Yn wankel lykwicht

It libben fan in ‘deagewoan’ stel wurdt fersteurd as harren alderbêste freonen Harry en Edna foar de doar stean en harren dochter nei in mislearre houlik wer op ‘e stoepe stiet. Mei in alkoholistyske suster dy’t mar wat graach tasjocht en oardielt fan de sydline, in flinke foarried whisky en in protte fatsoen begjint der in spul fan minsken dy’t master binne yn it tadekken, it ferjitten, of net sizzen.

Hertsear

Dit liet oer de pine fan de leafde giet oer Rike Hottinga en de mienskip dêr’t se ûnderdiel fan is. Se is in krêftige, suver wat manlike frou. Se wit wat se wol en hoe’t oaren oer har tinke ynteressearret har gjin byt. Har doarpsgenoaten hawwe respekt foar har en wolle har fanwege persoanlik belang graach te freon hâlde. Tagelyk binne se deanijsgjirrich nei har dwaan en litten. De sosjale kontrôle is grut. Alle foarfallen wurde breed útmetten en troch elk meibelibbe en fan kommentaar foarsjoen. Oft alles lykwols wier is wat der beweard wurdt?
Hoe dan ek, it persoanlike drama fan dizze frou wurdt in drama fan de hiele mienskip.

It ferhaal fan de bistetún

Op in bankje yn it park fan in grutte stêd sit Peter en lêst in boek. Peter is in kreaze fjirtiger, mei in nette baan, in frou, flat, bern, kat en twa parkiten. Dan komt Jerry, in earmoedige slungel, dy’t yn in folslein isolemint libbet. Fia de bistetún is hy yn it park bedarre en no wol er syn ferhaal kwyt. Ta dat ‘ferhaal fan de bistetún’ komt it lykwols net.
Wol fertelt Jerry it oangripend relaas oer himsels en de grimmitige hûn fan syn hospita. Earst troch freonlik te wêzen en letter mei wredens hat er besocht om alteast mei dit kring fan in bist in ferstânhâlding oan te gean. Fergees. Sels it bist fermoardzje slagget net. Mear as njonken inoar fierder libje, sit der net yn, tinkt er.
Op de ‘humane’ boargerman Peter makket dit ferhaal grutte yndruk. Dochs begrypt er mar heal dat er sels op syn eigen wize yn krekt sa’n kokon libbet as Jerrys . Jerry sjocht net in oare útwei as ek mei Peter te besykjen om mei freonlikens èn mei wreedheid him tagong ta dy oar te skeppen. Hy lokket in rúzje út mei Peter om syn plakje op de bank, jout him syn eigen mes en stoart himsels dan deryn.

De dream fan heity en memmy

In Amerikaanske húshâlding – heity, memmy en beppe – sykje in ferfanging foar harren adoptearre berntsje. Mei dat bern wie wat mis en doe is it stoarn. It lid fan de húshâlding dat se no op it each hawwe om har famyljelok folmakke te meitsjen is sels ek sa wat folmakke: in kreaze, fleurige jongkeardel, ien bonk spieren, koartsein: de Amerikaanske dream.
Spitigernôch hat er gjin gefoel en docht er alles foar jild.
Albee jout mei dit stik in satirysk byld fan de Amerikaanske (of
sljochtweihinne ‘moderne’?) maatskippij mei harren idealen fan foarútgong, har sentiminteel byld fan it lokkige famyljelibben en harren ôfwizing fan alles wat dêr net yn past.

