Bargebiten

Boer Goasse is tige gjirrich, om’t er de rykste boer fan Fryslân wurde wol. Dit hat fan gefolgen, dat syn dochter Tsjitske alle wurk dwaan moat en nea ris wat nijs kriget, wylst de bisten: Beitske de ko, Jakkeltsje de hin en Blabbergat de Baarch, te min fretten en nea ris skjin strie krije. It wurdt sa slim, dat Tsjitske útnaaie wol, mar de bisten helje har oer om by harren te bliuwen en har te ferstopjen op’e heasouder, dêr’t heit dochs nea komt.
As heit fernimt, dat Tsjitske fuort is en de bisten him dan ek noch allerhande ferwiten meitsje oer syn dwaan en litten, rekket er goed yn’e lytse loege en wol alles wol dwaan en tasizze, as de bisten Tsjitske mar wer opsykje. Hy sjocht no sels yn, hoe ferkeard er altyd west hat. Tsjitske komt dus wer foar’t ljocht en alles komt yn’e es.

De Feart

In aksjegroep is tsjin it ticht goaien fan de feart yn it doarp. Mar dizze doarpsbewenners ha allegear harren eigen “belangen”. Elkenien bemuoit him der mei, de kastelein en de kafeebesikers.. en ûnderwilens wol Hindrikje har lotten ferkeapje foar de frouljusferiening. De aksjegroepleden reitsje sa yn tsjok waar dat dygenen dy’t earst tsjin wiene, wurde foar en oarsom. En se hienen noch wol sa’n moaie namme betocht: W.B.D.P.O.T.”Wy Binne Der Poer OP Tsjin!” Mar dan komt it lêste nijs út de Riedsgearkomste; “De feart wurdt net sletten; It jild is op!”.

Gouden dagen

Jan en Maaike, beide om ‘e 40 jier hinne, binne op ’t stuit wat opinoar útsjoen; se ornearje, se moasten it marris in moannelang (ynearsten) op prebearjen bûteninoar sjen te rêden.
Sadwaande begjint it stik op it stuit dat Jan him (mei de kanarje) foar fjouwer wike nei wenjen set op in oanklaaid flatsje yn ‘e stêd.
Hy stelt him wit wat foar fan de frijheid, mar hy is noch kwalik hússittende of de neiste buorlju rinne him de drompel al plat om yn ‘e kunde te kommen en him mei allerhande saken lêstich te fallen.
Lokkich bellet der in freon op, dy ’t him in wykein mei ha wol te fiskjen.
De hierbaas makket fan dizze gelegenheid gebrûk om Jan syn flat datselde wykein te ferhieren oan in befreone steltsje. Wat der him yn sa ’n sitewaasje ôfspilet kin men fan tinken wol ha, foaral as men wit dat Jan syn Maaike de helte fan dat steltsje útmakket en Jan om ’t strieminne waar sonder euvelmoed “thús” komt.
De ein lit him wol riede: der moatte gâns ohedens sljochte wurde om alles yn ’t fatsoenlike út ‘e doeken te dwaan.

Prei en prostitúsje

It is Gepke har jierdei, dat se hat in mennich buorlju, Gryt, Maaike en Tryntsje, útnoege foar in kopke kofje-mei-wat-der-by.
As Gryt en Maaike der yn kommen binne, beide mei in presintsje en de noadige kommentaren dêrby, giet it al ridlik gau op in rabjen oer Tryntsje, ‘dy’t ivich en altyd te let komt, har om de húshâlding hielendal net bekroadet en allegeduerigen mar wat omflittert sonder dan men wit wêr’t se tahâldt’. Eardat Tryntsje der is, komt Julia der yn, dy’t ôfskildere is as in ‘hippy út Amsterdam’, net folle brets nei ’t se sizze, mar Gepke hie ornearre, sokken moasten der ek in bytsje ynhelle wurde. Mar de nij-ynkommene wurdt wakker let en set en dan komt ‘dy Tryntsje’ wer op ‘e tafel en de Mercedes dy’t op fêste tiden by har foar de doar stiet.
As Tryntsje dan lang om let dochs noch komt, wurdt se ûnderdúmsk útkloarke, mei fan gefolgen in mâl beteard ein fan Gepke har jierdei-besite.

Simmerdepresje

De titel “Simmerdepresje” slacht net allinne op it minne waar, mar ek op de minsklike ferhâldingen dy ’t yn it stik foarkomme. Willem en Hanny, eigeners fan it hotel “Au bord du lac” sitte mei it reinige waar sûnder gasten. Sy sjogge de takomst tsjuster yn en binne net botte fleurich en aardich tsjin elkoar.
Hanny har mem, Wytske, wol skiede en strykt mei trije freondinnen del yn ’t hotel om dêr in wike fakânsje te hâlden. Jansma, in oare gast, hat in benzinestasjon bestellen om ’t er ek ris foar fol oansjoen wurde wol. Elk fan dizze minsken sit min of te mear yn in depresje.
De help fan Willem en Hanny, Richtsje, soarget mei de trije freondinnen fan Wytske foar de nedige ferdivedaasje.
Oan ‘e ein fan it stik is de loft aardich opskjinne, mar it reint, reint, reint.

