Moard oan ‘e mar

Tema: In jacht op jild, dy’t om in moard net oergiet.
Karen is troud mei John Clayton, dy’t in dochter hie. En in protte jild. By in auto-ûngemak hat John it libben litten en is syn dochter Ellen wer opknapt, mar oan ‘e skonken ferlamme bleaun.
Húsdokter Lane behannelet har. Hja wenje yn in hearehûs, dat boppe op in rots oan in mar stiet. As dokter Lane in pear wike nei in kongres moat, soarget er foar in ferfanger, t.w. dokter Corey Phillips.
Dêr binne fierder yn ‘e hûs Jenny, de húshâldster en suster Pepper, de ferpleechster fan Ellen (dy’t yn in rolstoel rydt). Ellen, dy’t gewoanwei frijwat stume, rekket alhiel yn ‘e fleur troch de jonge dokter. Se reitsje suver op elkoar fereale.
Mar der barre dêr yn en om it hûs nuvere dingen. Earst spielt dêr fuortby in lyk fan in manspersoan oan; dan wurdt der op in stuit dat Pepper yn ‘e túndoarren stiet in skot op har lost en noch letter geane alle ljochten dêr yn ‘e hûs út en komt der in man yn it tsjuster fan de warande troch de keamer en dy ferdwynt troch in draaiend paniel yn in kast. Wer letter, as hja datselde paniel iepen dogge, leit de húshâldster dêre en dy is der sa slim oan ta dat hja fuort dêrnei stjert.
As dokter Lane foartidich werom komt, krije hy en Karen yn ‘e rekken dat it mei dy jonge dokter net ynoarder is: it is deselde net dy’t dokter Lane eartiids yn it sikenhûs sjoen hat. Hja geane syn gongen nei en dat op himsels jout al wer fertinkingen by Pepper, dy’t it saakje dêre ek net stiet.
It docht bliken dat net it testamint fan John, wêrby’t er alles oan syn dochter tamakket, it lêste is, mar dat der in letter testamint is, makke mei as tsjûgen: in eardere suster, dy’t tuskentiden stoarn is en Jenny, de húshâldster, dy’t no ek dea is.

Hoe’t it fierder giet? Lês it!

In skûle yn ‘e nacht

Tema: Unskuldigen besykje in ynbrekkersbinde te ûntmaskerjen.
Frelle Wildervanck thoe Steenwijck, dy’t yn ‘e stêd wennet, hat in twadde wenning net fier fan in mar ôf. Hja is it haad fan in ynbrekkersbinde, dy’t as ’t der op oankomt, net foar in moard út ‘e wei giet. De binde ferstoppet him yn har twadde hûs as er krekt de Ynkassobank gâns lichter makke hat. It is op jûntiid en poermin waar mei swier waar en hurde wyn. Sadwaande komme dêr in tal minsken om te skûljen en omdat it waar mar oanhâldt, bliuwe se de nacht oer. Mar it is ek op oar gebied in rûzige nacht.
De binde wol it jild ferpartsje en dêr tuskentroch komme der hieltyd wer gasten fan ’t bêd om’t se net sliepe kinne, en sadwaande de boel fersteure. De binde hat it sa ynpikt dat Doeke, in persoanielslid fan ‘e bank, fan de ynbraak fertocht wurdt. Hy wol bewize dat er it net dien hat en is safier al, dat er de binde op ’t spoar is en ek om ûnderdak frege hat. Mei him komme dêr ek noch syn faam Janny, in dosinte mei twa fan har learlingen (famkes) en plysje Joustra, dy’t nachttsjinst hat.
Nei gâans in skoft kat-en-mûs boartsjen komt op it lêst de ûntknoping en wurde de ynbrekkers-moardners ynrekkene.
Troch it hiele stik hinne wurdt de sfear stipelearre mei lûden fan tonger, hurde wyn en in klapperjend lûk.