Ach, in pûntsje mear of minder
Ach, in pûntsje mear of minder spilet him ôf yn Beautysintrum ‘De Slanke Dennenhoeve’. It Beautysintrum bestiet 25 jier en dêrom is de direksje op fakânsje. Gelokkich is it sintrum yn fertroude hannen fan fakkundich personiel. Krekt dan komt de ynspeksje lâns foar har jierlikse kontrôle. Under it personiel brekt lichte panyk út en se sette alles op alles om dizze wike sûnder wryt of slyt troch te kommen. Mar kinne in ynfalkrêft, in oerentûsjaste masseuse en in klussende badmeester dit oan?