In kring fan in ring

Frederik en Isabel ha, op it lêste perron fan it stasjon, perron 12, rûzje oer de brulloft. Lilk, omdat se har sin net krijt, smyt se de djoere ferlovingsring oer de reling, dy komt telâne op in leger lizzend part fan it stasjon, yn de folksmûle perron 13. De ring wurdt daliks al fûn troch in swalker. As Frederik op perron 13 oankomt om de ring te sykjen, is dy al poater. Wylst er om de ring siket leart hy de minsken, swalkers en bidlers, dy’t op it terrein tahâlde, better kennen. De âlde Arie, de bline Ronny, swalkers, en Rita en Vanessa, twa ûnbetroubere bidlers, dy wenje allegear ûnder de brêge fan perron 12. Fierder is der noch de heechswangere Suzy. De grutte fraach is: wa hat de ring fûn en foaral: wa hat de ring no? En komt it noch goed tusken Isabel en Frederik?

Op de ferkearde foet

Angelique is 40 en wanhopich op ’e siik nei de leafde. Se wennet mei har heit op in âlde
buorkerij yn de Switserske Alpen. Op in neimiddei makket se har op om mei har bêste freon
Angelo nei it karnaval. Dit jier sille se dêr as stel hinne, mar dan wol oarsom: hy as
Angelique, sy as Angelo. Flak foardat se fuort sille giet de bel en dêr stiet de date fan
Angelique, Lorenzo, op de stoepe, dy soe moarn pas komme, mar hy is in dei te gau en it
blykt ek noch de baas fan Angelo te wêzen. Angelique, ferklaaid as Angelo, docht iepen.
Angelique wurdt dus foar Angelo oansjoen en Angelo foar Angelique. De swierrichheden
folgje elkoar dêrnei yn heech tempo op, want der komme noch mear minsken del dy deis.

De kloklieders

Op útnûging fan har earste leafde Gilbert, dy’t koster is, sjocht Justine op in jûn, boppe-yn de tsjerketoer, nei de fallende stjerren.

Wylst se de kiker foar de eagen hat, komt se der achter dat se sa ek har eigen hûs sjen kin.
En wat se dêr sjocht, dêr rekket se totaal troch fan streek. Har man Erik leit op bêd mei Laura, de bêste freondinne fan Justine. Justine wol mar ien ding, wraak! Mar hoe dogge je dat?
Op in grut feest, dat in jier letter holden wurdt, omdat Erik dan fiif en sechstich wurdt, fiert Justine har plan út.
En hoe sil dat ôfrinne?

Kluchten en Kueren

It giet net goed mei it kueroarde fan Fons en Tina. De rekkens wurde of te let of hielendal net betelle en foaral de rekken fan de stroom en it wetter binne dan gefaarlik fansels. Wat is in kueroarde sûnder stroom en wetter? Neat. It personiel is ek al yn staking gongen omdat se de lêste moannen it lean net krigen ha. En no stean Fons en Tina der dus tegearre foar. Dat past harren eins net, want keninklike heechheid prinses Clothilde sil, lykwols ynkognito, in wike meidwaan oan in kuer om te fermeagerjen. Mar stel dat se it de prinses wol nei ’t sin meitsje kinne, dat soe de bêste reklame wêze dy’t se ea hân ha. Mar slagget dat sûnder personiel? Fons en Tina betinke in twillingbroer en twillingsuster dy’t as personiel opdrave moatte. Dit soarget foar de nedige kommoasje by de gasten

Te let

Eva, in frou op leeftyd, sit yn tsjerke te wachtsjen op it begjinnen fan de begraffenis fan har man Bram.
Lotte, de beppesizzer, (dit kin ek in jonge wêze fansels) is by har. De begraffenisûndernimmer, mei de kiste fan Bram, is der noch net, hy is te let!
Yn seis tafrielen fertelt Eva oer it leven mei har man en hoe’t hy it foarmekoar krige om altyd te let te kommen, sels op syn eigen begraffenis!
Dit stik is ek hiel geskikt om as ienakters spile te wurden. Alle seis tafrielen binne perfekt apart fan elkoar as ienakter te spyljen, sûnder dat je de ynhâld fan de oare tafrielen noadich binne.

In frou fan fiif miljoen

‘By Swa’ is in restaurant ergens yn Fryslân. Francois, de eigener, is in poerbêste sjef-kok, en tagelyk in fûleindich oanhinger fan Jack Nicholson. Geraldine, syn takomstige frou, is him eins opkrongen troch in omke fan him. Dy omke is stoarn en hat in knoarre jild achterlitten. Dat kin Francois allinne erve as hy mei Geraldine trout. Allinne as Geraldine net mei him trouwe wol, of dat se frjemd gean soe, dan soe Francois it jild sûnder fierdere betingst erve kinne. Geraldine is in arrogante, ûnoantreklike frou en Francois is alhiel net fan doel om mei har te trouwen. Hy is smoar op Claudia, de tsjinster fan it restaurant, mar dy wiist him oant no ta ôf. As Claudia der achter komt dat Francois erve kin, draait se fuort by. Dit is tsjin de seare foet fan Tom, de barman, want hy hie oant no ta in relaasje mei har. Hy makket foto’s fan de eskapades fan Francois en Claudia en wol der in slaadsje út slaan. Omdat Geraldine perfoarst mei Francois trouwe wol, litte Claudia en Francois in hiermoardner komme om Geraldine fan kant te meitsjen. Dat slagget foarearst net, ek al omdat de man in Italjaan blykt te wêzen dy’t gjin wurd Frysk ferstiet. Ut in kleaune fan yntriges komt Francois as oerwinner út de bus!

