Turkse massaazje

Lubke hat foar har en har freon Berend Wotte de glêswasker in keamer besprutsen yn in kueroard mei Turks bad. Se is der wis fan dat har rike heit Gerlof Zandstra perfoarst gjin glêswasker ha wol as skoansoan en hy sil har noait yn in kueroard sykje.
Har heit hat om by te kommen fan syn wurksum libben ek in wykein kueren boekt. It is in grutte skok foar Lubke at se fernimt dat heit op itselde adres kuert. Ek de sekretaresse fan Zandstra Sibrich, is oanwêzich, sy is fan doel har baas te fersieren, mar dat giet net flot fan de tried. Lokkich komt de frou fan Gerlof Zandstra, Marije oanwippen op it stuit dat Gerlof troch fersin heal neaken op ‘e keamer fan syn sekretaresse is. Marije komt harren hast oer’t mad. De iennige dy t de ploaien in bytsje glêd strike kin is de manager mynhear Palsma. Palsma libbet neffens âlderwetske fatsoensnoarmen en hy kin sa n soad ûnfatsoen hast net ferneare. Dochs kin er net hielendal tefoaren komme dat er sels ek wolris saneamde noarmen en wearden oer board sette moat.
Dit stik is foar eltse toanielferiening in útdaging!

Ald grien, Mâl grien

Markus wol skiede fan syn frou Tine. Harryt, de beste freon fan Markus, fynt dit it tiid is foar in feestje. Hy lit syn betsjinner Stech allegearre drank bringe by it hús fan Markus en is fan doel om by Markus wenjen te gean, as frijgeselle manlju ûnder elkoar.
Alles feroaret wer as Tine nei fjouwerentweintich oeren nei hús ta komt om foar Markus te soargen oant de skieding rûn is. Se hat har assistinte Gerda meinommen, sadat sy thús wurkje kin.
Harryt hat yn de tuskentiid fan alles regele. Hij hat twa famkes, Keke en Derkje, fan kantoar frege om del te kommen foar in feestje. De famkes tinke dat Tine de suster is fan Markus, oant se der efter komme dat dit net it gefal is. Se fine dat Tine min behannele wurd en nûgje har ut om by harren te wenjen. Underwilens is de heit fan Keke, Gjalt, op syk nei syn dochter en komt lilk oan by het hús fan Markus om syn dochter op te heljen. Markus blykt de baas te wezen fan Gjalt, wêrtroch Gjalt út de fuotten moat.
Markus begjint hieltyd mear te tinken oan syn houlik mei Tine. Harryt beslut syn ferneamde reade boekje der by te pakken om de âlde skoallefreondinnen Hike en Fenna ut te nûgjen. De tiid hat dizze famkes ek tekene en al gau probearje se fan de froulju ôf te kommen.
Uteinlik komt Markus ta de konklúzje dat Tine de frou foar him is en wol hij net mear fan har skiede.

It feestje

In licht, geastich blijspul oer twa minsken, dy’t fan inoar hâlde, mar de man soe wat mear moed en inisjatyf toane moatte. As der op’ e saak in fakatuere frijkomt en dit him de gelegenheid jout om wat mear sjen te litten, beslute se om in feestje te hâlden as earste stap nei syn promoasje.
Dat feestje wurdt in teloarstelling en in ferromming tagelyk.

In twadde kâns

Herman en Marja, beide fyftigers, komme inoar nei 23 jier wer tsjin. 23 jier lyn wie Herman troud en krige in ferhâlding mei Marja. Op it stuit dat Herman skiede woe fan syn frou, fertelde se him dat se swier wie. Marja is nei Afrika gien en is dêr troud. No komme se inoar wer tsjin yn de supermerk.
Herman en Marja ûntdekke, dat se noch fereale binne op inoar en Herman wol no dochs skiede. Mar at er thús komt, hat syn frou him wat te fertellen; sy wol skiede.
Herman giet der even tsjin yn, mar it komt him wol goed út. Der leit no dochs in takomst foar him mei Marja.
Stik mei flashbacks út de sechstiger jierren, de tiid dat Herman en Marja noch jong en fereale wienen.

Dat ha jo goed sketten

Frjemde gasten dêr op kastiel Elrood. Dat rint der samar yn en út. En se fleane hieltiten mar fan de kelder nei de souder en wer werom. Mar de bewenners sels binne ek wat ûngewoan. Dochter Patricia liket de iennichste normale persoan, in hiele prestaasje! Mar op wa soe dat “Dat ha jo goed sketten…” slaan? Op Jenny? In Skotske útfanhûzer, dêr’t de krystfakânsje nea fan skynt te eindigjen. Of op Chester, de fotograaf, dy’t sels net wit wat er fotografearret? Of op de pianostimmers, dy’t mar net fan ’e wize te bringen binne? Of op Hilary, de polysjeman, dy’t noch nea immen arrestearre hat? Of op
Juffer Patridge faaks, dy’t mar net genôch krije kin fan it kastiel. It slacht grif net op Ada, de nije tsjinstfaam. Dy siket it lok op in hiel ferkeard plak. Op Lord Elrood dan? Dy libbet yn in fantasijwrâld en
jaget op spionnen. Sil hy dan dochs in kear rekke sjitte? Of op Amor, dy’t ek noch om it hoekje kipet. It publyk hat it yn elts gefal goed sketten, dat kin nochris âlderwetsk laitsje…

Gefare-trijehoek

In freonlik stikje oer in pear ‘gewoane’ minsken, hy kantoarman, sy húsfrou. Omdat dat libben sa egaal en sûnder aventoeren is, ha se foar harren tegearre in wrâld fan ferbylding skepen. Dêr geane se beide tige yn op en dat bynt harren mei in ûnferbreklike bân fan ferealens en leafde. De sênes tusken harren binne wol komysk, mar se moatte ‘oprjocht’ spile wurde. Se ha alle wille yn har ferbyldingswrâld en Klare har blier omgean mei Wiebe syn ‘aventoerkes’ jout de noadige o hedens yn ‘e sêne mei Boate. Dy begrypt der earst neat fan mar as er it begjint te leauwen, fielt er him suver mei yn ’t komplot, mar sa bliuwt it net…. Dan komt kafee-hâldster, frou Ropta, noch mei de klopen yn ’t spul, mar nei de earste argewaasje, is it slotpetea rêstich en har ôfgean ek. En dan binne Wiebe en Klare wer tegearre yn harren mearkewrâld en se jouwe harren dêr wer noflik yn del: der mei lykwols gjin karikatuer fan har personaazjes makke wurde!.