Berchbewenners

Op it terraske fan in restaurant, earne op it plattelân fan Fryslân, wachtsje in tal minsken op deselde man, dy’t mar net komt. It docht bliken dat fia dizze ûnbekende de ferskate figueren allegear wat mei inoar te krijen hawwe.

Pikmarboulevard

Servearster Monica (33 jier) hat in ferhâlding mei arsjitekt Ubbo (47 jier). Ubbo is lykwols troud en net fan doel syn frou en bern te ferlitten. Tegearre mei Monica rint hy oer ‘syn’ nije boulevard oan ‘e Pikmar. Ubbo jout ôf op de nearzigens fan de burokraten der’t hy mei te krijen hat, mar hat net folle each foar it ferlet om oandacht fan Monica. Har plan om tegearre mei syn boatsje in wykein fuort, kin net troch gien, want Ubbo ‘moat’ mei pommeranten fuort.
Stadichoan wurdt dúdlik dat der in wrâld fan ferskil leit tusken dizze twa minsken en hoe hopeleas de takomst fan harren ferhâlding is.

NB Oer ‘Hertejacht’ sjoch: HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte op’e merke’.
Monica komt ek foar yn de ienakter fan Lolkje HOEKSTRA.
Ubbo is ek in personaasje yn ‘Winkelsintrum’ fan Jabik VEENBAAS.

Side

Twa susters dy’t fier útelkoar rinne. Dite, de jongste, hâldt fan setsjes en pretsjes en fan moaie klean, make up, mar benammen fan
manlju. Mare is de deeglike kant it neist. Dit jout wolris wat spanning, mar se kinne oars goed. Mare is sa goed as ferloofd mei Berend, dy’t op in boareilân wurket. As it stik begjint skriuwt se him in brief. Dite pleaget har wat en kokketeart mei har uterlik en har aventoerkes mei manlju. Mare giet der net op yn. Dite giet troch, jout ôf op it houlik (sy soe har net bine wolle) en freget oft Berend “al ris út ‘e rie” is. (Hy wol earst in baantsje oan ‘e wâl ha, ear’t er de lange hier yngiet). Dite fynt sok útstel mar neat. Ek pleaget se Mare mei har rare hobby: dy sparret ‘papieren bern’ (plaatsjes út tydskriften fan bern ûnder de tsien jier); albums fol.
Twadde tafriel: Berend en syn kollega Karst op besite. Berend liket in serieuze, rêstige man, Karst is wat frijer yn ‘e omgong; kin it aardich fine mei Dite. Berend hat nijs: hat in baantsje oan ‘e wâl en Karst sil syn baan oernimme op it boareilân. Karst docht no as hat er dêr gjin sin mear oan. Oarsaak Dite? Mare krijt in presintsje fan Berend: in lape prachtige side. Se is dêr tige wiis mei. Mare waard as famke troch har mem, dy’t skroarske (naaister) wie, ‘Side’ neamd. De jûn einiget yn wat pleagerij, mar se geane yn goedens útelkoar.
Tafriel 3: op it kantoar. No sit Berend te briefskriuwen en is it Karst dy’t him der ôfhâldt. Karst hellet Berend oer in buorrel te
drinken (mei net yn ‘e baas syn tiid). Berend wol earst net, mar drinkt letter mear as Karst. Karst narret Berend mei syn trouplannen: hy hat dochs wol foar it ferstân dat hy it net meitsje kin en set op dizze leeftyd noch bern op ‘e wrâld? Berend wol hjir gjin praat fan hearre. Hy fielt him jong en sterk. It praat komt op Dite; is Karst no wol of net op har begien? Dit tafriel einiget yn in (dronken) rûzje tusken de twa. Karst driuwt de spot mei de beide susters. Op it hichtepunt giet de allarmskille en stowe de mannen nei bûten.
Tafriel 4: Yn it flat. Karst en Dite. Berend hat blykber in ûngelok hân en leit ferlamme yn it sikehûs. Der wurdt praat oer syn kânsen;
se wurde hinne en wer slingere tusken hope en freze. Dite ferwyt Karst dat hy te pessimistysk is. Mare skynt har yn dizze sitewaasje
ynienen “te klaaien as in blier jongfaam” (yn de foarige tafrielen rûn se yn it swart). Neffens Dite jout Mare him op dy manier “krêft
en langstme nei de dei dat er mei har nei hûs gean sil”. Karst kin dy hoop net diele. Dite freget wat se foar Karst betsjut. Sy docht oft se him ha wol; Karst leaut dat net, tinkt dat er ien fan ‘e safolle is. Spul. Mare komt thús, Dite giet der út, har klear meistje foar in feestje. Karst kundiget oan dat er “de grins oer wol”. Reaksje Mare: “En Berend allinne litte?” Karst seit ta him alle dagen skriuwen te sillen en freget nei de bloese (fan de side). Mare ‘showt’ de bloese. Bewûndering fan Karst. Mare bekent dat se as famke fan 14 (se seach der út as in jongfaam fan 18) misbrûkt is; dêrtroch is se folslein feroare. Se prate noch wat, benammen oer Berend. Se kinne it goed fine, en reitsje op in stuit oan it dûnsjen. Dan komt Dite wer op, se is klear om fuort. Lûkt har konklúzje út wat se sjocht, mar lûkt it har net oan.
Tafriel 5: It flat, in moanne letter. Berend is wer thús. Rint op krukken. Petear Mare, Dite en Berend oer tiid yn ’t sikehûs. En oer
Karst (dy is fuort gien). Berend begrypt net dat it neat wurden istusken Dite en Karst. Karst kaam dochs alle dagen by de froulju, doe’t hy yn ’t sikehûs lei? Dêrop trochpratend ‘begrypt’ Berend dat it Karst om Mare te dwaan wie. En ek wat er bedoelde doe’t Karst tsjin him sei: “Dy Mare, dat is sá’n wiif”. Mare kin beweare wat se wol, dat se mekoar stipen yn ’t fertriet, dat Karst treast nedich hie om’t hy Dite net krije koe, foar Berend is it dúdlik, Mare hat him ûntrou west mei Karst! Hy slacht wyld mei syn krukken om en makket Mare út foar hoer. Dan grypt Dite yn en seit Berend de wierheid. Se bringt him yn ’t sin dat hy jierren lyn – doe’t Mare in kear siik wie en sy foar har suster him opwachte op ‘e kaai – har meinaam hie nei in “stjonkend keammerke” en dat it “net by praten bleaun wie”. Dan giet se derút. Berend en Mare bliuwe ferbjustere achter.

Kommintaar:
In âld, mar boeiend gegeven. Orizjineel útwurke, mei soarch opboud en mei spannende eleminten. De ferskillende karakters binne goed útwurke. It opfallendst is lykwols it taalgebrûk. De skriuwer jout alle fjouwer personaazjes fan ’t begjin oant de ein tige poëtyske teksten yn ‘e mûle. Bei dy teksten bard net altyd lykefolle. It taalgebrûk, dat my opset sin wat ‘keunstele’ is, stiet foarop. Om dat op it toaniel wurkje te litten, moat in regisseur dermei oerwei kinne.

TZ / HB