De blynkape ôf

Jurjen en Marije, beide om ‘e fjirtich jier hinne, binne yn harren houlik wat op elkoar útsjoen. Marije wol dêr wat oan dwaan en regelet foar harren in fakânsje yn in simmerhúske op it Amelân.
As Jurjen efkes te kuierjen is, docht Marije in ‘bleate’ jurk oan en makket har tige op. Se set wyn op ‘e tafel en romantyske muzyk foar de radio. Ynpleats fan Jurjen, komt de kampbehearder der yn en dat is no tafallich ek noch in eardere skarrel fan Marije.
In echte rokkejager is it, docht bliken en hy sjocht dat oangeande by syn eardere faam mooglikheden…..
Sa komt Jurjen der yn….
En as soks letter nochris wer treft, dan fljocht Jurjen der poerrazend út, dún op, dún del.
Ien mei oar hat fan gefolgen dat er neitocht hat oer harren ferhâlding en dat se de jûns op bêd wer tainoar komme.

O Godskes Geeske!

Geeske, in float, dy’t foar elkenien klear stiet, falt yn har gystenens fan ‘e trep en brekt in skonk.
In grutte ramp, krekt no’t se tasein hie om de kostúms te naaien foar de bern dy’t in mearke opfiere sille. De ramp wurdt noch grutter as skoanmem komt te kofjedrinken
Mei allerhande ferlakkerij – holpen troch twa buorfroulju – moat dy albedil ûnkundich hâlden wurde fan wat der oan ‘e hân is.
Dit rêde se lykwols net op; skoanmem nimt it roer yn hannen.
As Geeske oan ’t oefenjen is yn har rolstoel, rydt se skoanmem mei kûgelsfeart fan ‘e sokken. Mem en Geeske kinne frede slute as se beide mei in skansearre skonk rêst hâlde moatte.

Treast mei sûker en molke

Dit stik spilet yn in sikehûsrestaurant, dúdlik it plak dêr’t de bûte- en de sikehûswrâld byinoar komme. De spilers hearre dan ek òf yn de iene, òf yn de oare wrâld thús; útsûndere Anneke, de barhâldster, omdat se eins wol by ’t sikehûs heart en dochs gjin pasjint is.
Sy en har man Frâns ha in 14-jierrige soan dy’t by in jeugdbinde sit, dy’t geregeldwei de buert tiranisearret. Anneke heart fan alle kanten dat it gjin wûnder is dat bern ôfglide nei de kriminaliteit as beide âlders sa noadich wurkje wolle! Fansels wurdt úteinlik bekend dat har soan by dy binde sit en ynstee fan dat sy hieltyd pasjinten treast jout mei goede wurden en kofje, helpe dy har en har man. En tank sij in aardich freondintsje liket harren soan dochs ek it goede paad werom te finen.

Gefaarlike oergong

Afke hat lêst fan alle ûngeduerigens dy’t de oergong meibringe kin. Har man hat net folle each mear foar har, mar wòl foar de sifers fan de beurs. Hy hat as ôflieding foar har in boetyk kocht, dy’t se mei nocht (en mei in learlinge) driuwt. Boppe de boetyk wennet in âldere feint, dy’t krekt wer in nije freon oantúgd hat, mar de learlinge, Trynke, fynt dat hy har better as freondinne hawwe kin. Om’t Trynke in Westereinske is, kreaket it wol as se ôfwiisd wurdt. Afke fynt it tanimmend stedsfandalisme dat ek by har taslacht benearjend. By buorfrou Betty yn de croissantery wurdt ynbrutsen en gâns fernield. Dit is reden foar Afke, oantrune troch Trynke, om de oare nachts wacht te hâlden. Trynke hat in hiel arsenaal oan middels ta ferwar meinaam. As der dy nachts twa ynslûpers komme, binne dy gau oermastere. It is net sok frjemd folk docht bliken, want Afke har man hie foar it earst fan syn libben in slipperke mei in djoere eskortdame op tou set, en de boetyk as leafdesnêst keazen… allegearre aksje fansels, mar: ein goed al goed!

It perron

Op it perron fan in middelgrutte stêd hat Eelke in blommekiosk en Arjen in kiosk mei lektuer en snobbersguod. Marie sit dêr tuskenyn as sûkerskjinne toiletjuffer.
De manlju kinne net tagelyk troch deselde doar omdat Arjen yn it ferline Eelke in minne streek levere hat. Eelke hat koartlyn syn frou ferlern en hat wer oanhâld fûn by Ria, dêr’t er och sa grien mei is. Syn dochter frijt mei Jelmer, de soan fan Arjen, ta grutte argewaaqsje fan de beide heiten. Se besykje de jongelju útinoar te spyljen troch Jenny as ‘au pair’ nei Ingelân te stjoeren, mar as dy ûnferwachts earder weromkomt begjint it earmelijen op’e nij. Hawar, mei help fan Marie komt alles op syn poatsjes telâne oan ‘e ein fan it stik.