Wanda wasket wyt

Wanda is in jonge frou mei in rûzich ferline, se sit in straf út foar yllegale prostitúsje en hannel yn drugs. Se hat al twa kear earder ûnder betingsten frij west, mar dat is beide kearen mislearre. No krijt se, nei dat se 3 jier fêstsitten hat, de lêste kâns om sjen te litten dat it ek oars kin. De betingsten om definityf frij te kommen binne: in fêst wenadres en fêst wurk. Ek mei se gjin strafbere dingen dwaan. Wanda giet oan de slach by in muoike fan har, se kin dêr wenje en deis yn de waskerij wurkje. De waskerij is lykwols in fertutearze boel. It liket der sels op dat de waskerij noch foar de ein fan de moanne de doarren slute moat fanwegen achterstân mei it beteljen fan de hier, en dan soe se dus al oan ien fan de betingsten net mear foldwaan kinne.
Nei in pear dagen stiet har âld poaier en -dealer al foar de doar, hy wol har graach werom ha. Dan komt der ek noch in freondinne fan har del, dy’t út de finzenis ûntsnapt is, dy siket en krijt ûnderdak by Wanda. Dit past fansels ek net yn de betingsten en it liket der dan ek op dat se yn de koarste kearen wer yn de bak sitte sil.
Wanda is lykwols net ien dy’t by de pakken delsit en se is fêstberet dizze lêste kâns te brûken, sadat se noait wer werom hoecht nei de finzenis.

De kat yn de kelder

Majoar Evarist Tanghe lit, alhiel tsjin it sin fan syn ‘ soere’ suster Serafine, it kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje, dy’t wachtsje op it tawizen fan in sosjale hierwenning. Ynearsten hat de famylje De Kat neat mei de kelder, mar dat slacht al rillegau om as se der achter komme dat se neist de bank komme te wenjen. Feliks sjocht de kâns op de ‘jackpot’ wol sitten en hy beslút fan út de kelder in tunnel nei de bank te graven. It wurdt uteraard in nuodlike ûndernimming, omdat se de tunnel grave moatte sûnder dat de Majoar of syn suster dit merke. Wêr moatte se bygelyks mei de modder hinne dy ’t by it graven frijkomt. Hoe ferbergje se de yngong fan de tunnel as se besite krije? Hoe maskearje se de herje dy ’t de drilboar makket?
Uteraard levert dit hilaryske situaasjes op, ek al omdat blykt dat beppe sa no en dan ferrassend út ‘e hoeke komt. Kim wurdt fereale op Sven, dy ’t te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt. Kim liket de Majoar gâns op te winen, Serafine om de kat dy ’t samar weiwurden is, en der komt in drumstel oan te pas om de herje fan de drilboar te oerstimmen. Uteinlik lykje se te slagjen yn de opset. Dan fynt Serafine de tunnel en de de deade kat en se moatte har opslute. Madeleine lit it leven yn de kelder en dan sitte se dus ek noch mei in lyk dat se nergens kwyt kinne. En wat as Sven twivelt tusken syn leafde foar Kim en it rjochte paad?
De Majoar blykt úteinlik mei in grutte ferrassing út de hoeke te kommen.

Marthe en Mathilde

Martha en Mathilda binne twa susters, dy t tegearre in hoteltsje runne – De Goudfazant – dat part is fan in grutte pleats. Om t se oan e hals ta yn e skulden sieten ha se dy pleats tsien jier lyn ferkocht oan in notaris, under de betingst, dat se der wenje kinne oant harren dea. Wat net ien lykwols wit, is dat de beide susters op e souder in grutte wytplantaazje ynrjocht ha, mei it doel om sa yn koarte tiid aardich wat jild oer te halden om in restige alde dei trochbringe te kinnen yn De Goudfazant mei personiel.
De grutte dei dat de rispinge ophelle wurde sil troch in dealer en se dus in knoarre jild barre sill, is tichtby. Mar krekt in wike earder is de Ronde fan Dunegea, in fytswedstriid foar amateurs. En profs. It hoteltsje sit fol en dat jout de nedige tukelteammen en boppedat hat de notaris noch wat lytse letterkes yn it kontrakt guchele. As men dan wit, dat de susters yn e bar fan it hotel eksperimintearje mei har wyt, dat de fytsamateurs elkoar op alle mooglike wizen besykje dwers te sitten, dat de dealer foar gjin kwartsje doocht, dat de notaris hast net wachtsje kin om syn pleats yn hannen te krijen en dat der ek noch in priveedetektive omskarrelte, dan kin men fan tinken wol ha, dat Marthe en Mathilde in cocktail is fan spanning en humor.