Opskuor op’t iis

It ferhaal fan dit aardige bernestik slút oan by it wurk fan Greenpeace en alles wat dêrmei gearhinget. It libben fan in tal jonge seehûntsjes wurdt bedrige. Mei help fan in eskimo, syn hûn, in “ferskriklike snieman” en in aksjegroep fan Greenpeace komt alles oan’e ein lokkich noch goed.In pear lietsjes jouwe it stik in wat “musical”-eftich karakter. Mei tekeningen is oanjûn, hoe’t de bern, de bisten en it toaniel oanklaaid wurde kinne.

It geheim fan’e âld pleats

Op in âld , ûnbewenne boerspul doocht it net. Nimmen wit oan wa’t de pleats ferkocht is en benammen nachts strune der lju om hûs en hear. Dan wurdt der ek mei guod omtôge. It lykje wol grutte oaljefetten. Letter stjerre der in pear skiep yn’t lân. De feedokter fynt út, dat de bisten ferjûn binne. It docht bliken, dat de pleats brûkt wurdt troch kriminelen as opslach foar ferbean lânboufergif en dat is yn’t wetter telâne kaam. Skoalbern en boeren helpe de plysje om de smjunten yn te rekkenjen.