Alles foar de tún

In man en in frou mei in soan (15 j.) wenje boppe harren stân, dat de frou ornearret, se soe der wol in baantsje by nimme kinne, as wie ’t mar foar heale dagen. Der komt in ‘mefrou’ by har op besite, dy’t har samar in pakje bankbiljetten tatriuwt en har te witten docht dat se by har gâns fertsjinje kin as se har beskikber stelle wol foar har ‘klanten.
Ynearsten wol se dêr neat fan witte, mar se hâldt it jild en dêrmei hat se a sein en binnen de oare letters net te kearen.
It jild streamt no op har ta, se kin alles oanskaffe wat se mar wol en hâldt dan noch it measte oer, dêr’t se winliken wat mei oan rekket.
Se stjoert it dan anonym yn in pakje oan har man: f. 5.000,– mar leafst.
Dan komt de moard út hóe ’t se byfertsjinne hat; mar net earder as dat se earst al besletten hiene om in feestje te bouwen mei noch trije oare pearen.
As it feest yn folle fleur is, komt ‘de’ mefrou der yn en pratendewei docht bliken dat alle froulju dêr yn ‘e hûs by har ‘yn tsjinst’ binne; mar dat net allinne: de plysje hat der lucht fan krige en se moatte staf en af in oar ‘hûs’ sjen te finen.
Dan komt der noch in frijfeint-húsfreon yn it spul – hy fungearret tagelyk yn it stik as yntermediair tusken de scène en it publyk – dy’t de oanwêzigen healdronken de wierheid seit. Omdat elk bang is dat hy harren dwaan en litten fierder buorkundich meitsje sil, wolle se him dêr hâlde. Hy ferset him en om him it razen te beletten, wurdt him in kessen oer de holle treaun, sa bot dat er it bestjert. Op oanrieden fan ‘mefrou’, bedobje se it lyk yn ‘e tún.

Wa is bang foar Virginia Woolf?

Dizze libbensskets fan twa pearen spilet him ôf yn it hûs fan George en Martha. Hy is dosint skiednis en sy is de dochter fan de rektor magnifikus fan de universiteit.
Se ha in nije kollega en syn frou útnoege foar in drankje, nei ôfrin fan in feestje by Martha har heit. It jonge pear tsjinnet as klankboerd en maklike proai foar de frustraasjes en lusten fan George en Martha. Misledigingen en stekken ûnder wetter bliuwe net lang ûnskuldich en feroarje al gau yn flymskerpe oanfallen.
George, impotint yn syn berop en faaks ek wol op bêd, leit syn potinsje yn formulearringen, wêrmei ’t er Honey en Nick harren leagens wit te ûntmaskerjen en Martha har illúzjes wit ôf te brekken.
George en Martha spylje it spul omwille fan it spul. Ek yn de gaos fan harren houlikslibben hâlde se harren oan fêststelde spulrigels. Dejinge dy’t him dêr net oan hâldt, wurdt straft. Martha wit de oanfallen goed ôf te slaan, op ien nei…..

De keardels fan ’t kastleinske

It ferhaal giet oer de libbenswei fan in doarpskafee, fan it begjin oant it tryste ein. It ferhaal rint net syngroan, it befettet in soad flash-backs.
Juffer Amalia trout mei Marvin Macy, in eks-finzene dy’t syn libben bettere hat. Hy jout har syn hiele besit om syn leafde foar har sjen te litten. Amalia bliuwt ek as hja troud binne in kâlde kikkert en slacht nei in houlik fan tsien dagen him de tosken út ‘e mûle. Op dat stuit hat Marvin syn nocht en beslút om fuort te gean. Marvin swart dat er wraak op Amalia nimme sil.
Nei in tal jierren giet hy werom nei it stedsje. Underwylst hat Amalia de soarch fan Lymon, in bochele dwerch, op har nommen.
Lymon giet fuortdaliks nei Marvin ta en lit Amalia yn ‘e steek. Elke dei liket it op in fjochtsjen út te draaien tusken Marvin en Amalia, mar earst nei trije moannen is it sa fier.
Troch de help fan Lymon wint Marvin it gefjocht. Se ferneatigje it kafee en geane fuort.
Amalia slút it kafee en lit har nea wer yn ‘e sted sjen. Allinne sa no en dan kin in foarbygonger dy’t der goed om tinkt, in ûndúdlik gesicht efter de lûken wjerkeatsen sjen.

Kommintaar:
In útsûnderlik stik mei as sterkste punt de sfear. Der is kontinu sprake fan spanning yn it stik. De rollen binne prachtich en skerp.
It iennige neidiel fan it stik is dat de ‘cast’ grut is en dat it dekor in soad tiid en romte ferget.
Nettsjinsteande dat is it in absolute oanrieder.

DS