Jildert ûnderweis in kear deariden hat…
By it feestmiel makket de drank de tongen los en as Jildert en Jelly tegearre dûnsje, bekent sy him dat sy wit dat hy har man oanriden hat, mar dat er dêr net oan stoarn is. Syn ferstjerren is har skuld. Sy woe him kwyt….

Unmeilydsum is de skientme of 06-relaasje

Jildert Mulder en syn buorman dominy Wanders ferkeare beide yn de situaasje dat de frou harren ferlitten hat en dat se it no net rjocht fine kinne. Elk hat syn eigen soargen en problemen en sadwaande hawwe se by frijwat drankgebrûk omgong mei elkoar.
Boppedat hawwe se beide in 06-relaasje, dêr’t se har wûndere fantasijen by oproppe. De filosofy fan dominy is dat it dêrby bliuwe moat, mar Jildert makket nei lang wifkjen in ôfspraak foar in moeting mei de 06-frou.
Mar dat wurdt in slimme ofdijer, want hy giet te gast by in raar ûnsjoch frommes. As er op sprong stiet om nei hûs komt de echte 06-frou yn alle moaiens en oantreklikens foar it ljocht. As er dan ál wer bliuwe wol, wurdt him goed it leksum lêzen. It is syn relaasje no dúdlik wêrom as er der komt en dat de bûtekant belangriker foar him is as it wêzen fan de frou…
Hie er de faaie foartekens mar better acht slein: de sturtklok dy’t fan’e muorre foel doe’t it oer de 06-frou te praat kaam en ek de kat, dy’t dat ûnsjogge frommes beselskippe.

In heit, in soan en in dochter

Wy sjogge in soan, dy’t syn heit ta it uterste ferget om jild fan him te krijen. Hy lit it foarkomme dat er heroïne spuitet, dat er de frou, dy’t syn mem yn de húshâlding opfolge, as bysliep hân hat en dat er no yn it lêste jier fan it konservatoarium syn fioelestúdzje opjaan wol.
Dat der dochs ek noch wat grûn yn him sit docht bliken út it feit dat er syn suster bekent dat de dingen dêr’t er syn heit mei ûnder druk sette, net wier wiene. Mar de ferhâlding heit-soan sil der wol net folle om feroarje, liket ús ta.

It syndroom fan Down of In milkshake foar God

Rutger sit op in terras en seit dat er syn fjirtichste jierdei fiert. Hy is opstannich en mismoedich. Syn frou is swier fan harren earste bern en no hat de “flokketest” útwiisd dat der in tredde gromosoom oanwêzich is…
Oer it grutte dilemma dêr’t hy en de frou foar steane, al of net in abortus, giet hy mei passanten, de ober, mar boppe-al mei God yn petear.